SSW op winst: fan 2 nei 4

De SSW, de partij fan de Denen en Friezen yn Sleeswyk-Holstein, giet fan 2 nei 4 sitten. As susterpartij (FNP sit tegearre mei de SSW yn de EFA) hawwe wy de partij lokwinske. De EFA hat dat ek dien. Hjirûnder de tekst:

EFA congratulates SSW doubling their number of seats in the Schleswig-Holstein Landtag (29/09/2009)

EFA Observer member SSW, representing the Danish and Frisian minority in Germany, received in recent years increasing support from the population in Schleswig-Holstein (the Northern part of Germany at the border of Danmark). The election results of last sundays election again underlines this evolution. SSW managed to double its amount of seats from 2 to 4.

EFA congratulates the 4 Members Anke Spoorendonk, Lars Harms, Silke Hinrichsen and President of the party SSW Flemming Meyer.

EFA president Nelly Maes commented:

"Again this is a great day for our sister party SSW. I congratulate President Flemming Meyer who lead his party to this victory. SSW and EFA working together, and the success in recent European eelection for EFA and for SSW in the Landtag elections, shows that diversity of identity and language is a key issue to voters throughout Europe." 

Sybren Wednesday 30 September 2009 at 12:18 pm | | Default | No comments

It Fryske antwurd op Wilders

Fadwa mei har Fryske holdoekIk bin oars net in man fan flaggen en findels, mar dit is wol aardich fansels. Respekt foar elkoars miening, eftergrûn en leauwen soe ek betsjutte moatte elkoars klean en (eigen-)aardichheden respektearje. It Fryske antwurd op Wilders. Boarne foto: lês artikel Omrop Fryslân.

Sybren Tuesday 29 September 2009 at 5:51 pm | | Default | No comments

SSW yn regear Sleeswyk-Holstein?

Moarn ferkiezingsdei yn Sleeswyk-Holstein. Ek yn Dútslân trouwens, foar de Bûnsdei, yn Berlyn. Der stiet hiel wat op't spul, as jo de media leauwe meie. De susterpartij fan de FNP yn Sleeswyk-Holstein, de SSW, stiet yn de peilings op fette winst. Wa wit helje se wol 5% en se sette dan ek alle silen by. Lykwols, harren foaroanfrou Anke Spoorendonk hat fuortendaliks oanjûn dat se wol regearje wolle en ek wol kompromissen slute wolle, mar se wolle har wichtichste punten net ferpatse en betroubere bûnsmaten krije. Yn de Ljouwerter krante stie fan 'e wike al in wiidweidich artikel dat de SSW, as partij fan de Denen en Friezen yn Sleeswyk-Holstein, wolris yn it regear komme kin. As it nek-oan-nek útslach wurdt tusken links en rjochts kin de SSW as deeglike en realistyske 'middenpartij' wolris oan de ûnderhannelingstafel komme kinne. Dat soe ek foar ús as Westerlauwersk-Friezen in opstekker wêze. Friezen oan 'e macht yn in Dútske dielsteat? Net ten koste fan alles.

Sybren Saturday 26 September 2009 at 6:45 pm | | Default | No comments

Faksinaasjes: 'wapens foar massa-destruksje'

The Shot Heard Round The World

Justerjûn nei in ynformaasjejûn ta west oer faksinaasjes yn De Bres yn Ljouwert (kompliminten foar Liwwadders mei it rappe stik op dy site, sûnder sinsuer). It wie ôfgryslik nijsgjirrich. Fansels hie ik my al wat ferdjippe en ek al heard fan ferpleechkundigen dat sy noait it grypfaksin nimme woenen, want neffens harren wurde minsken dy't in prik krije siik en oaren net. Mar op dizze jûn waarden de achtergrûnen ferteld (lês parseberjocht en dat wie net allegear like 'funny'. Der stiet ús de kommende tiid hiel wat te wachtsjen. Ik soe wolle dat it net wier is, mar neffens de ynlieders binne wy werom yn in tiid te ferlykjen mei 1939, krekt foar de oarloch. Mar dan wol yn in tiid dat neffens de haadredakteur fan it Frysk Deiblêd yn syn artikel fan tiisdei 22 septimber de ynfrastruktuer klear leit foar in totalitêre steat...

