Kommende moandei (4 desimber) besprekke wy yn de kommisje 'stadsontwikkeling' fan de gemeenterie it al of net tastean fan filla's yn it iepen lânskip flakby natoergebiet de 'Grutte Wielen'. It docht my deugd dat wy der in grutte meistanner by hawwe: PZV de Wielen, in windsurf-klup. Op har site is al in oprop pleatst om har te kearen tsjin de plannen. As FNP fine wy it te gek foar wurden om yn it iepen lânskip op hiele grutte kavels sokke filla's del te setten. Ferkwânseling fan it moaie natoergebiet! Hjoed haw ik de klup mar efkes in mail tastjoerd dat de plannen moandei bepraat wurde en hoe't se har oanmelde kinne foar de ynspraak. Hjirby de oprop fan de planksylferiening 'De Wielen':
Binnenkort moeten we in de raad maar eens een heldere discussie welke kant we nu op willen met onze gemeente. Investeren we in fata morgana's, enorme prestige projecten of durven we te investeren in sociale maatregelen, kansen en structurele werkgelegenheid in onze eigen regio. Dit schrijf ik omdat er nu opnieuw een epistel van het Leeuwarder college is verschenen over de Zuiderzeelijn. Wanneer is het nu eens afgelopen met deze enorme verspilling van bestuurs- en ambtelijke tijd en energie? Wanneer wordt men verstandig en roept Alders en Nijpels tot de orde? Als het aan ons als FNP ligt zo snel mogelijk. Er ligt immers een helder rapport waarin ook goede alternatieven worden beschreven, alternatieven die wel inzetten op de mogelijkheden en sterke punten van deze regio: onder andere watertechnologie, bereikbaarheid Leeuwarden, MKB, culturele attracties en duurzaamheid. Dat rapport wil ons college alleen ter inzage leggen, welnu ik zal vragen om een volledige discussie over dit onderwerp, dus ook het betrekken van die structuurvisie (dus niet alleen de gekleurde brieven van de stuurgroep van Alders). Want als we nu niks doen, gaat de lobby van de Stuurgroep over van MZB (Magneetzweefbaan) naar HST (Hogesnelheidstrein) en dreigen we als provincies Fryslân, Groningen en Drenthe miljarden mis te lopen. Men trekt immers aan een dood paard, dat is toch iedereen wel duidelijk? Dit staat er in de raadsbrief, die naar ons als raadsleden is gezonden: 'er is afgesproken de reserveringen voorlopig te handhaven en de middelen die binnen de begroting van de projectorganisatie zijn gereserveerd voor de MZB in te zetten voor de uitwerking van de HST-variant'. Waar 'ons' college dus blijkbaar achter staat, terwijl wij als raad nog helemaal niet hebben beslist dat wij een Hogesnelheidslijn willen hebben die 30 kilometer voorbij Leeuwarden langsraast en waar we dan toch meer dan € 10 miljoen in moeten steken.
In het FNP-programma voor de statenverkiezingen staat het zo omschreven: 'Dit spoor kost te veel geld en levert te weinig op. Fryslân moet een evenredig gedeelte van de € 2,73 miljard ontvangen en inzetten voor die zaken waar Fryslân kans kan maken op een eigen economische ontwikkeling'. Nog 98 dagen...
Yn it program foar de steateferkiezings fan de FNP hawwe wy opnommen: 'It iepenbier ferfier moat tagonkliker en oantrekliker wurde, benammen foar âlderein en jongerein. Dat kin bygelyks troch mear perioaden mei goedkeap of fergees iepenbier ferfier foar ûnderskate doelgroepen'. Yn Ljouwert haw ik dêr dizze moanne noch in
moasje oer yntsjinne. Yn hoefier kinne wy bepaalde doelgroepen fergees iepenbier ferfier oanbiede? De partijen PvdA, CDA, VVD en NLP woenen dit net iens ûndersykje litte! Blykber hawwe se de mûle fol oer goede alternativen foar it autoferkear mar as der in oare partij mei in foarstel komt, binne se der net.
