Alwer heit!

Sneon (26 novimber) bin ik foar de twadde kear heit wurden, fan in hiele sûne moaie dochter! Se hjit fan Sjoukje. Neffens goede tradysje ferneamd nei beppe en tagelyk, tafallich, ek nei in suske fan (mem) Liesbeth, dy't ek sa hjit. As jo soms lêze watfoar MTV-nammen minsken foar de bern betocht hawwe dan hâlde wy it gewoan by de namme dy't al yn de famylje foarkomt.
Mei mem en mei Hannelys (ús oare dochter) giet it gelokkich hiel goed. It skeelde fansels al in hiel soad dat de befalling goed ferrûn is.
As jo sa'n leaf lyts popke krije dan is polityk fansels mar hiel betreklik. Moandeitejûn haw ik noch wol by de riedsgearkomste west, op bearenburchbonbons trakteard, en dêrnei haw ik dêr in stevige moasje nei foaren brocht oer de kwestje Blau-Wyt. It betrouwen hat in fikse knau krigen. Mar de rest fan de wike efkes rêstich oan. Ik haw in goede stipefraksje en dy binne hiel goed by steat om de honneurs waar te nimmen. En om't wy ynsette op 3 riedsleden nei de ferkiezings kinne wy de nûmers 2 en 3 no ek moai foar it fuotljocht bringe!

Sybren Wednesday 30 November 2005 at 10:18 am | | Default | Ten comments

Objektive evaluaasje parkearbelied?

Moarntejûn hawwe wy foar it earst in grutte politike merk yn it stedhûs. It sil my nij dwaan hoefolle minsken der komme. It is fansels geweldich dat Omrop Mercurius it op it ynternet útstjoerd sadat elkenien dy't dat wol it ek folgje kin!
Ien fan de ûnderwerpen dy't bepraat wurde sille is it parkearbelied, en wol de evaluaasje dêrfan. Jo binne fansels benijd yn hoefier it nije belied rekkenje kin op draachflak en oft alle belutsenen yn it ûndersyk goed heard binne.
Mar út it dokumint docht dan bliken dat it folgjende dien is: Met de volgende partijen zijn afzonderlijk tussen mei en september gesprekken gevoerd.
1. Koninklijk Horeca Nederland (KHN, afdeling Leeuwarden), openbare bibliotheek, Parnas, hotel het Anker en het Stadhouderlijk Hof
2. Centrummanagement
3. Wijkpanel binnenstad
4. Parkeercontroleurs
5. Stichting Parkeergarages Leeuwarden

Mei dizze partijen is praat, en op basis dêrfan konkludearret it kolleezje dan dat 'het nieuwe parkeerbeleid voldoende draagvlak heeft'. Ik freegje my ôf hoe represintatyf dit is.
Wêrom binne de besikers fan de binnenstêd sels net frege (klanten, stappers, iters). En wêrom binne der foaral organisaasjes ynterviewd dy't al in behoarlike (subsydzje-)relaasje mei de gemeente hawwe?

Sybren Wednesday 23 November 2005 at 3:13 pm | | Default | Seven comments

Positive ûntjouwings

It is goed dat de media sawol de wat minder goede saken yn de maatskippij beljochtsje as de positive. Guon lizze de klam op it negative, oaren litte ek de kânsen, mooglikheden en positive ûntjouwings sjen. Wat it Frysk-wêzen oangiet wie it juster yn it nijs by Omrop Fryslân in hiele moaie dei. Sa hat de AFûK, it Fryske taalynstitút hjir yn Ljouwert, it ôfrûne jier in fikse stiging fan it tal kursisten hân (fan 892 nei 1030). Ek oan de oare kant fan Lauwers en Iems giet it goed: by de Friezen yn Wursten, net sa fier fan Bremerhaven, hawwe se in tsien-punte-aksjeplan makke om de Fryske identiteit nij libben yn te blazen.
En om it ferhaal helendal ôf te meitsjen: de krekt-makke Fryske whiskey fan de Fryske bierbrouwerij rint dat it slydjaget!
Ek op oare mêden giet it helendal net sa min, of eins: hiel goed. Sa lies ik in skoftke lyn dat it tal trijetalige skoallen (Frysk-Nederlands-English) fan 7 nei 17 ta gean sil. It tal Frysk- of twatalige pjutteboartersplakken, dat in pear jier lyn noch 7 wie, sil yn 2007 op sa'n 50 útkomme.
By my dus seker optimisme!

