By ús soe it neffens my hast net mooglik wêze. Dat in feriening in streekrjocht stimadvys jout foar in politike partij, sûnder dat dêr bygelyks in hiele analyse by jûn wurdt fan alle partijen en watfoar partij hokker stânpunten hat. En op basis dêrfan oanjaan hokker partij it bêste út 'e bus rôlet nei in deeglike analyse, wa dêrnei, ensfh.
Yn Noard-Fryslân, by ús 'lânslju' tichteby Denemarken, leit it justjes oars. Hjoed krige ik de Friisk Tising yn 'e bus, fan de Friisk Foriining, en dêr stiet o sa dúdlik yn: "Ai ferjeese: bai e loondäiswool e 27.septämber SSW kiise än deerfoor sörie, dat Lars Harms wi rinkamt!!!!!" Mei oare wurden, net ferjitte om by de ferkiezings foar de lândei op 27 septimber SSW te stimmen en derfoar soargje dat Lars Harms (foto) der wer ynkomt. En fierderop stiet: "Nur der SSW kann unabhängug von den Berliner Parteien die Interessen der hiesigen Bevölkerung im Landtag wahrnehemen". Hé, wat in werkenning as wy in pear wurdsjes feroarje. Ik hoopje fan herten dat ús susterpartij yn Sleeswyk-Holstein op 27 septimber in poerbêst resultaat hellet. Lars, Anke en Silke, in hiel soad súkses en ik gean der fan út dat jim wer op 3 sitten útkomme of wa wit sels 4.
De
webmaster fan dizze weblog is twaris heit wurden. Gjin 'heity' mar 'heitys' sa't er sels skriuwt op de side
www.twaling.nl. Twa famkes, wy kinne elkoar de hân jaan. Thaeke ken ik noch út 'e studintetiid yn Grins, wy wienen it altyd aardich iens, benammen oer de 'Fryske saak'. Thaeke, ek fan dit plak ôf tige lokwinske!
"De oerheid moat der dêrom mei de boer foar soargje dat it boerebedriuw sa ekologysk èn ekonomysk sûn mooglik buorkje kin". Sa stiet it yn it program fan de FNP. Ien fan de mooglikheden om soks te dwaan liket my de (tydlike) ôfskaffing fan de BTW op biologysk iten. Dêrmei wurdt stimulearre dat der mear produkten út 'e ekologyske of BD-sektor kocht wurde. Sûn foar bist, lân en minsk. Neffens my soenen de measte minsken wol oergean wolle op foar in grut part biologyske produkten, mar wat ik it meast hear is dat lju dat te djoer fine.
No is it ôfskaffen fan de BTW ien ding, mar hoe moat dat finansierd wurde? Wat my oangiet soenen de measte Europeeske subsydzjes op eksport fan lânbouprodukten ferdwine kinne. De boeren yn ûntwikkelingslannen binne de dupe fan dy subsydzjes, sy kinne mei har eigen produkten dan net mear konkurearje op 'e lokale merk. Fierder mei ek wolris kritysk sjoen wurde nei subsydzjes op fleis en molke. Krije wy krekt troch dy subsydzjes net oerproduksje? En, hokker boeren profitearje dêr it meast fan? Boppedat, linkom of rjochtsom sille wy as boargers fan Europa dy subsydzjes betelje moatte. Mei oare wurden: subsydzjes safolle mooglik ôfskaffe en duorsume produkten net langer beleste. Tekenje dêrom de petysje Bio BTW frij.
Ik hie it net better ferwurdzje kinnen as dizze man, âld-boargemaster Peter Vereecke fan it Flaamske Sleidinge. Op in soad dagen, dit wykein en hjoed wie it wer slim, wurde minsken fergiftige troch stoffen yn chemtrails fan fleantugen dy't boppe ús fleane. Bern boartsje de hiele dei bûten en azemje it yn. Ek fan dy, fan jo? Yn
dit filmke fan noch gjin 10 minuten lit de man hearre hoe't it neffens him sit.
