befolking fergiftige troch 'chemtrails' (fleantúchspoaren)



Boppesteande kop seach ik juster (15/09) yn it Friesch dagblad. Hjoed haw ik efkes oan it google-jen west en wat teksten fûn. In hiele grutte mearderheid fan de lidsteaten hat foarstimd (143, dêrûnder Nederlân). Lykwols, fjouwer lidsteaten wienen tsjin: Australië, Kanada, Nij Seelân en de Feriene Steaten fan Amerika. It is foar my efkes de fraach oft de Friezen no ek ûnder dizze ferklearring falle. Kommende tiisdei sil ik wer efkes nei Brussel ta, foar in bestjoersgearkomste fan de EFA. Ik sil dêr efkes neifraach dwaan oft sy ek witte oft dit op de West-Europeeske steatsminderheden slacht. It kin nijsgjirrich wêze, as ik nei guon artikels sjoch: 'Kêst 30: Military activities shall not take place in the lands or territories of indigenous peoples, unless justified by a significant threat to relevant public interest or otherwise freely agreed with or requested by the indigenous peoples concerned'. 'kêst 6: Every indigenous individual has the right to a nationality'. Kêst 4: 'Indigenous peoples, in exercising their right to self-determination, have the right to autonomy or self-government in matters relating to their internal and local affairs, as well as ways and means for financing their autonomous functions'.
It giet hurd, noch folle hurder as ik in pear weblogs lyn tinke kinnen hie. Op Helgolân haw ik in boek lêzen oer de plannen fan in selekte elite mei in soad macht, dy't werklik mei gjin pinne te beskriuwen binne. Minsken yn de regearen, parleminten en it bedriuwslibben yn Amearika, Europa, Japan, Australië dy't geregeld byelkoar komme... Dêrnei noch in oanfoljend boek mei de eftergrûnen fan de klup en har ideeën. Sûnt dy tiid folgje ik it nijs mei hiele oare eagen. En ik moat tajaan, der binne tefolle saken dy't wize op 'alles kontrolearje en witte wolle' om it tafallich wêze te litten. Sa wolle se yn it Feriene Keninkryk it DNA hawwe fan 'e hiele befolking. Yn Nederlân wurdt de OV-chipkaart yn in pear jier tiid ynfierd, wêrmei't de autoriteiten al jo bewegings yn bus, tram, metro en trein folgje kinne. Se binne dwaande om 'auto-track'-systemen op te setten, sadat jo jo auto maklik opspoare kinne as er stellen is. Moai net? Mar it kin ek moai earne oars foar brûkt wurde... De meast be-eangstigjende saak, wat my oangiet, is dat berne-ûntfierings troch de Europeeske en Nederlânske autoriteiten no blykber ynienen ta top-prioriteit ferklearre binne. Ek dêr haw ik yn in eardere log al op wiisd. It sil in gigantysk item wurde de kommende jierren, de befolking sil hielendal 'brainwashed' wurde mei help fan tûke reklames dat it in massa-probleem is dêr't ûnkonvensjonele maatregels foar nedich binne. Fan 'e wike stie al yn it nijs (FD, 1-9-2007) dat Justysje de kommende jierren mooglik gigantyske warskôgingsbuorden boppe snelwegen ophingje wol by fermiste bern. Ek soe der ien sintraal EU-alaarm-systeem komme moatte by ûntfierings fan bern. Ek wurdt der al praat oer it melden fan fermissings fia televyzje, radio en ynternet. Nederlân soe ek it earste EU-lân wurde mei in sintraal tillefoannûmer foar meldings oer berne-ûntfierings. De auteurs skreaunen dat de 'elite' der net foar weromskrillet om sels bern ûntfiere te litten om sa drastyske maatregels troch te fieren. Wat binne dy maatregels dan? (Micro-)chips ûnderhûds, sadat jo jo bern altyd werom fine kinne... En úteinlik de hiele befolking. Altyd witte wêr jo binne en wat jo dogge. En mei striel-sinjalen sels it gedrach fan minsken fia dy chips be-ynfloedzje. Elkenien it hok yn. As 'frije Fries' hie ik al muoite mei de identifikaasjeplicht (ek al sawat), it giet no echt de ferkearde kant út. No binne jo noch yn 'e gelegenheid om in warskôging út te bringen, mar foardat jo it witte kin soks net mear of krijt it klupke safolle macht dat jo it wier net mear doarre...
If you can read this, you have succesfully installed a version of Pivot. Yay!! To help you further on your way, the following links might be of use to you:
And, of course: Have fun with Pivot!