Diyarbakir: 700 terroristyske bern?

700 Koerdyske bern terrorist yn 'e stêd Diyarbakir? As jo dit artikel leauwe moatte dan is dat al de miening fan de Turkske plysje en dêrmei fan Turkije as steat. As jo stiennen smite nei de plysje of it V-teken (fan Victory/Oerwinning) brûke kinne jo al 25 jier de sel yn gean as 'terrorist'. Hiel slim. Sa makket Turkije him net goed op foar oansluting by de EU. Mar dan noch, it wurdt dêrneist heech tiid dat de EU sels de kritearia fan Kopenhagen (bepalingen dat nije leden fan de EU oan beskate elemintêre minskerjochten foldogge) serieus nimt. Yn in eardere weblog haw ik sjen litten dat yn bygelyks Bulgarije de Masedoaniërs noch altyd net erkend wurde en ek suver gjin eigen partij oprjochtsje kinne. Salang't dat net better giet, is der (op dit stuit) net in soad hope foar de Koerden by oansluting by de EU.

Sybren Sunday 31 May 2009 at 1:39 pm | | Default | No comments

Grutte broer hâldt dy yn 'e kikert

De steat giet hieltyd fierder mei it kontrolearjen fan ús. Sa lies ik dat jo foar in behanneling yn it sikehûs no ek al jo paspoart meinimme moatte. Lyksa by de Europeeske ferkiezings kommende tongersdei (4 juny). It wol der by my net yn dat it om it net fertrouwen fan de minsken sels giet. Ynsidinten binne faak op ien hân te tellen, dy wurde lykwols al mega-útfergrutte troch de media. Fan in goefreon krige ik ûndersteand artikeltsje tastjoerd, út it NRC. Fernuvert it jo dat guon minsken dy't de oarloch meimakke hawwe sa stadichoan geregeld in deja-vu krije?  

Sms'jes gaan ongevraagd naar politie
Telefoonbedrijven in de fout
Gepubliceerd: 30 mei 2009 11:02 | Gewijzigd: 30 mei 2009 11:29
Door onze redacteur Jos Verlaan

Den Haag, 30 mei. Telecomproviders T-Mobile en Vodafone dragen structureel sms-berichten van hun klanten over aan de opsporingsdiensten.
Het gebouw van de de Algemene Inlichtingen- en Veiligheidsdienst (AIVD) in Zoetermeer.   Foto Peter Hilz

De recherche, de Algemene Inlichtingen- en Veiligheidsdienst (AIVD) en de politie krijgen de berichten toegestuurd zonder de vereiste toestemming van rechter-commissaris of minister van Binnenlandse Zaken.

Dat bevestigen woordvoerders van de AIVD en het landelijk parket van het Openbaar Ministerie. Voorzitter Michiels van Kessenich van de Commissie van Toezicht betreffende de Inlichtingen- en Veiligheidsdiensten (CTIV), zegt in een vraaggesprek met NRC Handelsblad dat de AIVD onrechtmatig handelt wanneer dat sms-verkeer zonder toestemming van de minister wordt gebruikt.

Telefoonbedrijven mogen wel zogeheten verkeersgegevens overdragen op verzoek van de opsporingsdiensten. Dan gaat het om informatie over wanneer een klant met wie en waar vandaan gebeld heeft. Voor het overdragen van de inhoud van mail- of belverkeer is een machtiging van de rechter-commissaris nodig of, in het geval van de AIVD, toestemming van de minister.

T-Mobile en Vodafone kunnen de inhoud van sms-berichten niet ‘filteren’ van de verkeersgegevens. Zo komen de sms’jes toch terecht bij de opsporingsdiensten. KPN, de derde grote provider, zegt sms-berichten wel te kunnen filteren.

De CTIV heeft deze praktijk onlangs aangekaart bij de AIVD en minister Ter Horst (Binnenlandse Zaken) en erop gewezen dat daarmee de grondwettelijke bescherming van het telefoongeheim wordt geschonden. Ter Horst heeft de Tweede Kamer laten weten dat de telecomproviders „onjuist en mogelijk onrechtmatig” handelen. Volgens haar valt het binnenhalen van die ongevraagde sms’jes de AIVD niet te verwijten. Omdat het om „mogelijke schendingen van de persoonlijke levenssfeer” gaat, mag de AIVD die sms’jes voorlopig alleen lezen na uitdrukkelijke toestemming.

