Noch in foto

Noch wat 'bewiismateriaal' fan de byienkomst ôfrûne snein. Op 'e foargrûn Baskykse dûnsers yn klaaiïnge, oan 'e achterkant steane wy. Mei ûnder oare in man út Ierlân (uterst links) dy't ûnskuldich 20 jier as politike finzene opsluten west hat, dêrneist in Palestijn, 'ik sei de gek' en tal fan oare ynternasjonale gasten. As sprekker is in Flaamsk parlemintslid oan it wurd, mei links de oersetster Ingelsk-Baskysk.

Sybren Wednesday 23 June 2010 at 10:15 am | | Default | No comments

Gjin taktysk spultsje

Alle kranten skriuwe der hjir oer op de foarside. Guon tinke dat it in taktysk spultsje is om der as politike partijen better fan te wurden, mar juster haw ik hiel dúdlik merkbite kinnen dat it werklik om frede en demokrasy giet. Om Baskelân út ´e problemen te helpen en foarút te kommen. Want dat der in polityk probleem leit mei de Spaanske steat mei dúdlik wêze. Jo moatte no net mear tefolle achterút sjen en skuldigen oanwize mar foarút. Op dizze webside stiet mear ynformaasje (mei filmke). Oant safier myn bydrage út Baskelân. Ik meitsje my klear foar de weromreis. Earst fan ´e middei hjir noch in gaadlik restaurantsje opsykje!

Sybren Monday 21 June 2010 at 10:40 am | | Default | No comments

Histoaryske oerienkomst sletten

EA y la izquierda 'abertzale' se unen por un Ynspirearjende tiden. Ferline wike wûn de N-VA yn België, in susterpartij fan de FNP en hjoed mocht ik yn Bilbao as EFA-bestjoerslid persoanlik meimeitsje dat in Baskyske susterpartij (EA) aktyf meiholpen hat om in grutte en wichtige stap te setten om in ein te meitsjen oan it geweld yn Baskelân. Op ´e foto (boarne: El Pais) is te sjen dat 2 politike lieders fan Baskyske partijen in oerienkomst sletten hawwe. It doel is om no definityf in ein te meitsjen oan it geweld yn Baskelân. Ik stie hielendal rjochtsachteroan dizze groep (op ûndersteande foto in lyts bytsje te sjen) om as ynternasjonale gast en fertsjintwurdiger (fise-presidint) fan de EFA te ûnderstreekjen dat it goed is en bring in ein oan it geweld. De seal siet fol mei wol 700 minsken, meast Basken, mar ek fertsjintwurdigers út Ierlân, El Salvador, Skotlân, Flaanderen, Palestina en Galisië. Fierder, in enoarm soad sjoernalisten. Se ferwachtsje dat dizze byienkomst en de oerienkomst in trochbraak betsjutte sil foar Baskelân. De kranten steane der hjir yn ´e kiosken no al fol fan, moarn grif ek yn ús kranten...

 

Baskelân is it lêste konfliktgebiet fan de EU, nei't yn 1998 yn Noard Ierlân troch in fredesakkoart dêr in ein kommen is oan it geweld. De oerienkomst dy't no hjoed sletten is hâldt yn grutte halen yn dat de EFA-partij Eusko Alkartasuna (EA) in oare politike partij (Batasuna) oertsjûge hat om tegearre alle geweld te feroardieljen en yn it ferfolch folslein demokratysk parlemintêr te operearjen. Dêrmei is der gjin inkelde politike partij mear yn Baskelân dy't geweld of moarden 'goedpraat' om dêrmei politike doelen te berikken. De EA en de EFA (dy't beide altyd al passifistysk wiene en niks fan geweld hawwe moasten) binne der wis fan dat troch in ein te meitsjen oan it legitimearjen fan geweld troch de politike partij Batasuna der in hiele grutte stap setten wurdt nei frede. Meielkoar kinne de ferskate partijen yn Baskelân dan wurkje oan in demokratysk en feilich Baskelân, dat syn eigen koerts folgje kin yn it Europa fan de 21e ieu.

En no, noch efkes ûntspanne yn dizze prachtige stêd... Moarn wer nei hûs ta.

