Nieuwe aanvoer goed hout Blitsaerd?

Nu te bewonderen op industrieterrein Leeuwarden-West (voor de loodsen van Althuisius, vlakbij de start van de Elfstedentocht): een grote vrachtwagen uit Antwerpen waarin volgens de aanduiding FSC-hout zit. Zou dit nu de nieuwe aanvoer zijn van goed hout voor de Bullepolder, waar het project 'Blitsaerd' van de grond moet komen? Goed hout, omdat er onlangs een stevige blunder begaan is met fout tropisch hardhout, terwijl de gemeenteraad duidelijk FSC-gecertificeerd hout had voorgeschreven. En de projectleiding nu natuurlijk snel verbetering moet aanbrengen. Zo zie je maar, dat je het college ook in vakantietijd in de gaten moet houden!

Sybren Tuesday 29 August 2006 at 09:28 am | | Default | No comments

Rigide blusregels Definsje

De brân mei in skea dy't rûst wurdt op 30 miljoen euro yn it winkelsintrum Bilgaard is fansels hiel slim, foar ûndernimmers en har personiel. Yn in pear oeren tiid brânt alles ôf, dêr't jo jierren (foar) wurke hawwe. Net bêst. Dêr passe eins allinnich mar wurden fan sterkte en meilibjen foar alle belutsenen. Fierder is it fansels foar de wyk Bilgaard en syn bewenners ek in lyts drama, ommers se ferlieze har eigen winkelsintrum dêr't se ynkeapen dienen mar it wie tagelyk ek in sosjaal trefpunt foar de hiele wyk. It berjocht dat de Aldi kommende tongersdei wer iepen kin is fansels hiel posityf. Fierder hoopje iksels, mar goed ik bin in leek, dat de skea oan de winkels oan de súdkant tafalle sil en dat ek dy winkels wer iepen kinne. Mar reek- en wetterskea sil der nei alle gedachten oeral wol wêze. It meast fernuvere wie ik oer it feit dat de 'superbluswein' E-One fan de fleanbasis (mei 12.000 liter wetter) net ynsetten wurde mocht. Fansels haw ik der begryp foar dat sa'n wein net foar elk hûs, tún- en keukenbrantsje opdrave moat en kin, mar as der in gigantysk grutte brân is, suver neist jo doar, dan moatte jo dochs jo ferstân brûke en helpe kinne? Ek op oare plakken (Twinte, Gilze-Rijen) binne dy E-One's brûkt om boargerbrannen te blussen. It argumint dat de fleanbasis Ljouwert ûnderdiel is fan de Quick reaction Force is seker oanlieding om sa'n E-one net te gau yn te setten, mar yn dit gefal hie miskien mei in maksimale ynset fan 1,5 oere dizze brân wol yn de kym smoard wurde kinnen. Hoe grut hie oars de kâns west dat de E-One midden yn 'e nacht ynsetten wurde moast? Definsje wurdt dochs ek út mienskipsjild betelle? En helpt de gemeente Ljouwert ek net alle kearen trou by de iepen dagen? Dan meie jo ek wol wat werom ferwachtsje.

Sybren Sunday 27 August 2006 at 5:02 pm | | Default | No comments

Nij poppoadium!

It sil heve! In nij poppoadium yn Ljouwert. In pear jier lyn kamen wy as FNP-Ljouwert noch mei it idee om ek teater Romein dêrfoar te ornearjen, en ús plan is no útkommen! Ek stie it yn ús program. Ek rjochting de Ljouwerter jongerein hawwe wy dat sa kommunisearre. By de status as haadsted fan Fryslân hearre beskate foarsjenningen foar de hiele regio. Dêrom ek binne wy bliid dat de provinsje Fryslân fia it saneamde 'stedskonvenant' romhertich bydraacht oan de realisaasje fan it poadium. Op 28 septimber giet it los, en der is ek al in stevich programma yn elkoar timmere troch Harrie Muis cs fan 'Het Podium'. Fan myn kant in hiel soad súkses tawinske oan alle meiwurkers, dat it mar in grut sukses wurdt!
11 novimber is der in saneamd 'Meidenfestival' pland, mei ûnder oare 'The Riplets' (foto) dy't earder ek alris by in FNP-kultuerjûn in optreden jûn hawwe.

Sybren Saturday 26 August 2006 at 2:53 pm | | Default | No comments

One seat - hasto/hawwe jo al tekene?

Understeande mail krige ik hjoed fan Europarlementarier Malmström. Noch 125.000 hantekens en se kinne oan de slach om in ein te meitsjen oan it jildfergriemende sirkus (? 200 miljoen/jier) dat tusken Brussel en Straatsburch reizget. Gean nei har website en tekenje!

Dear all!

