Sil it trochgean, in referindum oer de
plannen foar it Nij Saailân? En hoe maklik sil it wurde om dat foar elkoar te krijen? Sil de Gemeenterie in referindum útskriuwe of moat de befolking sels mei in inisjatyf komme. En, hoe maklik of hoe dreech moat it minsken dan makke wurde om foldwaande hantekens te krijen foar sa'n referindum. En wannear is it jildich. Tal fan fragen dêr't de Gemeenterie nei alle gedachten noch in hiele diskusje oer krije sil. Sjoen it karakter fan it projekt Nieuw Zaailand, grutskalich, yngripend en djoer, leit it yn de reden om dêroer de miening fan de befolking te hearren. It moaiste is it fansels dat de befolking sels mei in inisjatyf komt. Persoanlik haw ik ein july in jûn meimakke fan 9 politike partijen yn de Gemeenterie dêr't praat is oer hoe't sa'n feroardering der út sjen moat. De FNP-Ljouwert fynt bygelyks dat de drompels foar in jildich referindum net te heech wêze meie. As je bygelyks in opkomst fan 54% hawwe en jo hawwe 55% foar- of tsjinstanners fan in bepaald beslút (bygelyks realisaasje fan Nieuw Zaailand), dan soe sa'n referindum neffens ús yn alle gefallen jildich wêze moatte. Twa kear in mearderheid, liket my in dúdlik demokratysk ferhaal. Ik krige lykwols de yndruk dat in politike mearderheid, ûnder oanfiering fan CDA, PvdA en VVD, wurkje wolle mei in 'kwalifisearre' mearderheid fan 30%. In kwalifisearre mearderheid hâldt dan yn opkomst x heechste persintaazje foar- of tsjin. En dat betsjut dan bygelyks dat as je de situaasje hawwe dy't ik krekt skets haw, it referindum NET jildich is. Ommers, dan sitte wy op 29,7%. As jo as gemeenterie de befolking serieus nimme wolle, moatte je net mei datsoarte fan hege drompels wurkje.
As it sa moat dan kinne wy better it foarstel oannimme om as gemeenterie sels no mar in (rieplachtsjend) referindum út te skriuwen. As de gemeenterie op 31 oktober in (konsept-)beslút nimt, soe it referindum dan op 14 desimber hâlden wurde kinne. Sûnder drege prosedueres kin de befolking him útsprekke en de gemeenterie moat dan nei de tiid syn konklúzjes mar lûke...
Sa'n 14 dagen lyn waard ik belle troch in redakteur fan it
Frysk deiblêd yn ferbân mei ynformaasje oer
'De Zuidlanden', it grutte wenningprojekt súdlik fan Ljouwert. Sy hie wat fernaam fan in tige betroubere boarne en oft ik dêr ek wat fan wist. It gong oer betonnen heipeallen dy't fanwegen de swakke ûndergrûn yn in grut part fan it nijbougebiet folle langer wurde moasten. Al rekkenjendewei kamen wy al gau op in strop fan gau in pear ton, mar miskien ek wol miljoenen. Ik koe har neat befêstigje noch ûntkenne. Ommers, sawat alles wat dêroer giet wurdt ien kear yn't jier fia 'ynformele gearkomsten' oan de gemeenterie meidield. Under ynformeel wurdt dan eins ferstien 'betroulik'; wat dêr sein wurdt mei net nei bûten ta. Al in pear kear haw ik fia it presidium (aginda-oerlis fraksjefoarsitters) en ek oan de griffier meld dat ik it dêr net mei iens bin en dy byienkomsten gewoan iepenbier hawwe wol. Eventuele echt wichtige en fertroulike ynformaasje oer bygelyks grûntransaksjes soenen foar de riedsleden yn de lêskeamer lein wurde kinne. Mar, spitigernôch wol in grutte mearderheid fan it presidium dêr kear op kear neat fan witte, miskien mei troch ymplisite druk fan it kolleezje dy't de saak it leafst yn beslettenens oan de gemeenterie tabetroud. Oan sokke spultsjes wegerje ik dan mei te wurkjen, by de plannen foar de Bullepolder haw ik ek net meidien oan geheime gearkomsten. Mei ynformaasje dy't jo dêr krije kinne jo neat, yn wêzen is jo de mûle snoerd. En as jo der net binne, witte jo bepaalde saken net. Sa as miskien dy ynformaasje oer de heipeallen?