Sybren Sunday 20 June 2010 at 6:36 pm | | Default | No comments

Missy nei Baskelân

Op dit stuit sit ik yn hotel Abando yn Bilbo foar in missy fan de EFA. Ik moat sizze, it moat noch efkes ´geheim´ bliuwe, mar fan ´e middei folget it nijs oer in mooglike politike trochbraak hjir yn Baskelân. Aansens (goed 11.00) mei ik in seal fan 600 Basken, ynternasjonale fertsjintwudigers út El Salvador, Ierlân, Flaanderen, Palestina en oare gebieten hiel koart tasprekke. Der sil ek in ôfgryslik soad parse (sjoernalisten) oanwêzich wêze, haw ik begrepen. Spannend! Om in lyts tipke fan ´e sluier op te lichtsjen, hjir stiet wat mear ynformaasje (yn it Baskysk). Fan ´e middei 16.00 oere is it ôfrûn en kin ik mear sizze.

Sybren Sunday 20 June 2010 at 10:08 am | | Default | No comments

N-VA bringt kleur yn parlemint

N-VA brengt kleur in het parlement Dizze beide kreaze froulju komme foar de N-VA yn it parlemint fan België. Se binne beide fan allochtoane orizjine: Nadia (lofts) hat in Marokkaansk komôf en Zuhal hat Koerdyske woartels. Dêrmei lit de N-VA tagelyk sjen dat elkenien by har wolkom is en dat se neat hawwe moat fan de rjochts-ekstremistyske ideeën fan in partij as it Vlaams Belang (earder Vlaams Blok). Sjoch it folsleine berjocht op http://www.n-va.be/blikvangers.

Sybren Thursday 17 June 2010 at 1:42 pm | | Default | No comments

N-VA yndied de grutste!

N-VA dankt haar kiezers!It is slagge! Us  Flaamske susterpartij (de FNP sit tegearre mei de N-VA yn 'e EFA), de Nieuwe Vlaamse Alliantie (dus net de Nationalistische Vlaamse Alliantie!), is yn alle gefallen de grutste wurden yn Flaanderen en mooglik ek yn hiel België. Mei 2/3 part fan de stimmen teld liket it der op dat de N-VA rjochting de 20% fan de stimmen yn België ta giet. Yn Walloanje hawwe mei 33% fan de stimmen de sosjalisten wûn (PS). En PS krijt dan yn hiele België 12% fan de stimmen. It is nijsgjirrich te lêzen wat har foarsitter Elio di Rupo sein hat tsjin 'De Standaard': 'Een groot deel van de Vlamingen wenst dat het land institutioneel evolueert. Om ons land te stabiliseren, moeten we hier oor voor hebben. Een staatshervorming die meer welvaart belooft voor Walen, Brusselaars en Vlamingen. Samen moeten we durven een evenwichtig akkoord te sluiten.'

It is goed te lêzen dat it der op liket dat Di Rupo de hân útstekke wol nei de Flamingen. Se sille no besjen moatte wat se beide noch dwaan wolle as Flamingen en Walen, en wat apart moat. Trochgean sa as no is fansels gjin opsje. In saneamd 'konfederaal' model sa't Bart de Wever fan de N-VA útsteld leit foar de hân. Hjir stiet ien en oar koart beskreaun. It komt der benammen op del dat de dielsteaten noch folle mear autonoom foech krije.

UPDATE: sjoch ek dit filmke op YouTube mei in soad 'gewoane' leden dy't ynterviewd wurde.  

Sybren Sunday 13 June 2010 at 8:59 pm | | Default | Two comments

Susterpartij FNP grutste yn Flaanderen/België?

Campagne neemt vliegende startDe Twadde keamerferkiezings lizze al wer in pear dagen achter ús. De útslach is bekend. Op de webside fan it NRC is dúdlik te sjen hoe grut de ferdieldheid is.  Ast dat besjochst kinst wol konstatearje dat wy net by it VVD-stimmende westen hearre en al hielendal net by de PVV dy't hast hiel Limburch foar him wûn hat. De PVV hat yn Fryslân sawat de leechste persintaazjes helle en it jout oan dat wy neat fan ekstreem-rjochts hawwe moatte. Mocht der no al in CDA-VVD-PVV kabinet komme dan is it dúdlik oer ús en sûnder ús. Dy 3 partijen hawwe yn Fryslân lang gjin mearderheid krigen.