You are receiving this email because you are one of the more than 875 000 European citizens who have signed on www.oneseat.eu. The response has been fantastic all over placeEurope and the issue has been widely covered in the press and on blogs. Citizens from all 25 EU countries have signed. I have received thousands of encouraging emails. Thank you all for that! It shows that the issue of the European Parliament's seat is truly something that many Europeans care about.

We are now very close to reaching the goal of one million signatures but there is still some more work to do. Therefore I kindly ask you all to send www.oneseat.eu to all your friends, family and colleagues, asking them to sign.
If all of you manage to get one extra signature our goal will easily be reached and we can take the issue to Commissioner Wallström as soon as the Commission resumes after the summer break.

My deepest thanks to all of you!

Cecilia Malmström
Member of the European Parliament

Sybren Thursday 24 August 2006 at 3:56 pm | | Default | Three comments

Ljouwert faach op Google Earth

Dizze foto op Google Earth is noch wol ridlik. Dat wol sizze, de kontoeren fan ús haadstêd binne noch aardich te sjen. Mar as jo dan ynsoeme wolle (pylkjes rjochtsboppe, as jo 'Leeuwarden-Netherlands' selektearre hawwe), wurdt ús moaie stêd fager en fager. By de stêd Grins is it ek al sa. Mar as je bygelyks Amsterdam of Parys selektearje, kinne je auto's goed ûnderskiede, mar ek musea en oare toeristyske attraksjes. Mei de satellytbylden kinne jo jo as gemeente goed presintearje. Ljouwert as kennis- en ICT-stêd soe dit better dwaan moatte. Hotels en campings kinne har sa better presintearje oan it grutte publyk. It ICT-platform Noard hie dizze kwestje earder al ris oankaarte. Ynkoarten sil ik hjir fragen oer stelle yn de gemeenterie, want dit kin echt better. Alle úthoeken fan de wrâld binne te finen, mar Ljouwert is in grize massa op dizze kaart.

Sybren Monday 21 August 2006 at 2:34 pm | | Default | Eleven comments

CDA stemmen als alternatief FNP?

Rendert Algra (CDA) wil dat alle FNP-kiezers of sympatisanten in november bij de Tweede Kamerverkiezingen allemaal op hem gaan stemmen. Dat was gistermorgen te horen bij de Omrop. Ik moest wel even lachen. Mijn stem krijgt hij niet. Trouwens, sowieso stem ik op 22 november niet op een 'Haagse' partij, dus ook niet op het CDA. Een stem op Algra is namelijk een stem op het CDA en die partij kan gezien de decennialange regeringsverantwoordelijkheid worden aangesproken op de positie die Fryslân, zijn economie, werkloosheid, taal en cultuur nu heeft. Afspraken tussen politiek Den Haag en onze regio om bijvoorbeeld de structureel hogere werkloosheid aan te pakken (denk aan het Langman-accoord) zijn de afgelopen periode geschonden. Van de aardgasbaten krijgen Fryslân, Groningen en Drenthe slechts 1%, terwijl de Randstad bijna 90% opstrijkt (terwijl in onze regio wel 10% van de inwoners van de Nederlandse staat wonen). Zaken die expliciet of impliciet een keer in de Tweede Kamer aan de orde zijn gekomen. En, waar andere EU-lidstaten grote vorderingen maken om de regio's meer invloed te geven om zo meer voor de burgers te betekenen (bestuur dichter bij de bevolking) werd Nederland door de Raad van Europa op de vingers getikt om zijn centralisme. Krampachtige politiek waarbij ook nu weer het CDA mede debet aan is.
Natuurlijk ben ik benieuwd wat zijn campagne 'Kies in Fries' gaat inhouden. Maar van mijn kant geen stemadvies voor Rendert! Want zijn campagne zal waarschijnlijk meer PR voor de persoon Rendert Algra zijn dan stevige inhoudelijke toezeggingen waar ons gewest iets mee kan.
PS: blijkbaar weten ze bij het CDA ook nog niet dat onze regio al meer dan 10 jaar officieel Fryslân heet;-)

Sybren Wednesday 16 August 2006 at 9:45 pm | | Default | No comments

Lyts drama: sloop hûs en pleats

In lyts drama op in paradyslik plakje: troch de oanwêzigens fan in munysjedepot fan de fleanbasis moatte in wenhûs en in pleats sloopt wurde. Dizze wike stie de sloopoanfraach foar Bitgumerlân 1 ('woning + opstallen') yn de Huis aan Huis (9/8/06). Hjoed haw ik der efkes sjoen en mei de minsken praat. Se wisten net iens dat der in sloopoanfraach dien wie en ek net troch wa! De minsken fan Bitgumerlân 1 (wat offisjeel ûnder Ljouwert falt) hawwe 20/30 jier lang it hûs sa stadichoan opknapt, en troch nije regels (side 60) moatte sy no uterlik jannewaris 2008 út har hûs. De bewenners fan de pleats falle ûnder Menameradiel en witte noch net krekt hoe't it komt. Wol fine sy it skande dat in pleats dy't foar in part ut 1874 stamt (de romp) skielk tsjin de flakte moat. De belutsenen soenen ek graach dudlikens hawwe wolle oer de takomst fan de fleanbasis, want aansens binne har gebouwen der net mear en giet de basis mooglik ticht. Dizze wike sil ik efkes op it stedskantoar sjen, want it is wol heel nuver dat der no al in sloopoanfraach leit (augustus 2006) wylst de minsken der pas jannewaris 2008 út moatte!