Bliid wie ik om hjoed te hearren dat yn Tilburg in eksperimint yn de daloeren mei fergees iepenbier ferfier trije kear mear reizgers lutsen hat as foar de tiid. It eksperimint waard yn de daloeren hâlden, sadat der foar dat ûnderdiel gjin ekstra bussen hoegden te riden en der dus gjin ekstra kosten efter wei kamen. Sosjaal is it ek hiel posityf: minsken wurde mobiler, gean der op út. Yn heel Brabân hawwe se yn septimber ek al in súksesfol eksperimint hân. It kin dus wol, súksesfolle eksperiminten mei iepenbier ferfier. As de hele proef yn Tilburg ôfrûn is (1 july 2007), bin ik benijd nei de ein-evaluaasje. De resultaten soenen wy yn Ljouwert en Fryslân mooglik ek heel goed brûke kinne!
Noch 100 dagen, dan is it 7 maart, de steateferkiezingsdei!
Justerjûn hat de ledegearkomste stimd oer de list foar de steateferkiezings fan takom jier. Der is úteinlik in moaie list útrôle. Persoanlik fyn ik it in eare dat ik as heechste 'nijkommer' op de list kommen bin, plak 6. It is moai dat jo safolle betrouwen fan de leden krije. Ik soe it geweldich fine om yn ús 'regionale parlemint' te kommen. Alles mei alles wienen der hast 150 minsken yn de seal, grôtfol. En der wienen hast ek noch 60 machtigings ôfjûn. Dat jout moed! En listlûker Johannes Kramer hat it startskot lost foar it programma en de kampanje. No noch 102 dagen! No't ik in aardige kâns meitsje om yn de steaten te kommen, sil ik op dit plak geregeld oer de mooglikheden en sterke punten fan Fryslân fertelle, oer it plak fan Ljouwert dêryn en oer de kampanje fansels. Reaksjes wolkom!
Hjirby de list:
1. Johannes Kramer
2. Annigje Toering
3. Douwe Bijlsma
4. Pytsje de Graaf
5. Marten van der Veen
6. Sybren Posthumus
7. Lolke Folkertsma
8. Auke Bijlsma
9. Liskje Flapper
10. Sjoerd Groenhof
11. Wiebe Hoekstra
Dat wie juster in flinke teloarstelling foar ús MTV-wyk. Net wûn fan de gemeente by de ôffalweddenskip. De wyk hie 12,5% minder restôffal yn de grize konteners smite moatten, mar dat is lang net slagge. Sterker noch, it is in bytsje omheech gongen (fan 37.460 nei 37.928 kilo). Ut de petearen dy't ik hân haw mei de wykpanel-bestjoerders koe ik opmerke dat sy ek baalden, mar ek in ferklearring hienen: dit jier foel de teldatum (27 oktober) midden yn de hjerstfakânsje en ferline jier net. De ferklearring is neffens har dat de minsken no alle tiid hienen om blêden en oar túnguod op te rêden en dat foar in part ek yn de grize kontener smiten hawwe. Hawar, spitich dat de wyk de € 12.500 net kriget, guon minsken hawwe har der wol mei hert en siel foar ynsetten. Dat de wyk de weddenskip net winne soe, wist ik trouwens al op moandeitejûn. Offisjeel hie ik dat fansels net witte moatten (it moast oant it lêst ta in geheim en in ferrassing bliuwe) mar ik moast earst foar in fergadering op it stêdhûs wêze en dêrnei wat kopiearje. Omdat ik net yn ús eigen lêskeamer fan de rie koe, haw ik efkes it apparaat fan de ôfdieling kommunikaasje brûkt. En wat lei dêr pontifikaal neist it apparaat? Jawol, de kilo's en resultaten fan de ôffal-weddenskip. As tige belutsen en nijsgjirrich riedslid falt jo dat direkt op. Fansels haw ik oant de útslach tsjin elkenien de mûle tichthâlden, mar it is net de earste kear dat sa gegevens 'op strjitte komme'. Slordich en ûnsoarchfâldich. Ik haw dat justerjûn fuortendaliks meijûn oan ien fan de meiwurkers fan kommunikaasje. Sa gean jo net mei ynformaasje om...
