Ferline wike wie ik de tassen oan it pakken om de oare deis rjochting Barcelona ta te gean (jierlikse
ledegearkomste EFA). It is yntusken al wer in wike fierder en earst no kom ik der oan ta om efkes (koart) ferslach te dwaan. Boppe de foto fan de ministerskonferinsje. Yntusken hawwe yn 'e media al ferskate stikken stien. Under oare yn de
Ljouwerter. In sjoernaliste fan dy krante hat 3 dagen mei west en ferslach dien. It is fansels hiel goed dat de LC 'Europa' wat mear folget, hieltyd mear fan ús libben wurdt bepaald troch wat der yn Brussel oan besluten en regels nommen wurdt. Yn Barcelona is ek besluten dat
'Die Friesen' lid wurde kinne fan de EFA en de SSW waarnimmer. Foar de FNP fansels ek in
boppeslach! Op de
site fan de SSW seach ik trouwens ek dat de Noard-Friezen noch mear twatalige ferkearsbuorden krije kinne!
Tuskende de bedriuwen troch seach ik sawat alle jûnen plysje-helikopters oer de stêd fleanen. Wat wie it gefal? Allegear demonstraasjes, tsjin it plysje-geweld dat dêr earder dy wike by in ynsidint plakfûn hie en tsjin de krisis-besunigings fan 'Madrid'. It beeanstige my dat der sa'n plysje-macht wie, oeral yn Europa mear en mear repressy.
Ynhâldlik hat de FNP der op de gearkomste noch wol it ien en oar útsleept. Bygelyks in evaluaasje fan de Europeeske oanbestegings. Brussel moat net te burokratysk wurde! Persoanlik mocht ik noch de ferkiezingslist fan de SLP tekenje. Plakje 8, lykas earder neamd. Sjoch de foto hjirûnder. Takom jier nei alle gedachten in ledegearkomste yn Súd-Tirol!
Ofrûne wykein lies ik dat de Italjaanske postfassistyske partij Alleanza Nazionale (AN) har partij ûntbûn hat. Oant safier it goede nijs. Dêrmei wurdt ommers in punt setten achter de opfolger fan Mussolini's Nationale Fascistische Partij (PNF). De PNF hat derfoar soarge dat der in autoritaire steat oprjochte waard en dat oare partijen ferbean waarden. En, wy kinne allegear de perioade fan Wrâldoarloch II en de 'swarthimden'. Lykwols, de partij AN sil no fierder mei Forza Italia fan premier Berlusconi. Tegearre foarmje se dan de partij 'Volk van de Vrijheid' (PDL). En, wat net yn it nijs wie, is dat Berlusconi mei it CDA yn ien partij yn it Europeesk parlemint sit, de EVP (Europese Volks Partij, European People's Party).
Earlik sein fyn ik dit ûnbegryplik. It CDA soe fuortendaliks publikelik ôfstân nimme moatte fan dizze fusy en yn de EVP in diskusje begjinne moatte om de nije fusypartij PDL út har fraksje te setten. Lykwols, de hâlding fan it CDA is yn it ferline al earder bekritisearre. Blykber telt de macht swierder as demokrasy en mediafrijheid... Wy sille it hjiroer yn Barselona ek noch wol efkes hawwe. Tink der goed om, as jo by de Europeeske ferkiezings jo stim jouwe oan it CDA, jouwe jo dêrmei ek jo stim oan Berlusconi en de postfassisten, lykas Netwerk yn 2004 hiel goed analysearre hie... (merk op dat dy útstjoering der wie doe't elkenien syn of har stim al útbrocht hie).
Dizze wike krige ik te hearren dat ik op plak 8 fan de
SLP-list foar de Europeeske ferkiezings stean. In hiele eare fansels. Juster wie it ek al yn it
nijs. De
folsleine ynformaasje stiet trouwens op de nije 'FNP yn Europa-knop' op de FNP-side. It is fansels net samar in ludike aksje om mei nei bûten te kommen, jo kinne it ek sjen as in soarte fan protest. Yn wêzen binne de ferkiezings foar de EU no in farce, it liket nearne nei dat jo allinnich mar op lidsteat-nivo op steatspolitike partijen stimme kinne (yn Nederlân it bekende rideltsje CDA, PvdA, VVD ...).
De kâns dat ik yn juny foar de SLP yn it parlemint kom is hiel lyts. Mar dat makket ek net safolle út, want fia it bestjoer fan de EFA kom ik no ek al geregeld yn Brussel, yn datselde Europarlemintsgebou. En sa kinne jo as FNP-er wiswier ek ynfloed útoefenje en de stim fan Fryslân meitelle litte. Dy streekrjochte kontakten binne goud wurdich. No, earst nije wike mar nei Països Catalans (sjoch 2 blogs hjirfoar)...
