Skokkend

siegesdenkmal_renovierung_2009.jpgIt stie krekt al op de webside fan de Ljouwerter krante dat ik skokt bin troch wat ik yn Bozen (Súd Tirol) sjoen haw. Dat nei oanlieding fan in besite fan my ôfrûne wykein nei dy regio. Op de side fan Liwwadders stiet it folsleine parseberjocht dat ferstjoerd is. It is net te leauwen dat yn it Europa fan de 21ste ieu sokke fassistyske 'Siegesdenkmale' noch altyd besteane, opknapt wurde! en dat dêr ek noch alle jierren neo-fassistyske fieringen binne en dat dêr krânsen lein wurde. Op de Súd-Tiroler tv haw ik koart myn gefoelens utere oer dizze relikten. Hooplik sil it Europeesk parlemint sa gau mooglik beslute dat Itaalje ophâlde moat mei ditsoarte fan ferhearliking fan totalitêre regimes. De EFA, dêr't ik bestjoerslid fan bin, sil dêr troch in moasje of resolúsje wurk fan meitsje.

Sybren Monday 23 November 2009 at 8:47 pm | | Default | No comments

Tibet is net Sina!

img_4277.jpgMoarn sil ik fuort, nei Súd-Tirol ta. De partij dêr't ik hinne sil (de Süd-Tiroler Freiheit), hat fan 'e wike (tiisdei) in hiel ferneamd persoan te gast hân, nammentlik de Dalai Lama. It is fansels in hiele eare om yn neifolging fan dy 'heechheid' moarn nei Súd-Tirol ôf te reizgjen. De Süd-Tiroler Freiheit (STF) hat him, as teken fan solidariteit, 'begroete' mei de tekst 'Tibet ist nicht China'. Der sille ek 2.000 stikkers makke wurde, dy't de kommende tiid oer hiel Súd-Tirol ferspraat wurde. Foar de STF jildt it biedwurd: 'Süd-Tirol ist nicht Italien'. En sa kinne foar hiel wat regio's soartgelikense gjalpen opsteld wurde. Lês foar de folsleine tekst fan de ûntfangst fan de Dalai Lama dit artikel.

Sybren Thursday 19 November 2009 at 3:17 pm | | Default | No comments

big brother yn eltse auto?�

Fan (boarne): Geenstijl. 

Kilometerheffing. Total Control. Een Feit.

wijkijkenmee.jpgDe nieuwe kilometerheffing is er door. Vanaf 2012 krijgt iedere automobilist een big-brother apparaatje in de auto. Een gps-ontvanger die bijhoudt waar en wanneer je rijdt. BPM en wegenbelasting gaan afgeschaft worden, wie op een file-plek rijdt, of sluiproutes weet, moet straks extra betalen. 5 euro per 10 kilometer schijnt. Volgens onze hoestende man op het Binnenhof gaan dit opbrengsten worden waarbij zelfs de huidige flitsopbrengsten gaan verbleken: "...nu lijkt het nog redelijk, met die 3 cent per kilometer in 2012. Maar het is de bedoeling dat de spits- en sluiproutetarieven ECHT GIGANTISCH PIJN GAAN DOEN in de portemonnee. Denk aan honderden euro's per maand voor sommige automobilisten die gewoon woon-werk verkeer doen. Het milieu is er bij de haren bijgesleept, net als dat structuurfonds. Wouter Bos en Eurlings hebben een deal gesloten. De basis van deze deal is uiteraard dat de kilometerheffing veel meer gaat opleveren dan de huidige BPM en wegenbelasting. Uiteindelijk toch echt miljarden meer. Verder is er nog niets geregeld over de opslag van deze data. Wel is duidelijk dat bepaalde overheidsdiensten die gericht zijn op *kuch* veiligheid, direct mogen meekijken en onbeperkt gebruik kunnen maken van deze gps-gegevens van iedere autorijder van Nederland. De volgende stap is dat de Koos Spee van na 2012 lekker kan meekijken. Niet alleen voor 100% snelheidscontroles, maar ook om te zien of je op plekken komt waar je niets te zoeken hebt. De navolgende stap is dat je bezoekjes van de autoriteiten krijgt, met de vraag wat jij in sector X deed om 21.00 uur. Ja, Roel Pieper had een briljant voorstel, waarbij de berijder enige waarborgen voor zijn privacy had. Maar dat wil ons kabinet natuurlijk niet. Kortom, er zijn nauwelijks waarborgen voor burgers, er zijn alleen maar waarborgen dat de overheid geld gaat ontvangen. " Welkom in de duistere tijd.
Update: hier meer informatie over privacy. De wetten zijn nog niet klaar, duidelijke regels zijn er nog niet.

Sybren Saturday 14 November 2009 at 11:37 am | | Default | No comments

AOW leeftiidgrins net feilich by PvdA en CU ûndanks ferkiezingsbelofte

Yn it partijprogram foar de Twadde Keamerferkiezings 2007 fan sawol de PvdA: "De pensioengerechtigde leeftijd van 65 jaar blijft onaangetast"  en CU: "Wat betreft de ChristenUnie blijft de AOW-leeftijd 65 jaar"  stiet dat de AOW leeftydsgrins net ferhege wurde sil. Hoe hurd binne ôfspraken fan de lânlike polityk? 

