It liket der op dat nije wetjouwing en regels hieltyd mear op basis fan ynsidinten ta stân komme as op basis fan wat 'normaal' is. Mei oare wurden, ynsidintepolityk fan 'e boppeste planke. In skoftke lyn is al besluten dat mail- en belgegevens fan eltsenien in hiel skoft lang bewarre bliuwe moatte, sadat plysje en justysje altyd neigean kinne wa't mei wa kontakt hân hat en mei hokker doel. Doe is de plysjesteat Nederlân al ûntstien. Eltsenien yn prinsipe fertochte, de kriminalisearring fan alle boargers. Yn septimber giet men wer in stap fierder, de opslach fan fingerprinten en pasfoto's yn in chip en in sintrale oerheids-database. Dêrmei kinne se, as se dat wolle, jo oeral folgje as der kamera's steane of mei help fan 'scanners' dy't dy chips lêze kinne. Yn dit filmke (útstjoering fan Netwerk, NCRV) wurdt troch in stik as wat saakkundigen dan ek mei safolle wurden sein dat wy 'Kafka-achtige toestanden' yn Nederlân krije. Boppedat, as der flaters makke wurde, of minsken kwea wolle, kinst fan de ien op de oare dei fan in ûnfertochte boarger in ekstreme terrorist wurde, of dyn hiele identiteit ferlieze.
Yn 'e Ljouwerter krante it neikommende berjocht:
'Groenland zet grote stap naar onafhankelijkheid
ANP | Gepubliceerd op 21 juni 2009, 20:10
- Laatst bijgewerkt op 21 juni 2009, 20:16
NUUK - Groenland heeft zondag een historische stap richting onafhankelijkheid van Denemarken gezet. Met een officiële ceremonie in het parlement werd het in werking treden van een autonomiestatuut gevierd.
De Deense koningin Margrethe II overhandigde parlementsvoorzitter Josef Motzfeldt het eerste exemplaar van het statuut waardoor de Groenlanders meer zeggenschap krijgen over onder meer justitie, politie en bodemschatten als olie, gas, goud en diamanten. Groenlands (Kalaallisut) wordt de officiële taal.
Het statuut effent ook de weg naar volledige zelfstandigheid voor het grootste eiland ter wereld. In de toekomst heeft Kopenhagen in principe alleen nog zeggenschap over veiligheids-, buitenlandse en monetaire politiek van Groenland. Denemarken was er meer dan driehonderd jaar de baas. Sinds 1979 had Groenland al beperkte autonomie.
Begin juni won de tot dan oppositionele linkse partij Inuit Ataqatigiit, die voorstander is van onafhankelijkheid, de parlementsverkiezingen. Vorig jaar november had een grote meerderheid van de 57.000 Groenlanders zich in een referendum uitgesproken voor meer autonomie. Premier Kuupik Kleist zegt vooral de dringende sociale problemen van het eiland te willen aanpakken zoals alcoholisme en huiselijk geweld'.
Yn 'e 20ste en 21 ste ieu hawwe in protte noardlike lannen har ûnôfhinklikens ier of let (wer) werom krigen: Ierlân, Noarwegen, Finlân, de Baltyske steaten. Sa't it no stiet stride Grienlân en Skotlân om de eare wa't de folgjende wurdt. Ferline wike hearde ik dat de SNP yn Skotlân net hopet dat de Tories wer oan 'e macht komme yn it Feriene Keninkryk, want dy moatte neat hawwe fan devolúsje en autonomy foar de regio's. Jo sjogge, dêr is it sa dat Labour en Tory foar de Skotten net iens it measte útmakket, jo wurde biten troch de kat of de hûn. It is likefolle...

