
Justerjûn let wer weromkommen fan Helgolân (
Friesendroapen). Fansels is it alle kearen wer justjes oars. Wat diskear benammen oars wie, wie benammen de sichtberens fan mienskiplike Fryske aksjes en symboalen. It begûn al by de ûntfangst freedtemiddei troch boargemaster
Frank Botter op 'e kaai. Nei in pear wolkomstwurden hise er de
ynterfryske flagge. No is dêr (dy flagge) noch altyd wol wat diskusje oer, mar it feit dat dat dêr dien waard en der ek noch in stikmannich oare ynterfryske flaggen te sjen wienen op it eilân wie foar my in opstekker. Fierder wienen ek de
nije kaarten fan it hiele Fryske gebiet te keap fan de ûndernimming 'Wybren'. Ik hie de yndruk dat der aardich wat ferkocht binne... Ek waard it 'interfrisian seminary' foar jongerein fan 31 july oant 4 augustus oankundige ('Fryskbusters'). Wat ik persoanlik fierder in trochbraak fûn wie dat út de politike workshop it idee foar in Frysk parlemint kommen is en in wurkgroep dy't dat útwurkje sil. Sa'n parlemint, of hoe't it ek mar hjitte mei (ting, gearkomste, assemblee ...), soe him dwaande hâlde kinne mei saken dy't yn alle Fryslannen spylje: kustbeskerming, fiskerij, kultuer, toerisme. It is fansels in begjin, mar sûnder begjin gjin beweging. Ik haw it idee dat de Sleeping Beauty, sa kreas beskreaun yn
dizze ynlieding fan de politike workshop, wat wekker wurden is...
As jo útgeane fan 8 oeren sliep nachts, soe ik no al 2 oeren op bêd lizze moatte. Fannacht brek ik neffens my in persoanlik rekôr: om 02.15 giet de wekker om fan bêd ôf te gean! Tsja, it moat net mâler wurde... Om de trije jier is der in Helgolân-treffen (eilân midden yn 'e noardsee, sintraal tusken alle Fryslannen yn) en alle kearen liket it foar my wer earder yn 'e nacht fuort te moatten. Hawar, it sil grif wer in machtich moai wykein wurde. Sa lies ik hjoed dat der in nije lânkaart makke is fan it hiele Fryske gebiet, en dat dy op Helgolân ek te keap is!
Goed nijs fansels. Ik wist dat de Ried fan de Fryske Beweging dwaande is mei in ynterfryske dikekaart, mar dit is perfoarst in boppeslach foar it Frysk tinken. Dy kaart soe fansels de faak âlde besteande steatsnasjonale kaarten yn de skoallen yn Fryslân ferfange moatte.
Wat fierder kommend wykein nijsgjirrich is, is in politike workshop. Ik stean al in hiel skoft yn ferbining mei de man dy't dat organisearje sil (Markus Gravenburg) en it ûnthjit in nijsgjirrige byienkomst te wurden. Yn syn eagen moat Fryslân mear in politike ienheid wurde en moat de 'Sleeping beauty' mar ris wat wekker skodde wurde. Wy sille ús bêst dwaan...
Akkrum/Nes nei Ljouwert ta?
FNP organisearret iepen fraksjebyienkomst oer takomst Akkrum-Nes
Falle Akkrum en Nes skielk ûnder de stêd Ljouwert? Of geane de doarpen leaver nei Skarsterlân of Hearrenfean? Of wolle de ynwenners noch wat oars? Op 15 juny wurdt dêroer yn de gemeenteried praat (mieningsfoarmjend) en op 6 july folget it beslút al. Foardat it beslút falt wol de FNP-fraksje graach de miening hearre fan de ynwenners fan Akkrum en Nes. Dat om't der noch net in dúdlike útspraak fan it doarp leit watfoar gemeente de foarkar hat. Fansels kinne minsken ek oanjaan wat sy belangryk fine foar de takomst fan har doarp.
Meiprate?
Kom dan op 7 juny nei de Lantearne, Dringelstrjitte 15, Akkrum. De tagong is frij. Ek Pleatslik Belang en de politike partijen binne útnoege.
Graach oant sjen op 7 juny!
Fakatuere jongereinkoördinator EFA youth
By de EFA, de Europarlemintspartij fan ferskate regionale partijen (sawat 40 yn hiel Europa, dêrûnder de FNP) is krektlyn in nijsgjirrige fakatuere iepensteld foar in jongereinkoördinator. Stânplak is Brussel en de krekte funksje-omskriuwing en kritearia steane op de webside http://efayouth.nireblog.com/.