Jûn ledegearkomste fan de FNP. Wy sille de definitive kandidatelist fêststelle. Altyd spannend. Noch 103 dagen, dan binne de folgjende (steate-)ferkiezings al wer!
Nije wike tongersdei (30 novimber) wurdt it Casino hjir yn Ljouwert offisjeel iepene, troch boargemaster Dales. As riedslid haw ik ek in útnoeging krigen. Op de site fan it Casino sjoch ik dat der no al in jackpot fan € 177.000 is! Sawat de hele gemeenterie hat hjirmei ynstimd, op de ChristenUnie nei dan. Foar de FNP wienen belangrike arguminten dat wy hjirmei in topattraksje nei Ljouwert ta helje as haadstêd fan Fryslân. Friezen hoege no net mear nei Grins ta. Fierder is it in geweldige stimulâns foar de wurkgelegenheid, der komme in pear hûndert minsken te wurkjen. Der wurdt goed op tafersjoen dat gokferslaafden goed opfongen wurde. Foar my is no de wichtichste fraach noch, sil it Casino oer in pear jier ek nei it sintrum ta. It útgean yn Ljouwert moatte wy safolle mooglik konsintrearje yn it sintrum, dat moat net tefolle útwaaierje. As it Casino yn it sintrum komt, is dat ek wer in ympuls foar de kafees, restaurants en hotels dêre.
Der is in peiling hâlden by ús 'buorlju' yn Ost-Friesland. De fraach wie dêr oft se dêr ek in Fryske, regionale partije hawwe wolle, lykas de FNP hjirre of de SSW yn Sleeswyk-Holstein. Hjirûnder folget de útslach. Wa wit hawwe wy oer in skoftke in broerke of suske yn East-Fryslân. Soe wol aardich wêze fansels.
In enkête fan de webside: http://botschaft.ealafryafresena.de/
Ergebnisse der aktuellen Umfrage
Aansens mei ik foar Omrop mercurius-TV in koarte rede (sjippekist-speech) útsprekke oer de Twadde Keamerferkiezings. Ik haw de folgjende tekst yn gedachten:
Twadde Keamerferkiezings
In heel soad geouwehoer, op de fjouwerkante sentimeter,
moddergefechten, net normaal mear, se meitsje elkoar út foar ferrotte fisk.
Betrouberheid? Ho mar! In stimadvys fan de FNP?
In stimadvys foar in regearing dy't martelingen yn Irak talit? Not in my name.
In stimadvys foar partijen dy't wurkgelegenheidsôfspraken mei it noarden ôfskaffe? Not in my name.
In stimadvys foar partijen dy't it wurd 'Fryslân' of 'Noarden' net iens yn it partijprogramma hawwe? Not in my name!
In stimadvys foar bepaalde partijen dy't Fryslân feroarje wolle yn ien grut natuerpark? Not in my name.
Myn advys: stim op 7 maart takom jier, stim foar Ljouwert en Fryslân,
stim FNP!
