Petearjûnen en resultaat

Rekening houden met?

Ik wie juster wat papieren oan't oprêden en fûn dêr, tafallich of net, wat oantekens werom fan ien fan 'e petearen, en wol fan Terherne op 26 oktober 2009. De petearen oer de takomst fan 'e gemeente dy't yn 'e measte doarpen hâlden binne. Ik haw dêr sekuer in pear útspraken fan dizze en jinge opskreaun, mar benammen fan boargemaster Baas, dy't de yn- en útlieding die. Oan it begjin fan 'e jûn sei er: 'Wij zullen ons best doen om wensen uit te voeren' en 'Het belang van de bevolking staat voorop'. Op in bepaald stuit kaam doarpsbelang Terherne oan it wurd. Sy hienen in enkête hâlden yn it doarp yn ferbân mei de weryndieling. Fan 'e 360 fersprate formulieren wienen 200 weromkommen. 2 woenen fierder mei Boarnsterhim, 8 nei Súdwest-Fryslân en 187 (94% fan 'e befolking) woenen nei Skarsterlân ta. In dúdliker útslach kinne jo jo hast net betinke. Oan 'e ein fan 'e jûn sei boargemaster Baas dat 'Er buitengewoon goed rekening zal worden gehouden met aldatgene wat hier is opgemerkt'. Hoe kinne jo dan no in beslút oan 'e befolking ferkeapje dat Terherne dochs nei Hearrenfean ta moat en net nei Skarsterlân?

-

Sybren Monday 30 August 2010 at 1:12 pm | | Default | Six comments

Earste protesten...

Juster is dit protest-plakkaat al oantroffen yn Aldeboarn. It Kolleezje fan B&W fan Boarnsterhim wol Aldeboarn yndiele by Hearrenfean. Mar in grutte mearheid fan Aldeboarn woe krekt nei Opsterlân ta. Ik bin benijd nei mear reaksjes...

Sybren Saturday 28 August 2010 at 11:16 am | | Default | No comments

Hoe fierder?

ynwenners en doarpen oan set...

Ik hie it al ferwachte. In bysûnder drokke dei hjoed. In soad mailferkear en faak belle troch ynwenners fan ús gemeente en doarpsbelangen. It nijs is nei bûten ta kaam. Hoe't B&W it hawwe wolle dan. It kaartsje dat dêr dan by hearre soe stiet op 'e webside fan de Ljouwerter.

Lykwols, dit is 'mar' in útstel is fan it kolleezje. De gemeenteried beslút úteinlik, en letter de Steaten, Twadde Keamer en Earste Keamer ek noch. De reaksje fan FNP-Boarnsterhim is hjir yntegraal te lêzen. Ek de Steatefraksje wie der al gau by: 'Fan ûnderen op is fan ûnderen op'. En no is it wurd oan de ynwenners...

Sybren Thursday 26 August 2010 at 9:27 pm | | Default | No comments

Earste opfolger

Fan 'e moarn wie de 'happening' al, op 'e keamer fan 'e Kommissaris. De foto is it bewiis, sille wy mar sizze. Op 'e webside fan de FNP stiet mear ynformaasje. En no oan it wurk!

UPDATE: der stiet ek in aardich stikje op 'Statenjacht' mei in wat oare ynfalshoeke. O ja, en in soad reaksjes krigen fansels ...

Sybren Wednesday 25 August 2010 at 3:22 pm | | Default | One comment

'Boargersteatelid' foar de FNP...

Nei de gemeenteried fan Ljouwert, letter aktyf yn it bestjoer fan de EFA yn Brussel en no ek noch riedslid yn Boarnsterhim, wer wat oars: de Steaten fan Fryslân! Kommende woansdei om 10.30 oere wurd ik ferwachte yn it Provinsjehûs, op 'e keamer fan John Jorritsma, de Kommissaris fan 'e Keninginne. Dêr wurd ik dan beëdige, om yn kommisjes it wurd fiere te kinnen. Ik sil no oan 'e slach as earste opfolger foar de Steatefraksje (by de ferkiezings yn 2007 stie ik op plak 6 wylst der 5 ynkommen binne). Net as offisjeel Steatelid, mar om yn kommisjes it fraksjestânpunt nei foaren te bringen. Ik seach dat se dat yn Grinslân omskriuwe as 'boargersteatelid'. No sa!

