Frysk dichter seit lidmaatskip SP op...

Fan de weblog fan Cornelis van der Wal; 18 Febrewaris 2007:

"Der sil gjin minsk wekker fan lizze tink, mar hjoed giet der in brief nei de SP ta, mei dêryn de meidieling dat ik betankje as lid. Haw sa'n tsien jier lang lid west, mar wannear't in partij anty-Fryske trekjes fertoant, dan is it daliks oer om mij, sûnder fierdere diskusje. Se heule wat it Frysk oanbelanget mei de VVD, lês sels mar... Dochs wol wat spitich".

Oant safier de tekst fan Cornelis. Yn it ûnderwiis is der neffens my oant in bepaalde leeftyd gjin sprake fan frijwilligens. Jo jouwe in fak al of jo jouwe in fak net. De Nederlânske steat hat it Hânfest foar Regionale- en Taalminderheden ûnderskreaun, dêr't dúdlik yn stiet dat der troch de skoallen yn Fryslân in behoarlik part fan de tiid yn it Frysk lesjûn wurdt. It soe der fier by troch wêze as politike partijen ynternasjonale ferdraggen foar de beskerming fan minderheden neist har del lizze. Oan de iene kant roppe dat it yn Irak en Afganistan allegear demokratysker wurde moat en oan de oare kant yn jo eigen lân  soartgelikense fêstleine ôfspraken net neikomme, dat is wol ynkonsekwint.     

Sybren Wednesday 28 February 2007 at 09:09 am | | Default | No comments

270.000 verkiezingskranten en stickers bezorgd!

Afgelopen zaterdag een hele grote verkiezingsactie gehad van de FNP Er zijn maar liefst 270.000 FNP-kranten huis-aan-huis bezorgd door heel Fryslân. En, niet alleen een krant, maar ook een sticker met de tekst 'Ik-love-Fryslan', en dat love dan in de vorm van een pompeblêd. Enorm veel positieve reacties gehad.

Als je de krant toch niet hebt gekregen (bijvoorbeeld als je een Nee-Nee sticker op de bus hebt), kun je hem digitaal lezen op de FNP-site. Ook is hij aanstaande zaterdag 3 maart af te halen bij de FNP-kraam bij de Waag op de Nieuwestad (van ongeveer 10.00 tot 16.30 uur). Ook stickers zijn daar af te halen!

Sybren Monday 26 February 2007 at 2:45 pm | | Default | Two comments

Undersyk ekonomyske gefolgen Mega-bioskoop

Ofrûne wike hienen wy wer iepenbiere aginda-kommisje hân fan de gemeenterie. Dêr kaam it ûnderwerp 'Megabioskoop' dat wy as FNP oan 'e oarder steld hawwe ek nei foaren. Der is no ôfpraat de diskusje breder te meitsjen. Watfoar gefolgen hat sa'n megabioskoop foar de binnenstêd? Wat binne de ekonomyske gefolgen dêrfan, ek foar de foarsjennings (bioskopen) yn de binnenstêd fan Ljouwert? Ien en oar sil dan keppele wurde moatte oan it masterplan foar it WTC-gebiet. As it kolleezje sa'n undersyk net útfiere wol, moatte wy seperaat yn de gemeenterie mar in diskusje hawwe oer de fraach al as net in mega-bioskoop.  Wy moatte wiis wêze mei de útgeansgelegenheden yn 'e binnenstêd. As bliken docht dat in mega-bioskoop finansjeel net út kin of in te grutte ympakt hat op de bioskopen en oare útgeansgelegenheden yn 'e stêd, liket it my net ferstannich dizze plannen troch te setten...  

Sybren Saturday 24 February 2007 at 5:00 pm | | Default | One comment

alles relatyf...?

Juster in debat hân op it Fryslân kolleezje yn Ljouwert mei de jongere kandidaten, hjoed yn de byb hjir yn Ljouwert. Yn de byb hjirre wienen it sawat allegear listlûkers (Andriesen, Galema, Damsma, Adema ensfh.). It is dan wol aardich en dat ik it betrouwen krij om as nûmer 6 fan de list de FNP fertsjintwurdigje te meien. Ik moat wol sizze dat it debat wat 'flak' is. Wol besocht om der wat fjoer yn te bringen, mar mei 12 oare minsken (ja, der dogge 13 partijen mei!) is en bliuwt dat lestich. Der waard sein dat der no net safolle te kiezen is, ommers 'de sweeftrein is der net mear'. Ik haw doe fansels wol efkes ynbrocht dat de diskusje oer de Suderseeline der noch wol deeglik is! Want as jo kieze moatte tusken in hiel djoere Hegesnelheidstrein tusken Grins en Skiphol, dêr’t de Fryske oerheden miskien ek noch tsientallen, mooglik hûnderten miljoenen oan bydrage moatte en ynvestearje yn in regio-pakket op maat dat de sterke punten fan Fryslân stimulearret, is myn kar gau makke.  

