OK, fansels it it noflik, efkes in goede wike frij. Tiid foar ûntspanning, foar oare dingen. Dêr't jo lykwols oer diskussearje kinne, is, wat binne foar dij de feestdagen. Foar my persoanlik is Keninginnedei perfoarst gjin feestdei (noch los fan tal fan ynsidinten dy't op sokke dagen plakfine). Ik haw neat mei Beatrix of it Keninklik hûs, bin in republikein en sjoch de keninginne ek net as 'myn' steatshaad of soksawat. Erfopfolging is net demokratysk. Boppedat kinne jo (hiele) grutte fraachtekens sette by wat leden fan it Nederlânske keninklike hûs yn ynternasjonaal ferbân dogge by bygelyks de Bilderberg-konferinsjes. En dan 4 en 5 maaie. Betinke fan de oarloch en al it leed dat lit is, is perfoarst nedich. It is ek goed dat alle lannen har nasjonale befrijingsdagen hawwe. Lykwols, ik wit dat foar in soad Friezen 15 april noch altyd in feestdei is. De dei dat Fryslân nei de Twadde Wrâldoarloch befrijd is. Wêrom kin Fryslân dan net sa'n dei de grutte frijheidsdei hawwe. Of op in oare dei foar alle Fryslannen, sa't Kerst Huisman alris skreaun hat.
Ek hjirre hat Fryslân wer in soad oerienkomsten mei oare Europeeske regio's, lykas Baskelân. Sy meie op 16 oktober net oan it wurk of skoalle, want dan is it 'Spaanske nasjonale dei' wat ek de dei is fan de Spaanske militêre parade. Mar hoewol't se net oan it wurk of nei skoalle mochten of meie, binne de Basken dan altyd hiel aktyf mei parsekonferinsjes, demonstraasjes, konferinsjes ensfh. Yn in e-mailtsje mei in Baskyske freondinne skreau ik dat ik de kommende wike 'Obliged not to work' bin. Mar fansels sit ik foar de politike striid net stil...
Fan in goefreon krige ik hjoed tige nijsgjirrige ynformaasje oer de gearwurking tusken East- en West-Limburch, oer de steatsgrinzen fan Nederlân en België hinne. Wat dêr kin, kin earne oars fansels ek. Yn dat ferbân sjoch ik al wer út nei de Upstalboom-betinking, op 2 juny by Auwerk (Aurich).
Eén provincie Limburg in EuropaDe Belgische en Nederlandse provincies Limburg gaan binnen Europa voortaan door het leven als één provincie.De gouverneurs van de beide Limburgen tekenen komende dinsdag een Limburg Charter. De ondertekening is naar eigen zeggen een cruciale stap in het samengaan, waardoor het onderscheid tussen Belgisch en Nederlands Limburg ophoudt te bestaan. De twee provincies werden 170 jaar geleden van elkaar gescheiden. Na de 'eenwording' is het de bedoeling dat er intensief wordt samengewerkt en dat projecten op elkaar worden afgestemd.© RTL Nieuws.nl 09-12-2008Gouverneurs tekenen Limburg-Charter
Met het in elkaar schuiven van twee puzzelstukjes die Belgisch Limburg en het Nederlandse Limburg symboliseerden en met hun handtekening onder het Limburg-Charter hebben Steve Stevaert en Leon Frissen dinsdagavond in Maaseik het formele startsein gegeven voor nauwe samenwerking van beide Limburgen.
Sittard/Hasselt Door Henk SchroenBeide provincies willen op tal van terreinen gezamenlijk optrekken en zich daardoor als Europese voorbeeldregio positioneren. In dat charter staan de kansen, projecten en suggesties op het gebied van onder andere onderwijs, infrastructuur, arbeidsmobiliteit, veiligheid en toerisme opgesomd waarvan beide provincies de vruchten zouden kunnen plukken.
Gouverneurs en gedeputeerden ondertekenden het charter met de titel 'Oost West, Limburg Best' dinsdagavond, op 19 april zijn de leden van Provinciale Staten en hun Belgische collega's van de Provincieraad aan de beurt. Exact op de dag waarop 170 jaar geleden beide Limburgen formeel gescheiden werden. Gepubliceerd op: 09.12.08 15:29, bijgewerkt op: 09.12.08 22:20 http://www.limburger.nl/article/20081209/REGIONIEUWS01/1362203/1001
Moai filmke! Makke yn Makkum... Moaie alliteraasje al sis ik it sels, hielendal fergees foar ûndernimmers út Makkum;)-
Ik lies yn in ynterne notysje dat de FNP de lêste 3 wiken mar leafst 30 nije leden derby wûn hat! Jo freegje jo miskien ôf hoe't dat komt. Fansels kin ik de reden fan al dy nije leden net om har by de FNP oan te sluten, mar de gong fan saken om de weryndielings hinne sil grif in rol spylje. De kiezer sil it fêst op priis stelle dat de FNP it bestjoer altyd ticht by de boarger hawwe wollen hat. De rare spultsjes dy'no spile wurde om ta in pear mega-gemeenten te kommen wize wy ôf en dat sille de ynwenners wol wurdearje, tinkt my. Want sis no sels, hoe kin it dat sein wurdt dat Skarsterlân net selsstannich bestean bliuwe kin en perfoarst fusearje moat? Hokker minsken hawwe dy rapporten skreaun en wa joech de opdracht ('wie betaalt, bepaalt'?). As der ien gemeente is dy't foar myn gefoel de saakjes altyd aardich op oarder hie, wie dat Skarsterlân wol. Al kinne jo by elke gemeente wol krityk hawwe op it belied sels. Sa kinne jo alle gemeenten wol opdûke.