It hommels ferheegjen fan de AOW leeftydsgrins troch it regear, stiet sûnt april dit jier folop yn’t nijs. No't yn oktober it regear fan PvdA,CDA en CU dochs besletten ha om de AOW leeftyd fan 65 jier te ferheegjen nei 67 jier binne der ferkiezingsôfspraken skeind. It dochs gau wizigjen fan de AOW leeftydsgrins nei 67 jier is ferkiezingsbedroch sûnder op 'e nij de demokratyske stim fan it elektoraat (de kiezers) te rieplachtsjen.

No't de PvdA en de CU brutsen hawwe mei har eigen ferkiezingsprogram, docht úteinliks wol bliken dat it ferheegjen fan de AOW leeftydsgrins in ordinêre besuningsmaatregel is. De gewoane hurdwurkende man/frou mei it gelach betelje om't de bankwrâld mei ús sparsinten gokt hat. En dêrmei giet it betrouwen yn de polityk wol gau fuort fansels.

Sybren Wednesday 11 November 2009 at 12:38 pm | | Default | No comments

Takomst Boarnsterhim: doarpen wolle net by Hearrenfean of Ljouwert

As der ien ding wol út de petearen komt, is dat de doarpen yn mearderheid net fuortendaliks foar in takomst ûnder de 'stedsgemeenten' Hearrenfean of Ljouwert kieze. Ferskate media, lykas de Midfrieslander en de Ljouwerter Krante, dogge dêr hast alle dagen wol wiidweidich ferslach fan. Ik bin benijd wêr't dat úteinlik allegear op útdraaie sil. Want it is wol dúdlik dat dit de bestjoerders dwers sit. Yn de wurden fan boargemaster Ton Baas op de jûn yn Terherne: 'niet alle wensen van de inwoners willen of kunnen we honoreren'. Dat is fansels logysk, net eltsenien kinne jo betsjinje, mar as der dúdlike mearderheden foar of tsjin bepaalde opsjes binne yn de ôfsûnderlike doarpen kinne jo dêr mei goed fetsoen net omhinne. Dan soe de hiele rieplachting dy't de gemeente yn de doarpen hâlden hat in farse wêze en hienen ek de enkêtes dy't de doarpsbelangen yn sawat alle doarpen hâlden hawwe foar neat west. As jo dat lizze litte nimme jo de befolking net serieus. It kin mei oare wurden net sa wêze dat it kolleezje aansens mei in útstel komt dat foar in grut part heaks stiet op wat yn de ynspraak sein of heard is.

Yn it foarste plak is it sa dat sa'n tredde part by de enkêtes oanjout fierder wol mei in selsstannich Boarnsterhim. Ik jou ta dat it gjin mearderheid is, mar de gemeenteried sil dy mooglikheid fanwege it substansjele part 'stimmers' dêrom al as serieuze opsje besjen moatte de kommende tiid. Benammen yn it ramt fan de artikel-12 proseduere wêrmei't de finansjele problemen oplost wurde kinne.

Oan de súdkant fan de gemeente rint it proses hiel oars as hoe't it Kolleezje dat nei alle gedachten tocht hie. De doarpen wolle net nei Hearrenfean. Terherne wol foar 94% nei Skarsterlân. Akkrum/Nes wol dat ek, as de gemeente opsplitst wurdt. Aldeboarn wol nei Opsterlân. Yn de Legeaen wurdt op sinte Marten (woansdei 11 novimber) praat hoe fierder. Yn it noarden is de situaasje wer hiel oars. Warten wol nei buorgemeente Tytsjerksteradiel. En dan binne Jirnsum, Raerd, Reduzum/Friens/Idaerd, Grou en Wergea der noch net út. Wergea besiket himsels te ferkeapjen. It is al saak om as doarp te witten wat jo wolle. Jo moatte alles út de kast helje om net oer jo hinne rinne te litten. Oars binne jo aansens oerlevere oan de 'grillen' fan kolleezje en de gemeenteried. Dan wurdt der, as jo net oppasse, 'oer ús en sûnder ús' besluten. Yn alle gefallen is wol dúdlik dat in soad doarpen fierder wolle yn of mei in plattelânsgemeente.

Sybren Monday 09 November 2009 at 09:15 am | | Default | No comments

Ferbod op hannel yn seehûneprodukten: EFA-parlemintslid ûnderskieden

Frieda Brepoels, in EFA-Europarlemintariër út Flaanderen, hat har wakker ynsetten om it klear te krijen dat der in ferbod komt op de ynfier fan seehûne-produkten. Dêrfoar is se no ûnderskieden mei de 'Europarlemintslid fan it jier'-priis op it mêd fan hannel. Se hat in rapport oer de kwestje skreaun en wie ek belutsen by ûnderhannelings oer it ophâlden mei de hannel yn seehûneprodukten. De priis toant oan dat de ynset foar natoer en miljeu by de EFA gjin lege huls of 'lippetsjinst' is. It folsleine parseberjocht fan de EFA oer de 'award' foar Frieda Brepoels is hjir te lêzen.

Sybren Sunday 08 November 2009 at 12:14 pm | | Default | No comments