It komt no hurd tichterby! Noch 5 wiken, oftewol 35 dagen en it is safier, de steateferkiezings. Hjoed bin ik al ynterviewd foar de kamera fan 'Stimburo De Jong', dat koarte filmkes makket fan de jongere kandidaten en dy sjen lit op in website en ek op skoallen. Moarn wer kampanje-oerlis. De kommende dagen sil it blêd
Liwwadders yn hiel Ljouwert besoarge wurde, mei in grutte advertinsje fan ús as FNP. Der is no ek in offisjele
website iepene, mei in
digitale fierljep-game (geweldich idee). It giet hurd...
De Liwwadder FNP-kandidaten foar de Prinsetun en Oldehove:Links: Sybren Posthumus (nr. 6),rechts: Elizabeth Hietkamp (nr. 19)
Yn de lêste wike fan oktober komt boargemaster Gerd Leers fan Maastricht hjir om dan de taken fan Geert Dales oer te nimmen. Foar my wie dy 'ruil' gjin nijs, ik haw der min ofte mear sels 'tastimming' foar jaan moatten, woansdei yn it fraksjefoarsittersoerlis. Echt hiel dreech is it ek allegear net. In ruil tusken twa boargemasters hat al faker plakfûn. It is dus gjin steatskundich novum. Efkes by elkoar yn 'e keuken sjen, mear net. Sa't dat yn it bedriuwslibben ek wol bart. En wat as der no echt rare saken foarfalle? Niks oan 'e hân, de wethâlders kinne de taken gewoan oernimme (loko, 2e loko ensfh.). Trouwens, ik hearde dat Geert Dales yn syn hele tiid as boargemaster noch nea mei fakânsje west hie. Dan is sa'n útstapke him fansels ek wol gund!
Meast nijsgjirrich sil 29 oktober wurde, de jûns. Net spesifyk om't ik dan de jierdei fier (tafallich), mar mear om't Gerd Leers as ynfal-boargemaster dan de iepenbiere gemeenteried fan Ljouwert foarsitte moat! Dan sil hy dus yn ien kear 'foar de liuwen smiten wurde'. Ik bin benijd hoe't dat ferrinne sil... Gerd Leers, mochten jo dit lêze, tige wolkom yn ús haadstêd!
In pear jier lyn is yn it doedestiidske kolleezje fan PvdA, CDA, VVD en PAL/GL de natoer- en miljeu-edukaasje (NME) hjir yn Ljouwert fuortbesunige. De nekke omdraaid, kinne jo ek wol sizze. Want it wie yn deselde tiid dat it Ljouwerter kolleezje achter de lobby fan Alders foar in magneetsweefbaan oan rûn, wat fansels klauwen mei jild koste en kostje soe. As FNP hawwe wy doedestiids dan ek tsjin de besuniging op de NME stimd. Earjuster krige ik in e-mailtsje fan ien dy't yn oerlis mei it IVN en it natoermuseum no wer in projekt opsette wol om goede NME op de basisskoalle te stimulearjen. Hoopfol fansels en ik haw daliks sein dat wy der wol oer prate wolle. It is ommers bekend dat learlingen dy't earder goede NME op de basisskoalle hân hawwe, letter in signifikant positivere hâlding en gedrach fertoane t.o.f. de natoer yn ferliking mei learlingen dy't earder gjin of minder NME op skoalle hân hawwe. Dy't as bern de natoer leard hat te wurdearjen, sil der letter sels ek better om tinke, is it motto. Spitigernôch komt yn sa'n grutte stêd as Ljouwert 70% fan de bern/jongerein net yn de natoer en nimt de ferfrjemding dus ek ta. It wurdt dus tiid foar feroaring. As FNP sille wy letter dit jier seker dit projekt stypje by de algemiene skôging of begrutting foar 2008!
Vanavond hebben we als gemeenteraad een bijeenkomst over de wijze waarop de locatiekeuze rond maatschappelijke opvang en de verslavingszorg tot stand komt.
Een avond over een heikel onderwerp, denk maar aan alle emoties rond de opvang aan de Tuinen, Zuidergrachtswal en 't Vliet. Want hoe kun je nu zoveel mogelijk rekening houden met alle partijen en toch maatschappelijk belangrijke besluiten nemen waar in eerste instantie niet iedereen gelukkig mee is?
