Juster efkes it bûsboekje troch west foar de kommende tiid. 'Drok' meie jo wol'k leauwe net sizze. Wol 'genôch te dwaan' of 'in protte útdagings'.
In lytse greep wat der yn novimber allegear op priemmen stiet:
- 5 kear fraksjegearkomste FNP-Boarnsterhim, oer neijjiersnota, begrutting en (benammen) weryndieling;
- 4 kear gemeenteriedsgearkomste, oer deselde ûnderwerpen en noch wat mear;
- in tal kearen (6) dat ik in gearkomste fan de Steaten bywenje wol of in byienkomst haw mei of yn ferbân mei de steatefraksje;
- op 12 en 26 novimber wurde respektivelik it FNP-program en de kandidatelist fan de Steateferkiezings fêststeld;
- ik haw ek noch in pear byienkomsten yn ferbân mei myn eigen advysburo;
- en fansels, om echt nei út te sjen, de yntocht fan Sinteklaas hjir yn Reduzum op 20 novimber!
Mar fansels ek in moanne om it thús noflik te meitsjen, mei de tsjustere dagen wer yn oantocht...
GROU – De FNP yn Boarnsterhim wol dat de gemeente fiks besparret op 'e kosten fan kantoarautomatisearring. Dêrta sil de partij kommende tiisdei (2 novimber) mei in moasje komme. De FNP wol dat oergien wurdt op saneamde 'open source' software, dêr't gjin lisinsjejild foar betelle hoecht te wurden. It djoere kontrakt mei Microsoft kin dan opsein wurde en der kin hast € 100.000 op jierbasis besparre wurde. It liket de FNP dat it net dreech is dat te realisearjen. Der is al in gearwurking op it mêd fan ICT mei de gemeente Ljouwert. Boarnsterhim kin Ljouwert freegje it proses nei software op basis fan Open source te begelieden. Ljouwert hat Open Source al mei súkses tapast en besparret dêrmei tonnen op jierbasis.
Suver in bytsje yn ekstase. Sakrekt in grutte Eksterspjocht by ús yn 'e achtertún, yn 'e grutte ikebeam. Sjoch de
foto en beskriuwing fan Wikipedia. Ik wie krekt te let om sels in foto te nimmen, doe wied er al wer fuortflein. En dat yn Reduzum, midden op 'e klaai, fier fan de bosken yn 'e Wâlden. It liket my frij bysûnder, mar ik bin fierder net sa'n fûgeltsjeminsk. Dy't it wit mei it sizze...
Hat jo gemeente ek in plan yn it taalbeliedsplan stean, dat jo hiel graach útfiere wolle mar dêr’t oant no ta, om hokker reden ek, neat fan op ’e hispel kaam is? Stjoer it plan mei in motivearring oan ús ta. Foar it aardichste plan wurdt finansiering beskikber steld. Jo gemeente makket kâns op maksimaal € 2.500,00. Dêrnjonken is der in twadde (€ 1.250,-) en in tredde priis (€ 750,-).
Hat jo gemeente sels gjin taalbeliedsplan, mar hawwe jim wol in goed idee as it giet om Frysk yn jo gemeente? Of faaks is der in goed idee yn de mienskip? Dan kinne jo dat fansels ek yntsjinje.
Underwerpen mei motivaasje foar 28 oktober 2010 yntsjinje fia f.jagersma@afuk.nl.
Boarne: http://www.gemeentenenfrysk.nl/index.php?NewsId=68.
De FNP wol graach witte wat der ûnder de ynwenners fan ús gemeente libbet. Dêrom geane wy nei alle doarpen ta om te hearren wat der spilet. Ha jo fragen of wolle jo wat sizze, kom dan op ien fan dizze jûnen. Op 1 novimber is de FNP yn Wergea, yn 's Lands Welvaren, 20.00 oere.
Op 'e foto ús Hannelys dy't heech yn 'e beam, yn 'e sinne, parren oan it plukken is. In moaie aktiviteit yn 'e hjerstfakânsje. Kilo's en kilo's komme der fan ôf (hearlik binne se). Earder hawwe wy al jirpels, ierdbeien, augurken, courgettes, apels, oranje en griene pompoenen, druven, bosksipels en no ferjit ik grif noch wat fan ús tún helle. Idilllysk lânlibben...