Yn de tuskentiid moatte wy net ferjitte dat dit allegear wolris hiel relatyf wêze kin. Ferline wike tongersdei haw ik de film 'An inconvienent truth' sjoen, in ûngemaklike wierheid om it mar frij te fertalen. Yn dy film waard spikerhurd dúdlik makke dat oer in jier as 50 it iis fan de beide poalen en fan Grienlân wolris fuortteid wêze kin troch de klimaatferoaring. Mei in seespegelferheging fan 6 meter as gefolch. Op ien fan de plaatsjes waard pynlik sjen litten dat dan sawat hiel Fryslân der ûnder strûpe sil, wat, ek  hast hiel Nederlân. Dat mei fansels nea barre. Fan 'e wike stie ek al in nijsgjirrich mar be-eangstigjend ferhaal oer it mooglike ferdwinen fan Søl (Sylt), ien fan de Noardfryske waadeilannen (by Sleeswyk Holstein). Der waard in parallel lutsen mei de eilantsjes yn de stille Súdsee dy't ek driigje te ferdwinen yn de weagen. Foar mysels wie ik foar myn gefoel al aardich miljeubewust, mar nei it sjen fan dizze film haw ik my foarnommen om it klimaatprobleem ek yn myn eigen partij en de polityk fierder ûnder it omtinken te bringen. It sil dochs net sa wêze dat wy no stride foar saken yn in regio dy't oer 50, 60 jier fan de kaart fage is troch wyn en weagen? Dit moat by elkenien op it netflues komme!

Sybren Friday 23 February 2007 at 8:48 pm | | Default | One comment

Grut, grutter, better?

Hjoed twa brieven fan Essent yn 'e bus krigen. Myn earste gedachte: de iene is in akseptgiro foar it moanlikse foarskot, de oare miskien de jierofrekken. Bytsje earder as oars, mar wa wit hawwe se de administraasje oanskerpe. Mar nee, it wienen twa folslein identike brieven. Earste rigel: 'Essent en Nuon hebben het voornemen om te gaan fuseren'. It giet fierder mei: 'Essent en Nuon willen de krachten bundelen om als Nederlandse onderneming een sterke positie te verwerven op de Noordwest-Europese energiemarkt. Graag informeren wij u over deze stap'. In noch grutter enerzjybedriuw dus as dat it al wie. mar wurdt it der allegear wol effisjinter fan. Twa deselde brieven yn 'e bus op ien adres is fansels net fuortendaliks it bewiis dat it yn 'e takomst net goed gean sil. Mar dêr't it my om giet is dat der by opskaling en grutter wurden automatysk fan útgongen wurdt dat it ek better wurde sil. Dat waard ek sein by de wetterskippen ('Tariven gean net omheech, it is goed foar de boargers'), mar wy witte yntusken dat de wetterskipsbelestings út 'e han rinne. Essent seit dêroer yn de neikommende sin it folgjende: 'door het delen van kennis en ervaring kunnen we na de fusie met Essent met Nuon ook als netbeheerder u nog beter van dienst zijn. Tot die tijd verandert er voor u als klant niets'. En benammen dat lêste sit my dwers, wêrom kinne jo net no al stribje nei in bettere tsjinstferliening foar jo klanten? Projekten foar enerzjybesparring, it weromjaan fan de gigantyske winsten (dik 500 miljoen oer it earste healjier fan 2006) fia in leger taryf oan de boargers, mear duorsume enerzjy, kollektive ynkeapkontrakten foar minima ensfh.   Ik haw myn fraachtekens by de effektiviteit en effisjinsje fan dizze hieltyd grutter wurdende bedriuwen. Earst Frigem, doe Essent, no Nusent... Ik hoopje net dat de twa identike briefkes symboal binne foar hoe't it der skielk om en ta giet...