Als FNP hebben we ons hier breed op georienteerd. Bijvoorbeeld gesproken met mensen die in de buurt van de gebruikersruimte aan de Zuidergrachtswal zitten, op de open dag geweest van de voorziening aan de Willemskade en ook door middel van gesprekken met SMO (Maatschappelijke Opvang). Verder zitten er fractieleden van ons in de Vliet-zone. Wat me nu telkens weer opvalt is dat bewoners steeds weer 'overvallen' worden met het nieuws. Dat doet het college van B&W dus niet goed. Volgens ons kan dit veel beter verlopen door al vooraf, voor de informatie-avond, met bewoners van andere wijken te praten over welke ervaringen zij hebben met de voorzieningen in hun wijk. Volgens mij zal blijken dat die bewoners van de andere wijken in zekere zin 'ambassadeurs' zullen zijn voor de Maatschappelijke opvang van kwetsbare groepen.
In elk geval zullen we in de toekomst af moeten van de 'overvalstechnieken'.
Noch 43 dagen...
Sakrekt op in ludike wize mei de kampanjewein fan de FNP de kandidatelist ynlevere op it stedskantoar te Ljouwert. It wie in drokte fan belang. Ik seach 'DeFriezen' (Doede Damsma), Klokkenluiders (Joeri Wiersma) en oaren. Leuk om wer yn de ferkiezingssfear te kommen. Op de foto kampanjelieder Gerben Gerbrandy foar de reade kampanjewein.

Dit soe in freeslike klap foar Ljouwert en Fryslân wêze, de wichtichste beliedstaken fan de regionale Keamer fan Keaphannel út Ljouwert wei. Dat moat noait wêze, ik fyn it ek ûnfoarstelber, want it skynt sa te wezen dat de measte ynskriuwings yn ferienings- en hannelsregister yn Ljouwert binne (en folle minder yn Grins en Assen). Gefolch sil grif wêze dat by wichtige besluten folle minder rekken hâlden wurde sil mei spesifike regionale saken yn Fryslân (ek al sil de wurkgroep dat wol ûntstride). En fansels ferlies fan heechweardige wurkgelegenheid út Ljouwert wei. It gemeentebestjoer moat no wol hiel hurd yn aksje komme om dit te kearen. By dizze doch ik dêr de oprop ta! Nuver trouwens dat ûnder lieding fan in wurkgroep mei as foarsitter nota bene de direkteur fan de Ljouwerter KvK keazen is om Grins as haadplak te kiezen. It is trouwens ek wer in dúdlik teken dat by opskaling yn 'noardlik' ferban Ljouwert faak de ferliezer is. Dêrom moatte wy ek net opskale, mar taken fan it ryk nei de regio helje en Fryslân sels sterker meitsje...
Justerjûn hawwe wy yn de gemeenterie praat oer de takomst fan de ôffalferwurking fan Ljouwert. Ik sil daliks mar mei de doar yn hûs falle: nei ôfrin haw ik de direkteur fan Omrin goed dúdlik makke dat hy dêr wjerwurd jaan moatten hie en dat de earste yndruk hiel wichtich is. In miste kâns foar dizze man (Ton Doppenberg). Wat wie it gefal? De gemeenterie wol, mei nei oanlieding fan alles wat der yn Smellingerlân bart is, mear sicht krije op de mooglikheden foar goedkeapere en bettere ôffalferwurking. Wy sitte oan de hege kant kwa tariven. Oan de iene kant hat dat te krijen mei lege skiedingspersintaazjes, sadat wy as FNP ûnder oare pleite hawwe foar diftar. Mar, oan de oare kant binne de ferwurkingstariven ek knap djoer. Wat kinne jo hjiroan dwaan? Saakkundigen ynhiere, mear te witten komme, sykje nei mooglikheden. Justerjûn wienen trije hearen yn grize pakken te gast: ien fan SenterNovem, ien fan de Huisvuilcentrale (HVC) yn Alkmaar (dêr’t Smellingerlân no skielk hinne sil) en in ekstern adviseur út dy wrâld, Pastoor Consult. Fierder wie ek Omrin útnoege, mar dy woe net publikelik yn debat mei dy trije oare saakkundigen. En dat hat my no tige fernuvere, want wylst de direkteur wol op 'e tribune siet, hawwe de trije oare 'kommersjele boys' in lange peptalk hâlden oer de foardielen fan har eigen business. Ek waard Omrin sa no en dan troch de manlju te kyk setten wylst de arguminten nei alle gedachten lang net allegear doogden. Der waard troch de direkteur fan HVC bygelyks steld dat de eigen Fryske ferwurking blykber wol wat mear kostje mocht ('Fries nationalisme mag wat kosten'). Wylst ik letter fan Ton Doppenberg hearde dat yn 2010 Omrin nei alle gedachten legere prizen hawwe sil as de HVC, mei in 50% hegere miljeukwaliteit. En dat argumint hie dus yn de iepenbiere diskusje nei foaren brocht wurde moatten. Sa sjogge jo mar wer dat de minsken dy't wol in goed ferhaal hawwe, mar wat te beskieden binne, de slach wolris ferlieze kinne lykas yn Smellingerlân. De les is dat je absolut net benaud wêze moatte om sa no en dan de konfrontaasje flink oan te gean... Op 30 jannewaris sille wy no op wurkbesite nei Omrin, ik gean der fan út dat wy dan wol goed oertsjûge wurde troch Doppenberg.
