Finânsjes Boarnsterhim: net de put yn prate...

Juster binne de jiersifers fan Boarnsterhim presintearre. It tekoart wie de helte lytser as yn earste ynstânsje ferwachte wie. Dêr't jo by gemeenten foarsichtich mei wêze moatte, is ynsidintepolityk. As der ien of in pear jier in finansjeel probleem of tekoart is, dat dan hiel gau sein wurdt dat sa'n gemeente dan mar opdûkt wurde moat. As jo dy redenearring folgje soenen en ek tapasse op oare oerheden, dan soenen tal fan steaten der no al net mear wêze. Nederlân hat bygelyks jierrenlang miljardetekoarten hân op begrutting en jierrekken. Mar dat is no ek wer foarby, sterker, der binne de lêste jierren sels oerskotten! Oare gemeenten hawwe ek gruttere of lytsere swierrichheden hân. Tink oan Ljouwert, om 2000 hinne, krekt foardat ik dêr yn de rie kaam. OZB-1, 2 en 3 affêres. Gaasterlân-Sleat hat yn de problemen sitten, Menameradiel hat it op in oare wize net maklik hân. En dochs, allegear wer by de wâl opklautere. Betrouwen is hjir it biedwurd. Utgean fan de krêft en belutsenens fan de mienskip. Want dy is hjirre ôfgryslik sterk, haw ik merkbite kinnen (dêr kinne jo fan profitearje!). En iepenstean foar ferbetterings, suggestjes en dêrmei foar krityk. En dat lêste kin by it hjoeddeistige kolleezje noch wol better, haw ik de lêste tiid ûnderfûn.

Sybren Wednesday 30 April 2008 at 1:36 pm | | Default | No comments

Frîziyan çawa bi tematêzan xelas bûn!!!

Vê hefteyê Çakbînî.com ligel kovara nû ya serbixwe ya bashurê Kurdistanê bi navê Rûdaw li Fryslân (Frîzîstan) bû.

Li ku? Belê li Fryslân.
Bo çî? Êê Ji bo hevpeyivînek tabîîî...

Nêzîkahî de hûn ê bi çîroka frîziyan bizanibin û bi vê boneyê dê serê we sor bimîne ji ber balkêÅ?bûna serhildan ango raperîna wan: belê gelê frîz xwe bi tematêzan xelas kir...

Li bendê bin....


Sernivîskarê me Sîdar ligel birêz Hêmin Ebdullahê berpirsê Rûdaw ê Ewropa li warê frîzan bû. Gelek ku li Holanda dijî û fermî wek kêmneteweyek hatiye naskirin.

Gelek ji mafên wan hatine parastin, lê gelo xwestekên wan hêj hene? Gelê frîz di kîjan qonaxa doza xwe ye? Gelo 'doza frîz' heye?

Bersivandina van pirsan bû nasîb ji endamê bilind ê FNP-yê (Partiya Netewî ya Frîz), birêz Sybren Posthumus re.

Di nêzîkahî de em vê hevpeyivîna cuwan bi xwendevanên xwe pay dikin, diweÅ?înin.

Oftewol: hoe't de Friezen mei tomaten rjochten krigen. Ynterview troch Koerdyske ynternet-krante www.cakbini.com mei my oer de FNP, Fryslân en it Frysk. Ynkoarten hjjirre de oersetting (of in link dernei ta).

Sybren Monday 28 April 2008 at 8:19 pm | | Default | No comments

OV jûnsoeren Boarnsterhim: tiid foar ferbettering!

As jo as gemeente net in soad finânsjes omhannen hawwe, is it dreech om it wolwêzen fan jo ynwenners mei jild omheech te bringen. Dat, jo moatte kreatyf wêze. En sjen hoe't oaren ynspringe kinne. Ik wol ien ding oansnije dat net allinnich my persoanlik, mar folle mear minsken rekket, bygelyks hjir ek yn Reduzum. Ik moat sizze, oerdeis is it frij goed. OK, it is my in riedsel wêrom't wy gjin streekrjochte ferbining (mear) hawwe mei Grou (haadplak gemeente) en Hearrenfean. Mar benammen jûns is it in drama. De lêste - gewoane - bus dy't hjir arrivearret om 19.24 komt om 19.09  út Ljouwert wei (line 95). Om dêrnei noch taksy's of oar oanfoljend ferfier te nimmen liket moai, mar wurket yn de praktyk min en is ek frij djoer. 

