Alde taal ûntdutsen yn Teotihuacan (Meksiko)

View from Pyramide de la luna.jpgIeuwen nei't de tradisjonele stammen fan Meksiko har gigantyske piramiden yn Teotihuacan bouden, wurde noch hieltyd wer nije ûntdekkingen dien. Argeologen dolle djip ûnder de oerâlde delsettings. Mar alhoewol't noch mar sechstjin prosint ûndersocht is tinke se dat der noch folle mear skatten fûn wurde kinne.  Rajan Datar krijt syn lytse boarstel en oar ark om mear út te finen. It is hast net foar te stellen dat dy bouwurken mei allinnich minskehannen makke binne. Soe help 'fan bûten' (dat wol sizze fan bûtenierdsken) kommen wêze?   Sjoch fierder op dizze link (mei filmke): http://news.bbc.co.uk/2/hi/in_depth/8640282.stm.

Sybren Thursday 29 April 2010 at 1:55 pm | | Default | No comments

Nij kantoar EFA

Ferline wike is it nije kantoar fan de EFA yn gebrûk nommen. De EFA is de Europarlemintspartij dêr't ek de FNP by oansluten is en dêr't ik bestjoerslid fan bin. Sjoch de foto's, is't net represintatyf? De meiwurkers binne der tige bliid mei. It sit ek flak by it Europeesk- en Flaamsk parlemint en oare wichtige ynstituten yn de stêd Brussel. Persoanlik haw ik my ek aardich hurd makke foar dizze nije lokaasje. It betsjut in needsaaklike ferbettering fan de ARBO-omstannichheden foar it personiel, in prachtige lokaasje en ekstra romte foar argyf en gearkomsten. It adres? Boomkwekerijstraat 1. Ferwizend nei de strjitnamme, hooplik in fruchtber adres...

Sybren Monday 26 April 2010 at 5:21 pm | | Default | Two comments

De brave boarger...

Marteling as spultsje, boarne: It Nijs.

De kâns is 80% dat jo in ûnskuldige deamartelje as jo dêr de opdracht ta krije. Dat bewiist in eksperimint fan de Frânske filmmakker Christophe Nick. Yn de dokumintêre ‘Jusqu’ou va la télé?’, dy’t juster foar de Frânske televyzje west hat, lit er sjen dat de measte dielnimmers oamarteling_op_televyzjen in spulprogramma ree binne om oare dielnimmers deadlike stroomstjitten te jaan.

Dielnimmers krigen te hearren dat se meidwaan mochten oan in spulprogramma, it saneamde ‘Jeu de la mort’. Se kamen yn in studio mei in soad publyk. In oare kandidaat siet fêstbûn yn in hokje yn de studio. Se moasten dy kandidaat fragen stelle. Wist er it antwurd net, dan moasten se in hevel oerhelje. De kandidaat yn it hokje like dêrtroch marteljende stroomstjitten te krijen. De kandidaten wisten net dat de man yn it hokje mar sabeare die. As se wifken, dan fitere de presintatrise harren oan. Meastal gongen se dan om. De grutte mearderheid gong troch oan de lêste hevel ta – dy soe de man yn it hokje in skok fan 460 folt jaan.

It eksperimint is basearre op in ferneamd eksperimint fan de Amerikaanske psycholooch Stanley Milgram. Milgram woe witte hoe’t it mooglik wie dat de nazys ta har grouweldieden komme koenen. Hy hat yn de jierren ‘60 in grutte groep minsken yn in soartgelikense sitewaasje brocht as de minsken yn de Frânske dokumintêre. Hy makke harren doe wiis dat se meidienen oan in ûndersyk nei de gefolgen fan straf. Ynstee fan in presintatrise wie der doe in wittenskipper dy’t wifkjende minsken opjage. Milgram fûn ek dat fierwei de measte minsken dogge wat in gesachspersoan har opdraacht.

Yn de Frânske dokumintêre, sawol as by Milgram, wisten de dielnimmers dat de stroom in soad pine feroarsake. Se hearden de man yn it hokje kjirmjen en razen en se gongen oer it generaal sels troch mei it oerheljen fan de hevels as de man neat mear sei en dea like te wêzen.

Yn de dokumintêre leit in wittenskipper út dat de bysûndere sitewaasje fan in ûndersyk of in televyzjeprogramma derfoar soarget dat minsken ûnwis wurde en dêrtroch faker as oars dogge wat in gesachspersoan seit. Dat se allinnich binne, fersterket dat effekt. Milgram hat nammentlik ûntdutsen dat as der in dielnimmer wie dy’t wegere om mei te dwaan, de kâns folle lytser wie dat oare kandidaten ek net meidwaan woenen.