Als raadsleden hebben wij een brief gekregen van het college van B&W over Omrin. Er stond niet 'geheim' of 'vertrouwelijk' op, dus ik neem aan dat het openbare informatie is. Het gaat onder andere over de afvalverwerking. In de brief wordt met name ingegaan op de zogenaamde 'Reststoffen Energie Centrale' (REC), nut en noodzaak en locatie. Zoals het nu staat wil Omrin dat die locatie naar Harlingen toe gaat. Waarmee Noordwest-Fryslân mogelijk het afvalputje van onze regio kan gaan worden, omdat er ook al flinke schade is door de zoutwinning. Ik zeg mogelijk, omdat er in de aandeelhoudersvergadering (AVA) van Afvalsturing/Omrin gekozen is voor een onafhankelijk onderzoek, waarvan de resultaten in januari/februari bekend en beschikbaar moeten zijn. Zodat de AVA in april hierover definitief kan besluiten. Wat mij opvalt bij dit onderzoek, waarvan de begeleiding bij de gemeente Leeuwarden ligt, is dat de mogelijke milieu-effecten totaal niet genoemd worden. Dat zou je toch wel verwachten als je het hebt over een verbrandingsoven! In het verleden zijn er immers behoorlijk wat schandalen geweest met deze ovens. Men heeft het over de volgende te onderzoeken zaken: nut en noodzaak, locatiekeuze, financiën en een kritische beoordeling van de haalbaarheidsstudie die in opdracht van Afvalsturing/Omrin door het bureau ADL is verricht. Omdat ik in de agenda-commissie zit van de gemeenteraad, zal ik hier aanstaande maandag zeker aandacht voor vragen om dit expliciet mee te nemen in het onderzoek. De ongerustheid in de regio moet snel worden weggenomen!
It liket der sa stadichoan op dat de measte inisjativen foar fernijing fan de Fryske taal net mear yn de lytsere doarpen plakfine, mar yn de stêden. Dat foel my op by de bands dy't lêst meidienen oan Liet, mar ek oan it neikommende evenemint, it
Farsk-filmfestival, dat dus ek wer yn de haadstêd plakfynt:
Seis filmers út Fryslân en de wrâld ha op har eigen manier it tema literatuer yn in koarte film ferwurke. By guon is dat mei absurde humor, in oar mimeret op it lichem fan in deade filosoof. Orizjineel binne de films allegear.
Op it Farsk Filmfestival wurde alle seis films fertoand. Tusken de films troch lêze jonge Fryske skriuwers foar út eigen wurk en spilet de Mudhoenband ferskriklike muzyk. Nei ôfrin beleannet in faksjuery trije films mei in moaie jildpriis.
Datum: freed: 8 desimber
Tiid: 20.00 doar iepen, 20.30 begjin program
Plak: Frysk-kultureel trefpunt De Bres/EFTRIJE, Skoallestrjitte 4, Ljouwert (achter de Harmonie)
Yntree: 2,50 euro
Mear ynformaasje is te finen op www.farsk.nl.
Wa't it moai fynt mei reagearje! Nei in tal reaksjes tocht ik, lit ik ek ris sjen, kommend fan de Grutte Tsjerkestrjitte. Fan dy hoeke ôf is ús stedsbyld de earstkommende desennia foargoed skeind troch dizze lifthokjes. Betanke PvdA, CDA, VVD en PAL/GrienLinks. Ja, fansels, der binne krokodilletriennen. Soms
hele grutte. Mar guon partijen soenen har dat al by it earste beslútfoarmingsproses bewust wêze moatte. Jo kinne gewoan ferwachtsje dat in parkeargaraazje op sa'n plak grutte risiko's mei him meibringt. Gelokkich is it finansjeel no goed beteard. Mar de partijen dy't dit woenen hawwe net goed by de les west doe't it om de stêdeboukundige gefolgen fan de garaazje gong.
