Op 'e lêste dei mar wat 'lichte kost' út 'e mûlen fan ús bern. It is geweldich te fernimmen hoe kreatyf dat bernepraat is. Witte jo wêr't de wolken weikomme? Wel, fan it 'wolkefabryk' út Grins (sûkerfabryk, sjoch foto). Doe't wy dêr ris lâns rieden kaam it der ynienen út, no wisten se it fansels! En 'mei onêse', is't net prachtich betocht? Us bern ite graach 'bôle mei onêse' of 'patat mei onêse' (d.w.s. bôle of patat mei mayonêse).
Kenne jo ek immen dy't bang is en fan Rik hjit? Dat is in bangerik fansels, neffens ús bern alteast. Fierder, juster rûnen ús Hannelys en Sjoukje mei leppels en foarken oarsom yn 'e mûle om. Hoe no? Wel, se dienen de leppelbekken en leppelfoarken nei (fûgels, yn it Nl. lepelaars en vorkelaars (NB lêste wurd hienen se sels betocht)).
Goed útein!
Desimber is de moanne fan de listkes. Faaks dat jim benijd binne nei it tal besikers op dizze webloch. Yn 2005 noch in grouwe 2600 besikers op jierbasis en no, anno 2009 wienen der al hast 17.000 unike besikers oer it hiele jier besjoen. Ik moat sizze dat 2006, it ferkiezingsjier, mei it referindum oer it Nij Saailân, ek net swak meispile mei mear as 19.000 besikers. As jo sjogge nei de moannen rint it dit jier sels noch op. Ik haw hjirûnder in aktueel oersjoch, fan 2009 nei moanne. Hjir is it:
| Month |
Unique visitors |
Number of visits |
Pages |
Hits |
Bandwidth |
| Jan 2009 |
1016 |
3633 |
9617 |
18097 |
277.75 MB |
| Feb 2009 |
1030 |
3994 |
10087 |
20365 |
405.38 MB |
| Mar 2009 |
1050 |
3392 |
10564 |
18514 |
410.95 MB |
| Apr 2009 |
824 |
2655 |
25884 |
32687 |
1.04 GB |
| May 2009 |
888 |
2605 |
12907 |
21239 |
378.57 MB |
| Jun 2009 |
692 |
2198 |
5781 |
12271 |
249.75 MB |
| Jul 2009 |
788 |
2508 |
6596 |
11512 |
263.38 MB |
| Aug 2009 |
912 |
3269 |
15060 |
20449 |
620.60 MB |
| Sep 2009 |
1519 |
4716 |
48554 |
56513 |
2.89 GB |
| Oct 2009 |
1767 |
6573 |
74009 |
82847 |
3.98 GB |
| Nov 2009 |
3068 |
14841 |
33978 |
41237 |
1.04 GB |
| Dec 2009 |
3289 |
13087 |
76361 |
85001 |
2.41 GB |
| Total |
16843 |
63471 |
329398 |
420732 |
13.90 GB |
Myn opfolger yn Ljouwert as listlûker is bekend: Pier Tilma. Lokwinske dêrmei, Pier! Mear ynformaasje oer de list en de spearpunten stiet op de side fan de FNP-Ljouwert. Sa steane der leafst 50% nije gesichten op 'e list. Ien fan de tema's is weryndieling: neffens de FNP-Ljouwert is dat perfoarst net nedich foar Ljouwert. Der is genôch 'bestjoerskrêft' en troch de stêd kompakt te hâlden kinne jo it gehiel goed oersjen. Boppedat wurdt Ljouwert per saldo gjin sint wizer fan in eventuele weryndieling. En dat slút wer hiel moai oan by wat der by de FNP Boarnsterhim libbet.
Steaten stimme yn mei Fryske Universiteit
Provinsjale Steaten hawwe mei algemiene stimmen it plan stipe om in nije Universiteit yn Fryslân op te rjochtsjen. De FNP is tige optein oer de plannen. In lang koestere winsk, dy't wy yn eardere ferkiezingsprogramma's dellein hiene, liket no stâl te krijen. Wy ferwachtsje fan dizze ynvestearring in better struktuer fersterkjend rindemint op de ekonomyske en kennis-struktuer fan Fryslân as mei de grutte ynfrastruktuerplannen fan it foarige Kolleezje. Fryske studinten, heech oplaat personiel mar ek de wurkers, bedriuwslibben en leveransiers der om hinne sille der yn lingte fan jierren profyt fan hawwe, is de ferwachting. En it is fansels in geweldige opstekker foar Ljouwert as haadstêd fan Fryslân, dy't him no ek as brûzjende studintestêd nei it bûtenlân ta profilearje kin. Boarne: http://www.fnp.nl/?a/1399/.