Wat my de lêste tiid opfalt is dat der wer mear fan dy 'informele' of 'vertrouwelijke' fergaderingen komme. Yn de earste tiid fan dizze riedsperioade soe it allegear better nei de bestjoerskrises fan 2001, mar sa stadichoan flakje de goeie bedoelings wer ôf. Sa wie der koart foar de fakânsje in besluten byienkomst oer de Kenniskampus en hawwe wy fan it Kolleezje in útnoeging krigen om op 14 septimber in 'informele bijeenkomst' te hawwen oer de 'Raad in actie', in dokumint om te kommen ta bestjoerlike fernijing. It kolleezje wol in wurkgroepke ynstelle ûnder lieding fan de boargemaster. En as jo de griffier dan achterôf freegje oft it geheime karakter wol nedich west hie, seit er meastentiids fan 'nee'. Ik haw it mier oan ditsoarte fan groepkes en gearkomsten yn achterôfkeammerkes.
Volgens de
Leeuwarder Courant mag er straks in een grote straal van 4 kilometer rond de startbanen van de vliegbasis niet hoger dan 45 meter gebouwd worden. Dat staat ook te lezen in een
document van het Ministerie van Defensie. De relevante tekst op bladzijde 57 luidt als volgt:
"INDIRECT RUIMTEBESLAG
Rondom vliegbases en -kampen komen verschillende vormen van indirect ruimtebeslag voor in de vorm van geluidzones en obstakelvrije vlakken. Tot dusver werd bij een vliegbasis als obstakelvrij gedeelte een invliegfunnel vrijgehouden (zie deel 1 SMT-2 pag. 61). Bij civiele luchthavens wordt conform de ICAO-normen daarnaast rondom de gehele luchthaven een obstakelvrij vlak gehanteerd dat begint met een horizontaal vlak van 45 m hoog met een straal van 4 km rond de landingsdrempels dat overgaat in een conisch vlak met een helling van 5% tot 145 m over een afstand van 2 km. Het kabinet wil deze civiele norm ook hanteren voor de vliegbases en ?kampen van Defensie".
Wat mij dan op bladzijde 53 van dat stuk opvalt is dat er verschillende overheden hebben gereageerd middels inspraak (Provincie Overijssel mede namens Hengelo, Enschede en Oldenzaal, de Provincie Noord-Holland en de Gemeente Tilburg) maar dat de Gemeente Leeuwarden hierbij schittert door afwezigheid! Een gemeente als Tytsjerksteradiel waakt wel over de belangen van Wyns als het over een paar extra huizen gaat bij de inspraak over dit document, Leeuwarden laat z'n kansen echter liggen. Tilburg heeft de gevolgen van de nieuwe normen goed overzien en vraagt zich af wat de gevolgen voor de verstedelijking zijn. Maar blijkbaar heeft de gemeente Leeuwarden liggen te slapen en kan nu te kampen krijgen met enorme gevolgen. Geen hoogbouw meer in het 'Manhattan' tussen station en binnenstad en westelijke bedrijventerreinen. Door deze ontwikkelingen kan Leeuwarden zijn rol als hoofdstad van Fryslân ruimtelijk misschien niet meer waarmaken. Welke gevolgen zal dit hebben voor de werkgelegenheidsontwikkeling, immers het FEC-City gebied wil Leeuwarden verder uitbouwen?
Overigens vraag ik me serieus af waarom deze nieuwe regels nu weer nodig zijn, immers binnen die straal van 4 kilometer staan al diverse kerktorens en flatgebouwen die veel hoger zijn dan de bewuste 45 meter. De Vliegbasis heeft meer dan 60 jaar kunnen opereren zonder die regels en nu zou er opeens een groot gevaar zijn? Te gek foar wurden dat Ljouwert troch sokke maatregels op slot setten wurdt!