Sybren Wednesday 21 February 2007 at 1:42 pm | | Default | No comments

Minsklike maat: weryndieling net nedich en net winsklik

Hjoed de hele dei op 'en paad west. De dei stie yn it teken fan de folgjende motto's: 'Fryslan fan 'e kaart - Gekkepraat' en 'Weryndieling Nee!'. Earst op 'e grins fan de gemeenten Snits en Wymbrits, dêrnei nei it middelpunt fan Fryslân (Eagum), doe nei Drachten (gemeentehûs, dêr't boargemaster Bert Middel, dy't lêst pleite hat foar ien provinsje Noard-Nederlan, fan ús in plakker 'Ik hâld fan Fryslân' krigen hat). En as lêste, op 'e grins fan Ljouwert en Ljouwerteradiel op 'e foto foar it behâld fan ús moaie en sterke gemeenten. Want minsken wolle erges mei ferbûn wêze, se wolle de minsklike maat fiele. En dat giet net yn hieltyd fierder opskaalde ferbannen dêr't de minsken gjin bining mei hawwe. In moaie dei. Jûn gemeenteriedsgearkomste!  

Sybren Monday 19 February 2007 at 5:52 pm | | Default | No comments

Regeerakkoord: dirigisme slecht voor Fryslan en Leeuwarden

Vandaag, zondag, de moeite genomen om de reactie van de VNG (Vereniging Nederlandse Gemeenten) op het regeerakkoord 2007 van het nieuwe kabinet van CDA, PvdA en CU door te nemen. Wat mij betreft zeker niet een succesverhaal. Natuurlijk direct even gekeken wat er stond over respectievelijk de Randstad en Fryslân, of Friesland zo je wilt of 'het Noorden'. Wat de Randstad betreft wordt er maar liefst 6 x gerept over 'Urgentieprogramma Randstad', 'Randstadoffensief' (beter woon- werk- en leefklimaat) etc. Fryslân of Friesland wordt helemaal niet genoemd en het Noorden maar een keer, en dat is in verband met de peperdure Zuiderzeelijn, waarbij wij ook nog voor miljoenen aan cofinanciering moeten gaan zorgen! Of, als die verbinding onvoldoende rendement oplevert, een alternatief pakket. We komen er in die zin al heel bekaaid vanaf. Voor de verkiezingen van november vorig jaar voorspelde ik het al: wordt je bij de 'Haagse', landelijke partijen niet door de hond gebeten dan wel door de kat! Want als we naar de financiële paragraaf kijken dan zijn we als Friese gemeenten en de provincie waarschijnlijk ook slecht af.  Er is aan de ene kant wel geld bestemd voor 'intensiveringen' van beleid, maar dat ligt nu al grotendeels vast. Dirigisme van politiek Den Haag ten top! Het is voorbestemd voor wijken en veiligheid (op zich goed natuurlijk). Maar aan de andere kant wordt er een bezuiniging van 550 miljoen euro ingeboekt op gemeenten en Provincies samen. Ik voorspel nu al dat er weer geweldige bezuinigingen zullen volgen, op posten waar de gemeenten nu nog vrij zijn in hun bestedingen. Bijvoorbeeld op cultuur. Zo constateert de VNG al dat 50 miljoen bezuinigingen op cultuur gevolgen kunnen hebben voor de lokale podiumkunstinstellingen. Verder verdwijnt de Motorrijtuigenbelasting waarschijnlijk en de Kilometerheffing wordt ingevoerd. We zullen heel actief moeten lobbyen, want het zou best zo kunnen zijn dat we onze eigen 'Opcenten' voor Friese/Leeuwarder verkeersknelpunten gaan verliezen en tegelijkertijd meer kilometerheffing afdragen voor files in de randstad. Als laatste wordt er gesproken over subsidiariteit in Europees verband. Zaken afhandelen op dat bestuursniveau waar dat het beste kan. De nieuwe regering spreekt daar dan alleen over de lidstaat, alsof de gemeenten en provincies niet verder mogen kijken dan hun eigen grens!  Ook Commissaris Nijpels uitte zich onlangs in soortgelijke bewoordingen. Ik ben het niet vaak met hem eens, maar deze keer voor de volle 100%. Als Friezen worden we hier niet veel beter van.     

Sybren Sunday 18 February 2007 at 8:50 pm | | Default | One comment

Dakleazen: sterke en sosjale gemeenten nedich!