The European Free Alliance (EFA), with 40 parties and 7 MEP’s in the European Parliament, defends a Europe of the Peoples and wishes all distinct identities, regions, nations, stateless nations, emerging new states a bright future. The Centre Maurits Coppieters (CMC) is a European political Foundation linked to EFA. We develop scientific comparative research on nationalism, regionalism, languages and identity. We need you to support our work. You can make a small donation? IBAN BE 51 424-6479351-62 BIC/SWIFT: KREDBEBB
De ôfdieling Wûnseradiel noeget jim fan herte út foar de nijjiersgearsit fan de FNP.
Dy sil wêze op sneon 9 jannewaris 2010 yn it doarpshûs It Honk te Eksmoarre.
It programma foar dizze dei sjocht der sa út:
14.30 Ynrin mei kofje of tee mei wat derby
15.30 Iepenjen troch de foarsitter fan Wûnseradiel
15.50 It wurd is oan ús provinsjaal foarsitter Nynke Beetstra
15.50 Johannes Kramer, fraksjefoarsitter FNP, kriget it wurd
16.00 Skoft mei in bakje kofje of tee
16.30 Útrikken fan de Sulveren Fyts
16.40 Bydrage fan de partijdichter Willem Tjerkstra
16.50 Útrikken fan de Fryske Natuer en Miljeupriis
17.00 Start fan de ferkiezingskampanje mei de presintaasje fan it TV-ferkiezingsspotsje en de nije FNP-hiemside
17.15 Ôfsluten fan middeispart
Tiid foar in praatsje en in slokje
18.00 Mei-inoar ite, twa soarten stamppôt mei [of sûnder] spek/woarst
19.30 Folks ferhaleferteller Mindert Wynstra út Warns kriget it wurd; muzyk Jehannes Dykstra
21.00 Ein fan it offisjele part
De middeis wurdt de muzyk fersoarge troch Rudy Stallman en Lúte Griek út Hylpen.
It Honk is midden yn Eksmoarre te finen. 100 meter fierder is in romme parkeargelegenheid.
It stamppôtmiel kostet € 15,-. Opjaan by Harm Salverda, harmengeeske@hetnet.nl, of telefoan (0515) 57 30 00 (0515) 57 30 00. Der is berne-opfang. Ek dêrfoar by Harm Salverda opjaan.
Leden en stimmers, elkenien is wolkom.
Oant sjen op 9 jannewaris 2010 yn Eksmoarre!
It is in grof skandaal, wat jo wer tinken docht oan de tiid fan Franco. In krante wurdt sûnder bewiis it near oplein. In oanslach op de demokrasy, op it pluralisme, op it rjocht om it Baskysk te brûken en op de parsefrijheid. Fiif minsken sizze dat se martele binne troch de Guardia Civil (Spaanske plysje). De oanklacht dat de krante bannen hawwe soe mei de ETA kin net ûnderboud wurde. Libje wy anno 2009? It liket der op dat Spanje 70 jier werom giet yn 'e tiid. Lês hjirûnder fierder en tekenje de 'adhesybetsjûging' (haw ik 10 minuten lyn dien, nûmer 8675 en se sitte no al op 8714, it giet hurd).
Euskara: Español; francais; english; catala; deutsch; italiano; portugues; galego; aragones.
Ba al dakizu Espainiako estatuan botere publikoek egunkariak ixten dituztela?
Horixe da Euskaldunon Egunkariaren kasua…
http://egunkaria.info/wp-content/uploads/2009/11/manifestua_euskaraz.pdf
Eman zure babesa eta lagundu mezu hau zabaltzen…
http://egunkaria.info/?page_id=519
------------------
¿Sabías que en el estado español los poderes públicos cierran periódicos?
