Steatesilen

Ik sil aansens nei it Steatesilen ta, yn Earnewâld. It jierlikse silen (in echte wedstryd, kompleet mei reglemint!) foar de steateleden. It is wol aardich, de minsken fan 'e ferskate partijen binne hielendal trochelkoar hinne hussele wat de yndieling oangiet (wa op hokker boat). Sels sil ik as taskôger oanwêzich wêze. As klaaiklút haw ik net safolle meikrigen fan de silerij. Al haw ik yn it ferline wolris meiwest op in skûtsje en ek wol surfd. Ik moat de keunst hjoed mar efkes ôfsjen...

UPDATE: Auke Bijlsma (ek FNP) hat it Steatesilen as skipper wûn!

Sybren Wednesday 29 September 2010 at 1:48 pm | | Default | No comments

Harksittings gemeenteried 20 en 21 oktober Akkrum en Raerd

Hoorzitting raad Boarnsterhim over herindeling

De gemeenteraad van Boarnsterhim organiseert op 20 en 21 oktober een hoorzitting over het gemeentelijke herindelingsvoorstel, dat B&W binnenkort –naar verwachting 5 oktober 2010- definitief vaststelt. Ieder die haar of zijn mening wil geven over dit voorstel, kan dit op een van deze avonden naar voren brengen bij de raadsleden. In de hoorcommissie zit een lid uit elke fractie. Het gaat hier om een initiatief van de raad als geheel, los van activiteiten die partijen daarnaast organiseren. Centraal staat de vraag: zijn alle overwegingen aan bod gekomen in het definitieve voorstel van B&W?

Op woensdag 20 oktober wordt de hoorzitting gehouden in Leppehiem in Akkrum, de locatie van de hoorzitting op 21 oktober is in het Dorpshuis in Raerd. De hoorzitting begint op beide avonden om 20.00 uur. De zaal is open vanaf 19.30 uur

Besluitvorming raad over definitief voorstel

De raad behandelt het herindelingsvoorstel meningsvormend op 9 november en besluitvormend op 30 november 2010. Daarna gaat de officiële procedure van start zoals die in de wet staat. Dit leidt uiteindelijk tot een gemeentelijke herindeling per 1 januari 2014.

Alle informatie over de gemeentelijke herindeling staat op de website www.boarnsterhim.nl kopje Bestuurlijke Toekomst Boarnsterhim.

Boarne: gemeente Boarnsterhim

Sybren Tuesday 28 September 2010 at 2:52 pm | | Default | No comments

Feiligens Boarnsterhim: yn de top-25!

Op 'e foto it plysjeburo fan Burgum.  Dat fûn ik doe't ik op www.politie.nl by 'Uw wijk' en dan Boarnsterhim socht. Fansels wol wat frjemd as jo yn Boarnsterhim wenje en it haad-plysjeburo dêr yn Grou fêstige is. De buertaginten steane wol kreas fermeld. Ik wie efkes oan it sneupen om't wy op 5 oktober yn 'e gemeenteried prate sille oer de prioriteiten foar de plysje kommend jier yn ús gemeente. Noch altyd is it sa dat de riedsleden dêr oer beslute. En dat liket my ek logysk, sy wenje yn 'e gemeente, krije brieven, tillefoantsjes en mails fan boargers en kinne op basis dêrfan it bêste oanjaan wat al as net dien wurde moat om de feiligens te befoarderjen.

No binne jo fansels grif benijd hoe't Boarnsterhim it docht op dit mêd: wol, fan de 443 gemeenten stiet Boarnsterhim op plak 419 wat feiligens oangiet. En dan is nûmer 1 it meast ûnfeilige plak en 443 de feilichste gemeente. By de 25 meast feilige gemeenten dus!