Fan 'e moarn betiid holpen yn it Oanrinhûs. Net allinnich aardich om te dwaan (iten siede fyn'k moai wurk), ek tige nijsgjirrich en ynformatyf om yn kontakt te kommen mei minsken dy't alle dagen de dakleazen fan Ljouwert helpe en om te praten en in hapke te iten mei de swalkers sels. Sa hearde ik dat it oanrinhûs as frijwilligersorganisaasje grutte problemen hat om allegear kursussen te beteljen hoe om te gean mei swalkers en ferslaafden. It liket my sa ta dat de gemeente yn it ramt fan it frijwilligersbelied of grutte stedsproblematyk dêr wolris nei sjen mei. Net dat no fuortendaliks sa'n organisaasje strukturele stipe krijt of dat salarissen betelle wurde, mar in helpende hân om wichtige kursussen betelje te kinnen. It petear en de omgong mei de dakleazen wie ek hiel leuk en nuttich! Alderaardichste minsken, in soad ek fan Frysk komôf, mar oaren út Kosova of Afrika. In soad kennis opdien. Dat Ljouwert neffens de minsken sels in tige sosjale stêd is foar de alderearmsten mei SMO Fryslan (De Terp), minima-foarsjennings en de gemeente, Dat docht my fansels goed. Oan de oare kant hearre jo lykwols dat oare plakken de minsken dy't yn 'e knipe sitte streekrjocht de doar wize en sizze: gean mar nei Ljouwert want dêr wurdt alles goed foar jim regele. Burokratyske regels by sosjale tsjinsten en gjin inkelde stipe. Krekt dêrom is it goed dat wy tagean nei dekonsintraasje, opfang yn de regio, by minsken yn 'e buert. Mei in professionele opfang en gemeenten dy't dêr klear foar binne. Dat jout in win-win situaasje, it ûntlêstet de gemeente Ljouwert, minsken bliuwe mear yn har fertroude omjouwing en dêr't it fansels allegear om draait: de dakleazen en ferslaafden wer in dak biede kinne, werom bringe yn 'e mienskip en in nij libben opbouwe. Fan 'e middei in pear oeren op 'e Nijstêd oan it suteljen west (sjoch foto, mei fytskarre). Op't lest stienkâld, mar goed dat moatte jo derfoar oer hawwe yn de kampanje. Want, hooplik dochs in pear minsken oertsjûgje kinnen om de FNP te stimmen en nei alle gedachten wer in nij, aktyf lid der by! Noch 18 dagen!!   

Sybren Saturday 17 February 2007 at 7:16 pm | | Default | No comments

Johannes sawat de beste!

Johannes Kramer twadde Steatelid fan Nederlân

FNP Listlûker Johannes Kramer hat it twadde plak krigen yn in ferkiezing út 826 Steateleden. De ferkiezing waard organisearre troch deiblêd Trouw en de Vrije Universiteit yn Amsterdam.De kollega-steateleden en deputearren yn hiel Nederlân mochten de bêste debaters oanwize.In opstekker fan komsa. Johannes fan herte lokwinske út namme fan de FNP-Ljouwert !

Sybren Wednesday 14 February 2007 at 1:39 pm | | Default | One comment

Kasino yn Ljouwert, wiis mei of net?

Jun beprate wy yn de gemeenterie op 'e nij oer it nije kasino hjir yn Ljouwert. As FNP mienden wy dat de gemeenterie bliid wie mei de komst fan it Kasino nei Ljouwert ta. Mar no ynienen stroffelt de iene nei de oare partij oer de oanwêzigens fan dit útgeanssintrum. No de PvdA wer, nei de CU en de SP. Foar my is dat ûnbegryplik en it liket my, puere ynsidinte- en symboalpolityk fan de measte partijen sa krekt foar de steateferkiezings. Wy soenen krekt wiis wêze moatte mei sa’n ferriking fan it Ljouwerter útgeanslibben, dat skielk ek noch nei de binnenstêd ta giet. Troch it kasino hjir yn Ljouwert fleane net mear in hiel soad Friezen nei Grins ta mar kinne se ris in gokje weagje yn de eigen haadstêd. Plus, it soarget foar tsientallen ekstra goedbetelle banen.

En, wat de ferslavingsproblematyk oangiet kinne jo better sa’n goed kontrolearre kasino hawwe as yllegale pokertinten of wit ik wat. It Holland Casino hat teminste noch in aktyf anty-ferslavingsbelied. By de yllegale goksirkuits hoege jo dêr net op te rekkenjen.