Es el caso del diario Euskaldunon Egunkaria…
http://egunkaria.info/international/wp-content/uploads/2009/11/manifiesto_espanol.pdf
Esta lucha nos afecta a todos y todas: solidarízate…
http://egunkaria.info/international/?page_id=263
-----------
Saviez-vous qu’au sein de l´Etat espagnol les pouvoirs publics ferment des journaux?
C’est le cas du quotidien Euskaldunon Egunkaria…
http://egunkaria.info/international/wp-content/uploads/2009/11/manifest_francais.pdf
Cette lutte nous concerne tous. Adhérez…
http://egunkaria.info/international/?page_id=263
-----------
Did you know that the authorities in the spanish state Closed down newspapers?
That is the case of the newspaper Euskaldunon Egunkaria…
http://egunkaria.info/international/wp-content/uploads/2009/11/manifest_english.pdf
This fight affects each and every one of us: please support it…
http://egunkaria.info/international/?page_id=263
-------------
Ja saps què a l’estat espanyol els poders públics tanquen diaris?
És el cas del diari Euskaldunon Egunkaria…
http://egunkaria.info/international/wp-content/uploads/2009/11/manifeste_catala.pdf
Aquesta lluita ens afecta a totes i a tots: solidaritza’t…
http://egunkaria.info/international/?page_id=263
--------------
Wusstest du, dass im spanischen staat von staatlichen stellen zeitungen geschlossen werden?
Das geschah im fall der tageszeitung Euskaldunon Egunkaria …
http://egunkaria.info/international/wp-content/uploads/2009/11/manifest_deutsch.pdf
Dieser kampf geht uns alle an: solidarisiere dich…
http://egunkaria.info/international/?page_id=263
----------------
Sapevi che in Spagna i poteri pubblici chiudono giornali?
È il caso del giornale Euskaldunon Egunkaria…
http://egunkaria.info/international/wp-content/uploads/2009/11/manifesto_italiano.pdf
Questa lotta tocca tutti/tutte: dacci la tua solidarietà!…
http://egunkaria.info/international/?page_id=263
-----------
Sabias que no Estado Espanhol os poderes públicos fecham jornais?
É o caso do jornal Euskaldunon Egunkaria…
http://egunkaria.info/international/wp-content/uploads/2009/11/manifesto_portugues.pdf
Esta luta afecta-nos a todos: solidariza-te…
http://egunkaria.info/international/?page_id=263
--------------
Sabías que no estado español os poderes públicos pechan xornais?
É o caso do xornal Euskaldunon Egunkaria…
http://egunkaria.info/international/wp-content/uploads/2009/11/manifesto_galego.pdf
Esta loita aféctanos a tod@s: solidarízate…
http://egunkaria.info/international/?page_id=263
-------------
¿Sabebas que en l’estau español os poders publicos trancan periodicos?
Ye o caso d’o diyario Euskaldunon Egunkaria...
http://egunkaria.info/international/wp-content/uploads/2009/11/esplanicada_aragones.pdf
Ista luita nos pertoca a toz y todas: solidariza-te...
http://egunkaria.info/international/?page_id=263

In oar wurd kin ik op dit stuit net betinke. De partijen PvdA en CDA dy't jierren lang de macht útmakke hawwe yn Boarnsterhim en as makke skiep trou hast alle besluten fan de kolleezjes dêr't sy sels dielgenoat fan wienen, stipe hawwe, hawwe jûn besluten de gemeente op te heffen. Stipe troch Gemeentebelangen 2000 (GB2000) en VVD. Earst lui achteroer sitte en de boel fersloere litte en dêrnei net de wil om de boel op te rêden en skjin skip te meitsjen. De FNP hat noch besocht om in referindum op 3 maart hâlde te litten om ek de befolking har útsprekke te litten mar dêr wie gjin inkelde oare partij foar. Ek in útstel oant nei de ferkiezings fan it beslút wie net besprekber. It is tryst. Ien fan ús riedsleden (Simon Riemersma) hat in 'grêfrede' hâlden. Exit Boarnsterhim. Hoe fierder? It kolleezje komt no mei in neiere ynfolling fan watfoar doarpen by hokker gemeente. Dan sil dúdlik wurde dat in ôfgryslik soad minsken en doarpen teloarsteld wurde moatte. Ik hoopje dat de befolking har yn febrewaris dan massaal hearre lit en dúdlik makket dat dat net de bedoeling wêze kin. Aksje, it kin noch in waarme winter wurde!