Sybren Friday 25 September 2009 at 6:31 pm | | Default | No comments

Gemeenteried Boarnsterhim: frjemde gong fan saken

Justerjûn haw ik foar it earst in folsleine gearkomste fan de gemeenteried fan Boarnsterhim meimakke. Fansels yn it foarste plak oangeande de takomst fan ús moaie gemeente. Uteinlik hat it kolleezje in hiel soad tasizzings dien. Sa sil der op koarte termyn einlings in analyze komme fan de oarsaak fan de finansjele problemen, dêr't de FNP al hiel faak op oantrune hat. It wurdt foar mear doarpen mooglik om in eigen jûn te hâlden om de takomst te besprekken. Se kinne ek oare opsjes as wat it Kolleezje fan Boarnsterhim nei foaren brocht hat ynbringe. Sa soe bygelyks Reduzum him útsprekke kinne foar Littenseradiel. Ek de opsje 'selsstannich fierder as Boarnsterhim' wurdt oan de ynwenners foarlein. Der is ek oerienkommen dat de ynlieders maksimaal in kertier in ynlieding hâlde sille sadat der in soad tiid oerbliuwt foar de minsken om fragen te stellen, te diskussearjen en in miening te foarmjen. Dat wie foar de fraksje fan FNP-Boarnsterhim genôch reden om ien moasje net yn stimming te bringen, want de saken dy't yn de moasje stienen wienen allegear al foar it grutste part tasein. Dan it referindum. Alle oare partijen makken fuortendaliks al dúdlik dat se wol ynstimme koenen mei de proseduere om de Petearjûnen sa te hâlden sa as it Kolleezje it útsteld hie (mei boppesteande tasizzings). Op it útstel fan de FNP foar in referindum waard net of negatyf reagearre. Mei oare wurden, dy moasje kinne jo better noch efkes yn 'e bûse hâlde foar it gefal dat it fierdere proses net goed ferrint en de ôfspraken net neikommen wurde.

Fierder wie it juster in frjemde gong fan saken. In wurdfierder fan GrienLinks Boarnsterhim dy't fanwegen in proseduere suver net de gelegenheid krige om 2 minuten (!) yn te sprekken, de fierstente lange fage mûnlinge meidielings fan it Kolleezje (as ried moatte jo easkje dat se dat skriftlik tastjoere) mar boppe-al it feit dat fan in tal saken mieningsfoarmjend en beslútfoarmjend yn ien gearkomste plakfine. As politike partijen kinne jo dan net goed reflektearje, neitinke- en prate oer wat ynsprekkers sein hawwe, tuskentiids kontakt opnimme mei kollega-riedsleden om moasjes of amendeminten op te stellen ensfh. Boppedat wie it skoft troch boargemaster Baas op in sadanich momint keazen dat der gjin momint fan oerlis mooglik wie tusken it earste part (mieningsfoarmjend en beslútfoarmjend). Of jo moatte al in skorsing oanfreegje. Al mei al net hiel befredigjend.

Sybren Wednesday 23 September 2009 at 12:06 pm | | Default | No comments

Ljouwert: mes op 'e kiel fan Boarnsterhim

Doe't ik ien fan de beide dokuminten fan de beide advysburo's oer de takomst fan Boarnsterhim trochlies (dy fan WagenaarHoes), kaam ik op side 37 en 38 ek it folgjende noch tsjin: 'ZELFSTANDIGHEID MET EEN INTENSIEVE SAMENWERKING MET LEEUWARDEN

Een van de alternatieven die Boarnsterhim onderzoekt is zelfstandigheid met een intensieve samenwerking met Leeuwarden. Vorig jaar is een contract getekend dat geldt voor drie jaar. Voor Leeuwarden is het als Boarnsterhim kiest voor dit alternatief geen uitgemaakte zaak dat het contract verlengd wordt. Leeuwarden zal dan goed kijken naar de consequenties die dit heeft voor de eigen organisatie, zoals grote investeringen en het aantrekken van nieuw personeel. Dat is alleen verantwoord bij langdurige commitments, en vraagt beantwoording van de vraag of Leeuwarden zich wel wil ontwikkelen tot een semi-privaat servicebedrijf voor andere gemeenten. Bovendien vraagt men zich in Leeuwarden af of deze optie op termijn leidt tot een bestuurskrachtig Boarnsterhim. Als dat niet het geval is, is deze vorm van samenwerking niet interessant voor Boarnsterhim, noch voor Leeuwarden, noch de regio. Het ging immers om het versterken van de regio.'

