Reduzum: kânsen foar Boarnsterhim

Justerjûn nei de jûn yn ús kafee (De Welp) ta west. It wie in waarm jûntsje, mei behoarlike diskusjes. Uteinlik seagen in soad minsken noch wol in takomst foar Boarnsterhim. Lykwols, foar gjin inkelde opsje wie in mearderheid. Op de side fan ús doarp stiet de útslach fan in enkête oer de takomst fan ús gemeente. It is fansels al nedich dat it doarp noch foar 15 desimber mei ien dúdlik lûd nei bûten komt, ferdieldheid moatte jo net hawwe. It is dúdlik dat it doarp kânsen sjocht foar Boarnsterhim (sjoch artikel Ljouwerter Krante hjirûnder). Ik haw doarpsbelang de suggestje al dien om ek te peilen oft it doarp fierder wol yn in plattelânsgemeente of 'ûnder in stêd'. Faaks binne der oare saken dy't as earste frege wurde moatte foardat jo in oardiel útsprekke. Sa kin in ramt ûntstean hokker kant it doarp - ienriedich - op wol.

Reduzum ziet kansen voor Boarnsterhim

  • LC | Gepubliceerd op 29 oktober 2009, 22:29
REDUZUM - 

Inwoners van Reduzum zien kansen voor een voortbestaan van Boarnsterhim. Veel aanwezigen lieten dat donderdagavond weten op de gemeentelijke informatieavond voor de dorpen Reduzum, Friens, Idaerd en Eagum. Ook werd vaak gepleit voor een samengaan met Leeuwarden.

Uit een enquête die dorpsbelang huis aan huis heeft gehouden blijkt dat 33 procent voor een zelfstandig voortbestaan van Boarnsterhim is, 34 procent voelt voor indelen bij Leeuwarden, 16 procent wil naar Littenseradiel, 9 procent vindt dat de hele gemeente Boarnsterhim naar Leeuwarden moet en 8 procent heeft andere suggesties.

Sybren Friday 30 October 2009 at 6:13 pm | | Default | No comments

Google- wat is der oan 'e hân?

 Oant no ta altyd myn favorite sykmasine. Lykwols, as ik in pear wurdsjes yntyp fan wat ik sykje, krij ik de lêste dagen folle minder resultaten te sjen as foarhinne. By guon opdrachten sels mar twa (2) siden, sa'n 11-20 treffers, wylst google sels wol oanjout dat der wol 244.000 relevante siden fûn binne. Wat my benammen opfalt, is dat jo folle minder wat oare of 'alternative' siden oantreffe, wylst jo de wat 'reguliere' websiden fan bygelyks mainstream media wol oantreffe. Hasto/hawwe jo dat ek murken? Wit immen wat der oan 'e hân is? Hokker goede alternativen binne der?

Sybren Wednesday 28 October 2009 at 08:04 am | | Default | No comments

Stjoerder.nl

Stjoerder.nlIen is moai, mar op ien foet kinne jo net stean. Dêrom is it moai dat nei itnijs.nl as Frysktalige ynternetkrante no ek stjoerder.nl yn 'e loft is. In geweldich inisjatyf fan Jaring Rispens. De side sjocht der goed út, benammen mei hiele moaie foto's. Mar dat is dan ek de professy fan de man. Yn 'e takomst ek sa út en troch wat filmkes en it nijs goed aktueel hâlde, dan is dit in grutte oanwinst foar Fryslân yn syn algemienens en foar de minsken yn 'e Súdwesthoeke yn it bysûnder.