De AIVD en de politie stellen dat ze dat sms-verkeer van de providers ongevraagd en ongewenst binnenkrijgen. De AIVD sloeg de sms’jes tot voor kort op in haar eigen digitale systemen, maar gaat die nu apart registreren. De politie voegt de sms’jes toe aan het strafdossier, zodat duidelijk is wat er binnen is gekomen, aldus de woordvoerder van het landelijk parket.

Sybren Saturday 30 May 2009 at 1:27 pm | | Default | No comments

Welsktalige krante realiteit

Op 'e side fan ús susterpartij Plaid Cymru lies ik dat in Welsktalige krante yn Cymru/Wales dizze wike werklikheid wurden is. Mei om-ende-by itselde tal sprekkers as yn ús Fryslân hawwe se dêrmei in ambisjieus doel behelle. In pear jier lyn hienen se dit noch foar 'ûnmooglik' hâlden, mar sjochris oan, sin en wille kin in protte tille. De krante hjit fan Golwg360 en is hjir op it ynternet te finen.  Sa te sjen sjocht it der tige fersoarge en flot út. It sil grif in 'boost' jaan oan de Welske taal. Foar it oare mei net fergetten wurde dat de oerheid foar dit projekt (sa te lêzen) stipe jûn hat. Goed foarbyld fertsjinnet neifolging, soe'k sizze...

Sybren Sunday 24 May 2009 at 1:43 pm | | Default | No comments

EFA-parlemintariërs hurde wurkers...

Jill Evans Jill Evans, lid fan it Europeesk parlemint fan de Plaid Cymru, de partij út Wales dy't susterpartij is fan de FNP, hat fan alle Europarlemintariërs út Wales it measte de sittings fan it Europeesk parlemint bywenne. Dat docht bliken út dit berjocht. Ik ken Jill persoanlik en kin ûnderskriuwe dat sy in hurde wurker is. Dat wol sizze, net allinnich de gearkomsten bywennet, mar har ek wier ynset foar Wales en de oare ferlykbere regio's yn Europa. Bygelyks as it om subsydzjes of ynvestearrings giet. Moai dat it no ek út de statistiken bliken docht...

Sybren Saturday 23 May 2009 at 1:32 pm | | Default | No comments

Protte lege ynkommens Ost-Friesland

Hjoed publisearret de LC it neikommende berjocht:

Oost-Friesland armste Duitse regio

  • LC | Gepubliceerd op 22 mei 2009, 10:35
  • Laatst bijgewerkt op 22 mei 2009, 10:41
'LEER (D)  -  Oost-Friesland is de armste regio van West-Duitsland. Dat blijkt uit de armoede-atlas van Duitsland. De uitkomst heeft de partij Die Friesen, die actief is in dit gebied, geschokt. Een op de vijf Oost-Friezen wordt met armoede bedreigd, aldus Arno Rademacher, voorzitter van de partij.

Die Friesen zien hierin een bevestiging van hun stelling dat in Oost-Friesland veel meer geïnvesteerd moet worden in gebouwen, infrastructuur en wetenschap. Een hogeschool of universiteit kan nieuwe bedrijven aantrekken. Ook lessen in plat-Duits en het Saterfries moeten lerarenbanen opleveren'.

Oant safier it berjocht. Dat betsjut mei oare wurden in soad relatyf legere ynkommens yn Ost-Friesland. Want wa't de regio in bytsje ken, wit dat it gebiet en de minsken eins krekt hiel ryk binne: in prachtige streek, gastfrije minsken en in rike kultuer. Op 2 juny (Upstalbeamstreffen) sil in hiele klup minsken hjirwei dêr wer hinne. En ja, ik bin der wis fan dat wy wer alderhertlikst ûntfongen wurde sille. Foar it oare, as de ynkommensferdieling skeef is bin ik it mei Die Friesen iens dat dêr polityk sjoen wurk oan de winkel is!

Sybren Friday 22 May 2009 at 2:18 pm | | Default | No comments

Bulgarije 250 jier achterop mei minskerjochten

Sakrekt bygeand berjocht lêzen op de EFA-side:  

21.05.09 Bulgarian authorities confiscate electoral materials RAINBOW party (21/05/2009)
Lack of democracy in Greece and Bulgaria.

