Foto: De Kapitan Khlebnikov yn it driuwiis yn it North-West Passage gebiet.
Al earder haw ik witte litten dat wy alle slimme ferhalen oer klimaatsferoarings troch CO2 kritysk beskôgje moatte en net samar foar wier oannimme moatte. Hjir stiet in stik fan Prof. Begemann, emeritus heechlearaar fan de Technyske universiteit fan Eindhoven (boarne: Klimatosoof.nl):
'2 dagen weer terug in Nederland van een semi-wetenschappelijke expeditie naar het Canadese en Groenlandse Noordpoolgebied lees en zie ik nieuws dat rondje Noordpool varen nu mogelijk is. Wetenschappers hebben satellietbeelden geanalyseerd en vastgesteld dat er zoveel ijs is gesmolten , dat de doorvaart boven Canada, de North-West Passage, bevaarbaar is . Laat ik nou toevallig van 22-25 augustus, aan boord van de Russische ijsbreker Kapitan Khlebnikov in en rondom de North-West Passage gevaren en door het ijs geploeterd hebben, omdat onze expeditie op 26 augustus in Resolute eindigde , vanwaar we per vliegtuig naar Ottawa terugvlogen. Mijn ervaring ter plekke werpt een ander licht op dit verhaal van wetenschappers die aan hun bureau satellietbeelden bekijken en dan een nieuwsprimeur over de gevolgen van het broeikaseffect
proberen te krijgen. Daarom hieronder de genuanceerde realiteit.
Varen in het Noordpoolgebied.
Na expedities naar Antarctica, het Noordpoolgebied bij Spitsbergen, Alaska en Siberië (Beringstraat) met z.g. ijsversterkte expeditie schepen zouden we dit jaar doordringen in de grenzen van bevaarbaar Canadees en Groenlands vaste land in het uiterste Noorden, diep in het Noordpoolgebied. Dan heb je dus een ijsbreker nodig. Twee jaar geleden werd ook een primeur georganiseerd met onze ijsbreker, nadat wetenschappers riepen dat er zoveel ijs gesmolten was dat je nu een rondje Groenland kon varen. Dat is een hele dure mislukking geworden. Bij de noordpunt van Groenland kwam de Khlebnikov vast te zitten, ondanks het feit dat satelliet-ijskaarten in eerste instantie aangeven dat doorvaart mogelijk was. Helaas draaide de wind toen.
Een Russische atoom ijsbreker heeft uiteindelijk redding moeten brengen, nadat de Khlebnikov 4 dagen muurvast had gezeten. Geen rondje Groenland dus.
Op onze zojuist volgens plan voltooide reis was één van de studie onderwerpen uiteraard: hoe vaar je door gebieden met drijfijs en ijsbergen? Uren op de brug meekijken naar satteliet-ijskaarten, hoe het schip een weg probeert te zoeken door ijsvelden en de onzekerheid hoe het verder op de route zal zijn maakt er een spannend en facinerend schouwspel van. Het schip heeft niet voor niets een helicopter aan boord , want als de kapitein en de ijsmeester (!) het niet vertrouwen stijgt de helicopter van het varende schip op met de ijsmeester om de zaak verderop te verkennen en de makkelijkste weg te vinden. Kortom satellietbeelden zijn slechts een beperkt hulpmiddel want de situatie , i.h.b. met drijfijs kan in een paar uur drastisch veranderen .
En in en rond de Northwest Passage kwamen wij aan het einde van het zomerseizoen nog zoveel ijs tegen dat een gewoon schip daar nog niet doorheen kan. Geen rondje Noordpoolvaren dus !
De Noordpool en het “broeikaseffect “.
Tijdens onze expeditie was natuurlijk het broeikaseffect en de opwarming van de aarde en de gevolgen voor de Noordpool en de ijsberen een centraal thema. Omdat waarheidsvinding cruciaal begint te worden, enkele m.i. schokkende bevindingen, waar ik mij gedwongen voel t.z.t. op terug komen. Een klein voorproefje:
Tijdens mijn bezoek aan Eureka, het meest noordelijke civiele weerstation ter wereld kreeg ik inzage in de temperatuurmetingen ter plekke van de laatste paar jaar. Wat blijkt: de zomers zijn warmer, echter de winter kouder en hij duurt een maand langer !!! Ook dit jaar tijdens ons bezoek begon de ijsvorming al , een maand eerder dan normaal. Gemiddeld is de temperatuur niet gestegen. Echter het meerjarig drijfijs is wel afgenomen . Dit wordt dus niet veroorzaakt door gemiddeld hogere temperaturen en moet dus veroorzaakt worden door iets anders. Men heeft sterke vermoedens wat dit moet zijn en onderzoekt dit verder. Ik wil hier volstaan met de opmerking van de baas van Eureka: “Wij praten niet meer over het broeikas-effect en de opwarming van de aarde maar over toenemende weersextremen“!