Sybren Sunday 13 August 2006 at 8:45 pm | | Default | One comment

reklame bushokje Fliet hindert ferkearsfeiligens

Soms giet gemeentepolityk oer abstrakte 'kadernota's' foar 5 of 10 jier. Mar folle faker giet it oer de konkrete saken dy't boargers alle dagen wer meimeitsje en ûnder ús omtinken bringe. Hjir ien yn de kategory 'Wa't dit no wer betocht hat?'. Mei in plaatsje en in praatsje hoopje ik it dúdlik te meitsjen.
Wa't mei de auto fan de Javastrjitte it Fliet op draait, kin net goed nei links sjen, mei't dêr in bushokje stiet dat oan ien kant tichtmakke is mei in reklameposter. Je moatte al in stik mei de motorkap dy dyk op foardat je it krusende ferkear goed sjen kinne en der wurdt op it Fliet op dat plak ek noch wolris aardich trochriden. Dat makket de kâns op in botsing der net lytser op. Fan minsken dy't dêr wenje (Borneostrjitte, Sumatrastrjitte, Javastrjitte e.o.) haw ik heard dat se bytiden benaud binne om dêr ôf te slaan. Sakrekt haw ik dêr persoanlik ek noch efkes west en sjoen dat in auto hiel hurd de dyk op ride, krekt foar in frachtwein del dy't hurd yn de remmen moast. Libbensgefaarlik fansels!
No haw ik begrepen dat by de gemeente de folgjende fraach steld is: Soenen jim der ris oer neitinke wolle oft dy reklameposter ek út dat bushokje wei kin? It hokje is fan glês, dat dan kinne je dertrochhinne sjen en is der neat mear te rêden.
En, wat wie it antwurd fan de gemeente?
"It beplakken van de bushokjes mei reklameposters docht de eigner van de hokjes.
Dit is Viacom. Het tillefoannummer is: 0800-0228080
Wij hoopje dat jo hjir jo klacht kwyt kinne.

Met freonlike groetnis,

Service Meldpunt
Gemeente Ljouwert."

Dat is fansels in flut-antwurd fan de amtners en dêrmei rint de gemeente foar syn ferantwurdlikens wei foar de ferkearfeiligens. Ik hoopje dat Viacom in ferstanniger beslút nimt. It kin fansels net sa wêze dat de gemeente finansjeel gewin wichtiger fynt as ferkearsfeiligens...

Sybren Friday 11 August 2006 at 4:20 pm | | Default | Eight comments

diskusje neijier dominearre troch Saailân

In skoftke lyn hawwe wy fan it kolleezje in oersjoch krigen mei it 'vervolgtraject Nieuw Zaailand'. It komt der op del dat de diskusje yn de gemeenterie nei de simmerfakânsje foar in grut part bepaald wurdt troch de plannen foar it projekt 'Nieuw Zaailand'. Om jim in idee te jaan (details sil ik besparje):
- hiel koart nei de simmer sil de evaluaasje ferskine fan it referindum, opsteld troch de TU Twinte;
- yn de kommisje Stedsuntjouwing (SO) fan 2 oktober prate wy oer it offertefersyk (mei in oersjoch fan de rânebetingsten foar it projekt, bygelyks de fysike begrinzingen, romte foar merk) en dêrby ek oer hoe't de brûkers fan it plein en oare doelgroepen belutsen wurde sille by it projekt. Op dyselde datum prate wy oer it hiele kommunikaasjeplan foar it projekt;
- yn de kommisje SO fan 13 novimber krije wy in buropresintaasje fan de trije selektearre buro's mei 'werkwijze en ontwerpopvattingen' fan de buro's. Dan wurdt de kommisje achte in buro te kiezen ('selectie ontwerpbureau').
- stap 3 is it opstellen fan it ynrjochtingsplan neffens de yn it offertefersyk beskreaune rânebetingsten. Dêrby sille der ek in pear 'tussentijdse beslismomenten' oanbrocht wurde.
Dêrneist sil yn septimber en oktober noch wurke wurde oan it ûntwerp foar de 'opstallen' fan de parkeargaraazje wat dan ek noch wer yn de rie weromkomt.