Justerjûn hienen wy ús moanlikse iepenbiere fraksjegearkomste, diskear yn Himpens-tearns. 2 saken sprongen der echt út. As earste de reboelje oer de bûtenpleatsen. Kear op kear komt de gemeente by dy bûtenpleatsen syn eigen ôfspraken net nei en wy fernamen justerjûn dat dat de bewenners fan it twallingdoarp aardich heech sit. Sa stiet der yn it bestimmingsplan dat it maksimale oerflak 5000 m2 wêze mei, wylst it kolleezje sûnder oerlis mei it doarp en yn striid dus mei it bestimmingsplan de projektûntwikkelder de romte jûn hat foar 6250 m2. De VROM-ynspeksje hat de gemeente ek op 'e fingers tikke. En, it seit himsels dat wy as FNP it kolleezje ynkoarten (kommisje stedsûntjouwing, 4 des.) weromfluitsje sille. Foar de safolste kear binne B&W ynkonsekwint. Ik hoopje dat de mearderheid fan de rie datselde fan betinken is, oars gean dizze praktiken mar troch... In oar punt, en dat fyn ik echt skandalich yn dizze tiid fan voedselbanken en in grutter wurdende kleau tusken earm en ryk, is de folgjende passaazje yn de tuskenrapportaazje-2 fan de gemeente: Kosten relatiegeschenken Verder blijkt uit inventarisatie van de relatiegeschenken dat een deel van deze voorraad incourant is (vooral gedateerde boeken, wijnen en andere niet courante artikelen). De afboeking van de voorraden op de reële waarde heeft een incidentele tegenvaller van € 35.000 tot gevolg. Er zijn inmiddels adequate beheersmaatregelen getroffen waardoor de kans op incourantheid afneemt. Er is nu een assortiment relatiegeschenken beschikbaar, waarvan telkens kleine hoeveelheden worden besteld.Hoe is it mooglik dat in gemeente foar sokke grutte bedraggen oan relaasjegeskinken yn foarrie hat en no foar € 35.000 ôfskriuwe moat? Dan prate jo echt wol oer in kelderfol guod. Sels sit ik ek yn ferskate bestjoeren en as jo wat nedich hawwe, gean jo even nei de VVV of de bettere wynhannel. En hoe kin it dat dat no ynienen samar ôfskreaun wurdt? Is it net sa dat wyn meastentiids better en mear wurdich wurdt as it langer ripet? Op 20 novimber beprate wy dit yn de kommisje en dat sil ik de wethâlders hjir absolút mei konfrontearje. Want dit is gewoan jild ferkwânselje, sa geane jo net mei jild fan boargers om.
Jûn sille guon fan ús as FNP-fraksje nei de iepening fan it
filmfestival ta yn De Harmonie, mei de film
'The Queen'. It is moai om te sjen dat it festival groeit en bloeit. Diskear ek in útwreiding nei Skylge! It aardige is, dat ik moandei ek in útnoeging krige om nei it
European Minority Film Festival te kommen, dat fan 16 oant en mei 18 novimber hâlden wurdt. En dat is yn de haadstêd fan ien fan de oare Fryslannen, nammentlik Husum (Noard-Fryslân). Yn de tekst fan de mail stie ûnder oare: 'Regisseure, Produzenten und Musiker aus mehreren europäischen Ländern, die im Rahmen des Festivals in Nordfriesland zu Gast sind, werden dort über ihre Arbeit und Erfahrungen berichten und für Fragen und Diskussionen zur Verfügung stehen'. De organisaasje fan it minderheids-filmfestival hat de giel-blau-reade kleuren fan Noard-Fryslân ek moai en subtyl yn it byldmerk fan it festival ferfrissele. Wat ek aardich is, is dat de film 'Sportman fan de ieu' dêr ek draaie sil. Wat my no aardich talykje soe, is dat dat minderheids-filmfestival krekt sa as Liet Ynternasjonaal ek op tour troch Europa giet en ien fan de kommende jierren Ljouwert oandwaan soe. Ik sil jûn ris efkes sjen oft ik dat idee by de organisaasje fan 'ús' filmfestival kwyt kin...
Hjoed krige ik in nijsgjirrich parseberjocht trochstjoerd:
Met verbazing en onsteltenis heeft de Vereniging van Letterkundigen (VvL) kennis genomen van het voorstel van CDA en VVD om de BTW op boeken te verhogen van 6 naar 19%, aldus René Appel. René Appel reageert hiermee op de financiële onderbouwing van de verkiezingsprogramma’s van CDA en VVD waarin volgens woordvoerders van voornoemde partijen in de verhoging van de BTW op boeken een dekking wordt gevonden voor de aanpak van de vergrijzing. De VVD zoekt die dekking in een lastenverzwaring voor de burger door boeken, kranten en tijdschriften over te hevelen van het lage BTW-tarief (6%) naar het hoge BTW-tarief (19%), terwijl het CDA een vergelijkbare dekking zoekt bij eenzelfde maatregel voor boeken (uitgezonderd schoolboeken) en kermisattracties.