Juster nei it
Skûtsjesilen ta west, as riedsleden op útnoeging fan ús lokale omrop
Mercurius. Earlik sein wie it al wer in moai skoft lyn dat ik foar it lêst by it skûtsjesilen west haw, as lyts jonkje ris yn Grou doe't ik noch op de legere skoalle siet en letter nochris yn Starum om te folderjen foar de
Ried fan de Fryske beweging, mar troch it folderjen haw ik doe net altefolle fan it silen meikrigen. Mar juster in geweldige dei hân en dat kaam fansels ek foaral om't de eleminten meiwurken: in stevige wyn sadat it gjin driuwpartij wie, it wie droech en sa út en troch de sinne. En wat ek wol efkes sein wurde mei in tige profesjonele ferslachjouwing fan Rob Pieters, de direkteur fan Mercurius. As âld-Lemster is hy fansels tige fertroud mei it wetter en de silerij, soe hy by Omrop Fryslân skielk de opfolger wurde fan 'good-old' Klaas Jansma? Wa sil it sizze, hy hat it wol yn him!
It spitige wie dat 'ús' skûtsjes fan Huzum en Ljouwert respektivelik as nûmers 14 en 13 eindigen, mar yn de top is it mei De Lemmer, Grou en Snits wol hiel spannend.
Wat de dei noch ekstra moai makke, wie de
1-euro aksje fan Noordned. Foar mar 1 euro fan begjinpunt nei einpunt fan de reis, yn dit gefal fan Snits nei de Lemmer. Benammen op de weromreis fan De Lemmer nei Snits siet de bus grôtfol. Op 'e hinnereis sei de sjauffeur tsjin my dat soks wol struktureel wurde mocht, en dan bygelyks earst yn de wykeinen: "De fêste kosten fan de bus binne dochs al betelle, as der no ien of tritich minsken yn sitte, de bus rydt wol". Wat my oangiet is dizze aksje in moai opstapke nei
fergees iepenbier ferfier foar de reizgers.
Geregeld komt it foar dat kolleezjes demokratyske beslútfoarming net serieus nimme of sis mar gewoan trainearje.
Yn de gemeenterie fan 2 febrewaris hat ús Gemeenterie him hiel dúdlik útsprutsen foar mear frijheid fan kiezen by it jongereinwurk tusken ferskate ynstellings. Yn Ljouwert binne dat HWL en SWL. Ek wy as FNP hawwe dy moasje mei-ûndertekene om't wy fan betinken binne dat de minsken yn de wiken it bêste oersjen kinne wat foar har buert it bêste is. Dat moatte jo net fan boppen-ôf diktearje wolle as gemeente. Monopolistyske situaasjes komme de kwaliteit faak net te'n goede. Ek al tinkt in wethâlder soms fan al!
Nei't jo sa'n moasje as Gemeenterie oannommen hawwe meie jo oannimme dat it it leafst nei de letter, mar yn alle gefallen neffens de geast dêrfan útfierd wurdt.
Yn dit gefal tinke je, sjoen de drokte fan de wykpanel-leden en it feit dat it frijwilligerswurk is, se krije in heldere en koarte presintaasje fan sawol HWL en SWL op ien jûn en fuort dêrnei kinne se in kar meitsje út de twa organisaasjes. Net tefolle drokte of burokrasy. Mar it rint wer oars.
As riedsleden hawwe wy no in kopy tastjoerd krigen fan in brief dy't nei de wykpanels gongen is. Hjirûnder in lytse passaazje:
Het wijkpanel heeft
ook de mogelijkheid om de welzijnsinstellingen (HWL / SWL) een presentatie te laten verzorgen over de extra inzet in de wijken. Hiervoor zal de volgende systematiek worden toegepast.
