Bettere ferdieling Boarnsterhim

Ynset fan FNP foar gearkomste weryndieling

FNP: bettere ferdieling Boarnsterhim

 Grou – De fraksje fan FNP yn 'e Gemeenteried fan Boarnsterhim wol in bettere ferdieling fan Boarnsterhim as dat it Kolleezje no útsteld hat. Wichtige prinsipes foar de partij binne draachflak fan ûnderen op en de wetlike kritearia neffens it 'Beleidskader gemeentelijke herindeling'.

Tiisdei sil de FNP dêrom yn 'e gemeenteried foarstelle om Terherne by de takomstige gemeente 'Fryske Marren' (Friese Meren, wurktitel) yn te dielen en om De Legeaën, mei de doarpen Sibrandabuorren, Tersoal, Poppenwier, Dearsum en Raerd, ta te foegjen oan de nij te foarmjen gemeente 'Súdwest Fryslân' (wurktitel).

Dêrneist wol de partij dat Aldeboarn op grûn fan dúdlike ynhâldlike arguminten fan it doarp by de gemeente Opsterlân komt. Fierder oerwaget de partij op grûn fan it plattelâns- en toeristysk karakter, de geografyske lizzing en de foarkar fan it doarp om Akkrum/Nes by de nij te foarmjen gemeente Fryske marren yn te dielen. De rest fan 'e gemeente soe dan by Ljouwert komme.

 

De FNP is wol fan betinken dat der noch al in tal lytse grinskorreksjes plakfine moatte. Tink oan it eilân tusken de Sânemar en it doarp Earnewâld oan de gemeente Tytsjerksteradiel (adres Princehof, Warten). Dêr binne grutte problemen mei postkoade en postbesoarging. Oare logyske korreksjes fan it grûngebiet nei oare gemeenten, bygelyks om pleatsen en lân fan ien eigner ûnder ien gemeente falle te litten, moatte ek mooglik wêze (bygelyks oan De Dille tusken Dearsum en Easterwierrum). De FNP is fan miening dat dat der noch kommunikaasje plakfine moat om dizze mooglikheid ûnder de oandacht te bringen fan de ynwenners. De partij stelt út dat de grinskorreksjes folslein lykop rinne mei de wetjouwings-proseduere.

Wy gean der fan út dat boppeneamde oplossing ta in fiat liede sil fan it Ministearje fan BZK mei it each op eardere útlittings. Mochten der dochs wetlike beswieren komme dan gean wy der fan út dat fia in wizigingsfoarstel fan it Kolleezje fan B&W in oare mooglikheid om boppeneamde ferdieling dochs noch te realisearjen oan de gemeenteried fan Boarnsterhim foarlein wurde sil.

Ta beslút freget de FNP it Kolleezje om de Gemeenteried fan Boarnsterhim ienris yn't fearnsjier op 'e hichte te stellen oangeande proses, finansjele en ynhâldlike aspekten fan 'e weryndieling. Dêrmei kin de Ried yn syn ferskate rollen de finger oan 'e pols hâlde sadat de weryndieling yn it belang fan alle ynwenners goed útfierd wurdt.

Sybren Tuesday 30 November 2010 at 2:09 pm | | Default | No comments

Plak 4 list FNP Steateferkiezings

Ofrûne freed (earjuster) wie de ledegearkomste fan de FNP, dêr't de list fêststeld is foar de Steateferkiezings 2011. 2 maart is it al wer safier. It wie in moaie jûn. Yn in poerbêste stimming, nei de FNP-winst fan woansdei yn 'e Súdwesthoeke, is de list fêststeld. Persoanlik wie it ek in boppeslach. Uteinliik bin ik op plak 4 kommen fan 'e list. It folsleine parseberjocht fan de ferkiezingslist is hjir te lêzen. De FNP hopet nei 2 maart ek in deputearre te leverjen. Earste kandidaat is Johannes Kramer. En foar de OSF-list yn 'e Earste Keamer, dêr't jo dan ek (yndirekt) foar stimme, is Hindrik ten Hoeve fan Steins wer beskikber. Hy hat al ferskate kearen goed wurk foar Fryslân dien, tink oan de Wet OKE yn 'e Earste Keamer. Oant de Krystfakânsje en Ald en Nij oer in pear wike efkes wat rêstiger oan, dêrnei folop kampanje fiere!

Sybren Sunday 28 November 2010 at 8:20 pm | | Default | Three comments

Sneon 27 novimber: Lokaal Besjoen folslein oer de weryndieling

parseberjocht Boarnsterstim (lokale omrop)

It aktualiteiten- en nijsfeitenprogramma “Lokaal Besjoen” fan de lokale omrop De Boarnsterstim stiet oankommende sneontemoarn 27 novimber folslein yn it teken fan de definitieve beslútfoarming oer de weryndieling fan ús moaie gemeente Boarnsterhim.

Yn it oere tusken 11 en 12 oere sil besocht wurde in fjouwertal fertsjinwurdigers út de doarpen Terherne (Arjen Kaper), Akkrum (Aize Wijnstra), Tersoal (Olaf van Kolck) en Aldeboarn (Folkert Hobma) oan it wurd komme te litten.