It is krekt sa as mei de coffeeshops en de prostitúsje: guon partijen slute de eagen foar de maatskiplike realiteit mei as mooglik gefolch dat de yllegaliteit wer werom nei de wenwiken ta giet!

Better is it om as oerheid goed sicht te hâlden op dizze branche en in kontrôle- en hanthaveningsrezjym te hawwen, sadat jo gjin eskalaasjes krije.

Neffens my hat it gjin doel om it kasino fierder swart te meitsjen...

Sybren Monday 12 February 2007 at 2:58 pm | | Default | No comments

Nijsgjirrige stimwizer: partijen draaie!

Sakrekt de stimwizer dien. En, aldergeloks, ik kaam by de FNP út, hiel dúdlik. Tsja, jo witte it noait fansels... Op 2 en 3 kamen respektivelik de SP en 'DeFriezen'. Wylst dy twa partijen tongersdei by my noch op 3 en 2 stienen (oarsom). Hokker fraach (fragen) haw ik no oars beäntwurde?

Nijsgjirrich is dat de PvdA no ek seit dat de Suderseeline der net komme moat! Wylst de Partij voor het Noorden seit 'Weet niet'. Dy lêste partij draait de kiezers dêrmei dúdlik in rêd foar eagen, want yn har eigen blêd sizze se hieltyd dat dy line der wol komme moat. Wat ik fan it CDA tinke moat, wit ik ek net mear. By de fraach 'De provinsje moat de sneinsrêst op alle mooglike manieren befoarderje' sizze se 'Nee'. Mar, it CDA wie dochs in kristlike partij? In soad minsken hawwe de C fan it CDA al langer op in pypfol. It CDA is as in blêd yn 'e wyn, sjoch nei de diskusje oer it generaal pardon op ryksnivo. Mei de VVD yn it regear koe it út noch yn net, no ynienen mei oare partners wol. Hoesa betrouber? Fierder wolle ûnder oare CDA, PvdA en VVD de haven fan Harns op slot sette. Dan binne der noch de skoares op de stellingen. Fan de Frysktalige stimwizer (no, sneontejûn 20.00 oere, 641 stimmers) hat 73% sein dat der net ien bestjoer komme moat foar Fryslân, Grinslân en Drinte. Fierder fynt mar leafst 78% dat der mear jild fan de opbringsten fan it ierdgas nei dizze regio ta moatte. En fynt 52% dat net it Nederlânske regear, mar de provinsje Fryslân de wichtichste beslissings oer it Waadgebiet nimme moat!Op de Nederlânsktalige 'stemwijzer voor Friesland' hawwe no 1434 minsken stimd. Ek dêr fynt 72% dat de provinsjes net opheft wurde meie. En 72% dat de opbringsten fan it ierdgas folle mear oan de ynwenners fan dizze regio te'n goede komme moatte. As dat gjin stipen yn de rêch foar de FNP binne...

Sybren Saturday 10 February 2007 at 8:02 pm | | Default | No comments

pooster efter de ruten...

Noch 4 wiken en it is sa fier, ferkiezings! Stap foar stap gean wy derhinne. Op de foto de pooster by us thús efter de ruten. Dêrunder noch sichtber in pooster fan Klup Mariusz, kommende freed yn De Bres-EFTRIJE.

Sybren Wednesday 07 February 2007 at 4:59 pm | | Default | No comments

bettere ferdieling gasopbringsten (ferfolch)

Hjoed berjochtsje ferskate media der ek al oer:

FNP eist meer aardgasgeld op (LC);

FNP: gasopbringst nei Fryslan (Omrop Fryslan);

FNP in actie: us gas, us jild (Waldnet);

FNP: aardgasopbrengsten Friesland is rattelstoer (Liwwadders).