Ljouwert noch altyd net populêr
Op 'e foto Addie Birkhoff, dy't út namme fan
Pleatslik Belang Raerd ynsprekt op 'e harksitting fan de gemeenteried tongersdeitejûn. Mear as 85% fan de ynwenners fan Raerd wol nei Súdwest Fryslân, sa hawwe se útfûn. Der is hûs-oan-hûs mei in enkête rûn en se wolle leaver "yn 'e buert fan Snits as oan it fuottenein fan Ljouwert". Der wie in hege opkomst, de grutte seal fan it doarpshûs yn Raerd siet grôtfol. Ek Dearsum, Tersoal en oare fertsjintwurdigers fan De Legeaën wolle net nei Ljouwert ta. Yn 'e wurden fan Halbe Huitema, foarsitter fan Pleatslik Belang Dearsum: "Súdwest Fryslân fielde waarm, Ljouwert kâld".
It is logysker dat de Alde Feanen by Tytsjerksteradiel komme by in opdieling fan Boarnsterhim. En Warten bliuwt fan herten wolkom. It Kolleezje fan B&W fan Tytsjerksteradiel hat, mei út namme fan de folsleine ried dêr,
in brief skreaun nei ús as gemeenteried. Se wize der ûnder oare op dat it besikerssintrum fan 'e Alde Feanen al yn Earnewâld sit, dat it logysker is dat de ôfstimming fan taken en regels foar it nasjonale park troch ien gemeente dien wurdt en boppedat dat de praktyk al is dat rekrearjende minsken no Earnewâld al faak as útfalsbasis hawwe om fan dêr út de Alde Feanen yn te gean. Oer Warten wurdt it folgjende sein: '
It doarp Warten hat oanjûn, ek mei it each op de relaasje mei De Alde Feanen, ek dúdlik yn de rjochting fan Tytsjerksteradiel te sjen. It doarp leit ek net fier fan Garyp en Burgum. De relaasje mei De Alde Feanen hoecht dus net ferbrutsen te wurden. It doarp is wolkom yn Tytsjerksteradiel'.
Op 11 oktober 2010 hawwe de fraksjes fan D66, FNP en GroenLinks in harksitting hâlden yn it doarpshûs fan Tersoal (De Tuolle). Dêr die bliken dat sawat alle ynwenners dy't kommen wienen (67 minsken) nei Snits/Súdwest Fryslân ta woenen, en net nei de gemeente Ljouwert. Der wie ien persoan dy't twifele.
Watfoar arguminten binne neamd? De FNP set se op in rychje.
Arguminten Legeaën om by Snits/Súdwest Fryslân te kommen:
- De Legeaen is ien gebiet, sterk mei elkoar ferbûn. Ien kultuerhistoarysk gebiet. Sport, feesten en de tsjerken, alles dogge se dêr meielkoar. Foarbyld: de sportstichting. Yn Sibrandabuorren in sporthal dêr't ferskate doarpen gebrûk fan meitsje. Dat moat net ferbrutsen wurde. As ienheid krije jo ek mear foarelkoar. Gjin fersnippering.
- Fysike ôfstân. Snits is (folle) tichterby as Ljouwert. Ljouwert is 4x sa fier fuort. Foar in rydbewiis/paspoart ensfh. Nei Ljouwert om ferfolgjens in kopy nei Snits ta te bringen (foar maatskiplike aktiviteiten). Ek in (folle) bettere busferbining mei Snits.
- Sosjaal-maatskiplike bining. Gebiet hat folle mear mei Snits as mei Ljouwert. Stel dat swimbad yn Snits sluten wurde soe. Dan kinne jo mei rjocht en reden protestearje (jo sitte yn deselde gemeente). SW Fryslân mear in plattelânsgemeente, wat De Lege Geaën ek is.
