Ofrûne tiisdei efkes nei de betinking by de Upstalbeam ta west. Op wei dêr nei ta foel it my by de steatsgrins by Nijeskâns op dat it optilde fan de plysjes. Op it nijs hie ik al heard dat der dizze wike in ôfgryslik soad kontroles weze soenen, dat yn ferbân mei de G8-top yn Heiligendamm, de top fan de 'Grutte Acht fan machtichste lannen'. Op dy top is knap wat krityk kommen trouwens. Sy soenen har politike macht misbrûke foar mear wapenhannel, militarisme, gentechnology ensfh. Hawar, wy binne net kontrolearre en binne sa trochriden nei Auerk/Aurich yn East-Fryslân foar in drankje en wat iten yn it sintrum en dêrnei fansels nei it plak fan 'e betinking in pear kilometer westlik fan Auerk. It falt my dan altyd op hoe'n freedsume en positive byienkomst dat altyd is. In byienkomst fan de sân Fryske seelannen, de '7S' soenen jo it ek neame kinne neffens SPD-parlementarier Garrelt Duin. De 7 Fryske regio's byelkoar, net út machtspolityk mar om te sjen hoe't jo saken altyd wer better krije kinne foar de Friezen, sa't dat neffens Duin yn de Fryske oerkêsten treflik ferwurde waard: 'As der ien fan de fertsjintwurdigers is dy't in idee hat hoe't in minder goed ding better wurde kin, kieze wy foar it bettere'. Blykber wienen der ek diskear wer Friezen mei sa'n better idee, want der waarden trijetalige (Platt, Seelterfrysk, Heechdutsk) folders omparte foar in nije East-Fryske politike partij (wurknamme Die Friesen’) mei as mooglike oprjochtingsdatum 21 juny yn Kloster Barte yn Hesel. De lju dêr't ik mei praat haw seagen de CDU en SPD as 'filiaalpartijen', partijen dy't de polityk monopolisearje. En dêrom moast der wat betters komme, foar de eigen regio. Wer kinne wy dat fan? En sa binne de âldfryske oerkesten noch altyd aktueel; it mindere ynwikselje foar it bettere. Ik wit net oft dhr. Duin sa bliid is mei dit inisjatyf, mar blykber nimme de Eastfriezen syn sitaat wol serieus! Ik tink dat wy dit as '7S' fan herten stypje moatte. En wat my oangiet bart dat kommend wykein al op Helgolân (Friezen-droapen), dêr’t ik ek efkes hinne sil!
Noch 30 dagen, dan wurd ik riedslid-ôf. En gean dan ek al gau nei in oare gemeente, nammentlik op 1 augustus nei Reduzum (Boarnsterhim). Dat jout my fansels noch moai gelegenheid om frij-út wat te filosofearjen oer de takomst fan Ljouwert. De ideeën binne foar it grutste part net nij. Faak hawwe oaren se al betocht. De measte saken sille de kommende tiid grif hannelje oer de ynhâldlike fersterking fan it idee Ljouwert as haadstêd fan Fryslân. Want it wurdt sa faak neamd, mar Ljouwert kin der sels folle mear úthelje! As earste wol ik neame it idee fan desintralisaasje fan foech en jild fan kultuer, ûnderwiis en media. Fan Den Haach nei Ljouwert. Gewoan, op basis fan ynwennertal, nei rato en earlik ferdiele. Want ûnderwiis, kultuer en taal steane as ûnderwerpen hiel ticht by de minsken, dus in ferdieling fan jild op basis fan ynwennertal liket my alhiel net ûnridlik. As wy sjogge nei de
begrutting fan it Nederlânske Ministearje fan OC&W dan stiet der in bedrach fan 28,9 miljard foar hiel Nederlân. Utgeande fan 640.000 Friezen en sawat 16,4 miljoen ynwenners fan de Nederlânske steat soe Fryslân dan 1,12 miljard euro ûntfange. Foar saken as it basis en fuortset ûnderwiis sil it net safolle útmeitsje. Mar benammen foar it heger- en universitêr ûnderwiis soe dit in fikse ympuls betsjutte kinne as Fryslân it yn de eigen regio útjaan kin. Ommers, universitêr ûnderwiis is hjir amper. En it soe in geweldige plus foar Ljouwert wêze as hjir in evenredich part, sa'n 135 miljoen euro, oan in Fryske universiteit bestege wurde soe. Wat
fierder, neist alle fûnsen, opfalt, is dat der oan de lanlike publike omroppen 620 miljoen útjûn wurdt. As in lykweardich part derfan nei Omrop Fryslân gean soe (as ynstelling yn Ljouwert) en dy dêrmei in alsidige, folweardige programmearring meitsje kin, krijt de Omrop 25 miljoen ekstra! Jo begripe wol dat dit in ôfgryslike positive ympuls foar heechweardige wurkgelegenheid yn ús haadstêd betsjutte soe. In universiteit gau 1.000 banen, de Omrop ek mear as 200 banen derby, ... Net realistysk, Posthumus jo dreame? It kin wol deeglik, sjoch mar nei de Dútske länder, dêr’t se eigen
ûnderwiisministearjes hawwe, sjoch nei Spanje en oare Europeeske steaten mei ûnderwiis dat desintralisearre is nei de regio's. It kin wol, as jo mar wolle. Wêrom soenen Fryslân en Ljouwert gjin eksperimint oangean wolle? Tsjoch, op ús takomst!