In diel fan de dokumintêre is hjir te finen: link.

Sybren Wednesday 21 April 2010 at 1:19 pm | | Default | Two comments

DS Fryslân oansprekber op ûndergong Boarnsterhim - mei UPDATE

Hjoed haw ik it ‘tuskenrapport' lêzen oangeande de artikel-12 oanfraach foar 2010 foar Boarnsterhim. Dy oanfraach hâldt, om koart te kriemen, yn dat de gemeente finansjele stipe besykje sil te krijen fan it Ryk om út ‘e finansjele problemen te kommen. It liket der op dat Boarnsterhim oan 'e kritearia foldocht: de oanfraach is op 'e tiid yntsjinne, de tekoarten binne heech (wylst de reserves der net mear binne) en de eigen belestings oan de ynwenners ek heger as nedich. Oant safier helder.

Wat my yn it rapport bysûnder troffen hat is de rol fan de provinsje Fryslân (eins Deputearre Steaten, sis mar de deputearren, want dy binne ferantwurdlik, ). DS fan Fryslân hat as taak om tafersjoch út te oefenjen op de gemeentlike finânsjes. Dêrta sjocht se jierrekkens nei, begruttings ensfh. Mar no docht bliken dat sy yn alle gefallen yn de oanrin nei de problemen oant 2007 har taak slim fersloere hawwe. Benammen op side 17 stiet in soad oer it provinsjale tafersjoch. Dêr stiet ûnder 'Kwaliteit van het toezicht': 'Door het zeer terughoudende financiële toezicht van gedeputeerde staten van Fryslân in het verleden heeft er feitelijk onvoldoende een beoordeling plaatsgevonden van de realiteit van de verschillende door Boarnsterhim ingediende begrotingen en meerjarenramingen alsmede de daarmee verband houdende beoordeling van de jaarrekeninguitkomsten. Terugkijkend wordt de door de gemeente gepresenteerde begrotingspositie in die documenten door de provincie als te rooskleurig betiteld'. En efkes fierderop: 'De toezichthouder had gezien het omvangrijke karakter van de projecten een intensievere beoordeling van de ramingen kunnen uitvoeren en voor wat betreft de beheerplannen meer kunnen aandringen op het opstellen van actuele dan wel het actualiseren van bestaande beheerplannen. Dan zou de financiële problematiek van Boarnsterhim naar verwachting eerder boven tafel zijn gekomen'. It is fikse krityk, foar myn gefoel kin it sa lêzen wurde dat de provinsje troch te min tafersjoch yn alle gefallen foar in part debet is oan de ûndergong fan Boarnsterhim. DS is tekoartsjitten yn syn rol om de gemeente Boarnsterhim te beoardieljen en te skewielen. De put is dimpt doe't it keal al suver ferdronken wie.

UPDATE: ek de steatefraksje fan de FNP hat fragen steld, sjoch dit dokumint.

Sybren Monday 19 April 2010 at 08:34 am | | Default | One comment

Auwerk: East-Frl is gjin Nedersaksen

Sybren Sunday 18 April 2010 at 8:01 pm | | Default | No comments

Poll Waldnet oer takomst Fryslân

Op Wâldnet, ien fan de meast populêre ynternet-siden fan Fryslân, kinst stimme oer de takomst fan Fryslân. Der binne no al hast 5500 stimmen útbrocht. 85% fan Fryslân as bestjoersienheid hâlde. Sjoch op: http://www.waldnet.nl/index.php. Fierder, lêste nijs, de petysje 'Foar Fryslân' hat ek al hast 2100 ûndertekeners. Ik rop freonen en kunde op dat ek noch te dwaan, foar safier't it al net dien is. It bestjoer noch fierder op ôfstân en net mear foech, dat liket fansels nearne nei!

Sybren Wednesday 14 April 2010 at 8:10 pm | | Default | No comments

Oanfal op Den Haach iepene

Yn in hiel nijsgjirrich stik jout in nammegenoat fan my, Sybren Singelsma, in gedegen fisy op de takomst fan de Nederlânske steat. It wurdt tiid foar in offinsyf. Mei ditsoarte fan bydragen is de oanfal op 'Den Haach' iepene. Net mear sintralisaasje, mar op basis fan in stik analyse en takomstperspektyf it bestjoer tichter by de boarger bringe. En tagelyk ophâlde mei relikwieën út it ferline, lykas Nederlânske ambassades yn it bûtenlân. Hjirûnder stiet it stik út it blêd PM - voor beslissers bij de overheid, yntegraal werjûn. 

