fakatuere: EFA-stazjêre/traineeship

Lês hjirre de advertinsjetekst, en mear ynformaasje. Foar fragen oer de EFA, FNP kinst ek kontakt mei my opnimme (adresgegevens hjirneist). Ast reagearrest, súkses!

Lês hjirre de advertinsjetekst, en mear ynformaasje. Foar fragen oer de EFA, FNP kinst ek kontakt mei my opnimme (adresgegevens hjirneist). Ast reagearrest, súkses!

Op 'e side wurdt û.o. oanjûn yn hokker lannen en op watfoar dagen der sproeid wurde sil. Sjoch nei de loft en ferlykje it mei de data op Owsweather.com


UPDATE 22 septimber: sjoch dit stikje mei filmke en dit oangripend en skokkende filmke...

Wat is der no noch mear oan 'e hân? It Europeesk parlemint is it iennige parlemint yn 'e wrâld dat sawat permanint op twa lokaasjes gearkomt (Brussel en Straatsburch). En de kosten? € 200 miljoen op jierbasis. Dat is sawat € 0,50 de boarger. Liket net in soad, mar dat is wol in bedrach dêr't bygelyks in stêd as Ljouwert, mei 95.000 ynwenners, alle jierren de sinteklaasyntocht of in grut part fan 'e kosten fan it âld- en nij feest mei bestuiverje kin (wat altyd wer mei lijen byelkoar finansierd wurde moat). En yn in plak as Reduzum, mei 1100 ynwenners, kin mei in goede € 500 in moaie aktiviteit foar de skoalbern betelle wurde. Ik bedoel mar. De hiele moanlikse karrousel fan Brussel nei Straatsburch en werom moat mar ris dien wêze. In relikt út it ferline, dêr't lidsteat Frankryk blykber fûl foar striden hat, mar wat net mear te ferantwurdzjen is. Dit binne saken dêr't boargers har yn myn eagen terjochte lilk oer meitsje. It ynstoarten fan it dak liket my in moai momint om nochris te sjen oft dit wier net oars kin.
In skoftke lyn hawwe wy de oprop dien wat der oars moatte soe yn Europa. Noch hieltyd - oant novimber - binne meldings wolkom, ek fia dizze website. Persoanlik wie ik de lêste dagen (sjoch eardere blog) yn Flensburch. It is my opfallen dat der, yn tsjintstelling ta in pear jier lyn, wer folle mear grinskontrôles binne. Yn Flensburg fertelde in taksysjauffeur my dat er oanhâlden wie troch de Deenske plysje om't er in pear flechtlingen yn 'e taksy nei Denemarken oerbrocht hie en dêr in hiele fikse boete oan oerhâlden hie. De rjochter fertelde him dat er eins earst goed kontrolearje moatten hie wa't de minsken wienen foardat er se de grins oersette soe. Eins kaam it der op del dat de taksyman de rol fan 'e plysje oernimme moatte soe. As er wer yn oertreding komme soe, koed er in finzenisstraf fan 50 dagen krije! Dat lot treft net allinnich him, mar alle taksysjauffeurs yn it Deensk-Dútske grinslân. Jo kinne jo yntinke dat doe't ik fertelde dat ik dêr út namme fan in Europeeske politike partij wie, hy fuortendaliks begûn te rachen op alles wat Europa wie, want dy hienen dat allegear betocht, wie it net?
Tusken Leer (East-Fryslân) en Nijeskâns tilde it juster ek op fan 'e plysjes, sawol yn 'e trein as op 'e dyk. Dat, wylst yn it akkoart fan Schengen ôfpraat wie dat 'ynterne' kontrôles by de binnengrinzen allinnich yn in beheinde perioade soenen yn it gefal fan ûnfeiligens of as de iepenbiere oarder dat fereaske. Hokker ûnfeiligens of oantaasting fan de iepenbiere oarder wie juster of de lêste tiid oan 'e oarder? De plysjes makken ek op in rare wize gebrûk fan har macht en autoriteit; in pear frij donkere minsken waarden tidenlang ûnderfrege wylst harren paspoart gewoan yn 'e oarder wie en, gebrûk meitsjend fan har macht en autoriteit, in kreaze jonge dame waard útkloarke wêr't se weikaam en wêr't se hinne woe.
Dat is net it Europa fan de frije grinzen dat wy foar eagen hawwe. It heart ek foar it gefoel in frij reizgjen te wêzen, sûnder allegear kontrôles.
NB: hasto ek ûnderfinings lykas boppesteand, lit it witte!


De FNP is lid fan de EFA en is dêr ek yn it bestjoer fertsjintwurdige. De EFA hat op dit stuit 6 minsken yn it Europeesk parlemint.
Foardiel fan de kontakten op Europeesk nivo fan de FNP te'n opsichte fan de partijen yn de Twadde Keamer is dat de FNP streekrjocht kontakt hat tusken de regio Fryslân en syn ynwenners en de Europarlementariërs. As der wat spilet kin de FNP dêrtroch fluch en sûnder 'yntervinsje' fan hegerop operearje.
Hast goede programmapunten? Nim foar 1 novimber kontakt mei my op, oer de mail of tillefoan (sjoch foar adresgegevens hjirneist op dizze site).
Genietsje fan in machtich moaie taspraak, fia dit filmke. Persoanlik haw ik se sa noch net earder meimakke. Wekker-wurd polityk fan de boppeste planke. Demokraat (kongreslid) Dennis Kucinich fertelt Amearika de wierheid. Mar de ynhâld fan syn speech jildt yn prinsipe foar alle westerske lannen; wy wurde op grutte skaal bedondere troch ús regearen.

Hjoed efkes nei de toskedokter west (lokkigernôch gjin gatsjes of oare mankeminten). Oant safier neat bysûnders. Mar, by it meitsjen fan in nije ôfspraak kaam it hege wurd der út. Doe't ik achter de assistinte stie en seach hoefolle persoanlike gegevens fan my oer it byldskerm rôlen, ferûntskuldige de toskedokter him suver en die syn beklach. Alle ynformaasje oer syn pasjinten wurdt opeaske troch de oerheden en opslein yn sintrale databases. It gong him dúdlik te fier. Hjoed wie der mear nijs oer de oantaasting fan ús persoanlike privacy.

Slim soargen meitsje ik my oer wat de lêste tiid bart is mei it near lizzen - ek yn Nederlân - op krityske minsken dy't dit allegear oan 'e oarder stelle. In skoft lyn hat bygelyks de redakteur fan stormwaarschuwing.nl syn wurk dellein. In skoftke hat er syn warskôgjende wurden en wêrom as er ophâlden is noch ferantwurde op dizze site, mar neffens syn sizzen waard er sa bedrige dat er in ein makke hat oan syn krityske teksten oer de Nije Wrâld oarder, kampen yn Amearika ensfh. En hjoed wie der noch nijs dat krityske media of persoanen ophâlde moasten: Adam Curry moast by Arrow radio wei en twa programma's fan RTL binne fan it ynternet helle. Op hokker momint giet oantaasting fan privacy oer yn oantaasting fan ús frijheid?