In een tijd waarin de begrippen kenniseconomie, cultuur en canon hoog in de politieke vaandels staan, is het onbegrijpelijk dat er een maatregel wordt voorgesteld waardoor boeken aanmerkelijk duurder zullen gaan worden. Schrijvers en vertalers, die over het algemeen weinig verdienen, zullen te maken krijgen met een pijnlijke inkomensdaling. Daarom pleit de VvL ervoor om het onzalige plan van de BTW-verhoging van CDA en VVD te beschouwen als een luchtballon die is opgelaten in de verkiezingsstrijd en die zo
snel mogelijk moet worden doorgeprikt.
Europees gezien zou beter een voorbeeld aan Zweden kunnen worden genomen. Daar blijkt na een verlaging van de BTW op boeken een duidelijke positief effect te ontstaan op de boekenverkoop.
No miende ik dat de VVD altyd om it hurdst skreauwde dat de belestings omleech moasten. Mar blykber binne se dêr heel selektyf yn. Wol de grutte ûndernimmingen helpe mar as it om gewoane minsken giet litte se dy opdraaie foar de ekstra kosten. En: wêrom moatte fia boek- en krantebelestings de AOW en de soarch finansierd wurde? Hawwe wy dêr net it premystelsel foar?
De stemwijzer is diskriminearjend ten opsichte fan nije en/of lytse partijen. Dy stelling doar ik wol oan nei't ik him mar wer ris efkes ynfolle haw, sa trije wike foar de Twadde Keamerferkiezings. It begjint sa moai: 'De StemWijzer test uw politieke voorkeur aan de hand van stellingen en uitspraken uit de verkiezingsprogramma's van politieke partijen, die aan de verkiezingen van 22 november meedoen'. Ast dan alle stellingen ynfolle hast, krijst te lêzen datst ekstra muoite dwaan moatst om partijen dy't op 0 sitten stean yn de peilingen, mar al meidogge yn sawat alle kiesdistrikten, spesjaal 'oanfinke' moatst. Dêrneist stiet beskreaun dat: 'Er zijn daarnaast 7 partijen die in 10 kieskringen of minder deelnemen. Omdat een groot deel van de kiezers niet op deze partijen kan stemmen, komen zij niet voor in de StemWijzer'. Ik neam dat net in gelikense behanneling fan de nije en/of lytsere partijen. It ynstitút IPP dy't de Stemwijzer makket giet gewoan troch mei dizze praktiken, dy't yn 2004 ek al tapast binne. Sân partijen hawwe doe by de nasonale Ombudsman in klacht yntsjinne fanwegen diskriminaasje en ûngelikense behanneling. Partijen dy't doe foar it earst dielnamen by de Europeeske ferkiezings. Minister Nicolai hat koartby rjochting nasjonale ombudsman mei in ôfslutende brief reagearre: troch de oerheid stipe foarljochting lykas de Stemwijzer, moat net partijdig wêze. Neffens my hie IPP kwa software heel maklik alle partijen direkt 'meinimme' kinnen yn de berekkening. No moat de kiezer dochs wer in ekstra hanneling ferrjochtsje om nije partijen ek berekkenje te litten. En partijen dy't yn 10 kieskringen of minder meidogge binne alhiel net yn tel. Skandalich! Persoanlik sjoch ik bygelyks dat je troch dy ekstra hanneling wol te ferrjochtsjen dat myn eigen foarkar tichter leit by guon fan dy nije partijen as by de festige 'Haachske' partijen. Mar dêr moatte jo dus wol ekstra muoite foar dwaan om dêr efter te kommen en dat hie echt net nedich west.
|
|