Der wienen yn Wûnseradiel sawat 4.000 hantekens tsjin weryndieling (neffens my hawwe se sawat 15.000 ynwenner), en dochs wurdt it trochsetten. Fan alle kanten wurdt ornearre dat de nij te foarmjen SW-hoeke-gemeente mei mear as 80.000 ynwenners te grut wurdt, mar blykber is dy ridende trein net mear stil te setten?
Dan Boarnsterhim. Yn reaksje op de notysje fan it kolleezje fan Boarnsterhim hawwe wy, dat wol sizze de leden yn 'e ledegearkomste fan de FNP-Boarnsterhim, ferskate stânpunten ynnommen. It mei dúdlik wêze dat de leden tige kritysk wienen oer it paad dat B&W ynslaan wolle. Wat de leden wolle, nammentlik in iepen proses, de befolking belûke by de takomst fan de gemeente en gjin oerhaaste besluten is net wat it kolleezje wol. Wêrom wurde de gemeenten stik foar stik opoffere oan de grutskaligens?
Dêr wie it al safier, mei algemiene stimmen bin ik tongersdei op de ledegearkomste foarsitter wurden fan de FNP-Boarnsterhim. Op
ús webside stiet mear ynformaasje oer it hoe en het. Ik mocht de jûns ek daliks de hiele gearkomste foarsitte. Efkes wenne, mar út 'e reaksjes dy't ik krigen haw die bliken dat it in goede gearkomste west hat. Letter mear...

Attestification. Hienen jo der alris fan heard? Ik net, alteast net dat ik it noch witst. Fan 'e wike lykwols moast ik yn ferbân mei myn kandidatuer foar de SLP by de Europeeske ferkiezings in attest (NL) en attestification (Ingelsk) tastjoere nei Brussel, mei noch wat oare dokuminten. Sjoch boppesteand dokumint. It komt der op del dat jo gemeente ferklearje moat dat jo 'passyf' kiesrjocht hawwe, mei oare wurden dat oaren jo kieze meie. Dêrta wurdt yn jo persoansgegevens omsnuffele oft jo al as net in beleste ferline hawwe. By my wie dat gelokkich blykber net it gefal. De meiwurkers fan de gemeente Boarnsterhim hawwe my tige goed holpen. Juster in tillefoantsje ('goedemiddei, gemeente Boarnsterhim'), binnen ien minút nei de goede persoan trochferbûn dy't my fuortendaliks dêrop mailde dat it guod klear lei yn it gemeentehûs. Ik it fan 'e middei ophelje, nei it nûmerke lûken en de ûntfangst fan de dokuninten wie ik mei in pear tellen ek wer bûten. En dat foar 0 euro. Kom dêr mar ris om by in grutte gemeente as Ljouwert!
Krektlyn is
bekend wurden dat Mantgum in grutte mêst krijt dy't fol hongen wurdt mei GSM-strielingsapparatuer. Om't wy yn Reduzum suver 'ûnder de reek' fan Mantgum lizze is dat wat om wach foar te wêzen. Ommers, in groep fan 50 dokters hat warskôge foar de risiko's op 'e sûnens fan minsken. Hjirûnder it
artikel út 'e Telegraaf:
DEN HAAG - De politiek en de gezondheidszorg moeten maatregelen nemen om de blootstelling aan elektromagnetische velden te verminderen. Die oproep doen vijftig Nederlandse artsen. Zij ondertekenden een appel van het Nationaal Platform Stralingsrisico's. Het platform, dat het publiek bewust wil maken van de vermeende gezondheidsrisico's van mobiele telefoons en andere apparaten, maakte dit zondag bekend.
Er is de afgelopen jaren sprake van een explosieve toename van de stralingsbelasting in de leefomgeving...
Volgens de ondertekenaars is sprake van een algemene toename van chronische aandoeningen, zoals chronische hoofdpijn, moeheid en slaapstoornissen. Zij brengen dat in verband met „de explosieve toename van stralingsbelasting in de leefomgeving”, onder meer via mobiele telefoons, zendinstallaties en elektrische huishoudelijke apparatuur.