Systematiek
1. Vaststellen voorwaarden (inclusief budget) en criteria gemeente.
? Beleidskader jongerenwerk gemeente Leeuwarden
? Een aanbieder van jongerenwerk in één wijk
? Representatieve vertegenwoordiging van wijk dient te worden geraadpleegd ten aanzien van inzet jongerenwerk in wijk
? Het budget van ? 55.000,- zal gelijkelijk worden verdeeld over de wijken Binnenstad, Aldlan, Cambuursterhoek en Camminghaburen, oftewel ? 13.750,- per wijk (inclusief activiteitengeld).
2. Schriftelijke en/of mondelinge presentatie van welzijnsinstellingen aan het college en de wijk op basis van voorwaarden en criteria.
Onderdeel van presentatie is:
? Huidige aanbod t.a.v. jeugd
? Huidige behoefte t.a.v. jeugd
? Plan van aanpak voor komende drie jaar
3. Gemotiveerde schriftelijke voorkeur van de wijk.
4. Keuze college van B&W
Dat is dus de 'ook'-twadde mooglikheid ('uitgebreide systematiek' yn de wurden fan it kolleezje). De earste mooglikheid is om alles by it âlde te litten, dus mei de besteande wolwêzensynstelling fierder te gean ('de pragmatische vorm').
Ik soe my yntinke kinne dat jo as frijwillich wykpanel-lid mei net al tefolle tiid dan gau út de rie binne. Alle fjouwer wykpanels hawwe dan ek op 'e nij foar HWL keazen.
En sa fersûpt de yntinsje fan de gemeenterie, nammentlik goed jongereinwurk troch frij te kiezen, yn in burokratyske brij. Ik sil nei de fakânsje mar efkes aksje ûndernimme, want dit kin sa fansels net!
As jo fytse sjogge en fernimme jo altyd in hiel soad ûnderweis. Fan 'e middei wat tuskenbeide waar en in stevige súdwester, dat ik op 'e fyts oer yndustryterrein Skinkeskâns, Deinum, Ritsumasyl, it âldlân fan Marsum en fia Ritsumasyl by it wetter fan de wenboaten lâns wer werom nei Ljouwert. It earste wat my opfoel wie dat flak ûnder de reek fan
Marsum op ien fan de pleatsen dêre Wouter van der Meulen op in meanmasine-weintsje it gers yn de tún om har pleats oan it meanen wie. Wouter is in pear jier âlder as my, siet by my yn Marsum op
skoalle en it docht my deugd dat er dêr no op 'e pleats as boer wurk fûn hat. Efkes fierderop, yn it Marsumer Aldlân, hat Thomas van Wieren in nij restaurant iepene:
Nij-Andringastate. Ik moat sizze dat de Van Wierens it dêr geweldich opknapt hawwe en se sitte op in daalders plakje, ek mei it each op de takomstige
Heak om Ljouwert, dêr't jo dan flakby sitte. In moai foarbyld fan in stik ûndernimmerskip, stimulâns fan wurkgelegenheid en it behâld fan in âlde pleats. Fan myn kant de kompliminten oan Thomas, dit liket der mar op! Doe fytste ik by de Manamerfeart en it Van Harinxmakanaal fierder rjochting it buertskip Ritsumasyl. En dêr trof ik Johannes Meeter, âld klasgenoat fan my fan de SSG (letter De Delta yn Ljouwert). Hy wie efkes by syn âlden op in motorboatsje, dat dêr o sa smûk lei. Efkes byprate fansels. Sa hearde ik ûnder oare dat er nei de flop fan SCI (Hearrenfean) tsjintwurdich wurke by Thomassen en Drijver (blikfabryk yn Ljouwert). Op de fraach fan my oft it dêr wol goed gong mei it bedriuw wie it andert dat se kommende freed in saneamde 'kantinebyienkomst' hawwe. Hy ferwachte dêr gjin positive berjochten te hearren. Fernuvert my earlik sein neat, de grutskalige maakyndustry kinne wy hjir yn West-Europa yn de neie takomst neffens my net de measte wurkgelegenheid fan ferwachtsje. Doe wer werom nei ús
haadstêd. Doe't ik thús wie tocht ik: wat kinne jo yn in oerke tiid dochs in soad oan de weet komme!
|
|