Sakrekt krige ik fia de griffier in mailtsje mei de offisjele ferklearring dat Dales echt fuort giet nei InHolland, in Hegeskoalle yn Hollân. It fernuvere my neat, ik wie der ek net fan skrokken. Kennelik is it boargemasterskip fan Ljouwert foar sa'n man as Dales dochs in tuskenstasjon yn de karriêre. En dat soe oars wêze moatte, it soe de folle haadpriis wêze moatte foar bestjoerders dêr’t se har mei hert en siel foar ynsette wolle en dêr’t se, útsûndere fansels hiele bysûndere situaasjes, net gau fuortwolle. It pleitet op 'e nij foar in fierdere fersterking fan it lokale en regionale bestjoer, net allinnich kwa ynhâld en betsjutting mar ek kwa wurdearring. Yn de hjoeddeistige politike situaasje giet de lokale polityk fan Ljouwert benammen oer in soad útfierings-kwestjes, dy't folslein omkadere binne troch regels en finânsjes fan it ryk. Dêrtroch wurde it faak detaildiskusjes, dy't foar de boargers hiel wichtich binne mar úteinlik, mei alle respekt, net de measte status jouwe as jo it ferlykje mei de polityk yn 'e Twadde Keamer. Yn dy sin soenen gemeenten mear earmslach krije moatte sadat bestjoerders op lokaal nivo folle better ynspylje kinne op it ferlet en de winsken dy't der yn de mienskip libje. Persoanlik sjoch ik de stap fan Dales as in grutte degradaasje, alhoewol't hy der grif mear fertsjinje sil en it foar guon minsken dy't allinnich yn termen fan jild tinke in promoasje wêze sil. As VVD-er koe er sjoen de politike situaasje (de VVD is út it regear) op polityk nivo net echt mear foarút. Derom sil er him breder oriïntearre hawwe en is er yn it ûnderwiis kommen. De saken dêr’t hy foar ferantwurdlik wie (de wetlike taken, lykas feiligens) hat Dales goed útfierd. Mar jo moatte de rol fan in boargemaster ek net oerskatte, krekt of soe hy by in hiel soad saken de trochslach jûn hawwe. Nee, dat dogge wy allegear mei-elkoar, kolleezje, ried, amtners, maatskiplike organisaasjes, bedriuwslibben en mienskip. Fansels winskje ik him alle sukses ta INHOLLAND...
Fan 'e middei haw ik breed-út bekend makke dat ik út 'e gemeenteried fan Ljouwert gean. Foar de 'insiders' wie it nijs al wat langer bekend, foar de bûtenwacht noch net. Fansels sil ik it tige misse, mar gelokkich kin ik sizze dat ik hiele goede opfolgers haw dy't ek al in aardich skoft meirinne. Dat ik haw der alle betrouwen yn dat it wurk mei fleur en faasje trochsetten wurdt. Boppedat hawwe wy yn Ljouwert in hiel entûsjast en jong bestjoer, dat ynspirearjend dwaande is. Ek fan de Ljouwerter leden sels ferwachtsje ik de kommende tiid noch wol wat inisjativen. De FNP-Ljouwert is in ôfdieling dy't fernijend dwaande is en ik kin de saken dan ek mei in goed gefoel oerdrage de kommende tiid. Nei ferwachting sille wy yn augustus nei Reduzum ferhúzje, dat ophâlde yn Ljouwert moast ik sowieso (Reduzum leit yn buorgemeente Boarnsterhim). Dat wy ferhúzje sille, is begjin dit jier yn ús hollen kommen. Wy koenen in hûs fan in famyljelid oerkeapje, mar fisken doe krekt achter it net. Mar, dat betsjut dan wol dat jo op sa'n stuit 'los' binne yn jo gedachten; kijk en vergelijk is dan it motto. Oeral hawwe wy sjoen, yn Ljouwert, de Ljouwerter doarpen, mar binne dus úteinlik krekt 2 kilometer oer de gemeentegrins útkommen. sa giet soks. Net mear yn de Ljouwerter ried dus, mar wol foar de partij as stipefraksjelid warber yn de Fryske steaten en yn Europa. Mar ik sil nea ferjitte dat Ljouwert ús haadsted is en bliuwt!!