Sybren Sunday 26 September 2010 at 1:19 pm | | Default | No comments

4 ekstra harksittings oer ferdieling Boarnsterhim

Iepen en iepenbier

Grou – Der wurde troch de fraksjes fan D66, FNP en GroenLinks 4 oanfoljende byienkomsten hâlden oer de ferdieling fan Boarnsterhim. Op dy jûnen kin de befolking oanjaan wat der libbet oangeande de weryndieling. De fraksjes wolle graach hearre watfoar arguminten der foar of tsjin it foarstel fan it Kolleezje fan B&W binne oangeande de 'opsplitsing' fan Boarnsterhim. Ek hearre de fraksjes graach hokker alternativen de ynwenners hawwe en wêrom. Sadat de partijen definityf har stânpunt bepale kinne.

 De data, tiden en plakken fan de harksittings binne:

4 oktober, 20.00 De Jister, Skoallereed 2, Aldeboarn

6 oktober, 20.00 De Buorkerij, Buorren 29, Terherne

11 oktober, 20.00, De Tuolle, Koumelkerspaed 6, Tersoal

18 oktober, 20.00, De Brigantijn, Haadstrjitte/Hoofdstraat 31, Warten

De presintaasje fan de harksittings is yn hannen fan ûnôfhinklik gesprekslieder Evert Fokkema. Elkenien is tige wolkom, tagong is frij.

Sybren Friday 24 September 2010 at 2:53 pm | | Default | No comments

10 jier www.reduzum.com

in lokwinsk wurdich

Eins sjoch ik alle dagen wol efkes. En mei my noch sa'n 500 minsken. Ik haw it oer de prachtige en altyd aktuele doarpswebside fan Reduzum. Hoe't dat sa'n súkses wurde koe, stiet hjir beskreaun...

Sybren Thursday 23 September 2010 at 3:52 pm | | Default | No comments

FNP op wurkbesite yn Dearsum

Op sneon 18 septimber hat de FNP in wurkbesite oan Dearsum brocht.
Op it programma stienen ûnder oare besites oan de pleatsen fan Ids Postma (âld-reedrider) en Van Raalte en de wynmole fan Dearsum. 
Mar ek waarden de FNP-ers bypraat oer it besykjen om Dearsum selsfoarsjennend te meitsjen op it mêd fan enerzjy. 
Ta beslút wie der in hearlik diner yn restaurant El Pacho, de Meksikaan fan Dearsum.     
 
Op 'e foto it prachtige útsjoch út 'e wynmole wei rjochting Snitsermar. De rjochting (Súdwesthoeke) dêr't Dearsum mear op oriëntearre is as Ljouwert (ferwizend nei de aktuele weryndielingsdiskusje).
 
Fierder in foto fan de melkrobot op de pleats fan Van Raalte.  

Sybren Tuesday 21 September 2010 at 1:38 pm | | Default | No comments

Twaris 'It Feest'

Unferjitlik. Yndied. Op 'e foto De Kast en in 'achtergrûnskoarke' fan famkes út Reduzum, justerjûn yn 'e monumintale tsjerke fan Friens. In popkonsert yn in tsjerke, jo lêze it goed. Hiel bysûnder, in unyk barren neffens de oanwêzigen. Ik krige der ek pikefel fan. It kin allegear, hjir yn 'e trije doarpen fan Reduzum, Friens en Idaerd. In yntime sfear dêr't alle bekende en minder bekende nûmers (lykas 'Eltse grins foarby' en 'In nije dei') spile waarden. Hjir binne mear foto's te finen.

Justerjûn yn Friens spile De Kast ek it nûmer 'It feest'. Dêrby ferwizend nei it iepenloftspul fan Jorwert dat de lêste wiken ek spile is. Sneontejûn wienen wy dêr tsjûge fan. Dan belibje jo it sjongen fan sa'n nûmer fansels hiel oars as dat jo 'Jorwert' net sjoen hawwe. 'It feest' (frij nei Festen) yn Jorwert wie machtich moai, wol in brok yn 'e kiel fan it ûnderwerp ynsest en de wize wêrop't dat ferbylde is fansels. No wer ta de oarder fan 'e dei... Jûn fraksje yn Aldeboarn, moarn oerlis oer de ekstra petearjûnen oer de weryndieling dy't wy mei D66 en GL organisearje en woansdei Steaten...