Dizze wike yn De Standaard (www.standaard.be):
'Hersenscans bewijzen positief effect tweetalig onderwijs'
* maandag 17 augustus 2009
* Bron: belga
* Auteur: dsl
'Hersenscans bewijzen positief effect tweetalig onderwijs'
Bert Beelen/Hollandse Hoogte
BRUSSEL - De hersenen van tweetalige kinderen moeten veel minder inspanningen leveren bij eenvoudige rekenopdrachten dan die van kinderen die slechts één taal onder de knie hebben. Voor het eerst kon de Vrije Universiteit Brussel (VUB) dat aantonen met hersenscans. Dat heeft de universiteit maandag via bekendgemaakt.
Meertalig onderwijs biedt volgens de VUB een hele reeks voordelen. 'Door een aantal lessen in het Frans - twintig procent is al voldoende - te volgen, kunnen kinderen op een geïntegreerde en natuurlijke manier de tweede taal leren.'
Opmerkelijk is dat meertalig onderwijs niet alleen positieve effecten heeft op de verwerving van die tweede taal, maar ook op de taalvaardigheid van de moedertaal. Kinderen die andere vakken aangeleerd kregen in de tweede taal, beheersen die leerstof bovendien even goed en soms zelfs beter dan wanneer die in de moedertaal gegeven werd. Wiskunderesultaten waren volgens de VUB in sommige scholen opvallend goed. Dat positieve effect deed zich wel voornamelijk voor bij leerlingen van basisscholen.
Volgens de onderzoekers van de VUB moeten hersenen actiever zijn tijdens lessen in een andere taal. Zoals atleten die sterker worden door te trainen, presteren hersenen namelijk beter als ze extra geprikkeld en uitgedaagd worden. Meertalig onderwijs start dan ook het best zo vroeg mogelijk, bijvoorbeeld in de kleuterklas, aldus de VUB.
Voor het eerst kan de VUB haar pleidooi voor een veralgemeend tweetalig onderwijs in Nederlandstalige scholen staven met hersenscans. Op de scans van het onderzoek van de VUB is een duidelijk verschil te zien tussen een- en tweetalige kinderen. Het onderzoek, dat nog voortloopt, werd uitgevoerd bij dertig kinderen.
FNP brengt Europese subsidies in beeld
- LC | Gepubliceerd op 17 augustus 2009, 14:07
- Laatst bijgewerkt op 17 augustus 2009, 15:14
LEEUWARDEN - In totaal 21 Europese subsidieregelingen, waar vanuit regio's zoals Friesland het meest een beroep op wordt gedaan, zijn door de FNP in beeld gebracht. De Friese partij heeft de regelingen
op de eigen website gezet. Het overzicht is afkomstig van de EFA (European Free Alliance), de Europese partij waarbij de FNP is aangesloten.
De subsidies zijn per onderwerp gerangschikt, de criteria voor deelname worden aangegeven en er zijn verwijzingen naar websites waar meer informatie te vinden is. De FNP is zelf ook bereid hulp te bieden bij het doorgronden van de formulieren of bij het vertalen. De documenten zijn namelijk in het Engels en Frans opgesteld.
Link: Website FNP.
Boarne: Ljouwerter Krante (LC)
We've got what it takes... In moai
ferkiezingsfilmke fan ús Skotske kollega's fan de SNP. Komt Alex Salmond (de man dy't jo earst tasprekt) jo ek sa betrouber oer? En tink om de kleuren fan de fuotballer, geel-swart, tafallich ek de kleuren fan de SNP. Tige soarchfâldich yn elkoar setten. Myn tinzen binne al by takom' jier, mei ynstee fan in fuotballer in twatal-keatsers dy't oan it baltsjedriuwen binne... Net foar de SNP, mar foar har Fryske susterpartij...