The Bulgarian authorities already for several days have confiscated DVD's made in Bulgaria. The DVD's for unclarified reasons cannot cross the border in order to be used by the Party Rainbow in it's campaign for the European elections. Rainbow represents the Macedonian minority in Greece. The DVD contain information on the peacefull political struggle of the Macedonian (ignored and denied) minority in Greece. The Bulgarian authorities already since 2005 refuse to implement a European court of human rights decision to register the party Omo Ilinden Pirin. This party represents the Macedonian minority in Bulgaria. Both members states Bulgaria and Greece deny the existence of such minorities. The evidence of such existence fi the DVD's cannot see the light of day and therefore... are confiscated.

Somtiden freegje jo jo ôf oft guon lidsteaten net 250 jier achterrinne wat demokrasy en rjochten foar minderheden oangiet  En hoe't it kin dat Bulgarije ea lid wurden kinnen hat fan de EU as se sa aktearje. It mei dúdlik wêze dat dit net sûnder gefolgen bliuwe sil.

(taljochting: Rainbow en Omo Ilinden Pirin binne susterpartijen fan de FNP).

Sybren Thursday 21 May 2009 at 8:24 pm | | Default | No comments

De Walfiskfarder...

Fan Bennie Huisman, wat my oangiet ien fan de bettere hjoeddeistige Fryske sjongers, krige ik bygeande mail mei wat reklame foar syn CD. Hjirûnder de tekst:  
CD: De walfiskfarder   De walfiskfarder is in CD mei lieten op teksten fan de Wibren Altena.Dizze dichter en ferneamd foardrachtskeunstner waard yn 1917 berne yn Makkum.Hy begûn krekt foar de oarloch mei it skriuwen fan sawol earnstige as boartlike en humoristyske fersen. Nei de oarloch waard er foar syn berop foardrager fan syn eigen wurk. Hy skreau foar dat doel lange berime satires, lykas De ballade fan Longerhou en Kokedei en hie dêr in soad súkses mei. Ein 1956 kaam hjir in ein oan. Hy krige in baan yn Rotterdam en ferhuze mei frou en bern. Doe’t er yn 1987 stoar liet er Makkum in sitbank nei op de eardere seedyk. Doe die ek bliken dat er syn eardere wurk bewarre hie. It waard trije jier letter útjûn mei as titel: De laitsjende wierheid. Sjonger Bennie Huisman makke yn 1992 in theaterfoarstelling oer syn wurk mei as titel: De wite walfisk. De lietsjes út dy foarstelling binne no op CD set.  Se wurde útfierd troch Bennie Huisman, Frederike Kleefstra, Tseard Nauta en in tal oare muzikanten.  De CD kostet € 12,- (ekskl. porto) en is te bestellen by Bennie Huisman: 0513-625667 / 06-29155260 of b.huisman3@chello.nl

Sybren Thursday 21 May 2009 at 2:46 pm | | Default | No comments

Alwer in Fries ... op in Flaamske list!

De lêste dagen krij ik hieltyd mear reaksjes op myn kandidatuer foar de SLP. Bygeande mail wol ik jim net ûnthâlde: 

'Beste Sybren, Ik haw lezen dastou de ynige Fries bist op in Flaamske list foar it Europeesk Parlemint: mooi net dus!
Ik bin in Fries om útens: al 22 jier in Brussel.
Sunt 2000 yn' gemeenterie van Etterbeek foar Groen! (mei Ecolo) en nou foar'e twaade kear op'e list foar it EP: 6e plak op list 6.
Myn neef René Cuperus (Reimer, krek sa as ik), stjit op'e list foar de Hollanske PVDA.
Fryslân boppe?
Groetnis,
Rik (Reimer) Jellema'
Hy hat ek in webside: www.groenerik.be. It liket my wol sa sportyf dizze mail te pleatsen. Opmerking is fansels al dat de SLP allegear kandidaten út oare lidsteaten op de list hat en dêrmei in statement meitsje wol. Ferskil mei Rik (Reimer) is dan ek dat ik út in oar lân (Fryslân) op in Flaamske list stean. Lykwols, Reimer súkses. Seach dat Groen! diel útmakket fan de Greens dêr't de EFA ien groep mei foarmet. 