Lit my dúdlik wêze, ik besykje wat it miljeu oangiet sa bewust mooglik te libjen en myn partij hat datselde stânpunt. Lykwols, jo moatte al de goede dingen dwaan en al helendal gjin diskutabele saken ferplicht oplizze dy't ek noch djoer binne. Dêrom haw ik, by útsûndering om't sa'n enerzjymjitter perfoarst net effektyf is, ús senator fan de OSF in mail stjoerd mei myn kritykpunten:
Ik haw kundskip nommen fan in útstel dat nei't ik fernommen haw op 24 maart yn 'e Earste keamer komt. It giet oer de saneamde Enerzjymjitter. No is it net myn bedoeling om by alle saken yn de Earste Keamer dij fuortendaliks fan myn miening te foarsjen, mar neffens my raast it ferplicht stellen fan sokke enerzjymjitters oan alle Nederlanners oan de protters. Wêrom?
1. it kostet in soad jild (ynstallaasje en apparaat gau in pear hûndert euro);
2. It grypt yn op jo privacy en is yn striid mei it Europeesk ferdrach fan de rjochten fan de minske;
3. it jout in soad strieling ôf;
4. It skynt dat konsuminten yn 'e praktyk net iens sa'n soad oan sa'n apparaat hawwe (konsumintebûn is tsjin), sjoch artikel konsumintebûn hjirûnder;
5. It is net frijwillich, it wurdt jo opkrongen.
Ik hoopje dat de OSF it ferskil meitsje kin op 24 maart.
Fan 25 oant en mei 29 maart sil in delegaasje fan 4 FNP-ers nei Barcelona ta (Kataloanje, mei as 'gasthear' de partij
ERC). Wy sille dêr it grutte kongres fan de
EFA besykje, mei dit jier leafst 150 dielnimmers. Persoanlik sil ik as bestjoerslid fan de EFA as Europarlemintspartij ek mei en ik sjoch der nei út! Wy sille dêr ûnder oare it program fêststelle foar de Europeeske ferkiezings, in tal moasjes yn stimming bringe oer û.o. de Gaza-strook en de sosjaal-ekonomyske krisis en der is op sneon 28 maart ek noch in ministerskonferinsje. Op dy ministerskonferinsje komme ministers oan it wurd út gebieten dêr't EFA-partijen yn it regear sitte, tink oan Skotlân, Wales, Galisië, Baskelân, Kataloanje ensfh. Fansels is der ek gelegenheid foar ûntspanning, bygelyks in tochtje troch de metropoal BCN. Hjirûnder stiet it program (yn grutte halen):
GENERAL ASSEMBLY 2009
EUROPEAN FREE ALLIANCE
BARCELONA, PAÏSOS CATALANS FINAL PROGRAM 26th – 28th March Venue: Hotel Catalonia Ramblas
26th March 15.30-20.30 EFAyouth General assemby
27th March 09.00-18.30 EFA General Assembly: European Elections, Political motions.
28th March 11.00-12.30 Ministerial Summit. Ministers of EFA governing parties, Signing of declaration and press conference.
28th March, 15.30-18.30 Visit to the Catalan Government Generalidad and guided tour in Barcelona.
Foto: mars yn Brussel, 7 maart 2009, mei links achter it spandoek dúdlik Nelly Maes, foarsitster EFA.
Of, wurdt dy 28e lidsteat it Skotlân of Baskelân? Yn alle gefallen hawwe juster tûzenen minsken demonstrearre foar in frij Kataloanje, in eigen autonome steat. Fansels hawwe se dêr ek al foar demonstrearre en har polityk ferienige yn Kataloanje. Mar juster dus mei tûzenen yn Brussel. In dúdlik sinjaal oan Europa. De foarsitster fan de EFA (memmepartij fan de FNP op Europeesk nivo) werhelle: 'If Madrid and Brussels do not offer the respect to Catalunya that it deserves then they merely encourage the path to independence'.