Sybren Monday 23 August 2010 at 5:30 pm | | Default | No comments

EFA feroardielet deportaasjepolityk fan Sarkozy

De Europarlemintspartij EFA (Europeeske Frije Alliânsje) hat it belied fan 'e Frânske presidint, Nicolas Sarkozy, om alle dagen hûnderten Roma út te setten nei Roemenië skerp feroardiele. De EFA ropt de Europeeske ynstituten en Frânske politike partijen dan ek op om aksje te ûndernimmen tsjin dizze operaasjes. EFA-direkteur Günther Dauwen fynt de ûntromming fan de kampen fan 'e Roma yn Frankryk en it útsetten 'in net te akseptearjen ferrizenis fan rassisme en ksenofoby'. 'Troch dizze aksjes liedt Sorkozy de oandacht ôf fan syn eigen falen en korrupsjeskandalen. Op in stuit dat er benaud is foar de resultaten by de folgjende ferkiezings yn 2012 besiket er troch populistyske maatregels stimmen te heljen yn it rjochtse politike spektrum. It is net mear as in smoarge en ferachtlike strategyske set fan 'e UMP om kiezers te winnen', neffens Dauwen.

De EFA is fan betinken dat Europa syn ferantwurdlikens nimme moat, yn aksje komt en de Roma as minderheid alle rjochten en respekt jout.

Sybren Sunday 22 August 2010 at 12:08 pm | | Default | One comment

Supermerken: net mear kontant betelje...

frijheid en feiligens boargers fierder beheind?

Hjoed stie yn 'e Ljouwerter (foarside) dat it CBL ta wol op supermerken dêr't hielendal net mear cash (kontant) betelle wurde kin. Yn 2008 begûn it CBL mei in kampanje ('Klein bedrag - Pinnen mag') om minsken te ferlieden om net mear mei gewoan jild te beteljen mar dat elektroanysk fia de PIN te dwaan. It klinkt op himsels aardich, pinne om dêrmei winkelstellerij tsjin te gean. Lykwols, de skaadkanten wurde net neamd en de achtergrûnen al hielendal net. Yn dit artikel stiet krekt omskreaun wat de achtergrûnen binne. As jo net mear kontant betelje kinne, kin de oerheid troch bankgegevens jo hiele dwaan en litten kontrolearje. Mar dat net allinnich, as it banksysteem yn elkoar klapt of de elektrisiteit útfalt kinne jo ek net mear by jo sinten komme. Wylst jo mei kontant jild noch wol in skoft foarút kinne. Slimmer, as jo in diktatoriaal rezjym hawwe, dy kin mei ien druk op 'e knop jo fermogen fan 'e bank helje. It klinkt hypotetysk mar Nederlân en Europa gliidzje op't stuit hurd ôf nei in (super-)plysjesteat. It pleitet allegear foar alternative jild- of ruilsystemen.

Sybren Saturday 21 August 2010 at 2:41 pm | | Default | Two comments

Gjin enerzjyproblemen mear...

oerfloed is it nije biedwurd

Blau-alch is in ferfelende bykomstichheid as jo mei fakânsje binne. De swimwille wurdt bedoarn, jo wolle ommers net dat jo de oare deis oeral jûkte, blaaskes of oare syktes of krupsjes krije. Lykwols, algen hawwe ek in protte foardielen en wol yn 'e foarm fan enerzjy. Ik hie der sels noch nea sa by stilstien, oant ik dizze wike ferskate artikels lies oer it enerzjy-potinsjeel fan algen. En dy binne enoarm. Undersikers fan 'e Universiteit fan Wageningen stelle dat biodisel út algen de brânstof fan 'e takomst is. Yn 10 oant 15 jier is de technology sa fier dat de produksje fan algen yn Europa de fossile branje ferfange kin.

In algekweker yn 'e Achterhoeke (Gelderlân) is dêr ek fan oertsjûge. Algen kinne omsetten wurde yn oalje en ek fan rioelwetter kin mei help fan algen enerzjy makke wurde. Neffens algekweker Carel Callenbach sil yn 'e takomst nimmen mear betelje om organysk ôffal kwyt te reitsjen: 'Integendeel: er zal voor betaald worden. Dan heeft afval de waarde die het hoort te hebben: een bron voor energie.’ 

Oerfloed sil it nije biedwurd foar de takomst wurde, net 'schaarste'. Der is yn potinsje folle mear mooglik as wat wy foar mooglik hâlde...

Sybren Monday 16 August 2010 at 5:23 pm | | Default | No comments

Gjin militêre tsjinstplicht mear foar Noard- en East-Friezen

Net mear tsjinje ûnder in frjemde macht

Ik kom sa út en troch yn Noard- en East-Fryslân (Dútske steat) en kom dêr geregeld minsken tsjin dy't hat gjin Dútser fiele. Foar harren en miskien ek noch wol fanwegen de trauma's fan de beide oarloggen sil ûndersteand nijs goed nijs wêze (boarne: http://itnijs.nl/2010/08/noard-en-east-friezen-gjin-tsjinstplicht-mear/).