Sybren Tuesday 27 October 2009 at 09:24 am | | Default | No comments

Rapporten oer takomst Boarnsterhim iensidich

Jûn begjint it, yn Terherne. En tongersdei is it hjirre, yn Reduzum. De 'petearjûnen' oer de takomst fan de gemeente. Foar dy jûnen is in presintaasje taret troch de ynlieders, en dy presintaasje is basearre op de beide rapporten dy't opsteld binne troch eksterne saakkundigen (WagenaarHoes en BügelHajema). Rapporten dy't útgeane fan (benammen) kwalitative analyses. By it rapport fan WagenaarHoes soe neist bestjoerders ek praat wêze mei 'maatskiplik aktive minsken' út Boarnsterhim sels. Ut in antwurdnota op fragen fan riedsleden docht bliken dat dat mar 5 minsken west hawwe. Yn 'e tuskentiid haw ik in stik sjoen fan Piet Hemminga, bestjoerskundige en 'autoriteit' op dit mêd yn Fryslân, dy't gehak makket fan de beide rapporten. Alles oerweagjende hat de FNP in parseberjochtopsteld en nei de media tastjoerd. Dizze rapporten kinne sa net as basis foar de petearjûnen brûkt wurde! Lykwols, de oare partijen binne al akkoart gongen. Dêrom, kom dizze wiken allegear nei de jûnen ta en lit jim hearre. Tongersdei 29 oktober yn Reduzum (De Welp, sjoch foto). Alhoewol't it dan myn 40ste jierdei is, de takomst fan dit doarp en dizze gemeente fyn ik wol sa wichtich dat ik dy jûns yn 'De Welp' te finen bin...

Sybren Monday 26 October 2009 at 09:44 am | | Default | No comments

Protte bywurkingen faksins yn Sweden

Op dyselde blog, fan HappyVPRO, noch folle mear nijsgjirrige saken. Bygelyks ûndersteand ferhaal fan 23 oktober oer de situaasje yn Sweden. Der binne in hiel soad bywurkingen konstatearre. Hjir stiet in befêstiging fan earder nijs dat minsken de gryp krije troch de grypprik sels. En yn dit artikel yn 'Der Spiegel' steane in tal sitaten fan Dútske wittenskippers: de foarsitter fan de Dútske Feriening fan algemiene genêskunde en de húsdoktergenêskunde, Michael Kochen, jout de Dútske húsdokters in negatyf advys oer it faksin. Ek: foar de foarsitter fan de Kommisje Medisinen, fan de Dútske Medyske Assosjaasje, Prof. Dr. Wolf-Dieter Ludwig, is dit in skandaal dat oan de minsken lêstich út te lizzen is: "Wy binne tige ûngelokkich mei dizze faksinaasjekampanje".

Vaccin problemen in Zweden

23 oktober 2009

Gisteren zijn 30 mensen aan de autoriteiten in Zweden gerapporteerd met hevige bijwerkingen als gevolg van het vaccin, zo erg dat zij behoefte hadden om naar het ziekenhuis te gaan. Vandaag is het aantal 140. De Zweedse krant Expressen is de enige krant in Zweden die over deze gevallen rapporteert en dit zal gebruikelijk en zeer waarschijnlijk slechts het topje van de ijsberg zijn.

UPDATE: Volgens Dagens Nyheter, is het aantal gemelde bijwerkingen nu een paar uren later 190. Eén persoon overleed na de injectie maar er is een directe relatie met het vaccin vastgesteld. Het grootste medische schandaal in de geschiedenis van Zweden is pas net begonnen. Maar toch, slaagde Annika Linde, directeur van het Zweedse Instituut voor de Controle van Besmettelijke Ziekte (KMIO) erin om het gebeuren in iets positief te spinnen, door te verklaren, "Het vaccin heeft meer bijwerkingen dan het normale griepvaccin. Het is een teken dat bewijst dat het een efficiënte bescherming biedt."

Duizenden Zweden zijn tot dusver ingeënt en meldingen van bijwerkingen stromen binnen bij het Zweedse Instituut voor de Controle van Besmettelijke Ziekte (KMIO). Annika Linde: "Het is duidelijk dat het vaccin tegen de varkensgriep in meer bijwerkingen resulteert dan normale griepvaccins. Dat is omdat het varkensgriep vaccin adjuvants bevat, haaienlever olie, die het immuunsysteem defensie activeert. Dat resulteert ook in die zin dat de bescherming tegen het virus beter wordt.

