
In skoftke lyn hat de Ljouwerter FNP-fraksje fragen steld oer it himmeljen fan it byld fan Waling Dykstra. Yntusken bin ik wat mear gewaar wurden oer it ûntstean fan dit byld. As alderearste kin sein wurde dat der nei it ferstjerren fan de man yn 1914 in kommitee oprjochte waard dat fan betinken wie dat der in tinkstien komme moast. Uteinlik is dy tinkstien der kommen, troch stipe fan de Fryske selskippen en har leden is mei sinten, dûbeltsjes en kwartsjes it byld der kommen. Op 20 septimber 1916 wie it dan safier: de 'Waling Dykstra dei'. Tûzenen minsken teagen nei Ljouwert ta, de strjitten seagen swart fan 'e minsken. Taspraken fan ferneamde Fryske foaroanmannen, letter ek yn 'e Harmonie en de Grutte Tsjerke. Fan in stipefraksjelid fan 'e FNP haw ik in boekje te lien dêr't it allegear yn stiet. It aardige is dat it boekje grôtfol mei advertinsjes stiet fan Ljouwerter middenstanners, oan 'e Nijstêd, Wurdumerdyk, Foarstreek ensfh. Sawat allegear yn it Frysk! Wat fierder net ûnfermeld bliuwe mei is dat der ôfspraken makke binne oer it ûnderhâlden fan it byld (troch de gemeente!). Fierder is it byld makke troch ... Pier Pander. Alles mei alles genoch reden om, tagelyk mei de Pier Pander manifestaasje yn 2007, it byld wer kreas te meitsjen.
It sit der op. Justerjûn ôfskie nommen fan 'e gemeenterie. En, fal ik no yn in grut swart gat? It sil wat tafalle. Minsken dy't my kenne witte dat ik net sa'n stilsitter bin. Op 'e foto jout Dales my it 'ferbegearde' tegeltsje mei de ôfbylding fan it Ljouwerter stedhûs fan Makkummer ierdewurk. Ik winskje myn opfolger Pier alle sukses ta! Hy hat fuortendaliks (3 oeren nei syn ynstallaasje!) al goede fragen steld... Dat, alle betrouwen yn him. Fan dit plak ôf wol ik elkenien ek noch tige tanksizze foar de gearwurking en it betrouwen yn al dy jierren.
Noch altyd bin ik mar ek de FNP-Ljouwert in grut foarstanner fan it idee fan de saneamde 'Frisia-rail' oer de ôfslutdyk, oer Ljouwert, Grins, Leer, Oldenburg en fierder nei Dútslan en de oare Fryslannen. Dat bin ik helendal wurden doe't ik in pear jier lyn oer de Oresunds-brege (sjoch foto) fan Kopenhagen nei Malmö gong mei de trein. In doe noch mar krekt oanleine ferbining tusken Denemarken en Sweden, tusken twa regio's (om Kopenhagen hinne en Scåne) dy't histoarysk en kultureel in soad oerienkomsten hawwe. Wat boppedat tige nijsgjirrich is, is dat de Oresunds-brege in kombinaasje is fan spoar en autodyk. Wat de ôfslutdyk fansels ek wêze kin. De Frisia-rail sil foar in grut part oer besteand spoar kinne (tink oan Harns-Ljouwert-Grins-Lear-Bremen...), mar it stik oer de ôfslútdyk is it noch ûntbrekkende stik. It grutte foardiel fan de Frisia-rail boppe de farianten fan it Sudersee-spoar dy't der no úttocht binne, is dat Ljouwert as haadstêd fan Fryslan wer sintraal komt te lizzen as it oer iepenbier ferfier giet. It moat net in einpunt wêze mar in middelpunt dêr't jo alle kanten útreizgje kinne. En troch fysyk mear it middelpunt te wêzen sille minsken ek yn gedachten mear it idee krije dat Ljouwert it sintrum en de haadstêd is...
Kommende moandei (25 juny) nim ik dan definityf ôfskie. it begjint 19.30 oere yn de riedsseal fan it stedhûs. De wurklist: 1. iepening;2. Proseduere beneaming nije boargemaster 3. Oanbieden fan profylskets oan Kommissaris fan 'e Keninginne;4. Fêststellen detailhannelsstruktuer Ljouwert 5. Fersyk neidielkompinsaasje Bellevue 6. Ofskied en beneaming riedsleden S. Posthumus en P.Tilma (FNP-fraksje). Sa't jim sjogge, net sa'n lange list. De kommissaris Ed Nijpels komt ek noch efkes del! It koe dus wolris om in oere of 21.00 oere wêze dat ik ôftrede sil (earder tocht ik oan 22.00 oere). Nei de tiid is der in sûpke yn 'e kelderbar fan it stedhûs om it der noch efkes oer te hawwen... Elkenien is wolkom!