Ofrûne woansdei buro (bestjoers-)gearkomste hân fan de EFA yn Brussel. Op dit plak gjin ferslach of foto's fan de grutte lânbou-demonstraasje, dy wie net by it Europeesk parlemint mar by de gebouwen fan de Europeeske kommisje, in hiel ein fierderop. Sa haw ik it begrepen alteast, en dus haw ik dêr neat fan meikrigen. Wol kin ik sizze dat de
EFA gjin ferlinging fan wol de termyn fan Europeesk Kommissaris Barosso. En wol om in grut tal redenen: yn it foarste plak fiert er it fêststelde beleid fan it parlemint op it mêd fan ekonomy, miljeu en demokrasy net goed út. De doelstellings en ôfspraken wurde lang net helle. Dat is it ynhâldlike punt. Mar it slimste foar de EFA-fraksje is dat er him hast neat gelegen lizze lit oan wat it parlemint wol. Barosso lit de belangen fan de (regearen fan 'e) lidsteaten prevelearje. En sa komme jo fansels gjin stap fierder mei in demokratysk Europa. De kommende tiid sil in fikse striid folgje. Sil de demokrasy fan de keazen folksfertsjintwudigers winne of it achterkeammerkes-sirkuit fan de regearingslieders? Spannend!
Op de website fan de OSF, de fraksje yn de Earste Keamer dy't foarme wurdt troch in kombinaasje fan regio-partijen (dêr't ek de FNP by sit), lies ik it folgjende
nijsgjirrige berjocht. Wa wit komt der skielk nochris in 'Partij voor de regio's' yn de Twadde Keamer.
Onafhankelijken mogelijk in de race voor Tweede Kamer
Persbericht
Kamperland 18 april
De onafhankelijke partijen in de provincies willen nagaan of en op welke manier zij zullen deelnemen aan eerstvolgende verkiezingen voor de Tweede Kamer.
Op een symposium over het thema 'Baas in eigen Buurt', dat zaterdag in Kamperland werd gehouden, hebben de partijen besloten daarover advies in te winnen bij de politicoloog André Krouwel, universitair hoofddocent aan de vrije Universiteitt van Amsterdam.
Krouwel hield zaterdag op het symposium van de onafhankelijke partijen een lezing waarin hij inging op het feit dat de onafhankeljjke partijen, zoals de Partij voor Zeeland, de Brabantse Partij, de Fryske Nasjonale Partij, Leefbaar Overijssel en Mooi Utrecht in het politieke spectrum van Nederland tot nu toe vrijwel onzichtbaar zijn gebleven.
De onafhankelijken, die via de Provinciale Staten wel één zetel in de Eerste Kamer hebben weten te verwerven en die een landelijke samenwerkingsverband kennen onder de naam van die Onafhankelijke Senaatsfractie (OSF), hebben als gemeenschappelijk uitgangspunt dat beslissingen zoveel mogelijk dienen te worden genomen op een niveau.zo dicht mogelijk bij de burger.
De landelijke overheid moet besluiten die op lokaal niveau kunnen worden genomen aan de regio of aan lokale politici overlaten. Die hebben immers de meeste kennis van de omstandigheden ter plaatse, zo redeneert de OSF. Naar de zienswijze van Krouwel kunnen de onafhankelijke partijen zich, om hun opvattingen tot gelding te brengen, het best richten op een nieuwe, federale bestuursvorm.
Zonder zich uit te spreken over finale de uitkomst van de discussie, besloten de deelnemers aan het symposium, leden van provinciale en lokale onafhankelijke fracties, dat in die richting nadere studie moet worden gedaan. Krouwel zal een routebeschrijving maken voor de gang naar de landelijke politiek.
De onafhankelijken denken ook na over een nieuwe naam voor hun samenwerkingsverband. De gemeenschappelijke noemer OSF spreekt niet tot de verbeelding van de kiezer, zo werd zaterdag erkend.
Kommende woansdei (17 juny) haw ik wer bestjoersgearkomste fan de EFA yn it Europeesk parlemint. Wy sille ûnder oare prate oer de neikommende saken:
1. European Elections: analysis of results. 2. EFA parties with MEPs. 3. Formation of the EFA/Greens group, follow up of ongoing negotiations. 4. Other potential members.