Er zijn verscheidene hevige gevallen van allergische reacties aan de unit voor geneeskrachtige veiligheid gemeld. "Tot dusver zijn de gemelde bijwerkingen niet onverwachts" zegt Gunilla Sjïolin Forsberg. Deze unit heeft nu enkele van de vele andere units gevraagd om de bijwerkingen te melden om een betere grip op de situatie te krijgen. Deze verklaring is alleen al schokkend aangezien volgens normale praktijk, alle bijwerkingen automatisch zouden moeten worden gemeld toch?

bron: theflucase.com

Sybren Sunday 25 October 2009 at 11:24 am | | Default | No comments

iepenheid oer bywurkingen faksins

Op ien fan de websiden fan de VPRO, Happy VPRO (blog), stie in koart ferslachje fan de rjochtssaak ôfrûne tongersdei oer de (ynhâld fan de) faksins dy't brûkt wurde tsjin de Meksikaanske gryp. Hjirûnder de tekst fan de blog. It mei dúdlik wêze dat it Ministearje fan VWS in kwealike rol spilet, se hâlde de mûle stiif ticht. Jo ferskûlje efter Europa of in ynstelling as de EMEA is net yn it belang fan de befolking.  

Kort geding tegen ministerie van Volksgezondheid
23 oktober 2009

Gisteren diende in Zwolle het kort geding tegen het ministerie van VWS over het feit dat het informatie voor de burger achterhoudt en achtergehouden heeft over de (schadelijke) inhoudsstoffen die in de mexicaanse griepprik zitten en over de bijwerkingen van de prikken. Met name gaat het dan over de zogeheten adjuvantia, toevoegingen: kwik, squaleen en formaldehyde.

De adjuvantia
Kwik in vaccins is in veel landen al verboden. Het veroorzaakt oa autisme, naast dat het het immuunsysteem ondermijnt. En squaleen mag in de VS ook al niet eens meer in spuiten zitten. Het is oa verantwoordelijk voor het golfoorlogsyndroom. Als onderzoekers auto-immuunziekten willen veroorzaken bij proefdieren om mee te experimenteren (wat al een zieke toestand op zich is vind ik), dan spuiten ze squaleen bij de dieren in het bloed in.

Informatieplicht
Even weer over de gewenste informatieplicht: voor een potje pindakaas is informatieplicht over de ingredienten aan de orde, voor medicijnen is deze informatieplicht aan de orde, waarom niet ook voor de mexicaanse griepprik?

VWS ontkent eigen informatieplicht
De advocaat van het ministerie van VWS had gezegd: de bijwerkingen en ingredienten zijn bekend. De burger kan daarvoor naar de internetsite van EMEA gaan (ik weet niet waar het de afkorting van is, maar het is een Europees orgaan dat in dezen een grote autoriteit is). Maar: niet iedereen heeft internet, en: ik heb nog nooit voorlichting gehoord van de Nederlandse overheid die verwijst naar de site van EMEA.

Foldertjes onvoldoende informatief
Een arts ter plekke, Jannes Koetsier, vertelde dat de informatie van foldertjes in Nederland over de bijwerkingen onvoldoende informatief zijn. De bijwerkingen zoals die genoemd staan op de site van EMEA zijn bovendien veel ernstiger dan wat er in de Nederlandse informatiefoldertjes staat over de bijwerkingen.

Spoedeisendheid erkend
Dit gaf onmiddelijk de doorslag voor de rechter om de spoedeisendheid van de kwestie te erkennen. Bovendien zei Jannes Koetsier dat 99% van de huisartsen niet weet wat er in de vaccins zit voor de Mexicaanse griep, laat staan de burgers.

Slechte excuses voor ondermijnend gedrag
Het ministerie had voor de rechtzitting herhaaldelijk gedraald om op schriftelijke vragen van de stichting stralingsarm nederland (de eisende partij in deze zaak) over de mexicaanse griepprik in te gaan. De excuses om in dezen te dralen kwamen niet verder dan oa vakantie en fouten.

"Vertrouwelijke" informatie
Verder deed de advocaat van het ministerie van VWS gewichtig over 8 mappen met informatie over contracten met de farmaceutische industrie die de eiser had opgevraagd die vertrouwelijk is en die de rechter alsnog kan lezen. Eerder zijn die niet aan de rechter voorgelegd.

Rechter not amused
De rechter zei dat hij zelf wel zou uitmaken of hij die 8 vertrouwelijke mappen van het Ministerie van VWS alsnog gaat inzien en of hij het nog meeneemt in zijn besluit dat volgende week vrijdag hierover zal vallen. Hij was not amused over de vertragings- en procesondermijningstactieken van het ministerie van VWS.

