Boarnsterhim: It moat earst op syn slimst...
It negative nijs fan en oer Boarnsterhim kin hast net op in minder momint komme. It Ryk, dat wol sizze Bos, Balkenende cs hawwe oankundige dat der tusken € 12 en € 40 miljard besunige wurde sil. Alteast, dat moatte wy ôfliede út berjochten út 'e krante. Lit ús mar útgean fan in bedrach fan € 20 miljard euro. Slim genôch fansels. En, tink mar net dat se op de JSF besparje sille. Nee, jo en ik sille it belije moatte. En dat betsjut ek nochal wat foar gemeenten. Under it motto 'Meielkoar trep op, meielkoar trep ôf' is nammentlik ôfpraat dat as it goed giet, de ynkomsten fan de gemeenten (gemeentefûns) lykop gean mei dy fan it Ryk. En oarsom. As wy útgeane fan de besuniging fan 20 miljard op in ryksbegrutting fan 222 miljard (dat is dus 9 prosint), dan hat dat fan gefolgen dat (rûchwei) 1,45 miljard op in bedrach fan dik 16,1 miljard (bedrach gemeentefûns 2009) besunige wurde sil. As jo dan sa'n bedrach fan 20 miljard hearre, koe ik it noch net helendal yn in ramt pleatse. Mar as jo sjogge dat it hast 10% fan 'e ryksbegrutting is, dan skrik ik yn alle gefallen wol eefkes. De gefolgen foar gemeenten as Boarnsterhim en Ljouwert? Net in lyts bytsje. Yn 'e sirkulêre oer it gemeentefûns fan septimber 2008 krijt Boarnsterhim foar de WMO € 1,53 miljoen en fan it gemeentefûns € 15,9 miljoen. Mei-elkoar € 17,4 miljoen. Dat betsjut takom jier neist de oankondige € 2 miljoen noch in fierdere besuniging fan € 1,6 mljoen? Foar in gemeente as Ljouwert binne de sifers noch dramatysker. Totale útkearing yn 2009 € 121,5 miljoen euro. Mei 9 prosint minder in besuniging fan € 10,9 miljoen yn Ljouwert op jierbasis? Bestjoerders, riedsleden en ynwenners, hâld jo fêst...B&W Boarnsterhim fuort; holle koel hâlde en oprêde

Op dit stuit hat achterom sjen net folle doel mear. Jo moatte nuchter foarút sjen en stadichoan wer stapkes foarút sette. Te begjinnen mei in iepenbiere 0-mjitting. Alle feiten op tafel, finansjeel, organisatoarysk en útfiering fan belied. En yndied, jo sille mooglik in artikel 12-status krije. Mar dat kin jo wol helpe om berch op. Freegje ek aktyf de ynwenners om rie. De rekkenkeamer docht al in oprop fia de webside! Wat de takomst fan 'e gemeente oangiet moatte jo altyd hoopfol wêze. Der hawwe wol mear gemeenten west dy't in beskate perioade yn finansjeel swier waar sitten hawwe. Gaasterlân-Sleat in skoft lyn, Frjentsjerteradiel en ek Ljouwert mei de OZB-krisis 1,2 ensfh. Ik bin benijd wat der moarn sein wurdt yn 'e iepenbiere gearkomste. As nije (waarnimmend) foarsitter fan de FNP yn Boarnsterhim sil ik fansels in eachje yn't seil hâlde en dêr't dat kin of nedich is helpe om 'op te rêden'.
Mars foar ûnôfhinklikens Kataloanje yn Brussel

klacht by VROM-ynspeksje oer Ljouwert
As riedslid haw ik yndertiid in soad kontakt hân mei in De Jong út Kammingabuorren (Uilenburgstate). Dat nei oanlieding fan it net neikommen fan bestimmingsplan-bepalingen yn in lyts part fan it Griene stjer gebiet fan Ljouwert. It is sa dat dêr in iepen en sljocht terrein komme soe, mar it omkearde ûntstie: allegear boskjes en bulten. It frije útsjoch wat de minsken earst hienen en wat fêstlein wie yn it bestimmingsplan is fuort. Op in bepaald stuit hawwe wy dêr ek fragen oer steld en in diskusje oer hân yn 'e gemeenteried. Ta in útdragen saak is it nea kommen. De kolleezjepartijen wienen it wakker iens mei de wethâlder en dan slane jo gjin dûk yn in pakje bûter ek al stiet it gelyk oan jo kant. Mar, no al wer jierren letter spilet it bestimmingsplan fan it Griene stjer gebiet en de man grypt no syn kâns. Rjocht sette wat net doogd. Om't er by amtners, bestjoerders en gemeenteried nul op it rekest krigen hat, tsjinnet hy no in klacht yn tsjin de gemeente Ljouwert by de VROM-ynspeksje. Hy hat my jûn belle en op 'e hichte steld. It is neffens my in goede saak dat boargers oanhâlde as storein as se yn har rjocht steane. Ik bin benijd hoe't it no ôfrinne sil...
Protestboerd yn Akkrum

De gemeente wol ferskate wenningboulokaasjes yn de doarpen ferkeapje. Dat smyt mei-inoar tsien miljoen euro op. Ek it eveneminteterrein soe ferkocht wurde, mar Pleatslik Belang is it dêr net mei iens.
De gemeente kin de sinten goed brûke, om wat te dwaan oan de minne finansjele posysje.
steaten Amearika los fan federaal regear?