Op
Liwwadders stie hjoed in nijsgjirrich stikje: Warten wol net nei Ljouwert. Dat kin noch nijsgjirrich wurde, want it Kolleezje wol dat neffens de tekst al 'trochdrukke'. Hjirby wat der oer skreaun is:
Dorpsbelang Warten wijst Leeuwarden af en kiest voor Tytjerksteradiel
Het laatste nieuws van het gemeentelijke herindelingsfront volgens welingelichte bronnen:
Aan de gemeenteraad van Boarnsterhim wordt dinsdag het volgende voorstel voorgelegd:
1. 'Het noordwestelijk deel van het grondgebied van de gemeente (Boarnsterhim) lijkt overwegend te kiezen voor een herindeling met Leeuwarden. Daarbij zijn enige wensen ter tafel gekomen. Zo geeft het noordelijke deel van dit gebied aan er aan te hechten dat Wergea, Warten, Warstiens en de Alde Feanen in de toekomst bij elkaar zouden moeten blijven en dus gezamenlijk onderdeel van een nieuwe gemeente zullen moeten gaan uitmaken'.
2. Reactie van voorzitter Teake de Jong van Dorpsbelang Warten: Dit voorstel heeft niet onze (DB en meerderheid inwoners) voorkeur. De voorkeur van Dorpsbelang Warten gaat uit naar de gemeente Tytjerksteradiel. Warten wil het liefst samen met de Alde Feanen naar de oostelijke buurgemeente, mogelijk via een grenscorrectie, in plaats van naar Leeuwarden.
Datum: Zondag, 13 December 2009
Op de webside fan de MidFrieslander stiet in lytse 'enkête' dêr't minsken op oanjaan kinne wat sy de aktyfste partij yn Boarnsterhim fan 2009 fine. Hjirûnder in tuskenstân dy't foar ús partij noch net sa raar liket:
Stelling
December is de maand van de lijstjes. Omdat de verkiezingsstrijd in Boarnsterhim al is begonnen, daarom een politiek lijstje.
Welke partij heeft het beste werk verricht in 2009?
PvdA (0%)
CDA (31%)
FNP (54%)
Gemeentebelangen 2000 (0%)
VVD (0%)
Geen enkele partij (15%)
ik vond ze allemaal goed (0%)
Moarn (13 desimber) sil it have. Yn leafst 168 doarpen en stêden yn Kataloanje is in referindum útskreaun oer de fraach oft Kataloanje al as net as selsstannige steat fierder moat. 700.000 minsken hawwe it rjocht om har demokratysk út te sprekken. In trijetal parlemintariërs fan de EFA yn it Europeesk parlemint sille as waarnimmer ta sjen op in goed ferrin fan de ferkiezings. Neffens Frieda Brepoels, EFA-parlemintariër is it simpele feit dat de referinda der binne al in oerwinning fan de demokrasy. Op de
website fan de EFA is it neikommende te lêzen oer de gedachten fan de EFA-parlemintariërs:
'10.12.09 EFA Backing for Catalan 'people power' (10/12/2009)
MEPs from Corsica, Flanders and Wales will be in Catalonia this weekend to act as observers for the series of local referendums taking place on Catalan independence. A grassroots initiative has used existing powers to organise a series of local referendums at town and municipal level in order to give people a say on Catalonia's constitutional future. MEPs François Alfonsi (Corsica), Frieda Brepoels (Flanders) and Jill Evans (Wales) will be in Catalonia at the invitation of Catalan MEP Oriol Junqueras from Esquerra Republicana de Catalunya. Junqueras explained: "These referendums are a superb example of popular democracy in action and my party has been pleased to support this initiative. An individual referendum will take place in 168 towns and villages across Catalonia and more than 700,000 people will have the right to vote. This has been organised in spite of the total opposition of the Spanish government and shows what we as Catalans can achieve through grass roots campaigning. "We are pleased to welcome politicians and others from around the world to see democracy in action - Catalan style." Welsh MEP and EFA Group President Jill Evans said: "There is a vital democratic element currently missing in the relationship between the EU and the people of Europe, and that is the right for self-determination. We must look beyond the Member State level to the peoples of Europe. I believe Europe is changing. Sunday will be a historic day that shows what people can achieve despite government opposition. The Spanish government will not be able to ignore the result of these referendums and Europe must respond." Corsican MEP François Alfonsi said: "These referendums are important not only for Catalonia but for other nations and regions who want the right to be consulted about their constitutional future. Of course the political and constitutional circumstances vary from place to place, but the power of popular democracy cannot be diminished. We will watch and learn with interest." Flemish MEP Frieda Brepoels added: "This initiative has inspired interest around Europe and beyond. Other European governments should learn the lesson that they deny people's right to have a say on their country's future at their peril. The simple fact that this is happening is a victory for people power and I am very pleased to have an opportunity to see this initiative for myself."