Befehl ist befehl
Last but not least viel op dat`de advocaat van het ministerie van VWS voor verantwoordelijkheid van het vaccinatiebeleid keer op keer verwees naar EMEA - het Europese beleid. Onze eigen regering is verworden tot een marionettenregering van de EU. Ik had al zo'n voorgevoel dat dit de strekking van het verweer zou gaan zijn. Voor een deel omdat het ook zo is dat onze eigen regering over veel belangrijke zaken ook niets meer te vertellen heeft. Onze stem voor onze nationale regering is in die zin langzaam aan inflatie onderhevig geraakt de afgelopen tijd.

Uitslag besluit rechter en vervolg
Volgende week vrijdag is de uitslag van het besluit van de rechter. Als hij besluit dat de Nederlandse regering onterecht informatie heeft achtergehouden over de ingredienten en bijwerkingen van de mexicaanse griepvaccinaties, dan ligt de weg open om civielrechtelijk dan wel strafrechtelijke stappen te ondernemen.

Sybren Saturday 24 October 2009 at 3:47 pm | | Default | No comments

Frijsteat Reduzum en selsbeskikkingsrjocht yn byld

Wat is der noch te merken fan de Fryske frijheid? Op it filmfestival yn Ljouwert sil der ynkoarten wat fan te sjen wêze. Der binne ek opnames makke yn de 'Frijsteat Reduzum' sa't ús doarp wolris neamd wurdt. Sjoch foar de aardichheid ris op de side fan ús doarp. Harko Wubbs hat in filmke makke oer it ivige rjocht op selsbeskikking. Trouwens, net allinnich fan Reduzum mar ûnder oare ek fan Arno Ulrichs dy't de grins tusken Dútslân en Nederlân fuort hawwe wol. Op 14 novimber te sjen. Sjoch hjir in 'sneak preview' oftewol in trailer fan de film 'Salang't de wyn fan 'e wolken waait'.

Sybren Sunday 18 October 2009 at 1:48 pm | | Default | No comments

Bank 'fakânsje' op kommende wei?

USdollarSteane de problemen mei de West-Fryske DSB-bank (Wognum) op himsels, of is dit de foarboade fan mear en noch folle gruttere bankswierrichheden, dy't mooglik sels ta it omfallen fan it finansjele systeem liede kinne dat wy hjoeddeidei kenne? It mei dúdlik wêze dat it betrouwen yn 'e finansjele sektor no ek te uzes in grutte knau krigen hat. It begûn earst yn Amearika mei de kredytkrisis, wêrtroch tsientallen banken 'omfoelen'. En hoe giet it no fierder? De foartekens binne net geunstich. Sis mar striemin.

As wy nei datselde Amearika sjogge, dan binne der ôfgryslike begruttingstekoarten, dy't neffens my sûnder in mega-omfoarming fan it systeem net mear op te lossen binne. Yntusken krijt it betrouwen yn de dollar klap op klap. Tal fan steaten binne net mear fan doel om de dollar te brûken. Op in dei sil de dollar 'falle'. Yn dit artikel stiet hiel dúdlik werjûn wat der feitlik oan 'e hân is. It fûnemint is siik. It saneamde 'garânsjestelsel' dat garandearret dat jo maksimaal € 100.000 fan jo sparjild de bank weromkrije kinne, kin in saneamde 'bankrun' net foarkomme. It is net de fraach oft it finansjele systeem yn elkoar klapt, mar wannear. Guon tinke dat it oer 8 dagen heve sil (dws om 25 oktober hinne). Yn dat gefal hawwe wy dan in saneamde 'bankholiday' oftewol in 'bank fakânsje'. Dat jo, om by it begjin wer werom te kommen, lykas by de DSB bank, net mear by jo jild komme kinne fan watfoar bank dan ek. Oft dat útkomme sil wit ik net. Wol dat wy warskôge binne.

Sybren Saturday 17 October 2009 at 1:01 pm | | Default | No comments

Petearjûnen takomst Boarnsterhim begjinne...

