Bagger-oanfal

De lêste dagen gong it need mei dizze weblog. in oanfal fan kommersjele spam-reaksjes fan komsa. Gelokkich hat de webmaster/behearder fan dizze side hurd wurke om it wer yn 'e oarder te meitsjen. En kin ik wer fierder (jo soenen der net oan tinke moatte om dat neist it deistige riedswurk ek noch oplosse te moatten)! Der kamen al ferskate reaksjes fan lêzers dy't ek al besoarge wienen of grapken dat de kolleezjepartijen (of de ôfdieling kommunikaasje!) in ein meitsje woenen oan al dy krityske stikjes op dizze log;-) Juster nei de iepening fan it Poppoadium Romein ta west. It wie in geweldige happening mei in ferrassende iepeningsact fan ús wethâldster kultuer Yvonne. Moarn nei it grutte Tomke-feest yn De Harmonie ta mei ús Hannelys en moandei de kommisje stedsûntjouwing. Dêr prate wy ûnder oare oer de hichte fan it nije provinsjehûs. As jo it my freegje is dy 42 meter fan arsitekt Soeters echt wat tefolle fan it goeie foar dy hoeke fan de binnenstêd, dat soe hast like heech wurde as de Aldehou! 25 meter stiet der yn de struktuerfisy foar de binnensted en dêr moatte wy mar safolle mooglik oan fêsthâlde.    

Sybren Friday 29 September 2006 at 8:08 pm | | Default | One comment

Referendum op alle fronten mislukt...

Gisteravond laat het evaluatierapport van het Leeuwarder referendum van 24 mei doorgenomen. Toen wij destijds, zowel voor als na het referendum, kritiek uiten op de gang van zaken werd door voorstanders geroepen dat we niet 'zuur' moesten doen, dat alles keurig volgens de regels was verlopen etc. Vaak ook zijn deze zaken gezegd door mensen van buiten de gemeente, die het verloop blijkbaar niet goed hebben gevolgd en niet op de hoogte waren van belangrijke details. Nu is gelijk hebben en gelijk krijgen niet hetzelfde, maar door deze onafhankelijke evaluatie van de onderzoekers van de TU Twenthe denk ik dat wij achteraf wel het laatste gekregen hebben. Zo hebben de onderzoekers forse kritiek op de drempel die is ingesteld. Tal van keren hebben wij als FNP gezegd dat de zogenaamde 'gekwalificeerde meerderheid' niet 30% maar 25% moest zijn. De onderzoekers uit Twenthe hebben de indruk dat 'men als het ware tekent voor een ongeldig referendum'. Niet verrassend, de meeste collegepartijen hebben hier gewoon op alle manieren op aangestuurd (op aandringen van CDA en VVD heeft de PvdA bij het ontwerpen van de referendumverordening de 30% erin gezet). Verder vonden de onderzoekers de datum, de dag voor Hemelvaartsdag, 'ongelukkig'. De vraagstelling was te ingewikkeld en men had in de zogenaamde 'referendumkrant' een eerlijker verdeling tussen voor- en tegenstanders aan het woord moeten laten.
Het resultaat van dit alles is dat de Leeuwarder bevolking geen vertrouwen meer heeft in de gemeenteraad: bij 79% van de geinterviewden is het vertrouwen in het gemeentebestuur (veel) kleiner geworden. En 62% van de bevolking vindt dat de gemeenteraad na het referendum een fout besluit heeft genomen, door de plannen ondanks de uitslag toch door te drukken. Wat mij betreft krijgt het verhaal nog wel een staartje. Het kan niet zo zijn dat dit rapport in de onderste la verdwijnt en dat wij weer tot de orde van de dag overgaan. Ik roep iedereen op om op woensdag 18 oktober vanaf 20.30 uur naar de politieke markt in de raadszaal van het stadhuis te komen om mee te praten over deze evaluatie!