FNP solidêr mei it Tibetaanske folk

Yn 2008 binne der wer op grutte skaal protesten útbrutsen yn Tibet.
Yn de hoop dat harren protest yn de oanrin nei de Olympyske spielen heard wurde soe troch de ynternasjonale mienskip gongen Tibetaanske muontsen en boargers op 10 maart 2008 de strjitte op om harren miening te jaan en harren ûnfrede te úterjen .
In protte Tibetanen binne nei dy protesten oppakt en moatte no harren straf út sitte yn de finzenis mei straffen fan 8 jier oant libbenslang!
Wy as FNP wolle solidair wêze mei de Tibetanen en as teken fan solidariteit hawwe wy krekt as ferline jier it kolleezje frege, op 10 maart de Tibetaanske flagge út te stekken.
Boarne: FNP Boarnsterhim.'Karrespoar' wurdt 4-baans autodyk
It heucht my noch as de dei fan juster. Wy wienen as FNP-fraksje troch de nije boargemaster, Dales, útnoege foar in petear. It wie yn 'e lêskeamer fan de ried, yn it âlde/fernijde stedhûs fan Liwwadden. Hy frege ús allegear wat wy dienen, in koart rûntsje foarstelle en dêrnei de politike ynhâld fansels. Hiel sympatyk hoe't er dat op in tige persoanlike wize die. Wat de ynhâld ongiet, wy hienen ús wat taret fansels. Ynstek fan ús wie 'Ljouwert' sintraal, yn it middelpunt fan tinken en ek kwa geografy. Net in perifear stedsje, mar in haadstêd mei mooglikheden. Wy hawwe him doe goed dúdlik makke dat yn ús fisy in suderseespoar 30 kilometer súdlik fan Ljouwert de haadstêd ûnderstek dwaan soe. Nee, wy moasten goede noard-súd mar benammen ek east-west ferbinings hawwe. Yn dat ferbân hawwe wy benammen wiisd op it smelle gefaarlike stikje dyk fan de ôfslútdyk nei Harns. Wy seinen him dat dat dochs te gek foar wurden wie. Hy soe der wurk fan meitsje. En, al by syn ynstallaasje wie dat te fernimmen. In protte pommeranten oanwêzich, sawol út Den Haach as ek út Amsterdam. Syn speech, foar in grut part 2-talich, klonk my as lij wetter yn 'e earen. Hjir stie in man dy't goed harke hie. Hy neamde dêr yn 'e grutte tsjerke it stik fan Surch nei Harns 'een karrespoor', treflik oantsjutten foar in begjin fan in súksesfolle lobby. Dêr moast ik efkes oan tinke doe't minister Eurlings hjoed it ferdûbele stik iepene fan de N31. Wa wit hat dat iene noflike petear noch in stjitsje jûn oan itjinge hjoed in feestje foar fierd is.stipe eigen Skotske steat groeit
'Neck and neck', it persintaazje Skotten dat foar in eigen steat (ûnôfhinklikens) is, groeit noch hieltyd en is no sawat like heech as it persintaazje tsjinstanners. De ûntjouwing fan de lêste jierren falt hjir te lêzen. Yn augustus 2007 wienen der noch 15% mear tsjinstanners as foarstanners, en no noch mar 2 %. Wat kin der yn oardel jier in soad feroarje! En wat yn Skotlân kin, kin fansels ek yn oare parten fan de wrâld... It toant wol oan dat it regear fan SNP yn Skotlân goed dwaande is. Gjin hegere gemeentebelestings, it omleech bringen fan belestings foar it bedriuwslibben, mear blau op strjitte. Hjir it oersjoch:
Agree that Scotland should negotiate independence:
August 2007 Yes: 35 per cent No: 50 per cent
November 2008 Yes: 35 per cent No: 43 per cent
February 2009 Yes: 38 per cent No: 40 per cent
Skotlân en de banken

De fûgels fan fantasia
Sakrekt krige ik dit berjocht fan skriuwer-keunstner Elmar Kuiper mei in nijsgjirrich meitsjende titel. Ik wit net oft ik sels hinne kin, mar eardere optredens fan him sprutsen my tige oan:
DE FÛGELS FAN FANTASIA
Elmar Kuiper skreau syn earste toanieltekst yn in linige, byldzjende en poëtyske taal dêr’t elemintêre tema’s as dea en iensumens net swak byspylje. Ferfrjemding, de langst om in oar te wêzen, stadichoan los te reitsjen fan de echte wrâld en op te gean yn in fiktive wrâld, binne wichtige skaaimerken fan it stik. Om dizze kearn hinne toarkje emoasjes as lust, agresje, benaudens en oergeunst. De fûgels fan Fantasia hat sawol absurde, dramatyske as teatrale trekken. Wês fan herte wolkom op ’e wrâldpremjêre fan dit oarspronklike Fryske stik!
útfieringsdatum plak tiid lokaasje
fr 27 febrewaris Húns 20.00 De Murdhoun
sn 28 febrewaris Húns 20.00 De Murdhoun
entree € 6 reservearje: 0517 341100 of elmarkuiper@hotmail.com
Fakatuere - meiwurker ûndersyksstifting EFA

