nij wurk, side krijt 'efkes lins'

Ek op dizze wize bring ik efkes nei bûten ta dat ik mei yngong fan 1 augustus wurk krigen haw by de Provinsje Fryslân as Beliedsmeiwurker Taal en Kultuer. Dat betsjut dat ik myn politike funksjes no efkes dellis. By de EFA yn Brussel bliuw ik noch wol yn it bestjoer, mar dat is fansels net in funksje as folksfertsjintwurdiger. Betanke foar al jim omtinken en alle reaksjes, dizze side krijt no 'efkes lins'. Oant blogs, Sybren Posthumus

PS: myn opfolger, Pier Tilma, is drok dwaande mei syn weblog (noch efkes geduld dwaan)...

Sybren Monday 23 July 2007 at 3:22 pm | | Default | One comment

Besunigingen twadde keamer

Fan 'e wike lies ik yn it nijs dat de Twadde Keamer 5% besunigje wol op syn eigen útjeften... Op himsels goed dat jo yn in tiid fan besunigingen ek nei jo eigen kosten sjogge. It foel my op dat de diskusje benammen oer 'krûmels' gong. Moast der in kat komme om de mûzen te ferjeien, moatte wy sels kofje ynjitte ynstee fan dat de boades dat dogge... By eintsjebeslút is der foar keazen om net te besunigjen op saken dy't de Twadde Keamerleden sels reitsje: mobile tillefoans, business-class-reizen etc. Der wurdt wol besunige op de 'fasilitêre saken', dy meiwurkers falle dan net mear ûnder it ryk, mar it wurdt ekstern oanbestege. Oaren (sis mar it hushâldlik personiel) binne dus de dupe. Myn advys oan de Twadde Keamer is om in folgjende kear ek ris te sjen nei de gigantyske miljoene-budzjetten dy't se harsels skonken hawwe in pear jier ferlyn. Doe hawwe se besletten dat de partijen dy't yn 'e Twadde Keamer sitte 5 miljoen euro ekstra krije (fan 10 nei sawat 15 miljoen euro), alle jierren wer! En dat jild mei ek noch foar  ferkiezingskampanjes brûkt wurde... Te gek foar wurden...

Sybren Thursday 05 July 2007 at 4:11 pm | | Default | No comments