As lid fan de agindakommisje haw ik aardich sicht op de prosedueres dy't ta beslútfoarming liede yn de gemeenterie fan Ljouwert. Prosedueres dy't net selden behoarlik wat ynfloed hawwe op hoe't besluten der letter út komme te sjen. Sa makket it fansels nochal wat út oft jo foar in bepaald ûnderwerp goed de tiid nimme of jo raffelje it ôf, ûnder tiidsdruk. No sil wat de evaluaasje fan it referindum oer 'Nieuw Zaailand' oangiet nei alle gedachten it lêste barre: op 12 febrewaris wurdt it ien fan de safolle agindapunten, wylst der earst in aparte jûn hâlden wurde soe, mei genôch mooglikheden foar ynspraak en diskusje. It gefaar driget no dat wy te min tiid útlûke foar in serieuze evaluaasje, en net genôch leare fan de 'farce fan 2006'. Mei oare wurden, dat de evaluaasje ûndersnijt en wy neat feroarje oan bygelyks de referindumregels. Sa is de kans grut dat de kolleezjepartijen PvdA en CDA miskien wol wat lytse uterlikheden feroarje wolle, mar neat wêzentliks feroarje wolle oan de opkomstdrompel...
Sakrekt krige ik in nijsgjirrich mailtsje. Twataligens hâldt je jong en fit!
MONTREAL (ANP/AFP) - Actieve tweetaligheid zorgt voor uitstel van het optreden van seniliteit.
Dit concluderen Canadese wetenschappers op basis van donderdag gepresenteerd onderzoek naar het optreden van de eerste symptomen van ouderdomgerelateerde cognitieve storingen.
Bij mensen die eentalig door het leven gaan, is dat gemiddeld op 71,4-jarige leeftijd het geval. Bij tweetalige mensen treden die symptomen gemiddeld pas op 75,5-jarige leeftijd op.
Volgens de wetenschappers van de universiteit van Toronto heeft geen enkele medicamenteuze behandeling een seniliteitsvertragende werking die vergelijkbaar is met die van tweetaligheid.
Justerjûn hienen wy in saneamde 'expertmeeting accountants' fan de gemeenterie. Dat klinkt fansels frijwat yngewikkeld, mar it kaam der op del dat wy as riedsleden in soarte fan koarte kursus hienen oer partijen dêr't de gemeente mei ferbûn is. Tink oan de GEM De Zuidlanden (wenningbou yn 'súd'), Omrin, De Harmonie, Caparis (sosjale wurkfoarsjenning) ensfh. Ik mei wol sizze dat ik ien fan de oanstichters bin fan dizze kursusjûnen. Tal fan kearen hawwe wy as FNP derop oantrune dat der better ynsjoch komt yn de hannel en wannel fan partijen dêr't de gemeente Ljouwert oandielen yn hat, in kommissaris leveret of oars yn it bestjoer sit. Oant no ta woe de mearderheid fan de gemeenterie eins net ôf fan besletten gearkomsten of fan de geheime ynformaasjeferstrekking fia de lêskeamer, alles achter sletten doarren. Mar dêr sil no hooplik beweging yn komme. In 'ekspert' fan Holland van Gijzen Advocaten, net de earste de bêste, hat ús justerjûn foarljochte hoe't it ek oars kin. Tink bygelyks oan de paragraaf oer 'verbonden partijen' yn it jierferslach fan de gemeente. Yn Ljouwert binne dat mar 2 siden, in opsomming fan de ferbûne partijen en it krekte belang yn jild deryn. Mar yn in gemeente as Den Bosch beslacht dat 15 siden, mei in hiele goede beskriuwing fan de aktiviteiten, winst/ferlies, risiko's en takomstferwachtings fan dy ferbûne partijen. Ek waard ús dúdlik makke hoe't wy better ynformaasje 'opeaskje' kinne as gemeenterie. Fansels yn it belang fan de mienskip, want jo kinne troch bettere ynformaasjefoarsjenning grutte risiko's en ferliezen foarkomme. Tink bygelyks ek oan de te bouwen REC (Reststoffe-enerzjy-sintrale) by Harns. Dêr gean samar tsientallen miljoenen mei hinne. Dat moatte wy gewoan besprekber meitsje, it kin net allinnich in saak wêze fan de kommissarissen en oandielhâlders yn Omrin. De riedsleden wienen tige tefreden oer dizze nuttige jûn. It kolleezje hoecht de kommende tiid net stil te sitten!