Het appel wordt volgende week gepresenteerd in Den Haag. De Gezondheidsraad stelde recent in een rapport dat niet de daadwerkelijke straling van mobiele telefoons en andere apparatuur, maar de veronderstelling eraan te worden blootgesteld leidt tot gezondheidsklachten. De Gezondheidsraad adviseert parlement en regering over wetenschappelijke vraagstukken op het gebied van de volksgezondheid.
Op de
webside fan de Ljouwerter Krante lies ik dat Boarnsterhim dochs millennium-gemeente wurde kin, wat it foarige kolleezje fan B&W oanbelange. Dat nettsjinsteande it feit dat de mearderheid fan de gemeenteried dêr op tsjin wie. Ek hjir docht wer bliken dat Boarnsterhim in te grutte broek oan lûke wol. Want jo oanslute by it projekt mei de millennium-gemeenten mei miskien sels wol gjin jild kostje, der komt altyd wat achter wei dat ynspanning kostet, bestjoerlik of amtlik of fasilitêr. Tink mar oan de tariedingstiid dy't it amtners kostet om in kolleezje- of riedsstik of beslút te meitsjen, de kosten fan kopiearjen fan stikken, reiskosten om nei lanlike of regionale barrens ta te gean ensfh. Tiid en jild dy't net oan oare saken, bygelyks de kearntaken fan de gemeente, bestege wurde kin.
Lit my helder wêze, ik bin ek fan betinken dat wy wurkje moatte oan in mear rjochtfeardige wrâld, duorsumens en bettere sosjale ferhâldings. Mar, earst jo eigen saken op oarder en ambysjes yn oerienstimming mei mooglikheden. Ik hoopje dat de rie it eardere kolleezje no of letter op it rjochte spoar set...
De Earste Keamer lit op 'e nij har tosken sjen! Lês it ûndersteande. Ik bin bliid dat in djoere, privacy-skeinende maatregel (sjoch eardere weblog) ús besparre bleaun is. Lit minsken dy't dat wolle op frijwillige basis sa'n mjitter oanskaffe.
Eerste Kamer tegen slimme electriciteitsmeters
Den Haag, 7 april. Een meerderheid in de Eerste Kamer heeft vandaag tegen het wetsvoorstel van minister Maria van der Hoeven (Economische Zaken, CDA) gestemd, om nieuwe, 'slimme' elektriciteitsmeters in elk huishouden te verplichten.
De meters zouden op gespannen voet staan met privacyregels.
De nieuwe meters zijn op afstand door de energiebedrijven te lezen, geven informatie over het verbruik en kunnen besparingsadviezen geven.
Ook de Consumentenbond maakte na onderzoekal eerder bezwaar tegen de meters vanwege eventuele inbreuk op de privacy van energiegebruikers. Boarne: NRC
Neiskrift: lês ek de behanneling yn 'e Earste Keamer. It komt der op del dat de mjitters der al komme, mar op basis fan frijwilligens. De Keamer hat in definityf beslút útsteld, yn ôfwachting fan oanfoljende ynfo fan de Minister yn 'e foarm fan in 'novelle'. Foar it oare: ek dizze maatregel is it gefolch fan in Europeeske rjochtline. Net allinnich goede besluten út Brussel!
Fan 'e wike wie in tige nijsgjirrige útstjoering fan 'De Wereld draait door'. Kinne wy rêstich sliepe nei de G-20 top? Neffens Willem Middelkoop, de man dy't alle finansjele problemen sekuer fersein hat, perfoarst net: "Na deze G20 begin ik mij zorgen te maken". Hy ferliket it systeem as in 'pasjint mei in terminale sykte'. Jo kinne kieze, of in pear moanne te libjen of in noch deadliker ynjeksje dy't jo lykwols al in pear jier langer jout. Foar it lêste is neffens him keazen.
Wylst de kredytkrisis feroarsake is troch tefolle kredyt te jaan, wurdt der no noch mear kredyt jûn, troch bankpepier by te printsjen. "Geld wordt uit het niets gecreëerd" wurdt terjochte sein. It dochs al tige machtige IMF kriget hûnderten miljarden ekstra taskikt. Ynstee fan nasjonale tafersjochhâlders komt de kontrôle no yn hannen fan in lyts klubke minsken. It is de fraach wa't tafersjoch hâldt op de tafersjochhâlders.
Belêstingûntdûking troch jo jild te parkearen yn 'belestingparadizen' bin ik net foar, mar oarsom is der aansens gjin feilich plakje mear op ierde foar jo jild as de boel echt ploft en bankgeheimen ta nul redusearre binne. Ik sil der net in oere minder om sliepe, mar de soarch is net oer.
|
|