Op de webside fan de gemeente lies ik dat de jûnen yn de doarpen fan Boarnsterhim oer ús takomst hast begjinne. Hjirûnder it skema. Ik rop elkenien op mei te praten. Sjoch goed nei de data. It begjint alle kearen om 20.00 oere. Hâld dêrby ek yndachtich dat der hurd wurke wurdt om ús gemeente wer finansjeel sûn te meitsjen en de problemen fuort te wurkjen (lês it stikje yn de LC). En dat omlizzende gemeenten de kommende jierren ek in hiel soad besunigje moatte. Mei oare wurden, rekkenje jo net ryk en nim gjin oerhaaste besluten. Earst de boel op regel.  

Maandag 26 oktober 2009
Terherne: De Buorkerij

Woensdag 28 oktober 2009
Jirnsum: it Kattehûs

Donderdag 29 oktober 2009
Reduzum, Friens, Idaerd, Eagum: café De Welp, Reduzum

Maandag 2 november 2009
Grou: Stay Okay

Dinsdag 3 november 2009
Akkrum, Nes: de Lantearne

Donderdag 5 november 2009
Aldeboarn: It Fryske Hynder

Maandag 9 november 2009
Wergea, Warten, Warstiens: de Bidler, Wergea

Woensdag 11 november 2009
Poppenwier, Dearsum, Sibrandabuorren, Tersoal, Raerd: dorpshuis Raerd

Donderdag 12 november 2009
Koepelavond, gemeentehuis Grou

Sybren Friday 16 October 2009 at 5:01 pm | | Default | No comments

Doarpen Boarnsterhim: om skoallen net foar Hearrenfean kieze

Op it stuit is de befolking fan Boarnsterhim oan set. Wat wurdt de takomst? Yntusken wurdt wol dúdlik dat in gearwurkjen of weryndieling mei in oare gemeente ek net safolle profyt opleveret as guon minsken foarspegelje. Earder wie al bekend dat de gemeente Hearrenfean foars besunigje moat, oars is der in tekoart fan € 5 miljoen yn 2013. As jo jo lykwols orientearje op de takomst, moatte jo net (allinnich) sjen nei de finânsjes, mar benammen ek nei oare saken. Lykas leefberheid, wolwêzen, soarch foar de minder draachkrachtigen, in goede ferdieling en sprieding fan foarsjennings ensfh. 

Yn dy sin tekene him dizze wike al wat ôf. It Kolleezje fan B&W fan Hearrenfean wol 'Kleine school niet langer in stand houden'. Lit ús gemeente mei in soad doarpen en dêrtroch in soad wat lytsere skoallen neffens de útstellen krekt foar de helte yndield wêze by de Gemeente Hearrenfean. De beide bestjoerders fan Hearrenfean sizze: 'leefbaarheid in dorpen heeft te maken met de mensen die er wonen en niet met scholen'. Mei sokke útspraken binne jo net goed op 'e hichte fan de praktyk yn de measte doarpen, neffens my. It is politike prytpraat. Yn in soad plakken, en benammen yn de lytsere, draait in hiel soad om de skoalle. En mei de foarming fan multyfunksjonele sintra dêr't skoallen fan diel útmeitsje wurdt dat allinnich mar sterker. Hjir yn Reduzum soe de leefberheid in ôfgryslike knau krije as de skoalle ferdwine soe. Jonge minsken lûke út dy doarpen wei, sportferienings kinne wol ophâlde, winkels slute. Ik kin my yntinke dat in soad bewenners fan Boarnsterhim by de rinnende diskusjes oer de takomst net mear foar Hearrenfean kieze sille troch ditsoarte fan útspraken...

Sybren Sunday 11 October 2009 at 6:07 pm | | Default | No comments

Net ryk rekkenje...

Hjoed seach ik op De Grouster in stik mei in stik as wat sitaten fan Klaas van den Berg, foarsitter fan de Business Club Grou. Hy ferwachtet dat troch in fúzje fan (in part fan) Boarnsterhim mei Ljouwert, Ljouwert boppe de 100.000 ynwenners útkomme sil en de útkearing út it Gemeentefûns sadanich tanimme sil dat Boarnsterhim dêrmei ûnderdiel útmeitsje sil fan (ûnder oare) in 'financieel gezonde gemeente'. Ik moat him teloarstelle. Al earder skreau myn opfolger yn de Ljouwerter rie dat by in fúzje tusken Boarnsterhim en Ljouwert wy der finansjeel neat better op wurde ('Per saldo gjin sint wie it antwurd'). In pear topamtners fan it stedskantoar hawwe dat al trochrekkene.