Sybren Tuesday 22 November 2005 at 2:05 pm | | Default | One comment

Wetterstof-kennissintrum yn Ljouwert


Ferline wike brochten wy it programma út foar de kommende ferkiezings. Wat de media benammen oppikten wie ús punt oer in kennissintrum foar wetterstof-enerzjy yn Ljouwert. Om ús hoecht dat gjin apart nij ynstitút te wurden, mar soe it in útbou wurde kinne fan Wetsus, it kennis-ynstitút hjir yn Ljouwert dat dêr al mei dwaande is. Begjin dit jier hienen wy as riedsleden in hiele nijsgjirrige ekskurzje nei dizze organisaasje. Ik wie persoanlik tige ûnder de yndruk fan de ambysjes fan de minsken dy't dit allegear opsetten hawwe. Benammen it projekt wêrby't in soad enerzjy generearre wurde kin op de skieding fan sâlt en farsk wetter spruts my oan; ús eigen Ofslútdyk as mega-enerzjysintrale!
Wat wetterstof oangiet, binne der op de wrâld in pear hiele nijsgjirrige foarbylden hoe't soks yn de praktyk wurkje kin: bygelyks op it eilân Utsira is in proef begûn dêr't 10 húshâldens alle enerzjy út wetter en wyn helje. Se wolle by súkses dy proef útwreidzje nei noch folle mear gebieten yn Noarwegen. Der sil yn alle gefallen wurke wurde moatte oan alternativen, sa docht ek bliken út in stúdzje fan Campbell en Laherrère. Neffens har sit de produksje fan oalje no sa'n bytsje op de top. Undersyk hoe't wy kennis tapasse kinne yn konkrete oplossings is hurd nedich!
Wat my oangiet soe bygelyks besjoen wurde moatte oft de stedsbussen fan Ljouwert, lykas yn Amsterdam, yn de takomst ek op wetterstof ride kinne.

Sybren Friday 18 November 2005 at 8:13 pm | | Default | Two comments

Gjin (ynhâldlik) kolleezjeprogramma 2006-2010

Op 7 maart takom jier binne der ferkiezings. Sûnder mis sille der ferskowings plakfine yn it tal sitten per partij en wa wit binne de feroarings sa grut dat der in oare koalysje komme moat! Of dat dêr in oare, net-elektorale reden foar is fansels. Ik haw my ôffrege hoe't it komme moat nei de ferkiezings. Yn de programmabegrutting 2006 stiet ûnder it kopke 'polityk bestjoer' dat der wer in kolleezjeprogramma komt mar dêr haw ik ferline wike by de algemiene skôgings grutte fraachtekens by set. Ommers, wy sitte no yn it dualistysk stelsel, de gemeenterie hat foar sa'n bytsje elk ûnderwerp (sa as sport, ferkear, ...) wol in kadernota fêststeld dy't foar jierren jildich is. It is no sa dat de gemeenterie de linen útset (belied makket) en dat it kolleezje dat as moderne managers simpelwei útfiere moat. Selsstannich belied meitsje troch it kolleezje of útlittings dwaan yn dy rjochting is no echt foarby, út de tiid. Nei de ferkiezings moat de gemeenterie sels dus 'leading' wêze, it kin net sa wêze dat lykas yn 2002 de saak yn beslettenheid achter tichte doarren bekonkele wurdt. Der sil neffens my in iepenbier debat fan de gemeenterie plakfine moatte wat foar har, de ferskillende partijen dus, de (âlde en nije) spearpunten wurde fan it belied yn de kommende perioade. Dat sil fertaald wurde moatte nei in stik dat droegen wurdt troch in mearderheid fan de rie, en dat amendearre wurde kin. It wurd kolleezjeprogram is dan net mear op syn plak, it soe eins mear in útfiering fan de riedswinsken wêze. Hoe't it wol hite moat, in riedsprogramma, lange termyn-aginda of kadernota, dat makket my net safolle út. Salang't de gemeenterie himsels en it dualisme mar serieus nimt.