Dêr wie it al safier, de presintaasje fan de slurf (pleinwand) fan it projekt 'Nieuw Zaailand'. En ja, spitigernôch binne ús ferwachtings no al útkommen. De plaatsjes dy't fia in audio-fisuele presintaasje foar it referindum toant binne, kinne de iiskast yn. Der is in hiel oar ûntwerp kommen, wat absolút gjin ferfraaiïng is. Neatsizzende arsjitektuer foar winkels en apparteminten dy't oeral komme kinnen hienen. De Almerisering fan de binnensted fan Ljouwert. Tal fan aspekten dy't foar it referindum oan de befolking 'beloofd' binne, wurde net neikommen: gjin 53, mar 41 wenningen; de ynrjochting fan it plein wurdt hiel oars as yn it referindum foarspegele is; nei alle gedachten komme de beammen der net en de pleinwand sels wurdt ek sadanich oars dat der sels wer in nije boufergunning en wolstânsadvys nedich binne. Ik kin net oars konkludearje of de befolking is in rêd foar eagen draaid by it referindum. En, kwa organisaasje haw ik it idee dat it ek stress is. De projektlieder stammere der juster raar yn om, om't hy de diapresintaasje fan de pleinwand fierstente let krigen hie (16.00 oere middeis, wylst de kommisje 19.30 oere wie). It projekt rint al fikse fertraging op, sa waard justerjûn tajûn. En, no is der noch gjin skeppe yn de grûn...
Ferbjustere. Verbijsterd. Dat ben ik nadat PAL/GroenLinks en PvdA hun standpunt ten aanzien van de nieuwbouw van het Provinsjehûs al naar buiten hebben gebracht. Terwijl deze twee partijen eerst nog heel duidelijk hebben gezegd: 'een accent moet een accent blijven'. En daar werd toen duidelijk mee bedoeld: geen hoge toren van 40 meter. Eerlijk gezegd vraag ik mij af wat er sinds november/december nu fundamenteel is veranderd aan de plannen van architect Soeters, waardoor deze twee collegepartijen 'om' zijn gegaan. Toen ik het nieuwste beeldmateriaal kreeg, vroeg ik me als eerste af: 'zoek de 10 verschillen'. Want die zijn er amper ten opzichte van de eerste plannen. Opnieuw ben ik geschrokken van de beelden. Vanaf het Naauw, vanaf de Tweebaksmarkt zal in de toekomst een rare nieuwe toren opdoemen die qua hoogte een groot contrast vormt met de historische binnenstad. En dan kan Amarins Dikken wel vinden dat dit een 'kwetsbaar gebied is' en Van der Wal van PAL wel mekkeren over procedures die niet goed zijn verlopen (waarover ik het trouwens van harte mee eens ben), het komt uiteindelijk aan op het behoud van het mooie beschermde stadsgezicht. En daar hebben deze twee partijen dan wel de mond van vol, maar als er besluiten moeten worden genomen, wordt de zaak verkwanseld. Na het Zaailand in 2006 nu de omgeving van de Tweebaksmarkt in 2007. Twee keer een klap voor historisch Leeuwarden. Het had echt wel anders gekund, als je de rug maar recht houdt!
|
|