Jim kinne jim yntinke dat ik, mei sjoen ús stânpunt oer it projekt, net echt útsjoch nei diskusjes oer de kleur fan de strjitstiennen. Mar de ?grutte? partijen hawwe as doekje foar it blieden nei it referindum sein dat se alle eleminten fan it plan yngreven beprate wolle. Foardat wy lykwols de boppesteande diskusjes krije liket it my earlik sein earst folle relevanter hoe't Provinsjale Steaten tinke oer de finansiering fan it depot fan it Frysk museum en de eksploitaasje. Ommers, sûnder it elemint fan it Frysk museum kinne wy wol ophâlde mei de planfoarming...

Sybren Monday 07 August 2006 at 10:27 pm | | Default | Two comments

faach briefke besite Nijpels

Hjoed in bytsje mysterieus briefke krigen fan it gemeentebestjoer (B&W) oer in besite fan de Kommissaris fan de keninginne op 13 septimber oan de Gemeente Ljouwert.
Wy as fraksjefoarsitters wurde útnoege om tusken 11.00 en 13.00 oere oanwêzich te wêzen. 'Het bezoek staat in het teken van de ambities van Leeuwarden, Sociale cohesie en de Kenniscampus.' Op himsels is it posityf dat in kommissaris him orientearret by de gemeenten, mar no is it wol sa dat foar al dy trije saken it belied troch de gemeenterie al bepaald is. Stadsfisy, masterplan Kenniskampus, en in stik as wat nota's oer wolwêzen. Om him in yndruk te jaan hie de loco-boargemaster, dy't ús dizze útnoeging ferstjoerd hat, dus ek folstean kinnen mei it tastjoeren fan dy nota's oan de KfdK.
It is foar my dus efkes de fraach: wêrom wol Nijpels mei de fraksjefoarsitters prate? Wat foar aginda sit hjir achter? En is it yn iepenbierens of besletten? It programma wurdt ús om-ende-by 1 septimber tastjoerd. Ik bin benijd en sil om dy tiid hinne wol mear hearre litte...

Sybren Saturday 05 August 2006 at 8:30 pm | | Default | No comments

klimaatsferoarings: kearnenerzjy net de oplossing

Midden yn 'e nacht wekker wurden troch de tonger. Net op it klokje sjoen hoe let oft it wie, mar wol gau yn de gaten dat it needwaar wie bûtendoar. Mar efkes nei ûnderen. Nei it trochspielen fan de WC die bliken dat it wetter net fuortgong, mar krekt omheech kaam. Dat haw ik yn de 6 jier dat wy hjir wenje noch net meimakke. Efkes letter kaam ús Hannelys by ús yn de sliepkeamer, dripkes op 'e sliepkeamer (bytsje lekkerij). It wie dúdlik, wetteroerlest yn Ljouwert, net allinnich by ús mar yn de hiele stêd!
It fernuvert my earlik sein sa stadichoan neat mear, nei de ekstreme hjitte fan de lêste tiid. De klimaatsferoarings sette troch. Hjoed waard bekend dat Sweden ferline wike mooglik ûntsnapt is oan in kearnramp. En dêrmei ek hiel West-Europa, tinkt my. Diskear dus gjin problemen yn in minder-ûntwikkele lân sa as de Oekraïne (Tsjernobyl), mar yn it technologysk moderne Skandinavië. Dyjingen dy't leauwden yn kearnenerzjy as oplossing foar de CO2-problematyk sille goed neitinke moatte wat dêr de gefaren fan binne.

Sybren Friday 04 August 2006 at 1:58 pm | | Default |

Bloody sunday

It wie snein in 'bloody sunday'. No net yn Derry, of Londonderry sa't de protestanten plachtsje te sizzen, mar yn Qana yn it suden fan Libanon. No net yn 1972, net yn Noard-Ierlân, mar yn Súd-Libanon. Ek ofrûne snein in soad ûnskuldige boargers dea, in soad noch bern (37 fan de 60). Elkenien dy't de film Bloody Sunday sjoen hat, wit dat de gefolgen fan dizze agressive oanfal troch Israël wolris averjochts wurkje kinne. Nei Bloody Sunday melden har in soad jongelju by de IRA, it koe no wolris sa wêze dat noch mear minsken har by Hezbollah oanslute. Yn it nijs wie juster al te lêzen dat der yn Libanon hieltyd mear flaggen fan de organisaasje te sjen binne en dat oeral poosters fan har foaroanman Nasrallah te sjen binne. En yntusken hitse yn Israël de media de militêren op. Wêr bliuwt de dialooch? Hoe sil dit goedkomme?

Sybren Tuesday 01 August 2006 at 4:48 pm | | Default | One comment