Nieuw pact tussen burger en staat

Europees ambtenaar Sybren Singelsma vindt de komende bezuinigingsoperatie een goed moment om het staatsbestel grondig te herzien. Economische Zaken, WWI en Buitenlandse Zaken kunnen weg, vindt hij.  De historicus pleit voor herstel van de band van de staat met zijn burgers. Die band werd door de pacificatie van 1917 doorgesneden, waarna de politiek een verzuilde aangelegenheid werd. Nu de zuilen niet langer functioneren moet de Nederlandse staat worden aangepast aan de uitdagingen van de 21e eeuw. Door: Sybren Singelsma   |  2 april 2010  

De huidige crisis in het Nederlandse systeem is niet het gevolg van de opkomst van het populisme. De institutionele crisis gaat dieper en is uiteindelijk het gevolg van scheefgroei na de pacificatie van 1917. Het Nederlandse bestuurlijke systeem zoals wij dat nu kennen wortelt in het grote nationale compromis van 1917, waarin naast de financiering van de bijzondere scholen en het algemeen kiesrecht voor mannen werd geregeld dat geen minderheidspartij kon worden weggestemd die ten koste zou gaan van de zuilen. Deze pacificatie was een goed antwoord op de problemen van de negentiende eeuw: opkomend socialisme en emancipatie van katholieken en gereformeerden binnen een liberaal staatssysteem. Door de pacificatie werd in feite de macht van de  staat overgeheveld naar maatschappelijke groepen: de zuilen.De prijs voor  het geven van een plek aan gereformeerden, socialisten en katholieken in de polder was dat de individuele band van de burger met de staat en diens instellingen werd doorgesneden. De burger was alleen nog verbonden met de staat via de maatschappelijke groep waar hij deel van uitmaakte. Bestuurders van de zuilen kaapten de macht van het individu ten gunste van de macht van de groep en die van de politieke partijen, die samen de kauwgumlaag tussen burger en staat werden.Sybren Singelsma is historicus en werkzaam bij het Comité van de Regio’s van de Europese Unie. Hij schrijft dit artikel op persoonlijke titel.Vanaf dat moment was het parlement niet langer de vertegenwoordiging van het volk maar een zo nauwkeurig mogelijke afspiegeling van de krachtsverhoudingen van de verschillende maatschappelijke groepen. Binnen de zuilen werd autonoom gehandeld, wel mét het geld maar zónder de controle van de staat. Het respecteren van de groep en de consensus die hier was bereikt, betekenden immers dat de staat en daarmee ook de wet op afstand moesten worden geplaatst. Het parlement depolitiseerde. Het politieke debat speelde zich veelal binnen de zuilen af waarna de overeenkomst met de andere partijen in het parlement werd beklonken. Zo ontstonden de Haagse achterkamertjespolitiek en de kaasstolp. De rol van de staat was daarmee overgenomen door de politieke partijen.Ook de autonomie in de regio of gemeente paste niet binnen deze op nationaal niveau beklonken deal. Door straffe centralisatie en opschaling tot rijkstaken veranderden gemeenten en provincies in uitvoeringsorganen van het rijk. Dat sinds Napoleon al de burgemeesters en de commissarissen door de Staat werden benoemd kwam de partijen zeer goed uit. De Eerste Kamer mocht ook zeker geen tegenmacht van de Tweede Kamer worden. Fouten verbeteren door een Herenclub prima, maar liever geen volwassen senaat. Het primaat van de wet werd vervangen door het primaat van het politieke besluit zoals ook in het Nederlandse gedoogbeleid nog goed te zien is.De emancipatie van gereformeerden, socialisten en katholieken is inmiddels vergevorderd, zo ver dat die groepen al bijna niet meer bestaan. De komst van de islam is door sommigen verwelkomd als een nieuwe zuil die dit proces kon keren, maar al snel bleek dat deze zuil de ongeschreven spelregels van de pacificatie niet noodzakelijkerwijs respecteerde en dat zij zich ontwikkelde