En als je dan honderden kilometers ten noorden van Eureka net twee recentelijk onderzochte archeologische sites heb bezocht waar men tot de conclusie is gekomen dat de ene 1500 jaar oud is en dat de eskimo’s er van de traditionele jacht op land-en zeedieren leefden, maar de andere 4000 jaar oud is en dit landbouwers (!) waren , dan vraag je je af waarom we dat niet horen! Er zijn dus enorme klimaatveranderingen geweest in het Noordpoolgebied in de afgelopen paar duizend jaar, waar de mens en CO2
niets mee te maken hadden. Bovendien hebben we pas in de loop van de afgelopen eeuw heel langzaam meer inzicht gekregen hoe dat gebied eruitziet en wat er gebeurt. De tijd is gekomen dat er een kritische toetsing komt van de informatievoorziening over klimaatverandering door deskundigen die geen belang hebben bij een eenzijdige berichtgeving. Dit geldt i.h.b. voor wetenschappers wiens carriere nog afhangt van hoeveel geld ze binnen kunnen halen voor onderzoek als je er maar de verstikkende CO2 label aan kan hangen. Immers als het “wetenschappelijk “bewezen is moet het wel zo zijn. Nee dus!
Prof.Dr. Ir. S.H.A. Begemann,
fysicus en emeritus hoogleraar TU/E
Sptigernôch koe ik der fan sneon op snein spitigernôch net bywêze. In
fartochtje tusken Grou en Reduzum, mei as einpunt de nije wenwyk it Swinlân, dêr't alles mei LED-lampen ferljochte wurdt. In hiel gioed alternatyf, as jo it my freegje. As alle ferljochting yn Boarnsterhim mei LED ferljochte wêze soe, soe de gemeente € 200.000 besparje kinne. As dat gjin goede besparringstip is? Mar blykber hat de befolking net sa'n hege pet op fan it kolleezje fan dizze gemeente, as jo boppesteand boerd lêze: 'Kameleon kolleezje'.
De ynternasjonale kredytkrisis is no in feit. En ek de oandielebeurzen geane noch mear omleech. Ik realisearje my, wat mear wy der oer prate en skriuwe, wat mear wy ússels de ekonomyske put yn prate en eins soe ik dêrom dit stikje miskien helendal wol net skriuwe moatte. Mar dochs, der binne oanwizings dat it allegear mei opsetsin yn gong setten is. En, dat net allinnich de banksektor omfalt, mar ek de Amearikaanske federale oerheid. Dy't it foar de beurskrisis allegear witten hat, hat goud fertsjinje kinnen troch te spekulearjen op koersferliezen. En guon hawwe dat ek mei súkses dien. Der liket my dus alle reden om der al oer te skriuwen.
Persoanlik tink ik ek dat dizze 'troubles' noch mar it begjin binne fan folle slimmere saken as wy der net om tinke mei ús allen. Dy't wat oare media folget as de reguliere moat ek wol ta dy konklúzje komme. Neffens de site 'Global research' binne der plannen yn 'e maak foar in 'martial law' yn de USA, sis mar in steat fan belis. Dan kinne in hiel soad wetten foar de beskerming fan de befolking oan de kant skood wurde, foar safier't se der noch binne fansels;)- It is de fraach wat der 'oerwaait' nei Europa. Lit ús der mei-elkoar foar stride dat bygeand senario gjin wierheid wurdt.
Sneontejûn hawwe
wy iten yn
restaurant 'By us'. Foarhinne Klein Java, oan 'Oer de kelders'. Ferwachtsje fan my net in folsleine resinsje fan wyn oant en mei WC's en alles dêrtusken, mar dit is in geweldige - Fryskfreonlike - oanwinst foar de binnenstêd fan Ljouwert. Ik wie der al geregeld foarby fytst, en al entûsjast rekke troch de earste oanblik oan 'e bûtenkant en fansels, yn alle earlikheid, de sfearfolle namme fan it etablissemint.