FNP skriuwt 1300ste lid yn

Tongersdei 10 desimber hat de FNP syn 1300ste lid ynskreaun. It giet om Pytsje fan der Veen fan hast 22 jier út Twizelerheide. Pytsje is al it 102de nije lid dat we yn 2009 byskriuwe koene. Der melde har de lêste tiid yn ferhâlding in soad jongeren oan. De nije leden binne yn trochsneed 39 jier en fjirtich fan harren binne frou. Dat de FNP oanslacht by de jongerein, docht ek bliken út de reaksjes op de nije
FNP-Hyves-side. Nei ien dei hiene har al tweintich FNP-freonen oanmeld. Koartsein: de FNP groeit en bloeit!
Amendemint FNP: Boarnsterhim hâldt ekstra ynsammeling GFT
GROU - In amendemint fan de FNP-Boarnsterhim om de trettjin ekstra ynsammelings fan de griene gft-kontainers simmerdeis te hâlden hat in mearderheid krigen. Tiisdei 7 desimber krige dat útstel foldwaande stipe yn de gemeenteried. Allinnich 2 leden fan it CDA stimden tsjin. Troch de ekstra ymsammeling te hâlden bliuwt griente- en túnôffal net te lang lizzen by de minsken thús. In tsjinst dêr't neffens de FNP net op besunige wurde moat.
Boarne: Ljouwerter Krante.
Utnoeging Ljouwert, 1 desimber 2009
Ljouwert - Op freed 11 desimber sil de FNP yn gearwurking mei de Europarlemintspartij EFA (www.e-f-a.org) en har wittenskiplik buro Maurits Coppieters (http://cmc-foundation.eu/) in mini-konferinsje organisearje oer de mooglikheid om yn 'e takomst Europeeske kieslisten te foarmjen. Dêrby sil benammen sjoen wurde nei de kânsen om oer de steatsgrinzen hinne op kandidaten fan de hiele EU te stimmen. Dat is al langer in winsk fan de FNP, mar oant no kin yn de measte gefallen allinnich steatsnasjonaal stimd wurde.
Fragen dy't ûnder oare sintraal steane:
- wurdt de foarming fan ien Europeeske list mei kandidaten út hiel Europa mooglik?
- mei oare wurden, kinne Friezen yn 'e takomst op in Breton of Skot stimme?
- wurdt it net te burokratysk om sa'n list te foarmjen?
- komme der ek gjin oare 'prosedurele' behinderings, lykas kosten of minimum-tal lidsteaten om sa'n list te foarmjen?
Op de byienkomst sil ek de fergelykjende stúdzje, dy't útfierd is troch professor Simon Tubeau fan de London School of Economics, oan it publyk presintearre wurde. Yn dy stúdzje wurdt besjoen yn hoefier't lytse en grutte partijen gelikense mooglikheden hawwe om diel te nimmen oan it politike systeem. Yn in soad lannen besteane kiesdrompels, finansjele, administrative en burokratyske beheinings foar nije en/of lytse partijen om diel te nimmen oan de ferkiezings.
De byienkomst wurdt hâlden yn 'De Bres', Skoallestrjitte/Schoolstraat 4 te Ljouwert (achter De Harmonie). Om 15.00 is der ynrin mei kofje en tee. De mini-konferinsje sels begjint om 15.30 oere en sil sawat ien (1) oere duorje (oant 16.30). De byienkomst is iepenbier, elkenien is fan herten wolkom (tagong frij, fergees).