Sybren Tuesday 19 May 2009 at 8:14 pm | | Default | No comments

'affiche' SLP

Fan it kampanjeteam fan de SLP krige ik it neikommende fersyk:

'Beste Europese kandidaten,

Ingesloten kan je een jpg afbeelding vinden van je foto in affiche layout.
Met wat creativiteit kan je op het internet de volgende weken ook voor jou
als kandidaat en voor onze partij SLP een plekje veroveren'.

Dat sadwaande foar kundskip bygeande (lytser makke) pooster op de blog. Ynkoarten skynt er yn Flaanderen op ferskate plakken ophongen te wurden. As kandidaat op plak 8 sa no en dan wat reklame meitsje...

Sybren Monday 18 May 2009 at 7:51 pm | | Default | No comments

2 juny: Upstalbeamsfeest

As FNP hawwe wy in útnoeging krigen om nei de jierlikse Upstalbeam-betinking te kommen, by Auwerk (Aurich) yn East-Fryslân. Dat feest hat syn woartels yn 'e midsieuwen, doe't dêr mienskiplike Fryske moetings wienen, der ôfspraken makke waarden en rjocht sprutsen waard. Tsjintwurdich is it in dei fan hope, fan foarútsjen wat wy foar en mei elkoar betsjutte kinne. De lêste jierren haw ik der mei in pear maten hast alle jierren hinne west. It wurdt alle jierren wer in gruttere manifestaasje. Dit jier is der sels in meardeiske 'midsieuske' trektocht oan ferbûn, mei tinten, musyk ensfh. De Ostfriesen-Zeitung berjochtet der wiidweidich oer... Marron Fort sil sprekke oer it opbouwen fan identiteit troch taal. Dat East-Fryslân opbloeit mei dúdlik wêze. De útnoeging stiet hjirre. Ik wit dat der in soad Friezen oan diskant fan de Iems en Lauwers hinne sille. Do ek?

Sybren Sunday 17 May 2009 at 2:41 pm | | Default | No comments

EFA fan 6 nei 8 sitten?

Ferheugend nijs út Skotlân. De SNP, de Skotske Nasjonale partij, stiet yn 'e peilingen op 3 sitten foar it Europeesk parlemint! De SNP stiet no op mar leafst 37% fan 'e stimmen yn Skotlân, wylst se Labour fier achter har litte mei 'mar' 25%. Dat soe betsjutte kinne dat de EFA, de Europeeske partij fan 'e regio's, fan 6 nei 8 sitten gean kinne soe. Dat der fan útgeande dat 'wy' ek in trochbraak krije kinne yn Súdeast-Frankryk yn kombinaasje mei Korsika.    

De SNP seit it sa: 'Only an SNP voice in Europe will put Scotland’s economy and Scotland’s industries at the forefront of European debate and see Scottish issues represented in Europe'.

PS: in mear resinte poll lit sels sjen dat de SNP no sels op 40% stiet. Al hawwe mar 174 minsken út hiele Skotlân dielnommen, de fraach is hoe represintatyf dit is. It is lykwols wol hiel dúdlik dat de machtspolityk fan Labour's Gordon Brown yn syn eigen Skotske lân net mear oansprekt.

Sybren Saturday 16 May 2009 at 3:07 pm | | Default | No comments

ynterview yn Galisyske krante

In Galisyske krante, Vieiros, hat my as bestjoerslid foar de FNP yn de EFA in ynterview ôfnommen. Yn it ynterview troch Fernando Arrizado wurdt ûnder oare yngongen op de wynmole-problematyk, ús stribjen nei in rjochtfeardige ferdieling fan de revenuen fan it winnen fan ierdgas en de wetterskippen. It is fansels aardich om Fryske 'kwestjes' werom te sjen yn it Galisysk. Dizze krante hat in hiele searje fan stikken oer de regio's fan Europa, yn it ramt fan de Europeeske ferkiezings. Se wolle mei klam de minsken fan de ferskate folken hearre litte, ynstee fan de pommeranten fan de lidsteaten dy't jo al sa faak te sjen of te hearren krije. Alle kearen wurdt in regio útljochte (diskear Fryslân) en in persoan út dy regio. Freegje my net nei in detaillearre oersetting. Alhoewol't it Galisysk foar de measte minsken nei alle gedachten better nei te kommen is as in earder ynterview dat mei my hâlden is yn it Koerdysk...

Sybren Wednesday 13 May 2009 at 4:31 pm | | Default | No comments

Wat besielt de Gezondheidsraad?

