Wat salle se met ut
Cambuurstadion útheve? As raadsleden binne wij útnoadigd foar un bijeenkomst over de toekomst fan ut gebied om ut Cambuurstadion heen.
De wethouder seit hierover in un brief an de raadsleden: 'ideeën tot verbetering van het voetbalstadion en de omvorming van het sportpark tot een gebied waarin naast sportvelden ook andere functies een plaats krijgen'. Ik bin benijd wat de
A7-korporasys krekt fan plan binne, want dy komt met de plannen. Ut su foaral om woaningbou gaan. Un paar weken leden hewwe wij fan dy korporasys al un sakdoek kregen met un knoop derin ('nyt fergete'). Gaat Cambuur weg út syn fertroude folksbuert richting Liwwadden-súd en gaat ut stadion plat? Of prate se allenug mar over de andere velden. Ut su wel sonde weze dat weer un groen stukje fan de stad ferdwynt. Mar eerlik seid su ik der de meeste problemen met hewwe as der weer feul geld achteran mut fan de gemeente. Ik hew fan de griffy, dy't over de agenda fan de raadsleden gaat, begrepen dat ut om un openbare bijeenkomst gaat. Nije week dinsdag, 19.30 uur in de Sakeklub fan ut Cambuurstadion. Wat fine jim? Mut ut su blive of kenne der oek wel woaningen boud wurde?
Tongersdei wie ús
temajûn oer súksesfolle musea. De (jonge) direkteur fan it
Drintsk museum, Michel van Maarseveen, joech in flitsende presintaasje mei powerpoint oer de súksessen fan syn museum: yn in pear jier tiid fan 53.000 besikers yn 2002 nei 135.000 yn 2004. Resept: in kombinaasje fan goeie PR/publisiteit, nijsgjirrige tentoanstellingen en leechdrompelige aktiviteiten foar de eigen regio. Dêrnei wie it wurd oan Jan van Laarhoven, de direkteur fan it
Noardbrabânsk museum. Hy slute oan op de kritearia fan súkses dy't syn foargonger neamde. Boppedat wie hy fan betinken dat alliânsjes mei oare (kulturele) ynstellings yn de stêd foar in fierdere fersterking en dus mear besikers soargje kinne. Bygelyks in mienskiplike promoasje fan de ferneamde Sint-Jansstraat dêre mei it museum. Treffend foarbyld fan in súksesfolle tentoanstelling wie 'Knus' oer de fyftiger jierren. Mei in grutte publykskampanje mei de oprop om materiaal nei it museum te bringen oer dy tiid en hast sûnder gebrûk te meitsjen fan de eigen kolleksje is it museum deryn slagge om 160.000 besikers foar ien tentoanstelling te lûken! Dan foel de reaksje fan Cees van 't Veen fan it
Frysk museum my dochs wol wat ôf. Hy stelde him dúdlik tefreden mei it heljen fan de jierlikse "bandbreedte van tussen de 50.000 en 60.000 bezoekers". Op himsels bin ik it wol iens mei syn opmerking dat besikersoantallen net hillich ferklearre wurde moatte, mar in bytsje mear ambysje soe net ferkeard wêze. Sa haw ik my bygelyks twa jier lyn tige ferwûndere dat it Frysk museum de hiele súksesfolle eksposysje oer de
Fryske frijheid yn Emden en Aurich net nei Ljouwert helle hat. Dat hie it Frysk museum in soad positive PR en ek besikers besoargje kinnen, bygelyks troch dy eksposysje in plak te jaan yn de lessen skiednis fan skoallen.
It aparte fan dit alles is no dat de beide musea yn Assen en Den Bosch yn frij âlde gebouwen sitte yn de binnenstêd. Ferlykber mei ús eigen Frysk museum. It Drintsk museum folle lytser as it Frysk museum, mar dochs dy súksessen. Beide musea binne no ta oan in stik nijbou, neist of oan it besteande museum. By dy musea is dus it ferhaal: earst it súkses en dan de nijbou, hjir yn Ljouwert is it motto: earst in nij gebou en dan moat it súkses komme. Mar yntusken haw ik noch gjin inkelde betroubere besikersprognoase sjoen foar it Saailân...
De twadde keamer hat nei oanlieding fan it rapport fan de kommisje-Duijvestein oangeande de grutte (ynfrastrukturele) projekten dúdlik makke dat is sa helder as wat is dat de magneetsweeftrein ek yn polityk De Haach yn de kiif stiet.
It is trouwens op himsels al nijsgjirrich genôch om te witten hoefolle jild en tiid al fergriemd is oan dit projekt. Yn in
oersjoch hat de Twadde Keamer dêr no goed sicht op krigen. Folle better hie it fansels west en stek al dy enerzjy yn it behâlden en ferbetterjen fan it besteande iepenbier ferfier en de ferbinings ynstee fan dat ôf te brekken.