3 x is skippersrjocht... Lês dit artikel yn De Telegraaf (hjirûnder ferkoarte werjefte). It moat net mâler wurde, aansens wurdt immen dy't in grypke hat ûnder twang mei in helikopter thús ophelle en yn karantêne setten yn militêre kasernes. Ik sjoch der nei de 'foarkennis' dy't ik sa stadichoan ta my nommen haw net mear fan op. Nijsgjirrich is dat minsken sa stadichoan trochdrongen wurde fan de wiere bedoelings fan de machtselite. Sjoch dêrfoar ek de kommintaren fan lêzers yn datselde artikel yn De Telegraaf (efkes nei ûnderen skrolle...) ...
Militaire inzet bij Mexicaanse griep door Roy Klopper
Den Haag - Patiënten die in ons land de Mexicaanse griep krijgen, lopen kans opgevangen te worden in kazernes of militaire hospitalen.
Defensie treft momenteel voorbereidingen om bij te springen in het geval de nieuwe influenza ons land ontwricht. Militairen staan in het najaar, als de griepgolf naar verwachting op zijn hoogtepunt is, klaar om overal in het land compleet ingerichte noodziekenhuizen te bouwen. Ook liggen er draaiboeken klaar om patiënten met helikopters van marine en luchtmacht uit moeilijk bereikbare gebieden zoals de Waddeneilanden te halen en in kazernes onder te brengen.
Juster krige ik in útnoeging om op 9 septimber nei it Europeesk parlemint yn Brussel ta te kommen foar in gearkomste fan it bestjoer fan de Europarlemintspartij EFA (ik bin dêr foar de FNP bestjoerslid fan). Op 'e aginda steane moarns as earste de 'standert'-wurklistpunten lykas finânsjes, ferslach foarige kear etc. Dêrnei komme de wat mear ynhâldlike saken en dan, as 'útsmiter' om 16.30 oere, in moeting mei de foarsitter fan de EU-kommisje, José Manuel Barroso! Op himsels is it fansels hiel aardich om efkes te fûstkjen mei sa'n man en wa wit ek noch mei him op 'e foto te kommen.
Ik bin trouwens al benijd hoe't de byienkomst ferrinne sil, want de EFA hat tegearre mei de Greens yn it Europeesk parlemint, in kampanje opsetten om Barosso gjin nije termyn as foarsitter fan de kommisje te jaan (Stop Barosso). En dêr hawwe ek de liberalen, sosjalisten en oaren har by oansletten. Om't Barosso him mar in bytsje bekroadet om miljeu, sosjale rjochten, demokrasy en de miening fan it Europeesk parlemint. Mar benammen bin ik benijd oft en hoe't Barosso dy njoggende septimber (09-09-09) reagearje sil op de aksje fan EFA-Greens om him te 'stoppen'.
Der binne hieltyd mear minsken, merk ik yn myn omjouwing,
dy't har slim soargen meitsje oer wat der geande is. Wêrom moasten
der al yn in hiel jier stadium al 2 x 17 miljoen (34 miljoen) faksins besteld wurde
foar Nederlân (alle ynwenners)? Wêrom moatte der sokke yngripende maatregels nommen wurde,
is der safolle media-omtinken foar wat in gewoan grypke is, as jo GGD Fryslân leauwe meie?
Alles wiist der op dat it spultsje luzen hat. Dêrom moatte minsken no yn aksje komme.
De list mei skealike bywurkingen fan de stoffen dy't yn de vaccins sitte binne lang. Wisten jo
dat Nederlân en in hiel soad oare steaten in oerienkomst sletten hawwe mei de WHO dat as fase 6
fan de pandemy yngongen is, minsken ferplichte faksinearre wurde kinne (en wy sitte no yn fase 6!)?
En, dat as minsken dat wegerje, se yn karantêne steld wurde kinne, opsluten wurde kinne, oant in heal jier?