Foar de hiele gemeente haw ik it útsocht hoe't it jûns sit. It is belabberd, sjoch mar ris:

Jirnsum: lêste bus 19.32 (line 95 út Ljouwert). Terherne: lêste bus komt om 19.39, deselde line, rjochting De Jouwer.

Line 94: Raerd: 19.36; Tersoal: 19.41 oere; Sibrandabuorren: 19.44.

Wergea en warten is net folle better: respektivelik 19.34 en 19.37 oere, busline 22 út Ljouwert wei.  

Aldeboarn is helendal slim: om 18.25 oere (mei in treintaksy)!     

Dan de wat bettere tiden: Idaerd: 19.43, busline 28 út Grou wei (mar wol 13 minuten rinnen). Eagum: busline 28 út Grou, stopppet yn Idaerd, dan wol 35 minuten rinnen!!

Dan as lêste Grou en Akkrum, dat is stikken komfortabeler, troch de NS-stasjons: Grou 23.43, út Ljouwert wei mei de trein. En Akkrum: 23.47 út Ljouwert wei, ek mei it spoar.

It soe goed wêze dat ús gemeentebestjoer hjir wurk fan makket, yn it belang fan it wolwêzen en de mobiliteit fan har ynwenners, sadat sy jûns, as se gjin auto hawwe of wol fuort wolle mar dan in slokje nimme, ek nochris fuort kinne. Doarpsbelang Reduzum hat wat Reduzum oangiet der al wurk fan makke en it tillefoanysk mei Connexxion bepraat. No it kolleezje ek mar yn't spier, soe'k sizze!

Sybren Sunday 27 April 2008 at 1:53 pm | | Default | No comments

fragen riedsleden: earste súkseske?

In pear weblogs werom skreau ik oer it merkweardige feit dat yn Boarnsterhim de fragen fan riedsleden helendal oan 'e ein fan de gearkomste binne. Dat hat wiidweidich de media helle, benammen yn de LC. It skynt dat der yn de ried no oer praat is, sa haw ik begrepen. Ek, om't it ôfrûne wike wer misgongen is. Ferskate riedsleden hienen noch in tal mûnlinge fragen foar it kolleezje, mar dy waarden har ûntsein, om't der 'gjin tiid' mear foar wie. De boargemaster skynt sein te hawwen: 'Dan moatte jim se mar skriftlik stelle'. Ferskate riedsleden hawwe dêrop har lilkens  utere en doe is sein dat der ynkoarten mar ris oer praat wurde moat oft de fragen foar riedsleden dochs net better oan it begjin fan de gearkomste plak fine kinne. Sjoch, dat soe op in opstekker wêze. Want as de prosedueres net goed binne, krijt de demokrasy ek net goed har gerak. Lit de demokrasy it plak krije dat it fertsjinnet!

Sybren Friday 25 April 2008 at 9:18 pm | | Default | No comments

Boarnsterhim: krityk serieus nimme

In kat  yn't nau makket somtiden rare sprongen. Boargemaster Schadd fan Boarnsterhim docht no sels al in emosjonele oprop oan boargers, riedsleden en oaren om 'har fatsoen te hâlden'. No haw ik fan 'e moarn it ferhaal op 'e radio heard fan Hofstra en myn earste yndruk is net dat hy oer de skreef gongen is. As jo tinke dat de ynformaasje troch de gemeente, dws it kolleezje, net goed gongen is, moatte jo dat iepentlik sizze kinne, en ek wurden brûke lykas 'in deasûnde' as jo wier fan miening binne dat it net neffens de regels fan de demokrasy gongen is. It is dan ferfolgjens oan Boargemaster en Wethâlders om dêr in saaklik antwurd op te hawwen. Myn ûnderfining yn Ljouwert is dat as kolleezjeleden emosjoneel reagearje dat der wier wat oan 'e hân is, dat it ynhâldlik net goed sit.

Better is it om de minsken en har krityk serieus te nimmen. Want dat minsken (noch) brieven skriuwe, ynsprekke of kontakt opnimme, jout belutsenens oan. Belutsenens by har eigen gemeente en de wil om dat te uterjen sadat de gemeente dêr wat mei dwaan kin. OK, der sille somtiden negative saken nei bûten ta komme mar dêr kin de gemeente har foardiel mei dwaan! Sjoch it krekt posityf dat minsken meitinke, lykas lêst yn Akkrum dêr't doarpsbelang mei tsientallen ideeën kaam om de situaasje te ferbetterjen en de finansjele lêsten fan Boarnsterhim nei ûnderen te bringen. Tink út sterkte wei en jou de moed net op. Mei oare wurden nim krityk serieus en doch der wat mei, besjoch it net as probleem mar as 'learpunt'.