By de provinsje Fryslân wie in tydlike kreft (manager) ynhierd foar € 518.000 foar noch net iens 1,5 jier (dat is dus sawat € 30.000 de moanne). Sakrekt krige ik de definitive fragen fan de FNP:
FNP: Steaten moatte mear greep krije op ynhier djoere projektlieders. De FNP steatefraksje is fan miening dat ynhierde tydlike krêften by de Provinsje yn prinsipe net djoerder wêze moatte as € 10.000 per moanne. De FNP wol dat it Deistich Bestjoer fan de Provinsje tenei earst foar Provinsjale Steaten motivearret as it djoerder wurdt. De fraksje reagearret hjirmei op de berjochten oer de ynhier fan djoere projektlieders en ynterimmanagers troch de Provinsje. Fraksjelieder Johannes Kramer stelt de kwestje oan de oarder yn skriftlike fragen oan Deputearre Steaten. De FNP freget oan DS oft der nei it opstappen fan de projektlieder Kant foar de nijbou fan it Provinsjehûs al in nije projektlieder oansteld is. De fraach dêrby is oft de regels foar de oanbesteging dêrby wol yn acht nommen binne. It soe kinne dat de Provinsje hjirfoar op de fingers tikke wurdt troch de Mededingingsautoriteiten of de Europeeske Kommisje. De FNP wol ek witte oft it krekt is dat de nije projektlieder ek wer ta de persoanlike relaasjekring fan de Algemien Direkteur fan de Provinsje heart. Dat wie ek by de projektlieder foar de ferhuzing fan it Provinsjehûs nei de Snitsertrekwei en by in hege ynterimmanager fan de ôfdieling Bestjoersstipe it gefal. Sy koene elkoar fia in kring fan hege amtners en bou-ûndernimmers út Grins.Wurdfierder Johannes Kramer wol witte wat it taryf is foar de nije projektlieders en oft dizze priis objektyf besjoen wol marktkonform is. Hy stelt dat tydlike krêften by de Provinsje eins ynklusyf salaris, detasjeringskosten en oare bykommende kosten net mear as € 10.000 per moanne kostje meie. Soe it djoerder wurde, dan stelt de FNP út dat Deputearre Steaten tenei yn it foar motivearje by Provinsjale Steaten wêrom in hegere priis needsaaklik wêze soe. De partij wol op dizze wize de folksfertsjintwurdiging wer in steviger greep op de ynhier fan eksternen jaan. Formeel geane de direksje en Deputearre Steaten hjir oer, mar der is tefolle maatskiplike ûnrêst oer exorbitante salarissen fan topfunksjonarissen om dit mar gewurde te litten. De Provinsje hat hjir ek in goed foarbyld te jaan, sa stelt Kramer.
Yn de algemiene skôging fan de FNP (foar de begrutting) haw ik sein dat Ljouwert him mear rjochtsje kin op ynternasjonale kontakten en kongressen yn syn algemienens en dan bygelyks fasiliteiten foar tolken (bygelyks tolkekabines) as konkrete útwurking derfan. Guon tochten doe dat wy as FNP woenen dat wy kontinu tolken yn tsjinst nimme woenen (op kosten fan 'e gemeente) mar dat is sa net. Us ynstek wie dat jo ryksjild, dat bestimd is foar 'stêdlike ekonomy', ek ynsette kinne foar belied om it hâlden fan kongressen yn Ljouwert te stimulearjen. Ik kaam dêr op, om't ik in pear wiken lyn yn Bilbao wie, en dêr sjoen haw dat goede 'rânebetingsten' foar kongressen en ynternasjonale moetings, bygelyks foldwaande tolkekabines, echt wat opsmite kinne. Addy Stoker fan de CU (ChristenUnie) die dêr wat lakerich oer. Hy frege him ôf wat yn de goedichheid kontakten mei minsken yn Baskelân opleverje koene. En sjoch, krekt twa-en-in-heale wike letter it resultaat: 'Baskyske opdracht Mercator'. Mercator education, ûnderbrocht by de Fryske Akademy, krijt nei alle gedachten in fikse opdracht foar fjouwer jier fan it Basyske ministearje fan ûnderwiis oer meartaligens. Ja, krekt fan dyselde minister dêr't ik yn it Guggenheim museum yn Bilbo mei siet te iten. Ik murk dêr dat hy echt siet te fiskjen nei mear ynformaasje oer de foardielen fan meartaligens. Yntusken haw ik him dat ek tastjoerd. Wa wit hat it noch wat goodwill bydroegen foar dy opdracht by 'Mercator'. Jim hawwe wol yn 'e gaten tink dat ik de CU om 'e earen slaan sil mei dizze ynformaasje by de begruttings-riedsgearkomste...