Sybren Monday 20 September 2010 at 5:19 pm | | Default | No comments

Ferdieling Boarnsterhim: bergen reaksjes

Sa stadichoan waakst it protest oan tsjin de útstelde ferdieling. Minsken hawwe blykber earst goed lêze moatten en oerlizze moatten, mar no komme de reaksjes goed los. Yn it iepenbier hawwe ferskate doarpsbelangen al witte litten neat te fielen foar de ferdieling sa't it Kolleezje dat útsteld hat. Lês hjir de reaksjes fan Aldeboarn, Poppenwier, Tersoal, Dearsum, Raerd, Sibrandabuorren,  Terherne, Warten... ... De media hawwe ek goed yn 'e gaten dat it net goed fallen is by de befolking. Sjoch hjir in artikel fan 'e LC.  En it kolleezje sels? Ik bin benijd wat sy mei alle reaksjes dwaan sille. Wethâlder Van Beek jout publikelik ta dat er al folop oansprutsen is op it foarstel om Terherne by Hearrenfean yn te dielen...

Sybren Monday 20 September 2010 at 09:10 am | | Default | No comments

Hoe en wat ferdieling Boarnsterhim

Justerjûn wie de earste ynformaasje- en reaksjejûn oer de foarstelde ferdieling. Der wie net allinnich grutte ynhâldlike krityk (gjin inkeld doarp wol nei Hearrenfean!), mar ek in protte fragen oer de proseduere en hoe't it fierder giet. De FNP hat alles op in rychje setten.

Hoe en wat: ferdieling Boarnsterhim

Der is grutte ûndúdlikens oer de ynspraak en beslútfoarming oer de ferdieling (weryndieling) fan Boarnsterhim. De FNP set it foar jo op in rychje:

Skriftlike reaksjes: Jo kinne noch oant 4 oktober jo skriftlike reaksje yntsjinje by it Kolleezje fan B&W. Adres: Gemeente Boarnsterhim, Kolleezje fan B&W, Postbus 40, 9000 AA GROU.

Beslutfoarming gemeenteried:

It is net sa dat de ferdieling sa't dy no fêststeld is troch B&W ek de definitive is! Jo kinne ynsprekke en jo reaksje witte litte oan de gemeenteried en dy beslút oer wat it úteinlik wurde sil. As jo de gemeenteried witte litte wolle wat jo der fan fine, skriuw dan nei: Gemeenteried fan Boarnsterhim, Postbus 40, 9000 AA GROU.

Offisjele byienkomsten:

Op 9 novimber is der de partijen yn 'e gemeenteried mieningsfoarmjend prate oer de ferdieling. It begjint 20.00 op it Gemeentehûs, J.W. De Visserwei 10, Grou. Jo binne wolkom! Mooglik kinne jo dêr ek noch ynsprekke (hâld it gemeenteblêd Op 'e hichte yn 'e gaten).

Op 30 novimber 2010 om 20.00 oere nimt de gemeenteried it definitive beslút (plak: gemeentehûs).

De fraksjes fan D66, GrienLinks en FNP hâlde noch in 4-tal ynspraakjûnen yn Aldeboarn, Warten, Terherne en De Legeaën. Data en lokaasjes folgje op dizze webside.

Ferfolch:

Nei de gemeenteried beslute ek Provinsjale Steaten fan Fryslân, de Twadde en Earste Keamer noch oer it ferdielingsfoarstel. Ek dêr kinne jo noch jo ynspraakreaksje jaan.