Oant safier in stikje út in ynterviewferslach mei boargemaster Crone en gemeentesiktaris Brugman. Wat ik hjiryn lês is fansels it mes op 'e kiel sette fan Boarnsterhim en dat is net sa netsjes. Nei ien jier fan gearwurking op it mêd fan personiel en ICT al sizze dat it gjin útmakke saak is dat it kontrakt tusken de twa gemeenten ferlingd wurdt. Dat is in ûnbehoarlik drigemint en jout oan hoe't Ljouwert dwaande is (te besykjen) om syn machtsposysje te fergrutsjen. Wolkom yn Ljouwert??

Sybren Sunday 20 September 2009 at 7:04 pm | | Default | No comments

Fersprutsen oer Meksikaanske gryp

Hjoed stie in nijsgjirrich stik yn it Frysk Deiblêd dat der oant no ta maksimaal 51 wurknimmers tagelyk siik west hawwe troch de Meksikaanske gryp. Dat nei't juster al in artikel publisearre wie dat it tal gefallen tige tafalt. Op de webside www.allesoverdegriep.nl stiet te lêzen dat der hjoed (15 sept) mar 14 gefallen binne fan dy saneamde Meksikaanske gryp. Wêrom dan sa'n mediahype, safolle advertinsjes en sa'n grutte bestelling fan grypfaksins troch de oerheid (34 miljoen eksimplaren, 2 foar alle ynwenners fan de Nederlânske steat)? Yn it artikeltsje fan hjoed yn it Frysk deiblêd wurdt al mear dúdlik. De bedriuwsarts Van Nispen hat him fersprutsen, in knoert fan in flater foar sa'n man mar it wurdt wol dúdlik dat der 'stront oan 'e knikker' sit. Hy seit: "De besmetting gaat zelfs te langzaam". "We willen het liefst de besmettingen en dus de griepgevallen zoveel mogelijk verspreiden over het najaar". Dat betekent dat we nu eigenlijk al enkele miljoenen besmettingen hadden willen zien. Het is momenteel raadzaam om besmetting niet te voorkomen, zodat dit geleidelijk verloopt." It is dúdlik, it ferrint net neffens de planningssyklus dy't se earst yn gedachten hienen. En sa wurdt it lêstiger om fiergeande maatregels oan it grutte publyk op te lizzen.

De kommende twa moannen wurde krusiaal. De wiken fan de wierheid brekke oan. Ut tige betroubere boarnen wit ik dat der hiel hurd wurke wurdt oan ferplichte faksinaasjes. Dat moatte wy perfoarste foarkomme.

Sybren Tuesday 15 September 2009 at 6:41 pm | | Default | No comments

Kritysk oer rapporten takomst Boarnsterhim...

Krektlyn in parseberjocht útbrocht. Wy binne tige kritysk oer de beide rapporten dy't útbrocht binne. De Omrop hat der al in nijsitem fan makke. It hiele parseberjocht kinst hjir lêze. It kin net sa wêze dat yn sân hasten fan hegerhân, bûten de ynwenners om, in yndieling makke wurdt 'boppe en ûnder it PM-kanaal'. Oars is de kâns grut dat deselde flaters makke wurde as yn 1984, by de foarige weryndielingsronde.

Sybren Sunday 13 September 2009 at 2:00 pm | | Default | One comment

Ynformaasjejûn oer faksinaasjes en Meksikaanske gryp

Informatieve avond over vaccinaties

Donderdag 24 september aanstaande vindt in Debatcentrum De Bres een informatieve avond plaats met als onderwerp: “VACCINATIES”.

Aan de orde komen diverse vormen van vaccineren zoals vaccinaties bij baby’s en kleine kinderen, de griepprik en ook de zeer actuele HPV vaccinatie waarover de laatste tijd zoveel te doen is.

De avond wordt verzorgd door:

-          Désirée Röver (Medisch Research Journaliste en schrijfster van het boek “Baarmoederhalskanker (HPV vaccin)”)

-          Anneke Bleeker (www.verontrustemoeders.nl)

Locatie: Debatcentrum De Bres, Schoolstraat 4  8911 BH  LEEUWARDEN

Alle aanwezigen hebben de mogelijkheid vragen te stellen.

Geïnteresseerden kunnen zich via e-mail opgeven op: vaccinatieavond24september2009@live.nl  

Het belooft een zeer interessante avond te worden. De entree is GRATIS.