Fan guon advysrieden freegje jo jo ôf: wat binne de efterlizzende belangen en aginda? Ien fan dy rieden is de Gezondheidsraad. Dy ried is yn opspraak rekke om't se no al it advys jûn hawwe om 34 miljoen vaccins te bestellen (foar alle ynwenners 2 faksinaasjes!), wylst der oant no ta noch mar 3 lichte barge-gryp gefallen yn Nederlân konstatearre binne. Dat alles moat mar leafst sa'n 150 oant 300 miljoen euro kostje. Neffens my is sa'n advys op dit stuit net 'proportioneel' sa't se dat wol neame.

It is bekend dat der belangeferstrengelingen binne tusken farmaseutyske yndustry en dizze Gezondheidsraad. Yn hoefier is sa'n ried ûnôfhinklik? Ik haw it op in pypfol, ek al kinne jo jo ûnthâlde fan stimming. Wat wol dy ried? Wat mear faksinaasjes, wat better, is har sizzen. 

Ta beslút wol ik dizze miening (mei filmkes) net ûnthâlde.

Sybren Monday 11 May 2009 at 8:40 pm | | Default | No comments

Europeeske ferkiezings 2009 - meast stelde fragen

Op 4 juny 2009 binne de Europeeske ferkiezings. Fan ferskate kanten bin ik benadere hoe’t dat krekt sit mei dat Europeesk parlemint (EP), hokker partijen meidogge en wêrom’t jo net op immen út Barselona, Roemenië of Skotlân stimme kinne. En hoe sit it dan mei de EFA, de partij dêr’t de FNP lid fan is en dy’t mei 6 minsken yn it Europeesk parlemint sit? 9 fragen en antwurden oer de EP-ferkiezings 2009. Lês hjir fierder...

Sybren Sunday 10 May 2009 at 8:43 pm | | Default | No comments

Grunneger taol - wat zegg'n de Grunnegers zulf?

Yn it Dagblad van het Noorden binne in skoftke lyn de útkomsten fan in enkête publisearre oer it Grinzers, 't Grunnegers. It docht bliken dat de Grinzers wolle dat der mear foar har taal dien wurdt. De Friezen steane dus net allinnich yn ditsoarte fan saken. Hjirûnder guon resultaten:

1. Op schoul zollen ale kinder Grunneger taol leren mouten. Mee eens: 66,8% (=844 ondervraagden).

2. RTV Noard zol veul meer pergrammoa's in t Grunnegers uutzenden mouten. Mee eens: 86,1% (=1088 ondervraagden).

3. Grunnen Vandoag, t warreldoagse journoal op tillevizie, mout in Grunnegers wezen. Mee eens: 57% (=720 ondervraagden).

4. Der mout ook meer streektoalmeziek draaid worden op Radio Noord. Mee eens: 73,7% (=931 ondervraagden).

Sybren Thursday 07 May 2009 at 8:23 pm | | Default | No comments

Hippe filmkes SLP

Ik haw it foarrjocht om as achtste op 'e EU-ferkiezingslist te stean foar de SLP yn Flaanderen/België. It is foar my in nuvere gewaarwurding mar ek wol hiel aardich om it dêrby (mei) op te nimmen tsjin minsken as Jean Luc de Haene (CD&V), Guy Verhofstadt (Open VLD) en ek Filip de Winter (Vlaams Belang). Benammen dat lêste hearskip en syn partij moatte mei ried en died oanpakt wurde fansels en ik bin bliid dat ik dêr in lytse bydrage oan leverje mei. Ien en oar is allegear nei te lêzen op de list fan it saneamde 'Nederlands Kiescollege'. Sa út en troch wurdt in berop op my dien, foar hantekens, foto's ensfh. Ik wurkje der graach oan my. Hjoed seach ik inkelde ferkiezingsfilmkes op de side fan de SLP. Lekker hip en modern, as't it my fregest...