Bygeande foto is nommen yn Bilbo (Bilbao), ein april 2007. It aardige is dat de service op dizze jildautomaat ferliend wurdt yn mar leafst 8 talen. Net allinnich yn de 2 talen fan Baskelân (Euskera/Baskysk) en it Spaansk (Castellano), mar ek yn it Katalaansk, it Galisysk en fierder it Portugeesk, Ingels, Dutsk en Frânsk. Sjoch, dat neam ik pas klant-rjochte wezen. En dat kin fansels ek by banken hjir yn Fryslân (Friezen kinne net yn har eigen taal by de jildautomaat terjochte). De diskusje oer in twa- of meartalige sted Ljouwert hoecht net allinnich oer strjitnammebuordsjes te gean, jo kinne ek fierder sjen nei de sichtberens fan talen, bygelyks mei moderne saken lykas jildautomaten of billboards. Wat yn Baskelân en Kataloanje kin, kin hjir fansels ek mei in bytsje goede wil. Lit mar sjen dat jo haadstêd fan Fryslân weze wolle, draach it út en stribje nei folsleine lykweardigens fan it Frysk en it Nederlânsk. Yn myn optyk moatte jo it dan yn ‘e diskusje net allinnich oer taal hawwe, mar ek oer ynternasjonalisme. Troch te gûgeljen fûn ik in nijsgjirrige notysje fan de VVD-De Haach: 'Den Haag Wereldstad'. Alhoewol't ik net in foarstanner bin fan prestiizjeprojekten steane der dochs nijsgjirrige oangripingspunten yn dy't jo ek yn Ljouwert tapasse kinne. Lykas bettere fasiliteiten foar kongressen. Jûn sil ik dat ynbringe by de algemiene skôgings (kaderbrief) fan de gemeenterie...
Geregeld soe ik hjir wat delskriuwe oer myn takomstfisy foar Ljouwert. Ien fan myn ideeën is dat Ljouwert in enerzjy-neutrale sted wurdt oer in pear desennia, sis 2025. In ambisjeus stribjen, absolut, mar in stêd as Grins wol it ek. Hoe soenen wy dat berikke kinne? Wat my oangiet binne der ferskate oplossings foar. Wat my net foar eagen stiet binne net-duorsume alternativen, lykas in kearnsintrale op it plak fan 'e fleanbasis of wynmoles yn it iepen lânskip. Wol kin der gigantysk oan enerzjy-besparring dien wurde yn de âldere wiken en sille nije wenwiken enerzjy-neutraal boud wurde moatte. Bygelyks mei sinne-panielen en waarmte-opslach yn ‘e grûn. Fierder stiet my foar eagen dat wy in fergistings-ynstallaasje (biomassa) bouwe op ien fan 'e nije bedriuweterreinen yn 'súd'. Dêr kinne wy gft-offal fia fergisting ta gas en elektrisiteit opwekke. Ek dong-fergistings-ynstallaasjes by boeren yn it bûtengebiet kinne helpe fansels. It ferfier fan, yn en nei de stêd sil sa klimaatfreonlik wêze moatte. Biobrânstoffen en safolle mooglik iepenbier ferfier. Wêrom soe der gjin tramline ride kinne tusken de Werpsterhoeke as takomstich transfearium yn 'e Súdlannen en it sintrum fan Ljouwert, troch te lûken nei de nije kenniskampus? Wynmoles soe ik net tefolle wolle, se skeine it iepen lânskip, in kearnkwaliteit fan Fryslân, tefolle. Hjir en dêr ien op in bedriuweterrein, dan moat it wol ofrûn weze. Mocht Ljouwert mei al dy maatregels noch net klimaat-neutraal wêze, dan kin de gemeente wat my oangiet partisipearje yn in wynmolepark op 'e noardsee, wat Greenpeace nei foaren brocht hat as oplossing foar de enerzjy-problemen fan Nederlân. It waait dêr sawat altyd...
It is safier, fan 'e middei de earste 10 doazen mei âlde riedsstikken oan Pier (myn opfolger as riedslid) meijûn. Dat wienen dan noch mar de earste 10 doazen, mei-elkoar tink ik dat ik yn 5,5 jier riedslidmaatskip sa'n 450 kilo pepier krigen haw, wat kwa gewicht sawat gelyk is oan 7 jiergongen Ljouwerter kranten, sa haw ik fan 'e middei efkes berekkene. 8,2 meter breed en 30 sintimeter heech, sa grut wie myn 'argyf' op't lest. 2,4 kubike meter dus. Mei-elkoar sille it sa'n 30 doazen wurde. Oft ik al dy stikken fan begjin oant ein lêzen haw? Nee, fansels net. In gouden regel yn 'e polityk is dat jo net alles lêze moatte wat de kolleezjes nei jo tastjoere. Oars soenen jo allinnich op de advizen fan B&W ôfgean. En minstens sa wichtich, sa net wichtiger, is de miening fan de minsken der't it om giet. Wat fine dy? Want jo binne op't lêst folksfertsjintwurdiger! Hawar, ik bin aardich oant oprêden dat om my mei it wol wat minder waarm wurde op dy hite souder...