- Foarsjennings, opheffingsnoarm skoallen. Yn SW Fryslân in protte doarpen en in goed doarpebelied (goede ynpassing yn doarpen en wiken). Dat moatte jo by Ljouwert noch mar ôfwachtsje. En 80 of 84 doarpen makket ek net in soad út. It giet om 'e belangen fan 'e ynwenners.
- Ynfrastruktuer. Fytspaden fan Snits oant de ein fan De Lege Geaen, en net healweis ergens ophâlde. Dat driget as it gebiet opsplitst bliuwt/wurdt. As ien gehiel sterk meitsje foar wegen en paden.
- Der is bestjoerlike rêst as jo by SW Fryslân komme. De diskusje hawwe jo de earste 12 jier net wer. Dat moatte jo by Ljouwert noch mar ôfwachtsje. Idem by Littenseradiel. Kies foar in robúste oplossing, in skoftke foarút.
- Snitsermar: as der minder gemeenten binne dy't dêr oer geane (bygelyks allinnich Snits en Skarsterlân) gauwer dúdlikens by kalamiteiten/ûnfeilige situaasjes. By mear gemeenten mear 'drokte'. It is net praktysk dat Ljouwert ek by de Snitsermar komt.
- Foarsjennings: de brânwacht fan Snits is folle tichterby as dy fan Ljouwert.
- Taalbelied: Tersoal wol ûnder oare syn eigen plaknamme hâlde.
- Draachflak: mei hantekens, enkêtes en ynspraak hawwe de doarpen mei grutte mearderheden genôch dúdlik makke dat se by Snits/SW Fryslân hearre wolle. Dat is dus wat oars as 'geen sterke voorkeur aanwezig';
- SW Fryslân foldwaande bestjoerskrêftich en bestindich (lange termyn).
Op 6 oktober 2010 hawwe de fraksjes fan D66, FNP en GroenLinks in harksitting hâlden yn it doarpshûs fan Terherne (De Buorkerij). Dêr die bliken dat alle ynwenners dy't kommen wienen (99 minsken) nei Skarsterlân ta woenen, en net nei de gemeente Hearrenfean. Watfoar arguminten binne neamd? De FNP set se op in rychje.
Arguminten Terherne om by Skarsterlân te kommen:
Behâld fan de lytse skoallen op it plattelân (foarsjennings). Dat om't kolleezjeleden yn Hearrenfean al útspraken dien hawwe dat lytse doarpsskoallen te djoer wêze soenen.
Relaasje Terkaple-Terherne. De beide doarpen binne earder skieden yn 1984. Dat wie in histoaryske flater, se dogge in protte meielkoar.
Bining plattelân (doarpen). Mear by Skarsterlân it gefal as by Hearrenfean;
De ôfstân fan Terherne nei de Jouwer is mar 8 km, nei it Hearrenfean is dat lykwols 24 km (tink ek oan miljeu);
Iepenbier ferfier Terherne-Skarsterlân ( berikber mei bus en fyts ). Wolle jo nei it Hearrenfean, dan om fia Akkrum (langere reistiid);
As Terherne by Skarsterlân komme soe, soe de Snitser Mar foar 3/4 part fan Skarsterlân wêze. Minder bestjoerlike drokte.
Ferbining wettersport (Skarsterlân ek wettersport gemeente), benammen mei Langwar. It Hearrenfean hat dêr gjin ervaring mei;
Gefoel (ticht by de Jouwer). Terhernsters hawwe neat mei 'it Fryske Haagje' Hearrenfean! Ek: plattelânsgefoel en Frysk praten yn Terherne (minder yn Hearrenfean).
Draach flak , 95% fan 'e befolking wol nei Skarsterlân;
Skarsterlân, eventueel mei Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân bestjoerlik ek sterk;
Skarsterlân finansjeel sûn (better foarútsjoch as Hearrenfean). Reserve posysje Skarsterlân : 14 miljoen, It Hearrenfean 3.4 miljoen.
Foarsjennings: Musykûnderwiis Terherne-Skarsterlân, goedkeaper en mooglikheden foar subzydzjes, itselde jild foar de sport.