Kinst begjin july al oan it wurk! Ast belangstelling hast foar dizze moaie baan, of witst immen dy't hjirop sollisitearje kin/moat, mail dan foar 4 juny 2010 nei coordinator@efay.eu en nei rhisiart.talebot@efay.eu. Ast witte wolst wat de EFA is en docht, kinst de website besjen en fansels ek altyd kontakt opnimme mei Douwe Bylsma (foarsitter EFA-kommisje FNP), 058 - 2571635 of Sybren Posthumus (bestjoerslid EFA), 0566 - 602928.
Der is no ek in
'digitale frijheidswizer' ûntwikkele yn ferbân mei de Twadde Keamerferkiezings dy't op kommendewei binne. Lykas ferwachte lykje de measte partijen in hiel soad op elkoar, de ferskillen moatte hjir en dêr mei in fergrutglês socht wurde. Dat belooft dus net in soad goeds foar de kommende fjouwer jier! Auteursrjochthanthavening, databankbefeiliging en werynrjochting fan IT-projekten binne kwa privacy en frijheid fan de boargers net yn goede hannen by de Haagske partijen. Partijen dy't in reade kaart krigen hawwe binne CDA, CU, PVV, SGP en TON fan Rita Verdonk.
It tafersjoch op de begrutting fan gemeenten kostet alle jierren € 100 miljoen (lês
dit artikel yn it Frysk deiblêd). It is in ferbjusterjend grut bedrach, mar it Coelo hat útfûn dat de mear as 400 gemeenten dat wol kwyt binne. It betsjut mei oare wurden gau € 200.000 oant € 250.000 de gemeente it jier. Op himsels is it te ferdigenjen dat der in systeem is om de oerheidsútjeften wat yn 'e gaten te hâlden. Mar dan moat it fansels al doelmjittich en effektyf dien wurde. Want op dit stuit hawwe jo by in gemeente as Boarnsterhim neist de eigen ynterne kontrôles ek dy fan de accountant, de gemeenteried, de provinsje en dy fan it ryk. Wy moatte ek gjin 'overkill' oan kontrôle krije. Fierder, sa't lêstendeis bliken dien hat, it moat ek goed dien wurde. De provinsje hat bygelyks
neilittich west by de gemeente Boarnsterhim. Ut it ûndersyk docht bliken dat 36 miljoen euro op jierbasis net útjûn hoecht te wurden. Dat kinne de gemeenten yn dizze tiid fan besunigings goed brûke!
Hjoed (16 maaie) binne der gemeenteriedsferkiezings yn Súd-Tirol. Ek de susterpartij fan de FNP, de
Süd-Tiroler Freiheit, docht mei. Fansels bin ik tige benijd nei har resultaat. Ik bin der wis fan dat se in poerbêste útslach helje sille. De kampanje en de organisaasje sitte geweldich yn elkoar. Juster krige ik fan har noch in parseberjocht tastjoerd (sjoch hjirûnder). It giet der om dat yn dyselde kampanje mar leafst trije Italjaanske ministers ôfrûne tongersdei by in fassistysk monumint yn Bozen (Súd-Tirol) dêr't de oerhearsking fan de Italjanen oer de 'barbaarske' Súd-Tiroler ferhearlike wurdt, in ferhaal hâlden hawwe. In provokaasje fan komsa en in oanfal op alle demokraten, as jo it my freegje. En ferjit net, it binne ministers fan de partij fan Berlusconi (PdL) dy't mei it CDA yn it Europeesk parlemint ien fraksje foarmje. Unfoarstelber dat soks yn it Europa fan de 21e ieu noch foarkomme kin. Stel jo foar dat der yn Ljouwert in fassistysk monumint wêze soe, en dat Plasterk, Hirsch Ballin en Verhoeven dêrfoar in taspraak hâlde soenen. De wrâld soe te lyts wêze...
Pressemitteilung
Justiz-, Regionen- und Schulminister huldigen „Siegesdenkmal"- Ungeheuerlichkeit!
Drei italienische Minister werden heute Abend vor dem Siegesdenkmal als Wahlhelfer des PdL vor dem „Siegesdenkmal" aufmarschieren und damit diesem faschistischen Relikt in aller Öffentlichkeit huldigen: Der Justiz-, der Regionen- Minister und die Ministerin für Schule und Bildung! Die Bewegung SÜD-TIROLER FREIHEIT bezeichnet dies als ungeheuerliches Bekenntnis zum Faschismus und als Affront gegen alle Demokraten im Land, besonders als bewusste Provokation gegenüber den Südtirolern.
Gerade vom Justiz- und Regionen- Minister sowie der für Schule und Bildung zuständigen Ministerin muss man erwarten können, dass sie über die Bedeutung dieses Sinnbildes faschistischer Kulturverbrechen Bescheid wissen!