Sybren Wednesday 23 April 2008 at 10:12 am | | Default | No comments

Platja de Palma: lean nei wurkjen...

In moai plaatsje, is't net? Dat wie it útsjoch út ús hotel wei de lêste 4 dagen. No wer werom yn Reduzum, 'back to earth'. It strân seach der moai út, mar earlik sein haw ik it kwalik belibbe. Mei ditsoarte fan konferinsjes sitte jo faak op de moaiste lokaasjes mar der is net safolle frije tiid om dêr ek wier fan te genietsjen. Hurd wurkje!

Ek, wat hawwe wy dien? Under oare praat oer eilannen, spesifyk ek de Fryske eilannen. Ik gean der fan út dat ús minsken yn it Europeesk parlemint dat dit jier noch wol ynbringe sille.  En, de EFA wurdt wer wat grutter, mei hooplik wat mear ynfloed (macht is wat oars...). Tusken de bedriuwen troch hearlik iten, dêr witte se op de Balearen wol rie mei...

Sybren Monday 14 April 2008 at 7:23 pm | | Default | No comments

ynfloed FNP op Europeesk belied...

Jawis, moarn gean ik der hinne. De byienkomst fan EFA-partijen op Mallorca. Dêr sille tal fan saken bepraat wurde: it programma fan de EFA (Europeeske Frije Alliânsje yn it Europeesk parlemint) foar de Europeeske ferkiezings 2009, moasjes foar mear demokrasy yn Tibet, it erkennen fan Kosova en it talitten dêrfan ta de EU, foar in eigen steat foar de Palestijnen. Last but not least sille 'Die Friesen', ús susterpartij yn East-Fryslân, nei alle gedachten waarnimmer wurde by de EFA! By al dy saken prate fertsjintwurdigers fan de FNP mei, kinne wy wizigings foarstelle en mei- of tsjinstimme. En dêrmei hawwe wy direkt ynfloed op wat der besluten wurdt yn it Europeesk parlemint, watfoar fragen der steld wurde oan de Europeeske kommisje ensfh! En dat is justjes fierder as Wolvegea of de Ofslútdyk...

Sybren Wednesday 09 April 2008 at 11:35 pm | | Default | Two comments

Belestingoanslaggen: earder en automatysk?

Begjin ferline wike hawwe wy it oanslachbiljet fan Boarnsterhim krigen. Ik nim oan dat de measte minsken en bedriuwen it doe ek krigen hawwe. Earlik sein binne dy oanslaggen fansels net wat om nei út te sjen, alhiel net as jo witte dat de belesting yn trochsnee mei 20% omheech gongen is. Der binne lykwols in tal saken dy't my opfallen binne, dy't better kinne. Yn it foarste plak it tiidstip fan ferstjoeren. Hjir yn Boarnsterhim sawat yn 'e earste wike fan april dus, mar ik wit dat der ek gemeenten binne dêr't it spul heal febrewaris de doar al út is. Wat makket dat út, soenen jo sizze? Wol, as gemeente hawwe jo it jild folle earder binnen en dat smyt rinte op (of jo betelje minder rinte by in skuld). Utgeande fan 8.000 wenhuzen en 1000 bedriuwen en in trochsneebedrach fan € 700 euro foar dy oardel moanne besparje jo dan al gau € 40.000 op jierbasis. OK, ik jou ta, net in gigantysk bedrach, mar moai meinommen. Earder ferstjoere, dus en it proses sa ynrjochtsje dat dat ek kin. Faaks dat jo mei de opbringsten wer in ein op wei binne om in fytspaad te beteljen!

Fierder waarden der tagelyk mei de oanslach mar leafst 5 akseptgiro's ferstjoerd oan ús as nije ynwenners om de belestings te beteljen. Wolle jo gebrûk meitsje fan in automatyske ynkasso oer 8 kear, dan moatte jo dêr sels efteroan. Net botte klantfreonlik, wêrom wurdt ús net fuortendaliks in machtiging tastjoerd foar automatyske ynkasso? Is de gemeente yn ien kear klear, wy, en de gemeente makket folle minder kosten fan akseptgiro's (betellingsferkear).   

Ik sil de FNP-fraksje ris freegje om hjir wurk fan te meitsjen!