Sybren Tuesday 06 February 2007 at 3:15 pm | | Default | No comments

Bloomberg: Gaswinning levert Friezen en Grinzers suver neat op

Moarn begjint de gaswinning ûnder it waad. De NAM wol dêr leaver net al tefolle publisiteit oan jaan, begryplik, fan har stânpunt út besjoen. As FNP sjogge wy dêr dochs wat oars tsjinoan. Is it te ferdigenjen dat hast 90% fan de gas-ynkomsten streekrjocht nei de Randstad Holland giet? En dat mar 1% ta giet nei de regio dêr't it gas wûn wurdt, wylst dêr wol 10% fan de ynwenners fan de Nederlanske steat wennet? Blykber fine wy dat net allinnich: it ynternasjonaal renomearre finansjeel-ekonomyske parseburo Bloomberg hat no ek omtinken jun oan de skeve ferdieling fan de opbringsten fan it ierdgas: 'Dutch Gas Boom Bypasses People Who Live Closest to Its Source' (in pear sitaten):Groningen sits atop the Slochteren field, which has generated about half of the 162 billion euros in gas proceeds the Netherlands has received since its discovery in 1959. Only 1 percent of projects funded by gas revenue from 1994 through 2004 went to Groningen and neighboring Friesland and Drenthe provinces, according to a study by the Leiden, Netherlands-based consulting firm IOO. ``Groningen province has been systematically ignored when it comes to the handing out of projects,'' said Jan Oosterhaven, a professor of urban planning at the University of Groningen. In its 2007 budget, the government pledged 1.9 billion euros from gas revenue to 43 projects. Only three are in Groningen. Most of the rest will go to the densely populated west, home to the country's four largest cities -- Amsterdam, Rotterdam, The Hague and Utrecht. The Groningen field contains about a third of the proven gas reserves in the European Union, according to Royal Dutch Shell Group Plc and Exxon Mobil Corp., which operate the field.

Sybren Monday 05 February 2007 at 10:09 am | | Default | No comments

Opnieuw zandbak op Nieuwestad!

Als gemeenteraad hebben we weer een brief gekregen over de stenen van de Nieuwestad.  Het blijkt, en dat is natuurlijk algemeen bekend, dat de stenen al behoorlijk los zitten. De briefschrijver wijst er terecht op dat dit ook steeds erger wordt. Hij vraagt zich af: "Waar zijn jullie mee bezig als gemeente. Leg verdorie die stenen er een keer goed in!" Inderdaad, ongelovelijk dat zo kort na de oplevering de zaak al weer behoorlijk los begint te komen. Het is niet onze taak als raad om over enkele loszittende stoeptegels te beginnen, maar deze zaak heeft in het verleden heel veel geld gekost en dan mag je toch verwachten dat het resultaat goed is? Er ligt ook al een reactie klaar vanuit de ambtelijke dienst. Wat zal er gebeuren? Het kruispunt Nieuwestad, Wirdumerdijk en Peperstraat zal in 2007 opnieuw herstraat worden. Op het Waagplein spelen deze problemen ook, echter vanwege te weinig budget zal die aanpak pas in 2008 plaatsvinden.

Sybren Saturday 03 February 2007 at 4:50 pm | | Default | One comment

Ljouwert, Fryslan en Europa...

Hoe goed is Europa foar ús? Wat kinne wy der út 'slepe', hoe kinne Ljouwert en Fryslân profitearje? As FNP binne wy der sa stadichoan wol achter dat Brussel geregeld mear betsjut foar Fryslân as Den Haach. Dizze wike waard bekend dat de gemeente Ljouwert besykje wol om mear rendemint te heljen út Europa. Wethâlder Krol die út namme fan it kolleezje fan B&W it wurd. Dat Ljouwert dit no besykje sil is in streekrjocht gefolch fan in súksesfolle en oannommen FNP-moasje fan 27 juny 2005. En dizze wike kaam listlûkster Andriesen fan de PvdA mei it idee om in 'Hûs foar Europa' yn Ljouwert te iepenjen. Yn it ferline haw ik dêr ek alris foar pleite, mar dan mear yn de foarm fan in loket foar ûndernimmers, oerheden en kulturele/maatskiplike organisaasjes om ynformaasje te krijen om sadwaande te sjen hoe't se makliker subsydzje krije kinne. Want as jo jild út Brussel krije wolle, moatte jo troch in grutte burokrasy en dat moat oars. Sa'n loket, ticht by de Fryske boarger, soe dêrby tsjinstber wêze kinne.
Oer Europa praat, fan 'e wike twa positive berjochten lêzen: punt ien dat Brussel it makliker meitsje wol om de fyts mei te nimmen yn de (ynternasjonale) treinen. Punt twa dat it Iersk as taal no ek brûkt wurde kin yn it Europeesk parlemint. En dat betsjut in trochbraak foar de minder brûkte talen yn Europa, dêr't hooplik in presedintwurking fan út giet!

Sybren Friday 02 February 2007 at 5:28 pm | | Default | No comments