De iene gemeente is hjir goed yn, de oare dêr goed yn. Hiel resint binne der 3 berjochten ferskynd dêr't út bliken docht dat Boarnsterhim it op in tal saken hiel aardich docht. Sa foldocht de saneamde '
doarpeskou' hiel goed yn Boarnsterhim. De measte punten wurde binnen trije moanne nei tefredenheid útfierd.
Fierder is de 'meldingelijn' bêst genôch. De meldingelijn is bedoeld foar meldingen/klachten fan ynwenners fan de gemeente. Mear as 80% wurdt op 'e tiid ôfhannele. Last but not least, de WMO. Ut in ekstern ûndersyk, útfierd troch SGBO, die bliken dat Boarnsterhim yn 2009 dêr it bêste op skoarde, fan alle beoardielde 237 gemeenten yn Nederlân. Sokke saken binne (fansels) net opnommen yn de rapporten oer de takomst fan de gemeente, mar hearre al meinommen te wurden. In ekstra argumint dat de diskusje te iensidich fierd wurdt.
De oerheid hat der in hantsje fan om alles wat op it ynternet skreaun wurdt en wat se sels net publisearje, ôf te dwaan as 'yndianeferhalen', 'ûnsin' en mear fan datsoarte fan gjalpen. Lykwols, Klink sels seit dat de faksins 'absoluut veilig' zijn. Hoe kinne jo dat no sizze, wylst der altyd beskate bywurkingen mooglik binne. Ut eigen ûnderfining witte wy no dat yn Reduzum de helte fan de bern op de pjutteklas de deis nei de grypprik siik wie en dus net kommen is. Om ús hinne hearre wy in hiel soad oaren mei koarts- en oare bywurkingen nei de 'prikjes'. En dan in pear fieiten, te finen op it ynternet oer de bywurkingen:
- Kanda lûkt faksin werom fanwegen allergyske reaksjes;
- in boek fan 232 siden mei in soad wittenskiplike ferwizings nei de gefaren fan de faksins;
- yn Sweden binne mear as 200 gefallen bekend fan bywurkingen;
- Australyske top-dokters op it gebiet fan ynfeksjesykten warskôgje de oerheid dat massale faksinaasjes de sykte krekt ferspriede kinne;
En lês dit artikel ek ris: 'Als artsen staken sterven er minder mensen'.
Ik bin der wis fan dat húsdokters, as se net in soarte fan 'prestaasje-fergoeding' krije soenen foar it faksinearjen, de mûle mear iepen dwaan soenen. Lykwols, sy krije € 16 de faksinaasje fan de Meksikaanske gryp haw ik begrepen. Husdokters soenen in fetsoenlike basisfergoeding krije moatte en net nei rato fan it tal prikjes/medisinen/behannelings ensfh. betelle wurde moatte. Dan wurde jo ôfhinklik makke fan oerheid en/of farmasy en dat moat net. De sûnens fan jo pasjinten moat foarop stean.
Ik hear op dit stuit nei in treflik radio-ferslach fan de
Boarnsterstim oer de takomst fan ús gemeente. De boargemaster hat krekt sein dat de 'propositie' is dat dat de gemeente ûnder in artikel-12 status, dêr't de gemeente no ûnder falt, noch 5 jier bestean bliuwe sil. Noch seker 5 jier!! It liket my dan ek frjemd om no, oer 14 dagen al (op 15 desimber), hookstrooks yn alle hasten te besluten oer it opheffen, weryndieling of in oare ferdieling. Lykwols, sa te hearren wolle de measte partijen dat al. En it kolleezje hat moarn of oaremoarn it stik foar de diskusjejûn op 15 desimber al klear (dat is dus no al yn grutte linen yn kalk en semint). It hat in diskusjejûn foar de bühne west. De measte partijen hienen al lang in stânpunt ynnommen. Wylst in hiel soad doarpen en ynwenners noch tal fan fraachtekens hawwe. Oer de artikel-12 status, oer by hokker gemeente se eventueel wolle, ensfh. Deselde flaters as yn 1984, doe't Boarnsterhim ûntstien is? Hooplik net.
|
|