Yn in eardere weblog haw ik al warskôge foar de negative situaasje by it Ryk en foar besunigings dy't op kommende wei binne by gemeenten. Doe hie ik in ynskatting fan € 10,9 miljoen op jierbasis foar de gemeente Ljouwert. Dizze wike hie wethâlder Krol it yn de Ljouwerter Krante sels al oer mooglik € 20 miljoen. Ik freegje my ôf hoe 'financieel gezond' de gemeente Ljouwert oer twa, trije jier is as dy besunigings trochfierd binne. It is in yllúzje dat de ynwenners fan Boarnsterhim en Ljouwert der troch in fúzje per saldo finansjeel in soad better fan wurde sille. Jo moatte jo net ryk rekkenje. Better is it om yn eigen hûs de saak te ferbetterjen en de kosten yn 'e hân te hâlden.

Sybren Saturday 10 October 2009 at 7:28 pm | | Default | No comments

Nei Súd Tirol ta

AdvertisementYn it tredde wykein fan novimber (20-22 novimber) sil ik nei Súd Tirol ta. In skoftke lyn krige ik de útnoeging al en it is no wis dat ik der hinne sil. It is de bedoeling dat ik dêr in byienkomst tasprekke sil fan de politike partij 'Süd Tiroler Freiheit'. Foar alle dúdlikens, in progressive partij dy't neat hawwe moat fan it neo-faksisme dat tsjintwurdich wer yn Itaalje omdoarmet. Ut namme fan de EFA, de Europarlemintspartij dêr't de FNP ek by oansluten is, sil ik dêr it wurd fiere yn in plak flakby Bozen/Bolzano. Jo freegje jo miskien ôf, wat docht in FNP-er dêr oan de oare (súd)kant fan de Alpen? Wol, lês harren program mar ris en jo sjogge dat der in hiel soad oerienkomsten binne mei Fryslân en de aktuele situaasje hjirre. Selsbeskikking, meartaligens, it feit dat in befolkingsgroep yn twa lidsteaten wennet (by ús Friezen yn Dútslân en Nederlân), it miljeu, sosjale rjochten ensfh. Ik tink dat ik nei ôfrin mei in soad ynspiraasje werom komme sil.

Sybren Wednesday 07 October 2009 at 1:12 pm | | Default | No comments

Ministearje VWS: gjin iepenheid risiko's faksins

header image

Hjoed ûntdutsen dat der op dit stuit in WOB-fersyk spilet oer de gefaren fan de grypfaksinaasjes dat troch in Ministearje fan VWS net ynwillige wurdt. In WOB-fersyk is in fersyk op basis fan de Wet Openbaarheid Bestuur om helderheid te jaan wat der besluten is en wat de efterlizzende ynformaasje is. 'Stralingsarm Nederland' makket him nammentlik soargen oer de bywurkingen fan de faksinaasjes, wa't foar de skea opdraait as minsken earnstich siik wurde fan de faksinaasjes ensfh. It lêste nijs, op 1 oktober, wie (sjoch ûnderoan op dizze side, by 1 oktober): 'Het Ministerie heeft schriftelijk laten weten, dat het de door ons gevraagde informatie wèl heeft, maar niet openbaar wenst temaken op grond van art. 10 en 11 van de Wet Openbaarheid Bestuur. Dit besluit, ver over de wettelijk toegestane termijn heen, brengen we uiteraard in bij het Kort Geding'.

O ja, Ierlân, dat krekt it Ferdrach fan Lissabon by referindum goedkard hat, is fan doel om faksinaasjes ferplichte te stellen. As de Ieren gjin spuit wolle, moatte se nei de finzenis, sa stelt in artikel yn "The Irish Daily Sunday Star”. Ek EU!

Sybren Monday 05 October 2009 at 6:24 pm | | Default | No comments