Ta beslút: der is op de jûn in oprop dien om de Terhernsters alfêst yn te skriuwen op it gemeentehûs fan Skarsterlân. As ludike aksje mar wol mei in serieuze ûndertoan. Yn 'e seal wienen ek minsken dy't lykas yn Aldeboarn neitinke oer in hantekeninge-aksje.
De lêste tiid (en ek
moarntejûn noch) hawwe
wy wy mei D66 en GrienLinks in tal jûnen hâlden oer de weryndieling. Ik haw koart de arguminten efkes opskreaun. Hjirre en op ús FNP-eigen webside wurde dy publisearre. As earste: Aldeboarn.
Op 4 oktober 2010 hawwe de fraksjes fan D66, FNP en GroenLinks in harksitting hâlden yn it doarpshûs fan Aldeboarn.
Dêr die bliken dat alle ynwenners dy't kommen wienen (in lytse 50 minsken) nei Opsterlân ta woenen, en net nei de gemeente Hearrenfean.
Watfoar arguminten binne neamd? De FNP set se op in rychje.
Arguminten Aldeboarn om by Opsterlân te kommen:
Aldeboarn is in plattelânsdoarp, hat gjin stedsallueres. Sosjaal-kulturele gearhing mei Opsterlân is grutter. Plus: yn Hearrenfean letterlik (geografysk) en figuerlik op it fuottenein.
Toerisme: Opsterlân sit al by de Marrekrite, Hearrenfean net. Der soenen moai wat Marrekrite-plakken ferlern gean as Aldeboarn by Hearrenfean komt. Fierder fia de Boarne goede oansluting op Opsterlân.
Finansjele ûnwissigens by Hearrenfean: se hawwe in pear mega-projekten: Sportstad, Thialf, WK fuotbal. Opsterlân hat noait fan dy grutte projekten. Yn it Kolleezjeprogram fan Hearrenfean stiet nota bene: finansjele posysje soarchlik! Dêrtsjinoer: Opsterlân in hiele grutte reserve.
Opsterlân wol selsstannich bliuwe en stiet der kwa bestjoerskrêft en finânsjes goed foar.
Draachfak, yn Opsterlân fiele minsken har mear thús. Wat gewoaner allegear.
Opsterlân: gruttere garânsje dat ûnderwiisfoarsjennings yn de lytsere doarpen bliuwe.
Wenlêsten: Opsterlân is justjes goedkeaper as Hearrenfean.
Bedriuweterreinen: yn Opsterlân ek yn lytsere doarpen, yn Hearrenfean alles konsintrearje yn it grutte plak Hearrenfean sels.
Ta beslút: der is op de jûn in oprop dien foar in hantekeninge-aksje. Ynwenners wolle safolle mooglik hantekenings ynsammelje om dúdlik te meitsjen dat se net by Hearrenfean en wol by Opsterlân wolle.
Dit jier, mei de merke yn Reduzum, binne der in tal filmkes makke fan en oer de ûndernimmers hjirre. Foar it merkeprogramma ‘Ik hâld fan Fryslân’ hat Piet Elzinga seis bedriuwen benadere foar in reklamefilmke. Mei in knypeach, wol te ferstean. Op dizze webside is it allegear nochris nei te sjen. Ik moat sizze dat it filmke fan de winner wol aardich profesjoneel is. Mei 32% fan de stimmen is skjinmakbedriuw Langeberg winner wurden fan de Reduzum.com award. Nei de merke is der 975 kear in stim útbrocht op dizze filmkes.
Annigje Toering nije listlûker FNP
Annigje Toering út Mantgum is de nije kandidaat-listlûker fan de FNP foar de steateferkiezings fan maart 2011. Dat hat it haadbestjoer fan de partij besletten. Johannes kramer is kandidaat-deputearre. Yn novimber yn de algemiene ledegearkomst fan de FNP moatte de leden har noch útsprekke oer de kandidatelist.
Mei Toering kiest de FNP foar in betroubere politikus mei in soad ûnderfining en in sterke frou. Toering sit sûnt 2003 yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân, is fise foarsitter fan de FNP fraksje en is op dit stuit ek twadde foarsitter fan de Steaten en dêrmei de earste ferfanger fan de kommissaris. Yn de Steaten foel hja foaral op troch har binende en praktyske politike ynstelling en as in sprekker dy’t yngewikkelde saken werom bringe kin ta de kearn. Underwiisadviseur Toering sjocht har wichtige politike posysje as tsjinstber oan Fryslân.
