Sa moat it net, yn it Europarlemint!
Tekenje foar oanwêzigens, fuort nei hûs en in protte presinsjejild opsmite. Sa kin it dus net! Filmke (dêr't trouwens gjin EFA-parlementariërs te 'spotten' binne...
Tekenje foar oanwêzigens, fuort nei hûs en in protte presinsjejild opsmite. Sa kin it dus net! Filmke (dêr't trouwens gjin EFA-parlementariërs te 'spotten' binne...


It referindum yn Ierlân oer it ferdrach fan Lissabon hat west. De útslach is helder, in mearderheid tsjin. En oars as by it diskutabele Saailân-referindum yn Ljouwert wie der diskear gjin minimale opkomst nedich. Lykwols, yn hoefier wurdt de stim fan 'e demokratyske mearderheid heard? Wat wurdt der dien mei dizze streekrjochte en dúdlike ôfwizing?
It hat der alles fan dat oer de miening fan 'e mearderheid fan de befolking hinne walst wurde sil. Wat sei Balkenende derfan? 'De Ierse regering kan besluiten de uitslag van het referendum te negeren. Net samar, sa'n útspraak fansels. JP hie krekt in 'wichtige' byienkomst meimakke en dêr grif wat 'ynstruksjes' krigen! Frankryk wol dat der in nij referindum hâlden wurdt yn Ierlân. Of dat der -alwer - in oar, nij ferdrach makke wurdt. Mar, Ierlân hie earder, yn earste omloop, it ferdrach fan Nice ek al ôfwiisd. Boppedat wie de mearderheid fan de befolking fan Frankryk en Nederlân net ree om yn te stimmen mei de Europeeske grûnwet by referinda dêroer.
Ik moat earlik sizze dat ik by in nij referindum no Nee stimme soe, wylst ik de foarige kear Ja stimd haw. De boargers dy't by de referinda Nee stimd hawwe binne net ree foar in ûndemokratysk Europa fier fan hûs mar wolle it foech ticht by hûs en mear ynfloed op 'e ûntwikkelings. Wy sille de demokrasy en dêrmei de útslach fan de referinda respektearje moatte.


De EFA hat mei de Greens 42 EP-ers, út 10 lidsteaten. En dêrmei net yn 'e gefaresône. Lykwols, demokrasy bestiet by de graasje fan it rekken hâlden mei mearderheden én minderheden, dus al dy lytse(-re) fraksjes sille ek in ridlik, proporsjoneel, budzjet hawwe moatte om har taken dwaan te kinnen. Ek al soe ús groep, dy't no de 4e groep yn grutte is, trochgroeie nei in tredde of twadde plak, dan bin ik der wis fan dat sy foar finansiering fan de lytse fraksjes wêze soenen.
Dat ek de 'lytsere' partijen lykas de EFA foar de takomst fan in demokratysk Europa tige fan belang binne, docht wol bliken út dit berjocht: Grikelân docht werklik alles om it bestean fan Masedoniërs en har lân te ûntkennen en de EFA stelt dat ûntkennen - fansels - oan 'e kaak.
De wrâld liket yn ûnstjoer. Orkanen, ierdbevings, aksjes, hege itens- en oaljeprizen, 'war on terror'.
De ôfrûne dagen binne der wer tal fan yndikaasjes dat alles net sa 'tafallich' is as dat it miskien wol liket:
1. filmke: ierdbeving Sichuan feroarsake troch it troch minsken makke, duvelske Haarp-systeem?
2. 'war on terror': Amerikaanske regear skuldich oan 9-11, Bush joech opdracht?
3. Rumsfeld woe in 9-11 yn Europa.
4. de priis fan ús iten: spekulaasje driuwt priis op.
Neikommen: sjoch ek dit nijsgirrige stik oer enerzjy en befolkings-polityk!