Foar de gemeenterie Ljouwert is it no fan belang om nei te gean wat wy mei de ynstelde
reserve fan sawat
? 13 miljoen dwaan sille. De magneetsweeftrein is troch de bestjoerders betocht yn oanfolling op it Langman-akkoart. Offisjeel stie dy sweeftrein der helendal net yn, Langman woe krekt mear ynsette op de East-West ferbinings mar goed dêr draait it no efkes net om. De fraach is efkes oft de
saken dy't Langman woe, noch hieltyd jilde om dy wurkgelegenheid yn de stêdlike sintra te stimulearjen en it saneamde 'fase-ferskil' lytser te meitsjen. As ik sjoch nei de útstelde maatregels dan binne dy noch hieltyd aktueel. In soad maatregels binne yn Ljouwert ek yn gong setten, lykas mear wenningboulokaasjes en de revitalisearring fan bedriuweterreinen. As ien fan de wichtichste prioriteiten om mear wurk te kreearjen neamde Langman it oprjochtsjen en stimulearjen fan kennisynstellingens yn ús regio. Dêrom haw ik yn it begruttingsdebat ek nei foaren brocht dat de gemeente Ljouwert de 13 miljoen euro fan de sweeftrein dêr ûnder oare foar ynsette moat. Mei de ynset fan dy eardere sweeftreinmiljoenen en kofinansiering fan it ryk en Europa moat it dochs mooglik wêze om struktureel in aardich part fan de 6000 Ljouwerter wurkleazen oan wurk te helpen. In deltaplan foar de Ljouwerter wurkgelegenheid dus. Mar oare suggestjes binne fansels wolkom...
Ofrûne moandei stie der ek al in stikje yn it Frysk deiblêd dat der sprake wie fan leefttydsdiskriminaasje by it CWI op it Hearrenfean. It docht bliken dat dêr no ek yn Ljouwert sprake fan is. De freeds foar it wykein krigen wy fan frou Morreau fan Almere in e-mail berjocht dêroer en ik haw frege om my de
fakatueretekst efkes ta te stjoeren. Jo moatte sokke saken fansels earst efkes ferifiearje om te witten oft it kloppet wat der sein wurdt. Yn de tekst stiet yndied dat jo foar dizze baan, telefonist/resepsjonist, net âlder wêze meie as 23 jier. Dat is yn grutte striid mei de
wet Leeftydsdiskriminaasje dy't op 1 maaie 2004 yngongen is. In leeftydsyndikaasje is ferbean neffens dizze wet. Yn dit gefal is dus it CWI sels skuldich oan it skeinen fan dy wet, om't sy net it bedriuw of de organisaasje yn de fakatueretekst melde en dus sels blykber de einredaksje hawwe foar de tekst. It CWI, as dé arbeidsbemiddelder, hie fansels better witte moatten. De wet is al mear as in jier âld en no noch de regels net witte, dat liket op fleanen fansels... Ik hie ferwachte dat
diskriminaasje anno 2005 sa stadichoan ferdwûn wie. Ik sil har ris in mailtsje stjoere en konfrontearje mei de feiten. Ik bin benijd nei har reaksje!
Soms hawwe jo yn de rie hiele grutte abstrakte fisys by de ein mei in flecht nei foaren, folle faker giet it oer konkrete taastbere saken dy't de boargers direkt reitsje. Sa haw ik juster in brief krigen fan de 'pepierploech Westeinde' yn ferbân mei in útstel fan it kolleezje om de subsydzje-systematyk foar it opheljen fan âld pepier te feroarjen. Op 30 maaie soenen wy dat al yn de
gemeenterie besprekke. Oankommende tiisdei (14 juny) stiet it op 'e nij yn de kommisje, want de wethâlder (Hafkamp) antwurde yn de gemeenterie dat der noch gjin oerlis west hie mei de (mar leafst 80!) ferienings, tsjerken, skoallen ensfh. dy't it âld pepier ophelje. It wie dus net dúdlik oft dy it der wol mei iens wienen. Gelokkich hawwe wy doe it útstel net yn behanneling nommen, oars hienen de rapen no gear west! De pepierploech fan it Westeinde (likernôch 30 frijwilligers) is poer op it útstel fan B&W tsjin en as it moat sille se har der ek tsjin fersette as it al oannommen wurdt. It punt is yn wêzen dat de gemeente de rezjy oer it opheljen fan it âld-pepier min ofte mear 'oernimme' woll. Der wurde aparte mini-konteners oantúgd en it leegjen dêrfan moat dan ien kear yn de fjouwer wiken dien wurde.
Grut beswier fan de âld-pepierploech is dat de wykferienings dy't it âld pepier sels by de huzen en flats ophelje troch it nije systeem der finansjeel op achterút gean. It wurdt dus minder oantreklik om it pepier en karton op te heljen. Dêrneist sil troch de rezjy fan de gemeente de motivaasje en it 'saamhorigheidsgevoel' nei alle gedachten weromrinne. In protte ferienings helje bygelyks it pepier ienris yn de moanne op, op freedtejûnen of op sneons. De gemeente wol dat no ienris yn de fjouwer wiken dwaan. Net in logyske frekwinsje dus en ek noch yn in strak keursliif. Der sil noch wol wat 'skaafd' wurde moatte oan dit útstel fan it kolleezje om ek yn de takomst de âld-pepier frijwilligers te stimulearjen...