Oant no ta wie Johannes Kramer it gesicht fan de partij. As de FNP in deputearre leveret, dan is Kramer kandidaat.
Hendrik ten Hoeve fan Stiens is op ’e nij de FNP-kandidaat foar de Earste Keamer. FNP’er Ten Hoeve sit al sûnt 2003 yn de senaat.
De konsept-kandidatelist fan de FNP lit neist Toering en Kramer in pear bekende, mar ek in stikmannich nije nammen sjen. It bestjoer stelt dat hjirmei in goed lykwicht tusken fernijing en ûnderfining berikt wurdt. De earste tsien plakken:.
1. Annigje Toering, Mantgum
2. Johannes Kramer, Sibrandabuorren
3. Anna Martha van der Mei, Tsjom
4. Sybren Posthumus, Reduzum
5. Jan Visser, Waaksens
6. Evert Wilstra, Bakkefean
7. Liskje Flapper, Burchwert
8. Rikus Sinnema, Berltsum
9. Auke Bijlsma, Terherne
10. Jannes van der Velde, De Rottefalle
De FNP yn Boarnsterhim makket him grutte soargen oer it mooglik ferdwinen fan de bibliobus yn de doarpen fan de gemeente. Neffens de partij is it fuortbesunigjen in grutte oanslach op de leefberens yn de doarpen.
De FNP is benaud dat bern folle minder lêze as se gjin boeken mear liene kinne yn 'e bibliobus. De partij ropt it kolleezje op om mei oare besunigings te kommen om sa de bibliobus behâlde te kinnen.
Boarne: Omrop Fryslân
Yn Dútslân grutte protesten en hiele strjitten dy't blokkearre wurde troch buertbewenners, fanwegen oantaasting fan 'e privacy. Yn ús steat is dit allegear mooglik en komt net ien yn opstân. Op 'e foto in auto fan Google streetview, ridend troch de Bangmastrjitte yn Reduzum. Op dizze webside is te lêzen dat Boarnsterhim en dus ek Reduzum op dit stuit yn kaart brocht wurdt...
Ynkoarten hjirre te sjen allegearre...
Hoorzitting toekomst Boarnsterhim 20 en 21 oktober
De gemeenteraad nodigt u uit uw mening te geven over de toekomst van Boarnsterhim. Dit kan tijdens de hoorzitting die de raad organiseert op 20 oktober in Leppehiem in Akkrum en op 21 oktober in het Dorpshuis in Raerd (zaal open 19.30 uur, begin 20.00 uur). Inwoners, bedrijven en maatschappelijke organisaties zijn welkom om aan te geven bij welke nieuwe gemeente zij willen behoren en waarom. In verband met de indeling van de avonden graag tevoren aanmelden via ruttena@boarnsterhim.nl.
De hoorzitting vormt de opmaat naar de bespreking van de gemeentelijke herindeling in de raadsvergadering van 9 november. De raad neemt een besluit over de gemeentelijke herindeling op 30 november. Daarna gaat de officiële procedure van start zoals die in de wet staat. Dit leidt naar verwachting uiteindelijk tot een gemeentelijke herindeling per 1 januari 2014.
Alle informatie zoals onderzoeken, verslagen hoorzittingen en inclusief het recent uitgebrachte definitieve voorstel van B&W, is op de website www.boarnsterhim.nl onder Bestuurlijke Toekomst Boarnsterhim opgenomen.
Volgende week verschijnt een Op é hichte special over de hoorzitting.
Neffens in
berjocht op de webside fan 'e Ljouwerter krante wol 90% fan 'e Friezen de eigen provinsje hâlde. 4% hat gjin miening en mar 6% soe tsjin in selsstannich fuortbestean wêze. It fernuvert my net. Der kamen ek al in hiel soad ynskriuwings op 'e petysje
'Foar Fryslân' (no al hast 4.000). In heldere útslach!
|
|