Sybren Tuesday 26 September 2006 at 5:12 pm | | Default | Two comments

Ferlinging Ljouwerter perron

Justerjûn wie ik by in byienkomst oer de saneamde 'netwurkanalyses', analyses fan wêr't yn 2020 knipepunten yn it ferkear (auto/OV, fyts, wetter) te ferwachtsjen binne as der neat dien wurdt. Foar Ljouwert/Fryslân is ek sa'n analyse makke. Dat soe earst trouwens net, mar Fryslân hat himsels der 'ynfochten' om't Ljouwert mei de oare Fryske gruttere steden tanksy effektive lobby de status 'netwurkstêd' krigen hat. Earst soenen der mar 8 netwurkanalyses makke wurde, mar it binne der no dus 11 wurden. Fryslan sit no tagelyk mei de 'Randstad-Noordvleugel', Grins-Assen en Brabân oan tafel mei ministers en hege ferkear- en wettersteatsamtners yn De Haach. Sa sjogge jo mar wer dat sa'n netwurkstatus net om 'e nocht is. Skokkende, mar net alhiel ferrassende, konklúzje foar my wie dat it iepenbier ferfier yn Fryslân nergens oan de noarm foar akseptabele reistiid foldocht. Dêr moat dus echt wat oan dien wurde! Ien fan de maatregels foar it OV is 4x yn 'e oere in trein tusken Ljouwert en Grins; in punt dêr?t wy as FNP-Ljouwert al folle langer foar stride. Dêr is it lykwols wol foar nedich dat de perrons op it stasjon Ljouwert oanpast wurde (perronkapasiteit). Omdat by de oanbesteging fan de treinen by Arriva net keazen is foar dûbeldekkers, sil it perron yn de rjochting Grins ferlingd wurde moatte. Konkreet sil dat ynhâlde dat it perron yn de takomst hast oan de oergong fan de Skrâns ta komme sil. Neffens de eksperts 'kin it krekt', sa waard juster dúdlik makke.

Sybren Wednesday 20 September 2006 at 09:54 am | | Default | No comments

Superbus better?

Ferline wike krige ik fia Addy Stoker (CU) in útnoeging foar it sympoasium 'De superbus op de lokale agenda' op 22 septimber yn it stedhus fan Almere. Harren grutte man Rouvoet sil dêr ek sprekke. Earlik sein hie ik my oant no ta noch net yngreven ferdjippe yn dit Suderseeline-alternatyf foar allegear mooglike treinfoarmen, fan magneetbaan oant HSL. Yn de folder dy't ik fan him (Stoker) krige stiet ûnder oare: 'Het superbussysteem, met snel en flexibel personentransport, is een veelbelovende innovatie. De rijksoverheid heeft zeven miljoen euro uitgetrokken voor de ontwikkeling van een experimenteermodel. Daarom rijst de vraag of het mogelijk of nodig is dat lokale overheden alvast inspelen op de nieuwe mogelijkheden.' Tsja, as jo dat sa lêze, soenen jo miskien entûsjast reitsje kinne. Nij, rap, fleksibel, it kin net op. En 7 miljoen euro liket ek net safolle ferlike mei al dy miljarden fan de sweeftreintechnyk. Oant ik dizze wike in stikje yn it FD lies dêr't in direkte kollega fan Ockels, de Delftse heechlearaar Hansen, mei de nijste berekkeningen nei bûten ta kaam. De kosten falle folle heger út as oant no ta oannommen. Hansen tinkt dat der al gau 4 oant 5 miljard euro nedich is foar de superbus. Boppedat is er ek lang sa feilich, duorsum en winstjouwend net. Foar my is it de fraach hoefolle in inkeltsje Amsterdam-Hearrenfean of Ljouwert yn de superbus de gemiddelde Fries wol net kostje moat. Om my hoecht it dus net op de lokale aginda fan Ljouwert. In 'ballon' fan moannereizger Ockels dy't mar gau lekstutsen wurde moat, as jo it my freegje!