Zonet kreeg ik een mailtje dat je via de website van
Eurominority een prachtig mooie
poster kunt bestellen van de 100 Europese naties. Dus niet van de staten alleen, maar ook van landen of regio's zonder eigen staat maar wel met een eigen taal, cultuur, geschiedenis en/of andere kenmerken. Als je zo'n poster ziet, dan is de situatie in Fryslân/Friesland met z'n meertalige situatie natuurlijk helemaal niet zo bijzonder of apart. De hele Europese kaart lijkt wel een groot bloemperk met honderd bloemen in alle kleuren van de regenboog!
Juster publisearre de
Ljouwerter krante in berjocht dat de besteande winkels yn de binnenstêd net te lijen hawwe soenen fan 6000 oant 8000 ekstra m2 troch it plan fan it 'Nieuw Zaailand'. Neffens it (troch de
gemeente betelle!) buro BRO sil troch de komst fan beskate winkels yn it topsegmint, lykas Zara, Espirit en Mexx in delgong foarkommen wurde kinne. Nijsgjirrich is dat BRO krityk hat op de winkels dy't tocht binne oan it Ruterskertier. Dy krityk komt oerien mei wat
de LEON, de klub fan Ljouwerter ûndernimmers, seit. Ofrûne tiisdei hawwe wy as opposysjepartijen in petear mei harren hân.
Neffens harren is Ljouwert oant in winkeloerflak fan 250m2 al 'oerbewinkele' (rapport fan
Locatus). Yn dyselde kategory falle op dit stuit ek de measte faillisseminten. Dêrom stelle sy dat in grut part fan de winkels grutter as 250 m2 wêze moat. As jo sjogge nei it stêdeboukundich ûtwerp dat der no leit, sille de winkels oan de noardkant fan it plein in djipte fan mar 14 meter hawwe. Dy konkurearje dus mei de besteande winkels! Boppedat is it sa dat dy winkels fan beide kanten (plein en Ruterskertier) in yngong hawwe. Dat is dus net realistysk. Fierder wurde dy winkels oan de noardkant fan it plein ek fierstente heech neffens de ûndernimmers (5 boulagen), wêrtroch de passaazje fan it Ruterskertier letterlik en figuerlik yn it skaad komt. De projektûntwikkelders wolle no ta op trendy winkels, mar it punt is dat jo yntinsje-ôfspraken mei dy ketens om dêr lang te sitten net hanthavenje kinne. De merk giet syn eigen gong, de branches binne net fêst te lizzen. Konklúzje fan my nei it petear is dat 8.000 m3 ekstra winkelromte op dat plak wolris dramatysk útpakke kin foar de besteande winkels.
Ôfrûne freed wie der wat my oangiet in trochbraak by de FNP: nei in earder prinsipebeslút om diel te nimmen oan de twadde keamer-ferkiezings as de partij der klear foar is, is der no ek besluten om te besjen oft dat al yn 2007 kin
tegearre mei de
Partij voor het Noorden. Suver anonym wie de ledegearkomste derfoar, wat neffens my net oars ynhâlde kin as dat de ?geasten? ryp binne foar in besykjen om yn de twadde keamer te kommen. De partij hat wenne moatten oan it idee, mar nei in evolúsjeproses fan in goed 40 jier bestean (sûnt 1962) binne wy der no echt klear foar. Gean mar nei: sa?n 50 gemeenteriedsleden yn 21 gemeenten en in stik as wat gemeentebestjoerders (wethâlders/boargemaster), de suksesfolle steateferkiezings fan 2003 mei mear as 37.000 stimmen, in FNP-er yn de earste keamer, it lidmaatskip fan de EFA op Europeesk nivo dêr?t de FNP mei fan oan de widze stien hat. Wat net oer de holle slein wurde moat is dat oare, ferlykbere partijen, bygelyks de Plaid Cymru fan Wales, de SNP (Scottish National Party) en de Katalanen ek allang útfûn hawwe dat jo yn it lidsteate-systeem ek yn de nasjonale (steats-)parleminten sitte moatte. Want in grut part fan de ynfloed (it wurdsje macht brûk ik leaver net) ynklusyf de ferdieling fan jild leit noch altyd op dat steatsnivo en net op it nivo fan de regio?s, provinsjes of gemeenten. Derom is de parse fansels ek tige goed fertsjintwurdige op dat nivo. Suver alles wat jo yn de kranten lêze giet oer de polityk op steatsnivo. Hoewol?t ik persoanlik eins fan betinken bin dat it net nedich wêze moatte soe foar FNP-ers om yn De Haach te operearjen, twingt it politike systeem fan Thorbecke us eins om der wol aktyf te wêzen. Ik bin benijd wat foar arguminten der noch mear te betinken binne om yn de twadde keamer te sitten, ideeën en suggestjes wolkom!
|
|