It is dúdlik dat de EFA in goede posysje krije moat nei de Europeeske ferkiezings. Ik haw der alle betrouwen yn, de EFA/Greens groep is fan 43 nei 53 sitten gongen, wylst it Europeesk parlemint sels mei tsientallen sitten omleech gongen is. Dat betsjut sûnder mis justjes mear ynfloed. De EFA is ree ta kompromissen, bygelyks as it giet oer rapportaazjes en inisjativen. It kin lykwols net sa wêze dat fan bepaalde útstellen troch ûnderhannelings neat oerein bliuwt.
Wat dyselde woansdeis oangiet, ik seach dat der ek in grutte boere-demonstraasje wêze sil yn Brussel, ek mei Fryske boeren. Ik sil besykje om dêrby oanwêzich te wêzen. Foto-apparaat mar efkes meinimme (as ik it net ferjit).
Hjirre steane de risseltaten fan de EFA. De útslach betsjut in fersterking fan de EFA-fraksje yn it Europeesk parlemint. Sa't it der no útsjocht giet de EFA yn alle gefallen foarút fan 6 Europarlemintariërs no nei 7 nei de ferkiezings mei in hiele grutte kans op 2 ekstra sitten. Hoe't de EFA-Greens it dien hawwe as groep is
hjirre te lêzen. In poerbêst risseltaat. O ja, yn Flaanderen hat de
SLP hast 27.000 stimmen helle en op ûnderskreaune hawwe 807 minsken stimd.

Ik lies dat de Europeeske Kommisje Nederlân
op it matsje roppe wol fanwegen it feit dat de resultaten fan 'e ferkiezings foar it Europeesk parlemint tongersdeitejûn en freed - foarriedich- al publisearre binne. Net offisjeel fia de Kiesried, mar al yn 'e publisiteit fia de parse. Oerdreaune bemuoisucht as jo it my freegje. Wat is der op tsjin om kiezers al yn in ier stadium witte te litten wat sy stimd hawwe? Troch
ditsoarte fan burokrasy wurdt 'Brussel' net populêr.
Stadichoan wurde ús kultuer, skiednis en taal mear sichtber yn it hiele Fryske gebiet. Te uzes mei de plaknammen, mei de oantsjutting 'Noardlike Fryske wâlden' en no is der in hiel nij inisjatyf yn East-Fryslân (Ost-Friesland, D). Understeand parseberjocht krige ik meistjoerd. In moai inisjatyf.
5. Juni 2009
Autobahnschilder zeugen von Ostfrieslands historischer Einmaligkeit Aurich. Pünktlich zu den großen Sommerferien stehen die neuen touristischen Hinweisschilder auf den beiden ostfriesischen Autobahnen. Auf der A 28, Standort km 36,4 bei Filsum und A 31, Standort km 7,8 bei Neermoor erfahren die Reisenden in die Region von einem einzigartigen historischen Phänomen: die „Friesische Freiheit“, die es in dieser Form über 800 Jahre nur hier gab. Das Motiv ist deshalb so ungewöhnlich, weil die rotbraunen Schilder in der Regel auf Landschaftstypen wie z.B. das „Fehngebiet Ostfriesland“ oder Baudenkmale wie die „historische Altstadt Leer“ bzw. das „Emssperrwerk“ verweisen; historische Alleinstellungsmerkmale gibt es hingegen äußerst selten an der Autobahn. Ermöglicht wurde dies durch eine gemeinschaftliche Initiative der Ostfriesischen Landschaft und der Stadt Aurich, die aus der Bevölkerung eine durchweg positive Resonanz erhielten. So gibt es auf Vorschlag durch den Leserbrief von Jan van der Pütten aus Hinte nun auch den Aufkleber zum Schild, der sich inzwischen zum Verkaufsschlager entwickelt hat. Er ist für 90 Cent pro Stück (ab 100 Stück gibt es 40% Rabatt) zu erhalten unter: fischer@ostfriesischelandschaft.de oder Tel.: 04941 – 17 99 26.