Dokuminten:

Op de webside fan 'e gemeente binne de ferskate dokuminten oer de weryndieling net maklik te finen. De FNP set se hjirûnder op in rychje (klik op de links en it ferskynt op jo skerm):

Foarstel B&W oer weryndieling

Planning: sjoch www.boarnsterhim.nl en dan 'Bestuurlijke toekomst Boarnsterhim'

Rapportaazje mei foarstel ferdieling Boarnsterhim

Boekwurkje mei oersjoch belutsen gemeenten en belied (NB B&W hawwe Snits net yn byld brocht)

Stânpunt en situaasje Skarsterlân:

Stânpunt en situaasje Opsterlân:

Stânpunt en situaasje Ljouwert

Stânpunt en situaasje Hearrenfean:

Ferslach ferkennende petearen omlizzende gemeenten 

Sybren Friday 17 September 2010 at 09:54 am | | Default | No comments

Lange reis...

de muoite wurdich

Juster meielkoar 11,5 oeren oan it reizgjen west, hin en wer fan hûs nei it nije kantoar. Fyts, trein en de kuierlatten. Mar it wie perfoarst in aardige dei. Yn't foar hie ik al efkes sjoen dat it nije kantoar fan de EFA oan 'e Boomkwekerijstraat hiel sintraal leit. Op rinôfstân fan sawol Europeesk parlemint en sintraal stasjon. By oankomst waard my dúdlik dat der in lytse eksposysje ynrjochte wie oer de skiednis fan de EFA. Op 'e foto it dokumint dêr't de oprjochting yn 1984 fan de EFA as offisjele Europeeske partij op fermeld stiet. Fierder in nuttige en noflike iepeningsresepsje fan it nije kantoar. It kantoar sels is ideaal as wurkromte, foar gearkomsten en in soad deiljocht. Noch efkes praat mei Bart de Wever fan de N-VA en Danny Pieters, de 'keninklike' ynformateur yn België. Haw harren uteraard súkses tawinske mei de formaasje yn België. Nijsgjirrich, sokke kontakten...

Sybren Wednesday 15 September 2010 at 3:05 pm | | Default | No comments

Gemeenten en Frysk 15 septimber

Woansdei sil ik nei De Harmonie ta foar de grutte jierlikse  'Gemeenten en Frysk-konferinsje'. In must foar gemeenteriedsleden, soe ik sizze. Hjiûnder it nijsgjirrige program.

De jûn wurdt om 19.30 oere iepene troch deputearre De Vries. Sy sil dêrby fertelle oer it provinsjaal belied en it taalmenusysteem foar gemeenten yntrodusearje. Fan de nije fúsjegemeente SúdwestFryslân út sil dêrnei útlein wurde hoe't sy it menusysteem brûkt hawwe en noch hieltyd brûke om te kommen ta ien dúdlik taalbelied foar de hiele gemeente. It menusysteem biedt riedsleden, kolleezjeleden en amtners de kâns om op in maklike wize dúdlikheid te krijen yn de taalsitewaasje yn harren gemeente. Dêrby komt dat op dizze wize ek in dúdlike kar makke wurde kin op hokker wize gemeenten in taalbelied fiere wolle. Yn it gefal fan de nije gemeente giet it fansels om it by inoar bringen fan de ferskate beliedsplannen, mar ek foar besteande gemeenten is dit helpmiddel tige nijsgjirrich.

De twadde helte fan de jûn bestiet út in workshop troch Liesbeth Rooijmans fan it buro ‘Rood Wit communicatie’. Sy lit sjen op hokker wize riedsleden en fraksjeleden harsels (better) profilearje kinne. Fansels giet it hjirby om de boadskip, mar ek om de foarm. Hoe bringe jo saken nei bûten, op hokker momint en hokker media brûke jo hjirfoar? Kieze jo foar de standertmedia lykas flyerjen en gean jo by de doar del, skriuwe jo de kranten, de radio en tv oan of meitsje jo gebrûk fan jo eigen blog of website? En hoe sit it mei Hyves en Twitter?

Sybren Monday 13 September 2010 at 1:33 pm | | Default | No comments

Binne Deenske bern minder wurdich?