tot een koekoeksjong dat het falen van het systeem alleen maar benadrukte.Crisis Met het wegvallen van de zuilen, ooit de basis van het huidige bestel, belandde het systeem in een crisis, waarvan de opkomst van het populisme slechts een symptoom is. Nu de burger niet langer via de zuil gelieerd is aan de staat, blijkt hoe smal de basis is voor een democratie waarin de burger alleen nog maar op hoeft te draven voor verkiezingen. Populisten springen in die leemte door ‘issue politiek’ te bedrijven. Je kunt stemmen op de oplossingen voor maatschappelijke problemen die ze in de aanbieding hebben. D66 probeerde zo het bestel op te blazen, Fortuyn probeerde hetzelfde. Wilders maakt nu één enkel issue tot inzet.De klassieke volkspartijen hebben de crisis alleen maar verergerd. Ze liepen met open ogen in de val van de mediacratie. Wekelijkse opiniepeilingen zijn nu bepalend voor de daadkracht van een kabinet en de controle van het parlement. Een goed optreden bij Pauw en Witteman is voor de peilingen veel belangrijker dan een debat in de Kamer. De partijen zijn zelf verantwoordelijk voor het brengen van de waan van de dag in het hart van het systeem door zichzelf onder dit permanent cameratoezicht te stellen.Dat hart hoefde destijds niet ingebed te zijn in een sterke trias politica, omdat de partijen zelf die stabiliteit binnen dat parlement garandeerden door hun maatschappelijke inbedding. Dat is echter verleden tijd. Het wordt tijd het parlement weer onderdeel te maken van een evenwicht der machten om die stabiliteit voor de toekomst te waarborgen. Kortom, in een rechtstaat met universeel geldende wetten, wetgevende,  uitvoerende en rechterlijke machten met een zelfstandige democratische legitimiteit, individueel burgerschap en een kiesstelsel waarbij iedere politicus een mandaat van de burger heeft, dat uitoefent en daar rekenschap over aflegt. Een democratie van burgers, niet van groepen.Een wijziging van de Grondwet in die zin gekoppeld aan het afstoten van taken aan provincies en gemeenten waarbij ook de geografisch bepaalde belangen van de burger worden gerespecteerd, kan de stabiliteit in het systeem terugbrengen. Het opheffen van de immuniteit van de overheid en het toestaan van toetsing van wetgeving aan de Grondwet is dan een logisch onderdeel van het hervormingspakket. In dat pakket dient vanzelfsprekend de verkiezing van burgemeesters en voorzitters van provincies te worden geregeld. Dan maken een nieuw kiesstelsel, verkiezing van de premier en het inrichten van een constitutioneel hof het plaatje compleet.Decentraliseren van rijkstaken Een grondwetswijziging kost tijd, algauw twaalf jaar. Op korte termijn kan daarom een quick win worden geboekt door alvast te beginnen met het decentraliseren van rijkstaken in het kader van het herdefiniëren van de staat. Wonen, Wijken en Integratie kan weg, dat kan veel beter op lokaal niveau geregeld worden. Taken waarvoor een helder EU-beleid is, zoals bijvoorbeeld het economische beleid, kunnen worden afgestoten. Voor EZ blijven dan wat taken over op het gebied van energie, regionale steun en innovatie, waarvan het DG Energie best onder Vrom ondergebracht kan worden. En als Verhagen roept dat de EU-ambassades Nederlandse paspoorten kunnen afgeven, dan kunnen de ambassades ook wel sluiten. Het verminderen van de greep van het rijk op de woningmarkt kan een goede opstap zijn naar het opheffen van zelfstandige bestuur- en uitvoeringsorganen die onder twijfelachtige democratische controle belastinggeld uitgeven. Het rijk kan zich dan concentreren op wetgeving, al dan niet binnen de kaders van de EU.Het geschetste hervormingspakket lijkt een noodzakelijk nieuw pact tussen burger en staat  ter vervanging van de structuren uit 1917 die geen werkbaar kader voor de toekomst meer lijken te bieden. 