Aanvang:  20.00 uur

Sybren Saturday 12 September 2009 at 11:56 am | | Default | No comments

Boarnsterhim: befolking oan set!

Hjoed kamen dan de beide rapporten (dizze en dizze) út fan de twa djoere buro's mei it nijs: Boarnsterhim opdoeke en opsplitse. Bestjoerders rôlje al oer elkoar hinne. Wa krijt hokker part fan ús gemeente. Skamteleas wurdt der praat oer 'Jou ús mar in pear doarpen', sa hearde ik op Omrop Fryslân tusken 17.00 en 18.00 oere fan boargemaster Liemburgf fan Littenseradiel. Boargemaster Crone wol daliks nei it nijs daliks al in petear. Der moat goed om tocht wurde dat ynwenners net it gefoel krije dat der oer harren doarp, har gemeente praat wurdt ynstee fan mei de minsken sels. Wêrom moat de beslútfoarming sa hurd en lit de gemeenteried op 15 desimber in oardiel jaan? Meitsje it ûnderwerp fan de ferkiezings yn maart, it is al net iens mear in heal jier. In referindum is krekt wol nedich, leafst mei de fraach per doarp wat men wol.

Wy hienen der al foar warskôge en dat ek nei bûten ta brocht: gjin oerhaaste besluten nimme. En dat is krekt wat der no bart. Moarn moat al in proseduere mei de doarpsbelangen bepraat wurde en yn in koart skoftke tiid wolle B&W it testamint opmeitsje. Oars wurde wer flaters makke dy't earder ek makke binne, lykas frou Liemburg terjochte konstatearret.

Sybren Monday 07 September 2009 at 6:35 pm | | Default | No comments

Akkrumers wolle net by Ljouwert

Op de webside fan Akkrum stiet it risseltaat fan in bewennersenkête ûnder de Akkrumers. Hjirûnder de útkomsten:  

Resultaten bewoners raadpleging 'Hoe gaan we verder met Boarnsterhim'.
5 september | 10.45 uur

Uit een recentelijk onderzoek door Plaatselijk Belang onder de bewoners van Akkrum en Nes e.o. zijn de volgende resultaten naar voren gekomen:

10% geeft aan dat Boarnsterhim zelfstandig moet blijven, zonder samenwerking met buurgemeenten.
23% wil als zelfstandige gemeente samenwerken met buurgemeenten.
17% wenst te fuseren met de gemeente Skarsterlân.
12% kiest voor een fusie met de gemeente Heerenveen.
6% is voor een fusie met de gemeente Leeuwarden.
32% ziet een fusie met meerdere buurgemeenten als oplossing.
Uit de opmerkingen die geplaatst zijn op de formulieren komt naar voren dat 27% de voorkeur uitspreekt voor het opdelen van de gemeente Boarnsterhim met o.a. als natuurlijke grens het Prinses Margrietkanaal.

Plaatselijk Belang Akkrum en Nes. e.o.

It is dúdlik dat der op basis fan de útkomsten gjin dúdlike útspraken te dwaan binne. Of, it moat wêze dat mar 6% kiest foar in fúzje mei Ljouwert. 94% is dêr dus tsjinstanner fan. Neffens my soe in konklúzje wêze kinne dat wy mei-elkoar ús bêst dwaan moatte om de gemeente finansjeel sûn te meitsjen, organisatoarysk wer better en dan de balâns op te meitsjen. Weryndieling kin no perfoarst gjin sprake fan wêze.

Sybren Saturday 05 September 2009 at 12:28 pm | | Default | Three comments

FNP-er kin samar SSW-er wêze...

Nei de blog oer de Friisk foriining tocht ik, efkes fierder op de SSW-side sjen. De SSW is de partij fan de Noardfriezen en Denen yn Sleeswyk-Holstein, net fier fan Denemarken. En op dy webside binne op in bepaald stuit wat Games te finen. Under oare de SSW-test. Ik haw alle fragen kreas beantwurde, en dêr kaam út: Ergebnis Sie können gar nicht anders, als den SSW zu wählen! Op alle punten, fan solidariteit, skoallen oant en mei de regio's bin ik it folslein mei se iens. Wy sitte dan hûnderten kilometers fan elkoar ôf, de susterpartijen yn EFA ferbân, lykas FNP en SSW kinne it aardich lykfine, sa docht mar wer bliken.   

Sybren Wednesday 02 September 2009 at 1:02 pm | | Default | No comments