ynternasjonale gasten op besite...

Juster bin ik ynterviewd troch Arno van der Zwet, ien dy't ûndersyk docht nei de relaasje tusken de FNP en de SNP. De Ljouwerter krante hat dêr freed ek oer berjochte, mei in hiel aardich artikel. Freedtejûn hie ik de jonge ûndersiker oars al troffen, by in tige slagge jûn oer de Wetterskipsferkiezings yn it Woudagemaal op 'e Lemmer (sjoch foto). Ien fan de plakjes yn Fryslân dêr't ik noch nea west hie.
En ôfrûne tiisdei wie hjir in groep bestjoersleden en fraksjeleden fan de SSW yn Sleeswyk-Holstein te gast, dy't har ynformearje litten hawwe oer ús partij en de ûnderfinings mei de EFA. Op 9 septimber sil ik foar in ferfolchôfsofspraak nei Flensburg ta. Alles mei alles in drokke wike, mar wol tige nijsgjirrich en ynspirearjend!

Sybren Sunday 31 August 2008 at 2:39 pm | | Default | No comments

sluiting vliegbasis leeuwarden

Begjin 2006 wie ik de earste dy't út namme fan de FNP-Ljouwert it nijs nei bûten brocht: yn 2010 of flak dêrnei slút de fleanbasis Ljouwert. Dat hat doe wiidweidich yn it nijs west, mar de 'offisjele' reaksjes wienen in bytsje fan: de FNP betinkt mar wat, 'broodje aap' ferhaal. Mar wy wisten wol better. Nei de earste ynterne berjochten seach ik op de statistiken fan dizze en oare websiden wol dat minsken konstant titels lykas boppesteande fia de sykmasines yntoetsten, faak mear as ien kear yn 'e moanne. En, it wurdt no wer wat konkreter. Ik haw justerjûn heard dat de sloop en de weropbou fan in pleats (blog 13 augustus 2006) oan 'e oare kant fan de dyk mei de wittenskip fan no troch definsje net mear bart wie. Ek soenen se har op 'e fleanbasis al deljûn hawwe by de sluting, sa wurdt ornearre.

Nei't wy de fragen steld hawwe, is it earst in skoftke frij stil bleaun. Mar frij gau kamen der ek fragen fan oare partijen. De tiid sil leare hoe't it komt...

Sybren Saturday 23 August 2008 at 1:34 pm | | Default | No comments

Fertrouwen yn de EU ôfnommen

Dat wurdt noch wat takom jier juny. Dan, yn 2009, binne de Europeeske ferkiezings. Wat wie it nijs juster fan it CBS? 'Scepsis over Europa toegenomen'. Wichtichste konklúzjes binne (sjoch ek kaartsje):

Sinds het begin van de jaren negentig is de Nederlandse kiezer sceptischer geworden over Europa. Alleen de allerjongste kiezers (18–25 jaar) lopen echt warm voor Europa.

In 2006 is een duidelijke meerderheid van de kiezers tegen een verdere Europese eenwording: 55 procent is daar tegen, 26 procent is voor en 19 procent neemt een middenpositie in. Het wantrouwen tegenover Europa is daarmee aanzienlijk groter dan aan het begin van de jaren negentig. In 1994 waren er nog meer voorstanders (38 procent) dan tegenstanders (30 procent) van een verdergaande Europese eenwording.  

Fierder wurdt dúdlik dat fan gjin inkelde partij-efterban fan 2e keamer partijen mear as 50% betrouwen hat yn de EU. Neffens myn persoanlike miening is soks werklik werom te lieden op mar in pear saken: it referindum oer de grûnwet, de euro en de ynflaasje en ek it gebrek oan ynformaasje oer wat de EU konkreet docht yn jo leefomjouwing. En fansels dat minsken graach ynfloed hawwe op wat der yn har eigen omjouwing bart (en dat de EU dan wol op in frij grutte ôfstân stiet). Mochtsto der folslein oars oer tinke dan hear ik dat fansels graach. Mar it kin ek sa wêze dat kiezers net noch mear ynfloed cq macht takenne litte wolle oan de EU. Tusken 1994 en no is de EU fansels folle grutter wurden kwa ynwennertal en kwa foech.

Dat kiezers - oer it generaal - it measte betrouwen hawwe yn 'oare minsken' en net yn politike organen jout te tinken. Politisy hearre gjin machtsspultsjes te spyljen om persoanlik gewin of foar in lyts klupke minsken op te kommen dy't oan de toutjes lûke. Koartlyn waard ik troch in callcentre belle om't ik - neffens har - mooglik ynfloed hawwe soe op de politike beslútfoarming yn Brussel oangeande beskate yndustrieën, en foar watfoar bedriuwen as ik dan wol of net opkomme woe. Net te leauwen fansels en mei reden foar dizze blog. Freonlik haw ik betanke en it tillefoanpetear eindige!

Sybren Tuesday 19 August 2008 at 8:50 pm | | Default | No comments

Frankryk 'om', Welsk ko-offisjele EU-taal!

Nei in moaie en relaxte fakânsje op it eilân fan Bear Boeloe kaam ik werom en seach twa tige positive nijtsjes:

- Frankryk is 'om': de oare, autochtoane talen yn de Frânske steat (lykas it Bretonsk, Baskysk ...) hawwe no it predikaat 'part of France's heritage' krigen en hawwe dêrmei in beskate erkenning krigen! It moast wol (hiel) fier wei komme mar de earste stap is makke, nei ieuwen fan wetjouwing en regels dat der gjin oare talen yn Frankryk bestean soenen. Yn Europeesk ferbân soe dat ek wolris positive gefolgen hawwe kinne, om't Frankryk as steat geregeld dwerslei as it om befoardering fan de 'minder sprutsen' talen gong.

- Welsh ko-offisjele taal yn de EU: nei it Baskysk, Galisysk en it Katalaansk no ek in offisjele status foar it Welsk op Europeesk mêd. In moaie opstekker foar de ynwenners fan Wales en yn it bysûnder in lokwinsk oan ús freonen fan de Plaid Cymru dy't dêr hurd foar wrotten hawwe!

Sybren Wednesday 13 August 2008 at 5:17 pm | | Default | No comments