Sybren Tuesday 05 May 2009 at 2:50 pm | | Default | No comments

Gjin CO2-opslach yn Noard-Fryske boaiem

By ús lânslju yn Noard-Fryslân is in fûle striid geande om de opslach fan CO2 by har yn 'e boaiem. Us susterpartij, de SSW (partij fan Denen en Noard-Friezen yn Sleeswyk-Holstein), wiist opslach ôf. De Noard-Fryske loondäismoon (lândeiman, regionaal parlemintariër yn Kiel fan Sleeswyk-Holstein) Lars Harms fan de SSW seit neffens it stikje op har webside it folgjende: 'Keiner in Nordfriesland möchte auf Kohlendioxid leben. Wir fordern die Landesregierung auf, alles zu unternehmen, damit der nordfriesische Untergrund und das Wattenmeer nicht zum Endlager für die Abgase der Kohlekraftwerke von RWE-DEA werden'.  Dat sâltlagen net alhiel betrouber binne is hjir te uzes gjin nijs yn ferbân mei de diskusjes oer opslach fan kearnôffal yn 'e omkriten fan Ternaard. Op 'e nij in soad oerienkomsten tusken dat Noard-Fryslân en 'ús' Noard-Fryslân...

Sybren Sunday 03 May 2009 at 3:32 pm | | Default | No comments

Mulder: nije fúzjegemeente te grut

Nei Hâns Wiegel, earder VVD-pommerant, dy't de nij te foarmjen supergemeente yn Súdwest-Fryslân in 'koekoeksjong' neamde, is no ek eardere PvdA-deputearre Bertus Mulder fan betinken dat dy gemeente te grut wurdt. It is opmerklik te neamen dat sawat alle riedsleden fan CDA, PvdA en VVD ynstimden mei dy fúzje, wylst foar en nei de beslútfoarming tal fan kopstikken fan dy partijen der neat fan hawwe moasten. Yn 'e LC stiet it stânpunt fan Mulder sa ferwurde:

MAKKINGA -  De fusiegemeente die in Zuidwest-Friesland moet komen is in de ogen van Fries PvdA-voorzitter Bertus Mulder te groot. De Friese sociaaldemocratische coryfee zei dit vrijdagavond tijdens 1 mei-viering in Makkinga.

Volgens Mulder groeit de verhouding in de gigagemeente tussen de streek en haar bestuur scheef. ,,Kinne jo as politykus dan noch wol in relaasje mei de ynwenners ûnderhâlde?'' Niet voor niets, stelt hij, is de opkomst bij verkiezingen in kleine plattelandsgemeenten traditioneel groter dan in grote steden. ,,De belutsenheid is grutter.''

Sybren Saturday 02 May 2009 at 2:01 pm | | Default | No comments

Telegraaf: 'varkensgriep een complot'

Ik wit net hoe't it jo fergien is, mar persoanlik haw ik fuortendaliks myn twivels hân oer de 'Meksikaanske' gryp. It nijs is ôfgryslik opblaast yn alle mainstream-media, mar wat ik de hiele tiid miste wie in analyse fan 'e oarsaken. Hoe kin no samar ynienen yn Meksiko-stêd sa'n firus yn 'e loft komme? Ut it neat wei in pear minsken besmet?

As dêr wat misgiet, in stêd mei sawat 20 miljoen minsken, mei minne sanitêre omstannichheden, dan giet it ek goed mis. In ideale lokaasje foar in 'útbraak'. Yn De Telegraaf stie in hiel nijsgjirrich stik, lês hjirûnder fierder.  En sjoch ek dit filmke fan kongresman Ron Paul fan Amearika: gewoane gryp is deadliker. Neffens de WHO (28 april) binne der ynstee fan mear as 150 ek noch mar 7 deaden fallen. Harkje ek nei dizze útstjoering, tige nijsgjirrich.

'Mexicaanse griep is een complot'

Mexico-stad -  De Mexicaanse griep is een complot veroorzaakt door een door mensen gefabriceerd pathogeen. Dat is een ziekteverwekker van biologische oorsprong. Een Amerikaanse onderzoeksjournalist beweert dat een belangrijke wetenschapper gelieerd aan de VN hem dat heeft verteld.
Volgens Wayne Madsen is de Mexicaanse griep ontwikkeld voor militaire doeleinden. Mogelijk ontaardt het riskante virus in een wereldwijde pandemie met catrastrofale consequenties voor de wereldeconomie, internationale handel en verkeer.

Madsen zegt in de Canadian dat zijn bron bevestigd wordt door een tweede.

Het aantal doden door de Mexicaanse griep is inmiddels gestegen naar twaalf. De slachtoffers behoorden tot de groep van inmiddels 260 bevestigde geïnfecteerden.

Sybren Friday 01 May 2009 at 8:57 pm | | Default | No comments