Sybren Tuesday 13 April 2010 at 1:57 pm | | Default | No comments

Fakatuere â?? koördinator ûndersyksstifting EFA

Foar it ûndersyksburo fan de EFA, Centre Maurits Coppieters (CMC), wurdt in nije koördinator frege. De EFA (www.e-f-a.org) is de Europarlemintspartij dêr’t de FNP ek by oansluten is. Stânplak is Brussel en der wurde ûnder oare in goede kennis fan Ingelsk, Frânsk en finânsjes frege. Mear ynformaasje kinst hjir fine. In gaadlike kandidaat hat útsjoch op in fêste baan. Kandidaten dy't lid binne fan lidorganisaasjes fan de EFA, lykas de FNP, hawwe in streekje foar. Foar fragen oangeande de EFA of CMC kin kontakt opnommen wurde mei Douwe Bijlsma, foarsitter fan de EFA-kommisje yn 'e FNP, tillefoannûmer 058 - 2571635 of e-post bijlsma@sis.fryslan.nl. Mar fansels steane yn 'e fakatueretekst ek kontaktgegevens en kinst my ek belje of maile. Ast belangstelling hast, stjoer foar 15 april 12.00 dyn sollisitaasje nei info@cmc-foundation.org. In soad súkses.

Sybren Monday 12 April 2010 at 10:00 am | | Default | No comments

Dochters op foarside Ljouwerter krante

De beide buorlju kamen al mei de krante oansetten. Us beide famkes, Hannelys en Sjoukje, mei in foto op de foarside fan de Ljouwerter krante. Se wienen juster mei it prachtige maaitydswaar by de sleat oan it boartsjen mei in pear freondintsjes. Yn simmertenue, om it sa mar te sizzen (badpakken). Want it wie hearlik waarm. Der sille wol in soad reaksjes komme...

Sybren Thursday 08 April 2010 at 6:28 pm | | Default | No comments

mear reklamespots yn it Frysk

Sakrekt haw ik in parseberjocht lêzen oer it tal spots dat yn it Frysk útstjoerd is (hjir yn it NL). It giet om in berjocht oer de útrikking fan de Fryske reklamepriis kommende moandei. Sa te lêzen is de reklamepriis hiel súksesfol. It tal Fryske reklame's op TV is groeid fan 62 yn 2008 nei 88 yn 2010 (40% mear). En op 'e radio fan 119 nei 124. Genôch reden om troch te setten mei it yn it sintsje setten fan buro's en bedriuwen dy't op in kwalitatityf goede wize har produkt yn 'e merk sette... Mei in relatyf lytse bydrage fan de provinsje en eigen jild fan de Ried fan de Fryske Beweging wurde ús Fryske bedriuwen sa goed op de kaart setten.

Sybren Thursday 08 April 2010 at 09:47 am | | Default | No comments

Sylsbrêge Jirnsum

JirnsumJusterjûn de earste 'serieuze' gemeenteried. Ik bin der fuortendaliks mar aardich ynbatst. Mei fragen oer ûnder oare CO2-opslach, wenningbou yn Warten en in notysje oer it aktivabelied. De earste kear foar de liuwen. De measte diskusje gong oer de Sylsbrêge yn Jirnsum. In diskusje dy't al hiel lang spilet (hjir in ferslach fan 2004). De brêge dêr't jo oer geane as jo fan Grou komme en it doarp ynride. No is dat al jierren in knipepunt en der moat ek wat oan dien wurde. Mar gjin heale oplossings dêr't it doarp net achter stiet en dy't ek ferkearskundich net goed binne. Der leinen in pear farianten foar, en it doarp hie yn it resinte ferline ek noch in enkête hâlden. Dêr kaam út dat de measte Jirnsumers in brêge hawwe wolle mei in koarte rûnwei noardlik fan it doarp. Lange tiid like it der op dat de gemeenteried dêr achter stie. Mar justerjûn lykwols die bliken dat alle oare partijen (útsein wy as FNP dan) dochs in troch de provinsje Fryslân opleine beslissing folgje wolle. En dat betsjut in brêge sawat neist de besteande brêge, dêr't it doarp net om frege hat. It is foar my ûnbegryplik dat de ried dêr no sa maklik mei akkoart gongen is. It betsjut koarte termyn polityk en gjin oplossing foar oerlêst foar de omwenjenden. De provinsje spile ek in kwealike rol troch dit te forsearjen. Mei in amendemint besochten wy Wetterfront Grou (dêr't wy folslein achter stean) en de brêge útelkoar te heljen. Mar gjin inkelde stipe fan oare partijen. Spitich, benammen foar Jirnsum!

Sybren Wednesday 07 April 2010 at 09:57 am | | Default | No comments

Foar Fryslân - no!

It is ûnfoarstelber, mar wier. Der lizze yn De Haach útstellen om de provinsjes op te heffen en oer te gean ta saneamde 'supergemeenten'. In supergemeente soe dan Fryslân wêze kinne. Gelokkich komme de reaksjes al gau los. Myn eigen partij, de FNP, wol in 'folkspetysje' begjinne, Friezen út de hiele wrâld soenen har útsprekke kinne moatte oer de takomst fan Fryslân. En de Ried fan de Fryske Beweging is úteinsetten mei in petysje 'Foar Fryslân - no'. Gau tekenje. Want it bestjoer stiet al sa fier fan de boarger. Hâld greep op jo eigen takomst en gean nei dy webside. Aksje, blinder!

Sybren Sunday 04 April 2010 at 2:29 pm | | Default | No comments