Op 'e webside fan 'e SSW, in susterpartij fan de FNP yn Sleeswyk-Holstein, stiet in banner mei de tekst 'Unsere Kinder sind auch 100% wert'. It giet om in protestaksje fan de Deensk-Fryske minderheid yn dy regio. It hat alles te krijen mei foarnommen besunigings fan it regear yn Sleeswyk-Holstein. De Deenske skoallen sille tenei mar 85% fan it jild per bern krije dat de dielsteat per bern oan iepenbiere skoallen jout. Oant no ta wie dat itselde, beide 100%. Neffens de aksjefierders is it sa dat de minsken dy't de Deenske minderheid fertsjintwurdigje wol de folle 100% belesting betelje. Dan meie se neffens har ek ferwachtsje dat bern op Deenske skoallen in gelikense finansiering krije as de oare skoallen. As de besunigings trochgeane wurdt de Deenske mienskip yn it hert rekke. Ek de Frysk/Deenske skoalle yn Risem, dêr't it Frasch (Noard-Frysk) ien fan 'e fiertalen is, rint gefaar. Op dizze protestside binne alle arguminten en ek mooglikheden oanjûn om de aksje te stypjen. Bygelyks troch in digitale petysje te tekenjen.

Sybren Sunday 12 September 2010 at 8:21 pm | | Default | No comments

Mear ynspraakjûnen

D66, FNP en GL: Mear ynspraakjûnen yn Boarnsterhim

Grou – De fraksjes fan D66, FNP en GroenLinks yn 'e Gemeenteried fan Boarnsterhim binne fan doel en hâldt in fjouwertal ynsprekjûnen oer de ferdieling fan de gemeente. Oant no ta is yn 'e planning mar ien ynsprekjûn opnommen. De fraksjes fine it beslút om ien ynsprekjûn te hâlden op it gemeentehûs net genôch. It liket de partijen better ta om yn 'e doarpen sels te hearren wat der libbet en hoe't minsken foar de foarnommen ferdieling oer Hearrenfean en Ljouwert oer steane.

D66, FNP en GL binne fan miening dat it wichtich is om by de befolking werom te kommen no't der in foarstel leit fan it Kolleezje. Draachflak is ien fan 'e kritearia foar weryndielings en de partijen wolle op 'e byienkomsten graach hearre oft dat der is en wat arguminten foar of tsjin oansluting by de 'preferinte' gemeenten binne.

De byienkomsten wurde yn alle hoeken fan 'e gemeente hâlden: De Legeaën, Terherne, Warten en Aldeboarn. De krekte data, lokaasjes en tiden sille noch bekend makke wurde. Uteraard binne de jûnen iepenbier, sawol de ynwenners sels as ek oaren binne fan herten wolkom.

Sybren Saturday 11 September 2010 at 2:20 pm | | Default | No comments

Resepsje yn nij EFA-kantoar

Kommende tiisdei sil ik wer nei Brussel ta, ek wol de 'haadstêd' fan Europa neamd. Sowieso fan Flaanderen en België fansels. Dêr sil fan 13.00 oant 15.00 in byienkomst fan 'e EFA plakfine. Offisjeel is it in resepsje om it nije represintative kantoar yn te wijen, mar fansels sil der ek wiidweidich by de aktuele politike situaasje stilstien wurde. By België, dêr't de kabinetsformaasje mar net liket te slagjen. Oer Frankryk, mei de diskutabele útsettings fan de Roma. Oer Baskelân, dêr't no einlings frede yn sicht is. En oer Europa en foarsitter Barrosso, dy't neffens de EFA-Greens ôfwêzich is as it giet om it ferdigenjen fan Europeeske wearden en de belangen fan 'e boargers. In feint yn tsjinst fan de regearings fan 'e lidsteaten...