Hjoed wie der foar it earst in iepenbier debat oer de kolleezjefoarming. De FNP komt net yn it kolleezje en dat betsjut dat Johannes Kramer gjin deputearre wurdt en ik gjin steatelid. Oer de hiele gong fan saken is trouwens nochal wat krityk te jaan... It betsjut net dat ik no passyf oan 'e kant stean. As earste opfolger (ik stie op plak 6 fan de list) sil ik de FNP-steatefraksje de kommende 4 jier nei fermogen mei ried en died bystean. Ik sit by de fraksjegearkomsten, gean nei de steategearkomsten ta, lês de stikken, sil kontakt hawwe mei dizze en jinge... Dat, as jo wat hawwe dat de Provinsje Fryslân oangiet, belje of mail mar!
Juster in moaie dei. Net allinnich om't it stadichoan wer better giet mei de linkerfoet (myn húsdokter konstatearre dat in ankelbân ferstûke wie, mar dat it mei in pear wike fansels wol wer goed komme sil), mar ek om't twa susterpartijen fan de FNP, de SNP yn Alba/Skotlân en de Plaid Cymru yn Cymru/Wales beide dik wûn hawwe! Yn Skotlân is de SNP de grutste partij wurden, foar it earst yn 50 jier (!) is Blair's Labourpartij net mear de grutste. De SNP helle 47 sitten, Labour 46, de Conservatives 17, Liberal Democrats 16 en oaren 3. It is lykwols noch ûnwis oft der no in referindum komt oer selsstannigens. Ek yn Wales in grutte triomf foar de 'regiopartij': fan 12 nei 15 sitten, se binne no de twadde partij fan Wales wurden. Labour is noch wol de grutste, mar is syn mearderheid kwyt (fan 30 nei 26 sitten). De konservativen hawwe der 12, de Lib-dems 6 en oaren 1. Op 'e foto: partijlieder Alex Salmond fan de SNP.
En net allinnich yn Alba (Skotlân) binne der hjoed ferkiezings, ek yn Cymru/Wales kin hjoed regionaal en foar it eigen parlemint (assembly) stimd wurde. Boppesteande billboard (mega-rútbiljet) brûke sy yn har kampanje. De tekst fan de susterpartij fan de FNP (Plaid Cymru, party of Wales), by bygeande pooster: "Plaid Cymru today marked the 10th anniversary of New Labour assuming power by launching their final poster advertising campaign of the National Assembly elections. The poster shows a picture of Tony Blair with the caption ‘Give Him the Send off He Deserves’. Plaid said that after 10 years of New Labour, the people of Wales deserved change for the better". It mei dúdlik wêze, Plaid hat genôch fan de new-labour-polityk fan Blair!
Noch ien dei, dan binne de ferkiezings yn Skotlân (parlemint fan Skotlân). Jim koenen in wike lyn al lêze fan myn Baskyske 'avontoeren', no is wat my oangiet de fokus op Skotlân rjochte. Want wat der de kommende tiid barre sil, kin wol ris tige nijsgjirrich wêze, net allinnich foar Skotlân sels, mar foar hiel West-Europa. Alle ljochten steane op grien foar de SNP, de Scottish National Party. Yn twa polls liket it der op dat se moarn in histoaryske oerwinning boeke sille, en yn beide polls grutter wurde sille as Labour. Dat betsjut dat de SNP nei moarn wolris de macht yn hannen krije kin. Ik haw de kampanje wat folge en bin tige ûnder de yndruk. Sa hawwe se, fia har website, sels SNP TV. Deistige utstjoerings yn ferbân mei de ferkiezings. Meast nijsgjirrige fyn ik noch wol dat de SNP by winst yn in referindum oan de kiezers foarlizze wol oft Skotlân in selsstannige EU-lidsteat wurde moat. It skynt dat in soad Skotten dêr wol earen nei hawwe, en dat soe betsjutte dat foar it earst yn tiden der wer in West-Europeesk steat foarme wurde kin (nei alle ûntjouwings yn East-Europa en de Baltyske steaten fansels). En dat soe, by súkses, wol wer ynspiraasje jaan kinne oan oare West-Europeeske regio's dy't ek folle mear foech hawwe wolle. Mar goed, safier is it fansels noch net, want der mei miskien wol rjocht op selsbestjoer foar folken wêze, de wei dêr nei ta duorret faak lang...
|
|