Sa hiel út en troch, as der opmerklike/bysûndere saken binne, sil ik myn weblog wer efkes aktualisearje. Wat my juster frege is, heard grif yn dizze kategory. Wat is it gefal? Juster krige ik in mail oft ik kommende sneon 15.00 oere in speech hâlde wol foar 60.000 Koerden op in grut
festival, yn it fuotbalstadion fan Gelsenkirchen. De foarsitter fan de
EFA, dêr't ik ek yn it bestjoer sit, hie op it lêste stuit ôfsein fanwegen in oare wichtige gearkomste en doe bin ik dus frege (as v
ice-president). Ek, om't Gelsenkirchen op himsels ridlik te bereizgjen is út Fryslân wei en om't ik Dútsk prate kin. In geweldige eare om dêr fansels foar frege te wurden, mar kommend wykein hienen wy hjir yn Reduzum krekt in iepen hûs pland, yn kombinaasje mei Liesbeth har jierdei. Wy ferwachtsje gau 40 minsken, en it feestje is net mear te fersetten. Ik haw mar sein dat it my ta de teannen út begruttet, want op himsels hie'k dat fansels graach dwaan wollen en sa'n kâns krije jo net gau wer! Der wie al in tekst foar my skreaun oer frede en solidariteit en al. It is net oars...