Sybren Wednesday 13 September 2006 at 9:18 pm | | Default | No comments

Zuidlanden-'ongemakkelijk gevoel'

Moarntejûn sil ik nei Brussel ta foar in gearkomste fan it EFA-bestjoer. Dêrom sil de nûmer 2 fan ús list my dan ferfange. Ien fan de ûnderwerpen is de grûneksploitaasje. In ekstern saakkundige , it skynt in ekspert te wêzen (Nijland fan buro Newland), hat der foar de gemeente nei sjoen en in rapport makke. As FNP binne wy skrokken fan wat der oer De Súdlannen stiet: ?de prognose rond dit plangebied geeft een ongemakkelijk gevoel?. En: ?Er is nog een parallel met Zuiderburen: uit de rapportage van november 2004 blijkt dat er een tekort was. Dat is weggewerkt met optimalisatiemaatregelen?. 'De gedetailleerde informatie is alleen op het projectbureau aanwezig'. Al in pear kear hawwe wy as FNP oan 'e belle lutsen dat de saak te besletten en net oersichtlik is. Wy binne bliid dat wy dêryn byfallen wurde troch in ekstern saakkundige.

Sybren Sunday 10 September 2006 at 7:23 pm | | Default | No comments

utnoeging ien dei foar start Blitsaerd

Blykber moat de organisaasje om it prestizjieuze projekt 'Blitsaerd' (bebouwing Bullepolder mei filla's) noch wat op gong komme. In skoftke lyn waard der 'fout hout' oanfierd dat net oan de rjochtlinen foldie. En, wylst moarn (7 septimber) de offisjele start is foar de takomst fan it wengebiet, krije wy as riedsleden fan de gemeente dêr't alles plakfynt, pas hjoed (6 septimber) de offisjele útnoeging! Krekt of hawwe wy alle tiid fan de wrâld en pas dit efkes yn de aginda yn. Op it brief stiet trouwens wol as ferstjoerdatum 26 juli 2006. Persoanlik mei ik graach oer in feestje, mar by dizze fiering haw ik dochs ambivalinte gefoelens. Noch altyd fyn ik it skande dat dit agrarysk natoergebiet folboud wurdt. Ik akseptearje dat it projekt no trochgiet, mar by my giet de flagge net út. Dizze beker (of moat ik sizze: dit gles sjampanje, want dat sil it wol wer wurde) lit ik dêrom mar oan my foarbygean...

Sybren Wednesday 06 September 2006 at 1:44 pm | | Default | No comments

Net dwaan, Katie!

Tige fernuvere haw ik my oer de belangstelling en stipe fan Katie Dolstra (âld- riedslid foar Leefbaar Leeuwarden) foar de PVV, de Partij voor de Vrijheid. Fernuvere, omdat Wilders mei syn PVV, krekt sa as de Groep-Nawijn en Marco Pastors fan EénNL operearje oan de rjochterflank fan de VVD, suver hast tsjin it ekstreem-rjochtse gedachtegoed oan. Guon fan dy lju hawwe sels kontakten mei it Vlaams Belang, de opfolger fan it Vlaams-Blok. Oant no ta hie ik altyd in seker respekt foar Katie, omdat sy yn de foarige gemeenterie in bytsje de stim wie fan de sosjaal-swakkere, de minsken yn it ferdomhoekje, en dat soms mei passy wist te bringen. Mar se beweecht har no yn de hoeke fan de rjochts-populisten, dy't hurd snije wolle yn útkearingen en in maatskippij foarsteane fan 'de macht fan de sterkste'. Katie, tink nei, wurd net as in bled oan in beam en swalk fan links nei rjochts mar doch wêr'st goed yn bist, nammentlik opkomme foar de minsken dy't yn de knipe komme.

Sybren Sunday 03 September 2006 at 09:52 am | | Default | No comments