Wat oars, kommende snein binne yn België ferkiezings. Der wurdt foarsein dat de N-VA, de Nieuw-Vlaamse Alliantie, in grutte ferkiezingsoerwinning helje sil en mooglik sels de grutste fan it lân wurde sil. De N-VA is ien fan de partijen yn de EFA en dêrom in susterpartij fan 'e FNP. De SNP, de partij yn it Skotsk regear dy't ek yn de EFA sit, hat de N-VA súkses tawinske en dêrby ferwiisd nei de gearwurking fia de EFA! Persoanlik haw ik yn Fenetië de eare al hân om Bart de Wever te moetsjen, op dit stuit de meast populêre politikus fan België. Wa wit wurdt hy nei de ferkiezings snein de nije regearingslieder. Mooglik wurdt nei snein ek besletten om op te hâlden mei it België sa't it no is en te kommen ta in konfederale steat, wêrby't allinnich it werklik needsaaklike noch op Belgysk steatsnivo dien wurdt. Moandei witte wy oft België nei jierren fan ompankoekjen befrijd wurde sil fan syn logge struktuer...

Sybren Friday 11 June 2010 at 3:34 pm | | Default | No comments

VNG kongres, djoere grap

VNG homepageHjoed en moarn binne de jierlikse kongresdagen fan de VNG, de Feriening fan Nederlânske Gemeenten. Yn ús haadstêd Ljouwert noch wol, dus moai tichtby. Ik en myn fraksjegenoaten hienen suver wol nocht om der hinne, it is wer wat oars as Maastricht of Middelburch dêr't it ek wolris hâlden wurdt, moai tichtby. Dat ik ynformearje by ús griffier oft de gemeente Boarnsterhim ek kaarten tastjoerd kigen hie. Ommers, Boarnsterhim is ek lid fan de VNG (foar 47.000 euro op jierbasis) en dan meie jo ek wat weromferwachtsje. En doe't ik noch riedslid wie yn Ljouwert miende ik dat Ljouwert ek kaarten tastjoerd krige. Mar nee, der wienen gjin kaarten tastjoerd en ynstee dêrfan kaam berjocht oer de kosten:

Dag 1: 7 juni 2010 EUR 545,- ; afzonderlijk feestelijk avondprogramma: op Oldehoofsterkerkhof EUR 47,50

Dag 2: 8 juni 2010 : EUR 195,-

Programma voor 7 en 8 juni (excl. avondprogramma) EUR 685,- p.p.

Sels te beteljen of fan it jierlikse fraksjebudzjet fan in 1100 euro. Dat is in djoere grap fansels en it befrjemdet my dan ek neat dat der suver allinnich boargemasters, wethâlders en topamtners omstappe dêr yn it WTC. Ik moat sizze dat wy ein ferline wike noch al berjocht krigen hienen dat der noch ergens in potsje fûn wie dêr't de kosten troch de gemeente betelle wurde koenen, mar dan hawwe jo alwer oare dingen pland. Spitich. Mar alles mei alles wol ekstra legitimaasje foar ús gemeente om it lidmaatskip fan de VNG op te sizzen, lykas de bedoeling is. Moarn komt de VNG sels ek noch mei in útstel om de gemeenten yn Nederlân op te heffen en te kommen ta in soarte fan 'regio-bestjoer'. Se binne net wiis.

Sybren Monday 07 June 2010 at 09:43 am | | Default | No comments

Untbleating pylgermonumint 'Jirnsumer Moeting'

Sakrekt efkes op it fytske nei Jirnsum ta west. Dêr waard it pylgermonumint de 'Jirnsumer Moeting' ûntbleate. Yn Jirnsum komme de âlde 'hearbanen' of hearwegen fan Westergoa (mei grutte plakken as Dronryp, Frjentsjer en Harns) en Eastergoa (mei Dokkum en Ljouwert) by elkoar en dat is symboalysk prachtich útdrukt yn it nije monumint (sjoch foto).

Oan de noardkant komme de wegen byelkoar, dy't dêrnei as ien baan nei it suden ta geane, rjochting pylgerplakken as Lourdes of Santiago de Compostella. It monumint is boud mei hûnderten kleastermoppen út 'e doarpen fan Fryslân. Op 'e foto stiet pastoar Jan Romkes van der Wal fan Boalsert, dy't as pylger ferklaaid is en in ferhaal oer in pylgerreis ferteld. It is wichtich dat histoaryske plakken as dizze markearre wurde en sichtber binne. Kompliminten foar de betinkers en útfierders fan dit prachtige monumint.

Sybren Saturday 05 June 2010 at 5:34 pm | | Default | No comments