Ik kin noch in hiel ferhaal fertelle, mar ik ried elkenien oan dizze site en dizze goed te lêzen en dan
in oardiel te foarmjen. Persoanlik kin ik my no hiel goed yntinke dat der no minsken binne dy't dwaande
binne mei in melding misdriuw foar as de faksinaasjes ferplichte wurde. As de faksinaasjes miljoenen
deaden fan gefolgen hawwe kinne, moatte minsken wekker wurde. As jo sjoen hawwe of serieus fan
betinken binne dat immen in misdriuw dien hat, of dat fan doel is, binne jo neffens de wet ferplichte
om dat by de plysje te melden. Ik gean der fan út dat in Melding misdriuw serieus neirûn wurdt...
Hjirby in link mei it dokumint: Verklaring Melding Misdrijf.
Der is no in moaie
webside makke oer de faksinaasjes yn ferbân mei Meksikaanske gryp. Persoanlik bin ik fan miening dat elkenien, dus ek wurkers yn 'e sûnenssoarch, frijheid hawwe moatte te kiezen om har al of net behannelje te litten of faksinearje te litten. Yntegriteit fan it lichem is tige wichtich. Dat is no nammerste mear fan belang, om't earst ein desimber ynsjoch komt yn 'e bywurkingen fan de middels dy't brûkt wurde. Op de oanbelangjende side kinne jo
sjen hokker stoffen der yn de faksinaasjes dien wurde. Jo kinne fia de side ek de webside fan Jane Burgermeister rieplachtsje, dy't oanjefte fan poging ta genoside tsjin de WHO en in pear oare ynstânsjes yntsjinne hat fanwegen de Meksikaanske gryp en de ferplichte faksinaasje yn in grut tal lannen.
FNP by simmeraktiviteiten Grou en Akkrum
Mei de slogan 'De FNP komt nei jo ta dizze simmer' is de FNP Boarnsterhim har kampanje foar de gemeenteriedsferkiezings, dy’t yn maart 2010 holden wurde sille, begongen.Op snein 19 july en 1 augustus wienen FNP-ers fan de ôfdieling Boarnsterhim oanwêzich op de bradery yn Grou en de Fryske dei yn Akkrum. Dêr waarden de “Ik –pompeblêdsje- Fryslân” stickers útdield. Deselde stickers dy’t mei de provinsjale ferkiezings yn 2007 hûs oan hûs ferspraat binne. Ek waarden grutte oantallen bern bliid makke mei in ballon. Fierder koe men ek handige skriuwblokjes, moaie pinnen en noch oare soarten stickers krije.
In protte minsken kamen op dizze dagen foar de earste kear mei de FNP yn kontakt. Ek de Jongerein ôfdieling fan de FNP wie fertsjintwurdige. Sy gongen by de minsken lâns mei in fragenlist. De útkomsten dêrfan sil de FNP letter bekend meitsje. De FNP hat sûnt koart net allinnich in eigen partij-dichter mar ek in musykband. De Koudumer blasers sille nammentlik by elk evenemint wêr’t se optrede mei FNP stickers op harren ynstruminten bekendheid jaan oan de FNP.
Op de foto de stand fan de FNP yn Akkrum op de Fryske dei, dêr't mei troch it moaie waar in soad oanrin wie.
Al earder haw ik skreaun dat in soad hjir yn de gemeente goed giet. Sa hat Grou it Skûtsjesilen wûn, grutte klasse sa't se syld hawwe! Jûn is de huldiging op it Halbertsmaplein. Uteraard sil in delegaasje fan de FNP dêrby oanwêzich wêze...
En hjoed oerdeis de Fryske dei yn Akkrum, in aktiviteit op inisjatyf fan de pleatslike middenstân. Ik haw der fan 'e moarn al efkes west en super gesellich. Ast noch komme kinst, seker efkes delkomme... Wy steane der as FNP ek (Kanadeeskestrjitte, by de fytsemakker). De ynwenners rêde it mei-elkoar op. Yn sekere sin soenen jo sizze kinne der is sprake fan in 'revanche' nei it debakel op it gemeentehûs mei de miljoenetekoarten.
|
|