Wat is de oerienkomst tusken
terrorismebestriding, de
nijste kompjûters fan Microsoft en ‘
Chip je dier’? Trije saken dy’t moandei allegear yn it nijs wienen (2 spotsjes op ‘e radio, ien stik yn it
FD). Oant dit wykein soe ik it antwurd wier net witte, mar no sjoch ik al in skerpe relaasje. En, as it allegear wier is, is it net te beskriuwen hokker gefolgen dat hawwe sil. Wat wie der ôfrûne wykein? Doe wie ik op Helgolân, it
Friezentreffen út alle Fryslannen. Prachtich fansels, moai waar, sportyf (haw swommen yn ‘e see!), kultureel, folle net genôch. En, fansels is der yn alle frijheid harsenskrabe oer de takomst fan ‘e Fryslannen. Yn alle frijheid, net behindere troch wa dan ek. Mar, dy frijheid fan gedachten soe wolris ûnder druk komme te stean!
Wêr basearje ik dat op? Yn datselde wykein haw ik ek it boek ‘Worden wij wakker’ fan Marcel Messing lêzen. En ik haw yn myn libben noch net earder in boek lêzen dat sa skokkend wie. It beskriuwt de ûntjouwings foar en nei 11 septimber 2001. Tal fan maatskiplike en technologyske ûntjouwings wurde oan elkoar ferbûn. En, as it yndied wier is wat yn it boek stiet, dan is it twa minuten foar tolve foar de frije minsken, yn ús gefal foar de frijheid fan ‘e Friezen. Normaal sprutsen bin ik altyd frij kritysk oer komplot-teoriën, mar dit boek is sa goed dokumintearre en basearre op (wittenskiplike) boarnen dat it allegear gjin tafal mear wêze kin.
Yn’t koart: de Amerikanen (regear/Bush) moat witten hawwe fan de plannen foar de oanslaggen op 11/09 2001. Lykas se witten moatten hawwe fan Pearl Harbour. En dêrmei hienen se in stôk om te slaan. Fiergeande befeiligingsmaatregels yn te fieren. Under it mom fan ‘terrorismebestriding’ wurde oeral kamera’s delhongen (ek wer
5 ekstra yn Ljouwert!), paspoarten foarsjoen fan biometryske kenmerken, tillefoan- en mailferkear ûnderskept en opslein. Dat is it punt fan ‘e terrorismebestriding. Want sa kinne jo ommers gefaarlike aksjes foar wêze/foarkomme? De nijste PC’s fan Microsoft: moandei lies ik in nijsgjirrich stik yn it FD oer de nijste PC’s. Mei de fingers kinne jo it skerm oanreitsje en it ding docht alles foar jo. De
fingerprinten wurde herkend (biometry) en sa wit de PC fuortendaliks wa’t de opdracht jout en wêr dy persoan him befynt. Fierder sitte der 5 ynfraread-kamera’s yn de PC, dy’t fan binnenút sjen kinne wat der allegear bart efter de PC. Fansels sit ek yn ‘e PC apparatuer dy’t alles registrearret (in tag, chip en/of
RFID). Alles komt úteinlik yn in super-kompjûter yn Amearika dêr’t tsientallen siden fan alle wrâldboargers yn in digitaal argyf komme. Dan it chippen. Sa’t wy witte wurde in hiel soad saken digitalisearre. Tillefoanferkear, digitale TV-mêsten, sateliten yn ‘e romte, mar ek de ‘grutte earen’, ôfharkapparatuer yn ús eigen Burum by Kollum en Lofar yn Drinte. Se wolle no begjinne mei it ‘tsjippen’ fan bisten. Op de
site stiet dat jo dan mei in scanapparaatsje neigean kinne fan wa’t it bist is (unike koade!). Mar wat net op ‘e site stiet is dat yn dy microchips in apparaatsje stiet dat sinjalen ferstjoere kin, en dat grutte antennes of sateliten dy ek ûntfange kinne. Sa kinne bisten oer de hiele wrâld folge wurde. En dat is noch mar it begjin, want der binne ek al proeven mei bern mei earmbannen mei in chip, finzenen mei elektroanysk húsarrest ensfh. Yn it boek wurdt treflik omskreaun dat der tawurke wurdt (wurde kin) nei it massaal ynintsjen fan chips yn minsken. Dat se net allinnich oeral op ‘e wrâld trasearber binne, mar ek kwa tinken en gedrach te beynfloedzjen binne. Mindcontrol fia chips is neffens ferneamde wittenskippers al mooglik en wurdt ek al tapast op bisten en soldaten. En dan binne wy hiel fier fan hûs. De mooglikheid bestiet dat in lytse machtselite ús ta de slaven fan ‘e 21e ieu makket. It wachtsjen is op in barren dat it grutte publyk derfan oertsjûgje moat om bern en letter alle minsken massaal te ‘chippen’. Lykas
fermissings/ûntfierings fan bern ensfh.
En dan bin ik werom by it begjin. Bliuwe wy frij yn tinken of... Dizze weblog is fansels fierstente koart om alles goed út te lizzen (oaren kinne dat faaks better), ik meitsje ek grutte gedachtesprongen en kin noch folle mear fertelle. Wat ik wol is dat elkenien, ja elkenien, him yn dizze matearje ferdjippet. Dêrom soe ik sizze: it boek is te lien, nim gerêst efkes kontakt op, keapje it of sjoch de fideo!