Noard- en East Friezen: gjin tsjinstplicht mear

snein 15 augustus

friesebommenNei de Friezen dy’t yn de Nederlânske steat wenje (ôfskaffing tsjinstplicht Nederlân op 1 maaie 1997), wurde no ek de Noard- en East-Friezen frijsteld fan ‘e ferplichting om op te kommen foar militêre tsjinstplicht. Dat komt om’t Dútslan de tapassing fan ‘e militêre tsjinstplicht loslit. It is al sa dat de ferplichting yn ‘e grûnwet bliuwt, mar hy sil net mear neilibbe wurde. It útstel is in kompromis yn it nije regear fan CDU/CSU en de FDP. CDU/CSU hie fêsthâlde wollen oan ‘e besteande regeling, de FDP woe in beropsleger. Fierder wol de minister fan definsje Guttenberg it leger lytser meitsje, fan 250.000 no nei 165.000 skielk.

Yn it ferline hawwe in tal Friezen mei súkses beswier oantekene tsjin it tsjinjen yn it Nederlânske leger, om’t sy dan yn it hypotetyske gefal fan in striid of oarloch tusken de Nederlânske en Dútske steat ynsetten wurde koenen tsjin har lânslju yn ‘e oare Fryslannen. Sy hawwe wiisd op ‘e twadde wrâldkriich doe’t nei alle gedachten ferskate Friezen elkoar deasketten hawwe, wylst sy yn ‘e legers fan Dútslân en Nederlân tsjinnen. Dy gewissebeswieren binne erkend troch ûnôfhinklike kommisjes.

Sybren Sunday 15 August 2010 at 8:54 pm | | Default | No comments

Skoalplein Reduzum opknappe...

Doarp docht it wer sels!

Kommende moandei 16 augustus is it dan sa fier. Der sil in begjin makke wurde mei it opknappen fan it skoalplein yn Reduzum. En, lykas sa faak, it doarp docht it sels en stekt de hannen út 'e bûse! Der binne mei súkses fûnsen oanskreaun en it wurk sil no los. As riedslid dy't hjir út it doarp komt (en as âlder fan 2 fan 'e bern fansels) sil ik ek in hantaast dwaan. Om 19.30 oere bin ik presint oan de Master Gorterstrjitte, mei kroade en skeppe! Sa'n 10 man sille dan de helte fan de tegels fan it skoalplein der út skeppe. Even switte, mar foar de mienskip moatte jo wat oer hawwe. En dat de gemeente it allegear net betelje kin, hat Reduzum gjin boadskip oan. Net eamelje mar dwaan.

UPDATE: ik miende dat de (sels-)wurksumheden moandei begjinne soenen, mar dy binne sneon al begûn, en moandei giet it dus fierder. Mei de selswurksumheid wurdt safolle útsparre, dat in ekstra boarterstastel oantúgd wurde kin.

Sybren Tuesday 10 August 2010 at 8:09 pm | | Default | No comments

IKEA Grins - Frysk moetingsplak

Skielk nei Snits ta?

Ofrûne woansdei efkes nei IKEA yn Grins ta west. Ik moat sizze de earste kear, wy binne dêr ek mei 2 winkelweinen fol wer ôfsetten. Dat it grut wie hie'k by de reis yn maaie nei Helgolân al sjoen (Friesentreffen). Foar de IKEA wie nammentlik in opstapplak foar de Grinzer Friezen. Mar sa gigantysk as dat it werklik is, kinne jo allinnich mar te witten komme troch der ris yn te gean. It wie woansdei ôfgryslik drok. Fan in âld-Bernleffer dy't dêr wurke (t?) hie ik alris heard dat dêr in soad Frysktaligen wurkje. Mar dat der noch folle mear Frysktalige besikers komme. No, dêr binne wy achter kommen. As der ien bewiis is dat it Frysk in libbene taal is foar jong en âld moatte jo ris by IKEA yn Grins sjen. Jong en âld, man en frou... Jo freegje jo trouwens al ôf oft dat no allegear Grinzer Friezen binne of dat se fan dizze kant Lauwers komme. Dat lêste waard ek al befêstige yn 2008 (berjocht Liwwadders). Yn dat lêste gefal kin Ikea mar los mei de bou fan in fêstiging yn ús Fryslân. Ik hie al geroften heard dat se yn Snits komme...