Sybren Wednesday 09 April 2008 at 11:52 am | | Default | No comments

Hege wenlêsten Boarnsterhim

Breed-út is it yn de parse kommen, de minne finansjele situaasje fan Boarnsterhim. Dit jier gean de OZB-lêsten mei 20% omheech (grutste stiging fan hiel Fryslân) en de priis fan de rydbewizen wurdt de op ien-nei-heechste fan hiel Nederlân. Jo soenen sizze: de gemeenteried soe, as folksfertsjintwurdigjend orgaan, dochs wol witte wolle wat de oarsaken binne en dêr wat oan dwaan? In moasje fan de FNP op 18 desimber 2007 soe helderheid jaan kinne: Moasje: 'Dringt aan op een onafhankelijk onderzoek in te stellen naar de redenen van het ontstaan van de slechte financiële positie van de Gemeente Boarnsterhim en de leerpunten die daaruit naar voren komen'. Mar, de mearderheid woe dêr net iens mei ynstimme!

Watfoar lessen kinne wy leare út it ferline en wa wienen ferantwurdlik? Dêr moatte jo as folwoeksen minsken dochs oer prate kinne? Sels haw ik ek noch wol ideeën op basis fan myn ûnderfining yn Ljouwert. Hooplik is dit wer in triuwke yn de goede rjochting...

Sybren Monday 07 April 2008 at 08:08 am | | Default | Four comments

Boarnsterhim: gemeenteried foarop!

In skoftke folgje ik de gemeenteried fan Boarnsterhim no. Wol op in ôfstân, mar goed, in tal saken falle my as âld-riedslid fan Ljouwert wol op. En dan begjin ik mei de wurklist (aginda) fan de gemeenteried. Dat is it earste dêr't jo as ynwenner fan in gemeente mei konfrontearre wurde. En dan is dochs wol opfallend dat op gearkomsten fan de ried hiel faak as ien fan de earste punten "Meidielings fan it kolleezje" stiet, en dat it punt 'Gelegenheid foar riedsleden om fragen te stellen' hast as lêste, krekt foar it sluten noch efkes behannele wurdt.

Dêrmei nimt de ried himsels yn myn eagen absolút net serieus. As jo wichtige fragen hawwe dy't út 'e mienskip wei komme, of oangeande bygelyks de finânsjes (op 't stuit hiel belangryk, liket my!), dan moatte jo dat fuortendaliks oan 'e oarder stelle kinne, as de oandacht noch maksimaal is en net helendal oan 'e ein, as elkenien nei hûs ta wol, of noch in slokje hawwe wol. Ek de parse is dan al fuort of hat faak syn nocht, wit ik út ûnderfining as it lange gearkomsten binne.

En it kolleezje dan? Dy kin eventuele meidielings fansels wol safolle mooglik skriftlik (brief) of oer de mail nei de riedsleden ta stjoere. Mei mûnlinge meidielings dy't sa efkes dien wurde, oerfalt se de riedsleden, dy't nergens op taret binne. It kolleezje moat gewoan tekst en útlis jaan by de ûnderwerpen dy't troch riedsleden (fraksjefoarsitters) oan 'e oarder steld wurde!

Ik wit net hoe't dizze folchoarder sa ta stân kommen is. As it ûnbewust, sûnder neitinken, bart is, is it saak om it oan 'e oarder te stellen en te feroarjen. Mar faak binne ditsoarte fan saken gjin tafal, is de ried doelbewust 'bûten spul' setten. Wat jo dan as fraksje te dwaan stiet, is jo fragen ek skriftlik op pepier sette en iepenbier meitsje, sadat ek de ynwenners fan jo gemeente en de parse weet hawwe fan wat der spilet.

Sybren Sunday 06 April 2008 at 5:24 pm | | Default | No comments

Us Mem komt nei Reduzum

Fan Ljouwert nei Reduzum; earst wy, skielk Us Mem?

De kearnwurkgroep hat it ôfrûne jier drok dwaande west mei de plannen foar it werynrjochten fan it carpoolplak by de Blauwe Tinte. Om ‘t it Frysk Rundvee Stamboek (FRS) 129 jier lyn oprjochte is yn kafee de Trije Romers, hat Doarpsbelang besocht it byld nei Reduzum te heljen. Ljouwert is ree om mei te wurkjen oan dit plan. Hja fine dat it byld fan Us Mem yn de stêd net goed ta syn rjocht komt. It plan sil presintearre wurde op de jiergearkomste 3 april o.s.

Boarne: http://www.reduzum.net/mods/linepraatsjes.php?p=2&id=550

Sybren Tuesday 01 April 2008 at 7:28 pm | | Default | No comments