Sybren Friday 10 September 2010 at 2:53 pm | | Default | No comments

Native speaker

It is in aardichheid. Us bern kamen ferline wike fan skoalle mei it berjocht dat der in nije juffer wie dy't Ingelsk prate. It giet om in frou dy't fan Ierlân (Dublin) komt, no yn Terherne wennet en alle tongersdeis hjir oan skoalle stiet yn Reduzum. Hjoed kaam Hannelys thús mei in tekening mei hertsjes en 'love' dêrop skreaun. Neffens my ien fan 'e earste Ingelske wurdsjes dy't sawat alle bern leare. De 'native speaker' is net samar hjir oan't wurk. Dit skoaljier hopet de Trije Doarpen Skoalle offisjeel sertifisearre te wurden as trijetalige skoalle. Miskien nûmer 40 yn Fryslân (De Harkema wie nûmer 38)?

Sybren Thursday 09 September 2010 at 5:31 pm | | Default | No comments

Ferkear en ferfier

takepakket by steatefraksje bekend

Yntusken haw ik al wer in stik as wat gearkomsten meimakke by de FNP-steatefraksje. Wy hawwe it ek hân oer hokker 'takepakket' ik op my nimme sil. Yntusken is dat bekend. Ik sil my benammen dwaande hâlde mei Ferkear en ferfier, mar ek mei miljeu en finânsjes. En oer alle oare ûnderwerpen kin ik fansels ek myn sechje dwaan. Moarn de earste kommisje (Lân, Loft en Wetter) dêr't ik dan út namme fan de steatefraksje hinne sil.

Sybren Tuesday 07 September 2010 at 1:09 pm | | Default | No comments

Efkes nei Akkrum en Boarn

Fan 'e middei nei Akkrum en Boarn ta west. Minsken stelden it tige op priis dat se gewoan op strjitte in praatsje meitsje koenen mei in gemeenteriedslid oer de weryndieling en oare saken. Hjirûnder in tal foto's dy't ik yn Aldeboarn makke haw.

Sybren Friday 03 September 2010 at 9:27 pm | | Default | No comments

'Boarnsterhim trakteert'

Op dizze side fûn ik nijsgjirrich kommintaar op de aktuele situaasje fan Boarnsterhim. Ik haw de tekst hjirûnder yntegraal werjûn. Fan 'e middei sil ik efkes nei Akkrum en Aldeboarn om dêr de stimming te hifkjen. Letter mear... 

Boarnsterhim trakteert

Boarnsterhim heft zichzelf op en geeft drie buurgemeenten elk een deel van de taart. Leeuwarden krijgt het grootste stuk en wordt opeens ook een plattelandsgemeente, Heerenveen een mooie hap en Tietsjerksteradiel een natuurgebied zonder inwoners (daar zullen ze blij mee zijn in Burgum!).

Wachten op herindeling
De opheffing, nog nooit vertoond in Friesland, is een mooi stukje zelfkennis. Maar de opdeling roept tal van vragen op. Mag de overlijdende in dit geval zelf zijn testament opmaken? Gaat de provincie nog grenscorrecties aanbrengen? Gezien de van-onderen-op-geschieden niet.

De ontvangers van de erfenis zijn blij met alles. Dus ook met dorpen die zelf liever naar een andere gemeente gaan. Terherne wil naar Skarsterlan, Aldeboarn naar Opsterland. Het blije Heerenveen ondersteunt zelfs (of komt zelf met) onzinargumenten.

Ton Baas
Ik doel op Terherne. Heerenveen wil het er graag bij hebben, omdat het nog geen watersportdorp binnen de gemeentegrenzen heeft, vertelde de Grouster zakenburgemeester en boedelscheider Ton Baas.

Dat is niet logisch. Moet Heerenveen voor dat ene dorp opeens watersportdeskundigheid binnenhalen. En wat te denken van het profiel van de gemeente?  Dat wordt minder helder. Terherne past dus veel beter in watersportgemeente Skarsterlan.

Toevoeging van de Legegeaen bij Leeuwarden is ook onhandig. Het gebied ligt immers tegen Sneek aan. Ik weet wel een argument waarom het toch niet bij die gemeente moet. Omdat de oppervlakte van het nieuwe Sudwest-Fryslan al zo groot is. De ene onlogische herindeling lokt de volgende uit.

Sybren Friday 03 September 2010 at 09:56 am | | Default | No comments