Sybren Sunday 08 August 2010 at 8:43 pm | | Default | One comment

Krityk op wet tsjin websiden

BITS OF FREEDOM

It wetsútstel fan professional minister Hirsch Ballin (CDA, Justysje) dat ofsieren fan justysje op eigen houtsje ynformaasje op it ynternet fuorthelje kinne is min fallen by de Twadde Keamer en by de Digitale Boargerrjochtebeweging 'Bits of Freedom' (BOF). In mearderheid fynt dat it wetsútstel fierstente fier giet.

Hirsch Ballin wol ofsieren fan justysje de mooglikheid jaan om websiden daliks út 'e loft te heljen as der strafbere of ynformaasje op stiet dy't net-rjochtmjittich krigen is. It IM (Iepenbier Ministearje) kin in twangsom oplizze as net oan 'e easken foldien wurdt. It doel fan it wetsútstel is neffens ministearje om boargers yn mear gefallen te beskermjen tsjin it misbrûk fan kompjûtergegevens. It útstel is in oanfolling op 'e 'notice and take down'- gedrachskoade, dêr't ynternetoanbieders sels strafbere gegevens mei ferwiderje kinne. It IM kin yn 'e nijste plannen opdracht jaan om websiden te ferwiderjen, mar op dit stuit is dat allinnich mooglik mei tuskenkomst fan 'e rjochter. Yn 'e takomst wurde rjochters oan 'e kant setten.

In keamermearheid is lykwols fan betinken dat jo net om 'e rjochter hinne kinne. It soe neffens harren hiel yngripend wêze kinne as in ofsier fan justysje bepale kin hokker websiden al of net út 'e loft helle wurde.

'Bits of Freedom' fynt dat it IM mei it wetsútstel it foech krijt om sûnder beheinings it ynternet te sensurearjen. De beweging wiist der op dat 'strafbere gegevens' wol in hiel rom begryp is, dêr't ek auteursrjochtynbreuk en mislediging ûnder falle. Mar BOF is ek fan miening dat de needsaak ûntbrekt en boppedat twivelt de beweging oan 'e ûnôfhinklikens fan it IM. Op de webside fan Bits of Freedom steane alle beswieren op in rychje.

Sybren Friday 06 August 2010 at 12:33 pm | | Default | One comment

Unfoarstelber

Dielt Wilders no de lekkens út?

In pakt mei de duvel yn eigen persoan? Persoanlik fyn ik it ûnfoarstelber wat der bart. Regeare mei de gedoochstipe fan in partij dêr't mar ien persoan lid fan is. Mei in partij dêr't it logo sterk op dat fan de NSB liket, de ekstreemrjochtse wjergader fan PVV fan foar de oarloch? In partij dêr't tal fan wittenskippers fan sein hawwe dat er as ekstreemrjochts te betiteljen is. En dy't troch ekstreem-rjochtse figueren holpen is by it foarmjen fan de kieslisten. In partij dy't yn syn program letterlik skreaun hat: 'De Partij voor de Vrijheid wil de vrijheid van rechters aan banden leggen'.  Hoesa frijheid? Mei de ymplisite dielname fan Wilders oan de macht beheine jo dy frijheid dus. De rjochtssteat dy't dochs al oan it ôfgliidzjen wie wurdt diktearre troch in pear politike machthawwers ynstee fan ûnôfhinklike rjochters.

Hy (Wilders, want eins kinne jo net oer in partij prate as ien persoan alles bepaalt) hat in paragraaf yn it program dy't hjit fan 'Kiezen voor democratisering' en dêryn kiest er ûnder oare foar ien nasjonale plysje en stelt dat de taken fan de provinsjes ynperkt wurde kinne en dat gemeenten koarten wurde moatte. Mar dat betsjut krekt dat it bestjoer noch fierder fan de boarger komt te stean. Ommers, net mear yn de regio, mar fier fuort yn Den Haach. Op dit stuit beslute bygelyks gemeenterieden noch oer plysjejierplannen. Lokaal, op maat en op basis fan it ferlet. Yn it program stiet op bledside 15: 'Voor vreemdelingen geldt: werken of wegwezen. Geen baan = geen plaats in Nederland' en 'Assimilatiecontracten. Niet tekenen of niet naleven = het land uit'. Ferskate kearen haw ik heard dat de klub fan Wilders frjemden, moslims en kriminelen op transport stelle wol. Wêrhinne? En, wêr hawwe wy dat faker heard?

Sybren Tuesday 03 August 2010 at 2:25 pm | | Default | No comments