Sybren Sunday 13 November 2005 at 8:45 pm | | Default | Three comments

Goed gemeentebestuur Leeuwarden?

Gisteravond hebben wij als gemeentebestuur de algemene beschouwingen gehad.
Wat hierbij opviel was dat de 4 college-partijen (pvdA, CDA, VVD en PAL/Groen Links) blijkbaar voor-overleg hadden gehad, want eensgezind werd het huidige college van B&W zowat de hemel in geprezen voor wat er de afgelopen vier jaar bereikt is.
Maar wat vindt de bevolking nu exact van ons gemeentebestuur? Is men het met de college-partijen eens dat er zoveel vooruitgang geboekt wordt? Of is er ten opzichte van vier jaar geleden helemaal niet zoveel veranderd, of zijn er ook zaken slechter geworden in onze gemeente?
Graag hoor ik jullie mening over één en ander, vertel wat je op je lever hebt. Concrete voorbeelden zijn natuurlijk het mooist! In deze peiling kun je natuurlijk ook een rapportcijfer geven. Ik bin benijd...

Sybren Tuesday 08 November 2005 at 09:48 am | | Default | 24 comments

top 10 ferkiezingslist FNP-Ljouwert

27 oktober hat de ledegearkomste fan de FNP mei hiele grutte mearderheid de list fêststeld foar de ferkiezings foar 2006.
Hjir komt er:
Ferkiezingslist FNP 2006
1. Sybren Posthumus (1969)? gemeenteriedslid, bedriuwskundige
2. Pier Tilma (1958)? jurist, meiwurker belestingtsjinst, fraksjemeiwurker FNP
3. Elizabeth Hietkamp (1978)? learares, skriuwster, aktyf yn kulturele sektor
4. Eddy Knipper (1972)? dosint by Pop en Media, aktyf by Noordkabaal, Wolvesteeg
5. Sytske de Boer(1969), Projektlieder Sintrum Frysktalige Berne-opfang
6. Klaas Wassenaar (1958), administratyf meiwurker, bestjoerslid Fryske Klub Ljouwert
7. Yde Dijkstra(1966), argeolooch, beliedsmeiwurker FNP-steatefraksje
8. Nora Pratley (1956) , Goutum ? meiwurkster finansjele saken
9. Fokke Laanstra, kafee-eigner fan ûnder oare ?De Lachende Koe?
10. Frido Bokomo, ûnder oare organisator fan it Afrik?Fest

Geweldich fansels dat bestjoer en leden betrouwen yn ús útsprutsen hawwe en dat ik op 'e nij listlûker wurde kin!
Fierder: wy hawwe twa geweldige 'list-triuwers'": the one-and-only Anneke Douma ('t Woanskip) en Eric Hoekstra, bekend skriuwer/oersetter.

Wy sette yn op trije sitten, wat betsjut dat Pier en Elizabeth ús oare kandidaat-riedsleden binne.
Mar earst: kampanje fiere!

Sybren Friday 04 November 2005 at 10:59 am | | Default | Seven comments

Waadakademy nei Ljouwert!


Nei alle kommoasje en negative berjochtjouwing oer Cambuur hjoed wer in ljochtpunt foar Ljouwert: it is sa goed as wis dat de waadakademy nei Ljouwert ta komt. En dêr soe ik heel bliid mei wêze, it draacht by oan de status fan Ljouwert en it generearret heechweardige wurkgelegenheid. As FNP hawwe wy op 8 novimber 2004 dêroer it kolleezje yn in unanym oannommen moasje (side 58) op 'en paad stjoerd. Dan is it fansels prachtich dat jo hast in jier letter sizze kinne dat dat slagge is. Fansels binne der mear krêften oan it wurk as de FNP yn Ljouwert en it kolleezje fan ús gemeente, mar sin en wille kin folle tille! No is it te hoopjen dat wy mear heger ûnderwiis en besibbe ynstellings en bedriuwen foar Ljouwert winne kinne, om sa de stêd mear brûzje te litten en folweardich haadstêd wêze te kinnen.

Sybren Thursday 03 November 2005 at 10:04 pm | | Default | No comments