In hiel nijsgjirrich stik hjoed yn it Frysk Deiblêd. De wittenskipper Franciscus Colijn, ferbûn oan it Dútske ynstitút foar kustûndersyk, is fan betinken dat in ferheging fan kaaien en seediken ynearsten oerstallich is. It ynstitút makket gebrûk fan mjitpeallen yn it waadgebiet. Ut resinte ûndersyksgegevens soe bliken dwaan dat de seespegel mar 1 oant 2 millimeter jiers omheech giet. Wylst it FN-klimaatburo IPCC noch útgong fan 3,1 millimeter op jierbasis. It is ferfrissend dat der sa út en troch minsken mei opfettings komme dy't wat oars binne as dy fan it IPCC. It soe net goed wêze dat elkenien as makke skiep achter elkoar oan draaft en de klimaatlobby, dêr't grutte belangen achter stekke, syn gong mar gean koe...

Ik wit net oft it jo opfallen is, my al. En ik wit dat neat yn 'e polityk tafallich is (útsûnderings dêrlitten fansels). Dit wykein gigantyske advertinsjes fan de gemeente Ljouwert yn 'e krante. It sil grif tûzenen euro's koste hawwe, miskien wol tsientûzenen. Lykas bekend kin de ôfdieling Kommunikaasje fan de gemeente sawol personiel as ek finansjeel út 'e romte tarre. Doe't ik noch riedslid wie haw ik ris wat sein oer dat der op in bepaald stuit 17 minsken omrûnen, mar dat waard my net yn tank ôfnommen. Yn tiden fan besunigings moatte jo alles tsjin it ljocht hâlde kinne, fûn en fyn ik. Mar hawar, werom nei de advertinsje. It gong om hast in hiele side, mei as kop 'Leeuwarden slim met energie en water'. Utwriidsk wurdt it belied fan Ljouwert promoate, mei in foto fan wethâldster Isabelle Diks der op. Fansels witte wy dat de sinneboatrace der is, mar wat ek hiel dúdlik meispilet is dat der ein fan dizze wike bekend makke wurde sil (freed, parsekonferinsje) hoe't it Kolleezje tinkt dat Boarnsterhim ferdield wurde moat. En it sil bliken dwaan dat Ljouwert dan in grutte slokop wêze sil. Ljouwert hat der dêrom op dit stuit yn 'e parse alle belang by dat se posityf nei foaren komme. Benammen as it giet giet om doarpsoangelegenheden (ferlykje de
Doarpstún fan Snakkerbuorren), ommers der soenen allegear doarpen fan Boarnsterhim by Ljouwert komme, mar ek oar belied.
De boargers fan Ljouwert moatte dus fia mienskipsjild fiks meibetelje oan PR-kosten fan de gemeente om de minsken yn Boarnsterhim waarm te krijen foar de gemeente Ljouwert. Der is de ôfrûne tiid mear bekend wurden oer de neidielen fan weryndieling. Sa wurde de ekstra kosten fan ICT yn de nije Súdwesthoeke-gemeente € 1,8 miljoen euro heger! Earder wie al bekend dat de útkearing út it gemeentefûns op jierbasis foar de nije gemeente yn fergelyk mei de hjoeddeistige 5 gemeenten mei € 3 miljoen op jierbasis omleech giet. Tel út jo ferlies... Mar yn it belang fan noch gruttere gemeenten moat der blykber in soad wike. En in pear rotsinten op kosten fan de boarger kin de bestjoerders blykber net safolle skele.
Hjir ús twa famkes, klear om nei skoalle ta te gean op ien fan 'e waarmste dagen fan 't jier. Sels har eigen klean útsocht, mei dizze prachtige kleurige en fleurige holdoekjes.
Jim sjogge, se lûke har neat oan fan de opruiende en provosearjende taal fan Geert Wilders. Fansels witte se ek net wa't er is, al hawwe se miskien wolris in foto fan him yn 'e krante sjoen. It jout allinnich wol oan dat in ferbod op holledoekjes totale waansin is, wa soe dizze twa lytse Fryske famkes, mar ek oaren, dat misgunne wolle? It soe miskien wol aardich wêze dat holledoekjes hip wurde en dat yn Fryslân de fiktoarje fan dy kleanstikken begjint...