De foarsizzings foar de útslach fan de EFA binne goed. Fan it haadkantoar fan de EFA krige ik dizze mail: 'Dear EFA friends, Today the first voters voted in two member states and in the following days they will vote in the other 25 members states of the EU.SNP and PLAID are doing well in the polls. They will get a good result! According to the last two polls François Alfonsi will be elected for Corsica. The Coalicion in Spain with ERC, BNG, EA and ChA have good prospects.
We wish all our EFA partners success!'
Hokker polls sille jo jo ôffreegje? Op dizze side steane de ferwachte útslaggen, totaal en per lidsteat. De EFA-Greens soenen fan 43 nei 50 tageane.
Hjir stiet in moai kampanjefilmke fan de EFA. Kommende moandei is de útslach bekend. Noch efkes geduld dwaan... O ja, de lêste dagen in soad fragen út Fryslân sels en fan bûten Fryslân yn Nederlân oft minsken op my stimme koenen. It sit der noch net yn. Alleen Vlamingen uit het zogenaamde 'Nederlands kiescollege' kunnen een stem op mij uitbrengen via de SLP (waarvoor alvast dank)... Tiid foar feroaring.
Sakrekt, ien dei foar de ferkiezings, in reklamespot fan Esther de Lange fan it CDA heard op 'e radio (Omrop Fryslân). Sy seit dat se 'Een fris en Fries geluid' hearre litte wol yn Europa, 'met aandacht voor Friese cultuur'.
Ik bin hiel benijd wêr't dat Fryske lûd en dat omtinken út bestean sil. Ut de kontakten mei ús EFA-fraksje wit ik dat de fraksje dêr't it CDA diel fan útmakket (de European People's Party) neat oerein litte woe fan in inisjatyf fan it doetiidske Katalaanske Europarlemintslid Bernat Joan i Mari fan de EFA (dêr't ek de FNP by sit) om de regionale talen yn Europa in foarse ympuls te jaan. Sterker, it liket der op dat partijen dy't diel útmeitsje fan deselde fraksje as it CDA, lykas de Partido Popular yn Spanje, suver aggressyf foar de minder brûkte talen oer steane. Lês dit en dit artikel mar ris.
In tsjin-argumint fan de gruttere partijen yn it Europeesk parlemint is dan dat der in saneamde 'intergroup' fan politisy bestiet mei omtinken foar minderheidstalen. It is lykwols bekend dat dy intergroep neat mear as in lippetsjinst bewiisd oan de net-dominante talen. De ôfrûne 5 jier binne se mei gjin inkeld útstel kommen yn it Europeesk parlemint! It liket my net ûnbelangryk dat de propaganda fan it CDA in bytsje bysteld wurdt, foardat jo op basis fan net-krekte ynformaasje moarn (4 juny) jo stim útbringe.
Der steane in tal filmkes op Facebook fan de SLP. Jo witte wol, de partij dêr't ik op plak 8 fan de Europeeske list stean. It
earste giet oer it kearnwapenfrij meitsjen fan Europa en it ynruiljen dêrfan foar duorsume enerzjy. Heldere taal fan listlûkster Nelly Maes. Yn it
twadde giet it oer 'herfoarmings' fan de Europeeske ynstituten. Persoanlik kom ik fia de pooster fan de SLP ek noch in kear foarby. Filmkes fan oardel minút dêr't it boadskip dúdlik útdroegen wurdt. Tige effektive en boppedat goedkeape reklame. Ek op de webside fan FNP-Boarnsterhim hawwe wy al in
filmke pleatst oer de golfbaan fan Goattum. Wat my oangiet in begjin fan FNP Boarnsterhim-TV.
|
|