By it ynkommen rûkte alles noch as nij, it wie tige sfearfol ynrjochte. Us jassen waarden kreas yn ûntfangst nommen en dêrnei earst efkes 'lounsje' by de iepen hurd (stookt op miljeufreonlike bio-ethanol). Noflik en fertroud. De ûntfangst yn ús eigen taal spile ek net swak by yn it thús fielen. It iten sels wie geweldich. Gjin standert-menukaarten, mar de kreativiteit fan de kok, dy't wy trouwens fia in kreaze iepen keuken yn 'e gaten hâlde koenen. Ek oan spesjale winsken koe foldien wurde. Lykas in goed alternatyf foar de fegetariërs of wat oars as iis nei. It personiel wie ek tige freonlik. Moaie webside (tip: soe ek noch twatalich Frysk-Nederlânsk kinne). Wie der dan gjin inkeld kritykpuntsje? No ja, ien 'minor point' dan miskien. It personiel koe wat lêstich oan 'e achterkant fan 'e tafels komme, bytsje krap. Mar it wie yn 'e praktyk ek wer net sa'n punt, want de noch jonge servearsters wienen sa slank as in din. Prizen net raar, alles kloppet gewoan. In treflik plak om werom te kommen...
Juster (18 oktober) wienen
Die Friesen by de FNP op besite. Op 'e foto stiet it hiele selskip, foardat wy in rûnlieding krije soenen by Tresoar (mei spesjaal omtinken foar East-Fryslân en saken dy't foar it hiele gebiet nijsgjirrich binne, lykas de Ald-Fryske rjochtsteksten en in besite oan de 'skatkeamer' fan Tresoar, dêr't ek it orizjinele Frijheidsprivileezje (sjoch foto hjirûnder) leit, dat oan de Friezen takend is mei as gefolch de tiid fan de Fryske frijheid).
Nei alle gedachten wurde Die Friesen op de kommende EFA-jiergearkomste yn maart (Barcelona) definityf lid fan 'e EFA. Der is ôfpraat dat wy elkoar yn alle gefallen ienris jiers treffe sille. As ûnderwerpen binne bygelyks neamd mienskiplik oparbeidzjen yn Europa en net te ferjitten elkoar ynformearje oer seediken en kustbeskerming. Kinne wy dêrby net in hiel soad fan elkoar leare oer de steatgrinzen hinne? Nijsgjirrich, ek yn dizze tiid fan de oansteande wetterskipsferkiezings...
Minister Bos fan finânsjes wol it 'oerstallige' jild fan de legere oerheden 'ôfreamje'. Dat wie syn opfetting doe't bliken die dat gemeenten en provinsjes jild dat se net fuortendaliks nedich binne, reservearre hawwe foar takomstige útjeften of gewoan as buffer, foar in part parkearre hawwe by bygelyks Iislânske banken, dy't yn 'e problemen kommen binne. Doe't ik dizze Nederlânske praktyk fertelde oan myn bûtenlânske EFA-freonen, wienen sy fan miening dat dit klearebare stellerij is. De autonomy en frijheid fan de legere oerheden wurdt slim oantaaste, sy koenen har net foarstelle dat dit by har barre soe... Troch in greep yn 'e kas te dwaan fan oare oerheden ûntnimme jo se alle ferantwurdlikheidsgefoel, om sunich oan te dwaan mei jild fan boargers of om rekken te hâlden mei takomstige tsjinfallers. Boppedat, der is mear oan 'e hân: wêrom hat De Nederlânske bank gemeenten net ynformearre oer ûnbetrouberens fan de net-kredytweardige banken? Yn 2001, fier foar dizze kredytkrisis, hat de BNG (Bank Nederlandse gemeenten) al ris in nijsgjirrich stik wijdt oan de ferdieling fan jild oer gemeenten en al as net rekken hâlde mei de reserves fan gemeenten. Wichtichste konklúzje: hâldt rekken mei de autonomy fan gemeenten. Ik bin net tige bibelfêst, mar 'Gij zult niet stelen' is der by my wol goed ynwreaun op 'e sneinsskoalle en dêr heart benammen it Ryk har oan te hâlden... .
In pear heftige blogs, mar it binne al saken dêr't oer praat wurde moat en it lit sjen dat wy gau wekker wurde moatte. No oer Amerika, dat foar toeristen wol 'Home of the free' neamd wurdt. Mar, hoe lang noch? Juster yn De pers in
skokkend ferhaal: 'Amerika is vervallen tot schurkenstaat'. Fier fuort, oare kant oseaan, mar wol yn in protte opsichten mei ferbûn. Yn in
ynterview stelt Naomi Wolf dat der 10 tekenen te sjen binne dat Amearika fasistysk wurdt. De grize giet je oer de grouwe...