Dass sie trotzdem gerade dorthin ziehen, sozusagen als krönendem Abschluss der Wahlveranstaltungen, soll uns Südtirolern einmal mehr Beweis dafür sein, dass Vertreter der Spitze des angeblich demokratischen Staates Italien der Verherrlichung faschistischer Verbrechen und Schandtaten in Südtirol nicht abzuschwören gedenken und damit deren Auswirkungen gutheißen!
Lt. Abg. Dr. Eva Klotz 13. 5. 2010
Wa kinne jo noch fertrouwe? Jack - noarmen en wearden- 'Het Lek' De Vries al net mear. Mar no is ek Google in fertocht bedriuw. Dat Wifi kwa strieling gefaarlik wêze koe wie al langer bekend. Mar tink der om, jo privee-ynformaasje wurdt samar op strjitte fan jo ôf stellen. Lês bygeand berjocht mar ris, fan http://itnijs.nl/2010/05/unbidige-datadiefstal-troch-google/.
Unbidige datadiefstal troch Google
freed 14 maaie
MOUNTAIN VIEW – Google hat op wrâldskaal privee-ynformaasje kaapt. Dat hat in wurdfierder fan it bedriuw hjoed tajûn. Doe’t Google mei kamera-auto’s foto’s makke foar Google Street View, garre it bedriuw tagelyk gegevens fan ûnbefeilige triedleaze ynternetferbiningen, de saneamde wify-netwurken.
De ûnderskepte ynformaasje bestiet út saken lykas ferstjoerde e-mails en websites dy’t minsken besjoen hawwe. De ynformaasje kin maklik oan in IP-adres en sels oan in wenadres keppele wurde.
Google hat de ynformaasje bewust socht en ek opslein. Dat is bard yn in grut tal lannen, wêrûnder Nederlân. De saak kaam oan it rôljen doe’t yn Dútslân útlekte dat de Street View-auto’s in dûbelde aginda hienen. Ynearsten ûntstried Google alle beskuldigingen.
In wurdfierder fan Google hat hjoed tsjin ‘e parse sein dat it bedriuw bûten syn boekje gien is en it fertrouwen fan minsken beskamme hat. It bedriuw seit ta dat it de yllegaal sammele gegevens sa fluch mooglik ferneatigje sil.
(Boarne: Het Parool)
De Dielsteat Sleeswyk-Holstein wol de universiteit Flensboarch 'degradearje' ta in soarte fan Hegeskoalle foar learaarsopliedings. Tal fan oare fakken soenen dêr dan net mear op universiteitsnivo jûn wurde. Se hawwe no in aksje op tou setten om dat op te kearen. Op in aparte webside (Klauen Weg) kinne jo in petysje tekenje. De petysje wurdt nei Minister-Presidint Peter Harry Carstensen ta stjoerd. Der is al aardich wat argewaasje oer it feit dat dy Minister-Presidint in ôfspraak om nei Flensboarch te kommen ôfsein hat, lês dit parseberjocht fan de SSW mar, de partij fan de Denen en Noardfriezen yn Sleeswyk-Holstein.
De SSW, susterpartij fan de FNP yn Sleeswyk Holstein, ropt alle ynwenners fan Flensboarch en omjouwing op om net allinnich de petysje te tekenjen, mar kommende tongersdei om 13.00 oere ek te kommen op in grutte protestmanifestaasje op 'e Südermarkt. Ik winskje elkenien dy't striidt foar it behâld fan de Uni in soad súkses. Foar ús lânslju yn Noard-Fryslân, en fansels alle ynwenners fan Sleeswyk-Holstein. Ik ken sels aardich wat minsken dy't dêr studearre hawwe en wit dat de foarsjenning fan grut belang is foar de regio!

De SNP, de Skotske Nasjonale Partij, susterpartij fan de FNP, is net bliid mei it nije regear fan Tories (Konservativen) en Liberalen. Se binne klear om 'Skotlân te beskermjen tsjin de konservativen'. De SNP
wiist der op dat de Tories mar 15% fan de stimmen yn Skotlân helle hawwe. Fierder fine se it ek frjemd dat Labour it dochs talitten hat dat de Konservativen mei de Liberalen in regear foarmje, wylst Labour mei de Liberalen en Plaid Cymru (Wales ) en de SNP in progressyf regear foarmje kinnen hie. No krijt Skotlân dus in regear dat troch in mearderheid fan har kiezers ôfwiisd wurdt. Ek yn Wales en Noard-Ierlân wie in brede basis foar in progressive alliânsje. Angus Robertson, de lieder fan de SNP-fraksje yn Westminster, is fan betinken dat in Tories/Lib-dem-koalysje te min legitimiteit hat út in Skotsk perspektyf wei. De SNP sil no alle war dwaan om grouwelige besunigings troch de Konservativen dy't grutte negative konsekwinsjes hawwe foar Skotlân te kearen.