Yn
bygeand artikel (folsleine tekst hjirûinder) stiet dat Beatrix mooglik ek de Britske nasjonaliteit hat en dêrmei in dûbelde nasjonaliteit. It kabinet swijt dêr oer. Logysk, út kabinets-eachpunt dan. Elkenien dy't al in dûbelde nasjonaliteit hat wolle se dat stapke foar stapke ûntnimme. Mar blykber stiet de keninginne boppe de wet. Yn rommer ferbân, it keninklik-hûs, die dat in skoftke lyn ek bliken doe't prinsesse Christina
belesting ûntdûkt fia in kanaal-eilannekonstruksje. Neffens Balkenende soe by de besunigings alles besprekber wêze. Ik hoopje dat it Keninklik Hûs dêrby net 'boppe de wet' stiet (de jierlikse kosten binne leaft € 114 miljoen!).
Kabinet zwijgt over nationaliteit Beatrix
DEN HAAG - Het kabinet wil niets zeggen over de mogelijke dubbele nationaliteit van koningin Beatrix. Dat blijkt uit antwoorden van minister Eberhard van der Laan voor Wonen, Wijken en Integratie op vragen van Tweede Kamerlid Tofik Dibi van GroenLinks. Die had Van der Laan gevraagd of hij tijdens zijn benoeming tot minister door Beatrix ervan op de hoogte was gebracht ''dat ook zij een dubbele nationaliteit heeft''.
De bewindsman beantwoordde donderdag slechts dat ''koningin Beatrix beschikt over de Nederlandse nationaliteit''.
Brits
Er heerst onduidelijkheid over de nationaliteit(en) van Beatrix. Volgens sommigen kan zij door haar afstamming van prinses Sophia, keurvorstin van Hannover, de Britse nationaliteit claimen. De koningin zou dat echter nooit gedaan hebben. Ze geldt wel als 942e in de lijn van opvolging na de Britse koningin Elizabeth.
Ophef
Voor oud-hoogleraar migratierecht Jessurun d'Oliveira staat echter vast dat Beatrix naast de Nederlandse ook de Britse nationaliteit bezit. Het gaat om een gevoelige kwestie. Zo onstond begin 2007 in de Tweede Kamer ophef over de dubbele nationaliteit van de PvdA-bewindslieden Nebahat Albayrak (Turkije) en Ahmed Aboutaleb (Marokko).
Margriet
Bij prinses Margriet, de zus van Beatrix, is er alles aan gedaan om te voorkomen dat zij een extra nationaliteit kreeg. Prinses Margriet werd in 1943 geboren in Canada. De kamer waar zij ter wereld kwam was op dat moment tijdelijk onttrokken aan de Canadese wet, waardoor werd voorkomen dat zij de Canadese nationaliteit kreeg.
'Wit heit wol wat in narcis yn it Frysk is?', sa kaam ús Hannelys freed thús. Earlik sein moast ik it andert skuldich bliuwe, ik bin gjin rinnend wurdboek alhoewol't it Frysk wol myn memmetaal is. Mar sy wist it al, 'it is in titelroas', sei se. Leard op 'e trijetalige skoalle fan Reduzum. Sa kin se op har fyfde yn it Ingelsk hast ek al oant 30 telle.
Titelroas, ik hie der suver noch nea fan heard, neffens my sizze 99% fan de Frysktaligen 'narsis'. Op google krijt it 287 kear in fermelding. Mar wat in rykdom om ek te witten hoe't it hiel oars skreaun en sein wurdt yn in oare taal. Doe't wy op in kemping yn Wales wienen hearden wy dêr bern folslein yn it Welsk praten, wylst har âlden Ingelsk mei elkoar praten. Fansels koenen de bern dat ek wol, mar troch it ûnderwiis hienen se de prachtige keltyske taal der fergees op ta leard. Moai, no?
Hoewol't jo, as dat nedich is, de finger as politikus ek op it seare plak lizze moatte, moatte jo ek each hawwe foar wat goed giet. Dit wykein stienen dêr, wat Boarnsterhim oangiet, wer in pear foarbylden fan yn 'e parse. By jachthaven Tusken de Marren (Akkrum)wurdt in proeftún ynrjochte mei goede alternativen foar it saneamde 'fout hout'. De jachthaven fan Warten hat der in dûbelde hal by foar de reparaasje fan skippen. In skoftke lyn wie yn it nijs dat wy as ynwenners fan Reduzum, Idaard en Friens allegear in fergese led-lampe krigen hawwe út 'e opbringst fan ús eigen wynmole. Sels sit ik yn de GMR fan Bobob (iepenbier ûnderwiis fan 'e gemeente Boarnsterhim). Finansjeel en kwa personiel giet it dêr foar de wyn. Us mienskip lit him net samar fan 'e wiis bringe en wol foarút. Oan de oerheid de taak dat te stypjen. No't wy wer in nije boargemaster hawwe moatte wy wer berch-op.
|
|