In plysjesteat is Nederlân al. Yn in
artikel yn it NRC wiisden 15 heechleareren op dy 'status' as de tillefoan- en mailgegevens fan ûnskuldige boargers lang bewarre bliuwe soenen. Yntusken is it safier, nei de fakânsje dit jier is it wierheid wurden en binne twadde en earste keamer akkoart gongen. Wat wy perfoarst foarkomme moatte is dat wy noch fierder ôfglydzje rjochting in totalitêre steat of in
wrâlddiktatuer. De ûntjouwings binne wat my oangiet be-eangstigjend. Ien fan de nijste ûntjouwings is it saneamde 'Burgernet'. Yn Ljouwert al sawat
1500 dielnimmers, yn Dantumadiel om de 500 hinne. It liket no noch ûnskuldich, ommers jo kinne as tsjûge fan in ferkearsûngelok moai de gegevens trochspylje. En sa immen miskien in soad leed besparje. Mar wat as it polityk sjoen en mei de maatskippij in oare kant útgiet? Giet it de kant út fan bygelyks de eksposysje
'Wie kan ik nog vertrouwen?' Om in fergelyk te meitsjen: hoe gong it mei de minsken dy't yn de eardere DDR te witten dienen dat se net mear as ynformant foar de Stasi materiaal sammelje woenen? OK, ik sjarsjear mei opsetsin om minsken bewust te meitsjen wat der yn in hypotetysk gefal barre kin. Mar wy moatte ús wol bewust wêze fan 'e risiko's...
OK, it spile him net yn ús kontreien ôf, mar op himsels wol nijsgjirrich genôch. In grutte demonstraasje foar frijheid en tsjin alle kontrôles troch de oerheid en de ynperking fan boargerlike frijheden. Ofrûne sneon wie '
Volksopstand' yn Den Haach. Nuver genôch (?) wie Den Haach dy deis amper te berikken troch in ûntspoarde trein by Gouda en oare treinswierrichheden yn 'e rânestêd. Lykwols, de opkomst wie goed en (relatyf sjoen)
te ferlykjen mei in massa-demonstraasje yn Dútslân tsjin de oantaasting fan privacy. Wat my opfoel, net foar de earste kear, is dat der yn 'e mainstream media (grutte kranten, radio/TV) amper omtinken wie foar de demonstraasje yn Den Haach, wylst de namme dêrfan, it ûnderwerp en de opkomst (in plein fol mei tûzenen minsken) dêr wol alle redenen ta joegen. Ik haw ferskate media lêzen en besjoen sûnt sneon, mar der is my werklik neat opfallen fan ferslachjouwing oer it evenemint. Opmerklik dat de NOS de sneons wol
berjochte oer de demonstraasje yn Berlyn, mar swijde oer dy yn De Haach... Gjin omtinken of it
opblazen fan it omtinken foar beskate saken is ek in wize om de polityk wol of net klear te stomen foar spoeddebatten, nije regels of wetten...
Begjin dit jier is de Bayernpartei lid wurden fan 'e EFA. In partij út Beieren, swier konservatyf en tige rjochts, tinke jo? Ik kin jim gerêststelle, wy prate hjir oer in progressive partij mei
idealen dy't folle mear foech foar de eigen regio wol. In sterke, werkenbere regio yn Europa. Ferline wike snein wienen der ferkiezings yn Beieren, dêr't de CSU fiks ferlern hat. Tal fan
kopstikken fan dy (wol hiel behâldende) partij binne yntusken opstapt. In part fan it ferlies fan de CSU is nei de Bayernpartei gongen, dy't dêrmei it
bêste risseltaat yn 38 jier hie. Lykwols, hast 120.000 stimmen mar gjin sit yn de regionale lândei (parlemint). 'Tanksij' de kiesdrompel fan 5%. Net botte demokratysk, as jo it my freegje. OK, Turkije hat in noch hegere drompel fan 10% (net offisjeel, mar wol offisjieus om de Koerden bûten it parlemint te hâlden) mar op dy wize komme lytsere partijen en minderheden nea en nimmer yn in folksfertsjintwurdiging. In demokrasy wurket allinnich as alle partijen yn fatsoen mei elkoar prate kinne en meie.
|
|