De ferkiezings yn it Feriene Keninkryk hawwe west en ek dêr kin no de balâns opmakke wurde. Yn it foarste plak kin konstatearre wurde dat Labour fiks ferlern hat en de Conservatives behoarlik wûn. Lykwols, net ien hat de absolute mearheid en dus sille der koalysjes smijd wurde moatte. It liket der op dat de Conservatives en de Lib-Dems, de liberalen, besprekkings begjinne sille. Mar, der binne fansels ek alternativen. De SNP, de Skotske Nasjonale Partij, in susterpartij fan de FNP, hat 6 sitten yn London bemachtige en is
ree nei te tinken oer in progressyf regear fan Labour, Lib-Dems en Plaid Cymru. Dy lêste partij is de partij fan Wales, ek susterpartij fan de FNP yn 'e
EFA en hat 3 sitten krigen nei de ferkiezings (1 ekstra sit!). Sels de
BBC berjochtet oer de reewilligens fan de SNP om mei te regearen. Wa hie 20, 30 jier lyn tocht dat de Skotten en de Welske partij serieus yn 'e race binne foar it regear yn Westminster? Dêrby moat fansels al sein wurde dat Plaid mar leafst 165.000 stimmen helle hat fan de 1,47 miljoen stimmen yn Wales en de SNP 491.000 fan de 2,47 miljoen yn Skotlân. By in evenredige fertsjintwurdiging soe Plaid mei 5 minsken yn Westminster kommen wêze (útgeand fan de 40 garandearre sitten foar Wales) en de SNP mei 20 (fan de 59 Skotske MEP's). Wat dat oangiet hawwe de Lib-Dems alle rjocht om te pleitsjen foar it kritysk besjen fan it Britske kiesstelsel...
Yn ús partijblêd dat krekt útkommen is, de Frijbûtser, stie in oersjoch fan de gefolgen fan de riedsferkiezings. It tal gemeenten dêr't de FNP yn de ried fertsjintwurdige is, is mei ien weromrûn. Opsterlân hawwe wy 'ferlern'. It gong om ien riedssit. Lykwols, it tal riedsleden yn hiele Fryslân is omheech gongen fan 54 nei 62, in tanimming fan 8 persoanen. Wat lykwols noch folle mear yndruk makket, is it tal wethâlders. De FNP sit no yn 9 gemeenten yn it deistich bestjoer, mei 10 wethâlders. Op in byienkomst mei FNP-politisy dy't lêstlyn hâlden is (23 april) waard dan ek geregeld opmurken dat wy no troch oare partijen (noch) folle mear serieus nommen wurde as folwoeksen partij. Ek yn 'e Steaten skoart de FNP knap, sjoch mar ris nei
dit oersjoch. Se kinne net mear om ús hinne!
Juster hat yn Reduzum de fiifjierlikse betinking fan de oarloch plakfûn. De opkomst wie grut. Op
dizze side is mear te lêzen oer de deadebetinking. Wat my yntrigearre hat, wie dat alles sawat troch ynwenners fan ús doarp yn elkoar draaid en organisearre is. In spesjaal komitee, foardrachten troch skoalbern, toaniel troch de toanielklup, musikanten. Myn kompliminten, de krêft fan de mienskip is grut. En ik moat sizze, it wie allegear tige yndrukwekkend. Benammen de ienakter, wêrby't it ferhaal fan it 'moffemokkel' sintraal stie, hat my rekke. Op in bepaald stuit komme de bern fan dy frou der achter dat se dat west hat. Mar dêr't se ek achter komme, is dat har mem ek noch in bern krigen hat fan in Dútser. In jonkje dat se yn kamp Westerbork ôfstean moast... Jo kinne hast net leauwe dat sokke dingen bart binne. Ek nei de oarloch noch in soad grouwelichheden. Guon minsken hawwe it nea goed ferwurkje kinnen...
65 jier lyn de ein fan wrâldkriich twa,
wat hawwe wy der no fan leard, en wa?
doe de joaden, no de holledoekje-moslima?
Slûpendewei mear kontrôle, it sintralisme fiert wer heechtij
Yn hoefier en hoelang noch binne wy frij?
De ynfrastruktuer foar in totalitêre euro- of wrâldsteat is lein,
parsefrijheid liket grut, mar wurdt telider slein.
Ferplichte ID-kaarten, fingerprinten, kamera's, fouillearaksjes, DNA,
de plysje grypt mar ta...
Ek rjochters wurde somtiden samar ferfongen
wa folget noch kritysk de juridyske gongen?
Minsken wurd dochs wekker!
|
|