(mei tank oan de
weblog fan Sjoerd Groenhof)
Frij skokkend
nijs, neffens my. De echte oarsaak fan kanker is mooglik de candida-skimmel. In skimmel dy't goed gedijt by it iten fan sûkers, wat in soad foarkomt yn 'e westerske wrâld. Yn 97/98% fan de gefallen wurdt candida oantroffen by pasjinten mei dy sykte. Mar de Onkolooch (kanker-saakkundige) dy't it nijs nei bûten bringt, is yntusken op non-aktyf steld. Wol de 'tradisjonele' farmaseutyske/medyske wrâld hjir net fan witte? Lykwols, 75% fan de doktoaren wegeret sels ek gemo-terapy. Sjoch de
fideo!
'Allegear iisgers' sei ús âldste famke fan 'e wike by it sjen fan it berypte fjildsje efter hûs. Op 'e foto de iisbaan fan Reduzum hjoed. Yn Europa is it gewoan moai winterwaar. Yn grutte parten fan 'e wrâld hat it noch nea sa kâld west. Lês
hjir in kritysk stik oer de opwaarming fan de ierde (
Record Low Temperatures Around the World). Is der in ferburgen aginda? Ik lies by ús yn 'e doarpskrante dat de kachelprodusint (Tichelaar) der oer yn sit dat oerheden it stoken mei hout ferbiede wolle, fanwege de tochte relaasje tusken CO2-útstjit en opwaarming fan de ierde. Mar binne datsoarte fan maatregels net krekt ynjûn om minsken noch ôfhinkliker te meitsjen, fan sintrale oanfier fan gas en elektrisiteit?
Doch de Elfkes-krystdûns mei de meast "demokratyske" politisy! Sjoch op
dizze link om Bush, Balkenende, Wilders en Ayaan Hirsi Ali yn aksje te sjen!
Neffens in wittenskiplik ûndersyk docht bliken dat de 5 'grutte' Nederlânske deiblêden hieltyd mear anty-islamitysk wurde! Gjin wûnder fansels dat dêrtroch ekstreem-rjochtsje partijen lykas Wilders en Verdonk de wyn yn 'e seilen krije. Wat de meast-lêzen of sjoene media sjen en hearre litte, beynfloedet it grutte publyk fansels wol. En dat wie, tinkt my, krekt de bedoeling fan de lju dy't efter de oanslaggen yn 2001 sieten, gaos en hate skeppe sadat der in klimaat ûntstiet foar rigoreuze feroarings en beheining fan boargerlike frijheden. Hjirûnder in part fan it folsleine artikel).
Het frame van islam-als-bedreiging werd in 2006 het vaakst door de vijf landelijke Nederlandse dagbladen gebruikt. Grafiek: © Rens Vliegenthart. Communicatiewetenschapper
dr. Rens Vliegenthart (Universiteit van Amsterdam) onderzocht tijdens zijn promotie de berichtgeving over integratie van minderheden en media-invloed op de populariteit van anti-immigratiepartijen. Hij onderzocht hoeveel aandacht er was voor integratie, hoe het onderwerp besproken werd en wat de gevolgen van deze berichtgeving waren voor steun voor politieke partijen als de CentrumDemocraten, Lijst Pim Fortuyn en de Partij voor de Vrijheid.

In het midden van de jaren negentig benadrukten de kranten nog vaak het multiculturele karakter van de Nederlandse samenleving. Sinds 2001 wordt er vooral geschreven over de bedreiging van andere culturen en religies, met name de islam.
Inhoud van berichten verandert
Het onderzoek, waarvoor duizenden krantenberichten tussen 1995 en 2006 zijn geanalyseerd, laat zien dat de aandacht voor integratie van minderheden sterk is toegenomen. Na 9/11, maar ook na de moord op Theo van Gogh in november 2004 werden er veel meer artikelen geschreven over dit onderwerp. Dat is weinig verrassend.
Wat wel opvallend is, is dat de inhoud van deze artikelen ook erg is veranderd. In het midden van de jaren negentig benadrukten de kranten nog vaak het multiculturele karakter van de Nederlandse samenleving. Dagbladen berichtten positief over de verschillende culturen in dit land. Immigranten mochten vooral hun eigen cultuur niet verliezen, respect was het toverwoord en culturele verschillen werden gekoesterd. Dit is radicaal veranderd. Sinds 2001 wordt er vooral gesproken over de bedreiging van andere culturen en religies, met name de islam. Vaak gaat het om de angst voor aanslagen door moslim-extremisten, voor onbeheerde tassen in treinen en bommeldingen op Schiphol. Maar ook uitspraken van Geert Wilders over de ‘algehele islamisering van de Nederlandse cultuur’ vinden hun weg naar de krantenpagina’s.
Dit blijkt uit systematisch onderzoek naar de inhoud van krantenartikelen. Per artikel is namelijk vastgesteld op welke manier er precies over integratie en minderheden gesproken wordt. Elk artikel werd ingedeeld bij één van de vijf categorieën (zogenaamde frames): multiculturalisme, emancipatie, restrictie, slachtofferrol en islam-als-bedreiging. Deze laatste categorie blijkt de grote winnaar. Iets meer dan de helft van de artikelen die je in de krant leest gaat over de gevaren van de islam.
Yn it yndrukwekkende boek fan Estulin waard it al oankundige: de (meastentiids net keazen) wrâld-elite besiket om in belesting op te lizzen oan alle wrâldboargers om sa in wrâld-regear op te tugen dy't de (measte) toutsjes yn hannen kriget. Op it stuit dat er dat skreau, wie noch net dúdlik hoe en wat. Yntuskenwurdt der al mear dúdlik. Fan 'e wike stie dat yn 'e krante en yn in tal tydskriften. Koenders rûn foarop mei it idee, en dat fernuveret my neat, hy is ommers ek lid fan dyselde elite-klup. Yn alle gefallen 86 miljard dollar as belesting yn 2050. De 'rike' lannen soenen de 'earme' betelje moatte. Ek yn oare artikels wurdt praat oer de wrâld-wide belesting dy't se besykje troch te drukken... Blykber wurdt it argumint fan de klimaatsferoaring, dy't mear en mear yn 'e kiif komt te stean (11 leugens Al Gore), as brekizer brûkt...