Ek sille alle fraksjefoarsitters, Gerrie Rozema (Groen Links), Lyda Veldstra (FNP), Jan Sine Zijlstra (CDA), Roelf van der Woude (P v.d. A), Martin Frensel (D’66), Sietse Bouma (VVD) en Jan Hemminga (Gemeente Belangen 2000) koart oan it wurd komme.

Is der goed harke/lústere nei de ynwenners fan de ferskate doarpen?

Wurdt hjir no wól of nét wat mei dien?

Binne der no wol of gjin grinskorreksjes mooglik? En sa ja, hoefolle dan?

Dit binne in tal fragen wêr’t dan wellicht al in antwurd op komme kin.

En sa kin alles nochris goed op in rychje set wurde foarôfgeand oan it “moment suprème” fan oankommende tiisdei; wannear it definitieve beslút oer ús weryndieling falle sil.

Oankommende sneontemoarn dus fan 11 – 12 oere yn it aktualiteiten- en nijsfeitenprogramma Lokaal Besjoen fan “De Boarnsterstim”.

De lokale omrop kinne jo hearre op de 105.6 Mhz FM yn de eter, de 96.1 Mhz FM op de kabel en fia de livestream op ynternet www.deboarnsterstim.nl

Sybren Friday 26 November 2010 at 11:12 am | | Default | No comments

Winst FNP yn Súdwest Fryslân

Súkses foar Germ Gerbrandy en syn kampanjeteam

De FNP hat goede saken dien mei de riedsferkiezings yn de nije gemeente Súdwest Fryslân. De partij wie de sterkste groeier mei 4,1 % derby. De FNP is no tredde partij yn Súdwest.

In opstekker foar alle frijwilligers, it kampanjeteam en al ús FNP kiezers. En fansels in fleanende start foar de nije fraksje fan de nije FNP ôfdieling Súdwest Fryslân.

Fanwege de lanlike politike ûntwikkelingen is der in soad omtinken foar dizze ferkiezings yn de weryndielingsgemeenten. De lanlike media pikke it nijs oer it súkses fan de FNP rûnom op.

Utslaggen Gemeente Súdwest Fryslân 24 novimber 2010 

 

 2006      

 2006

  sitten 

 2010    

%

 2010

sitten  

 winst/

ferlies %

      
 CDA 27,111  24,610 - 2,5 
 PvdA 27,010  18,6  7- 8,5 
 FNP 11,8 4 16,0 6 +4,1
 VVD 10,7 4 13,0 5 +2,3
 Grienlinks  5,2 2  5,7 2 +0,6
 ChristenUnie  4,5 1  4,4 2 -0,1
 D66  1,0 0  4,5 1 +3,6
 Totaal Lokaal  0,0 0  3,8 1 +3,8
 Feriene Lofts  0,0 0  3,4 1 +3,4
 Partij voor de Bijstand  0,0 0  0,3 0 +0,3
 Gemeentebelangen  7,7 3  5,7 2 -2,0
 SP  5,1 2  0

Sybren Thursday 25 November 2010 at 1:25 pm | | Default | One comment

Wêrom moarn stimme op FNP Súdwest Fryslân?

Súdwest Fryslân – eigen en fertroud -

Ferkiezingsnijs novimber 2010

Myn persoanlik advys oan dy:  

kies woansdei FNP !

FNP List 4

1. FNP hâldt écht fan Fryslân

FNP stiet foar

- In duorsume lânbou & fiskerij en foar sûn iten út eigen streek

- De bêste leararen en it bêste ûnderwiis

- Respekt foar ús Fryske skiednis, taal, identiteit en it unike lânskip. 

FNP kiest voor een duurzame gezonde samenleving, goed onderwijs en respect voor eigen taal en cultuur.

 2. It is tiid foar de FNP

Want

- 5 Huzen yn in doarp binne wichtiger dan 50 yn Snits

- Wy binne der poer op tsjin de Provinsje Fryslân mei  Grins en Drinte op ien bulte te smiten

- Wy wolle in rjochtfeardiger en skjinnere wrâld

Om leegloop van het platteland te voorkomen bouw je huizen waar ze het meest nodig zijn. Wij willen geen mega fusie van de 3 Provincies. FNP kiest voor een rechtvaardige schone wereld.

3. Kultuer op fytsôfstân

De FNP wol kultuer op fytsôfstân

- Knappe doarpshuzen en wyksintra 

- Bloeiende ferieningen yn doarpen en stedswiken

- As grutte dreamen - sa as in djoer mega - teater - dêrfoar in bedriging binne, moat it gemeente - bestjoer yngripe.

Cultuur organiseer je op fietsafstand in de dorpen en stadswijken. Als een theater een bedreiging is, moet het gemeentebestuur ingrijpen.

 4.FNP: Gemeentehûs fan 50 miljoen net nedich yn Súdwest Fryslân 

- De nije gemeente Súdwest Fryslân hat gjin ferlet fan in djoer nij gemeentehûs fan 50 miljoen euro.

- Troch nije technology en oare manieren fan organisearjen kin it folle goedkeaper.

- De gemeente moat derop ynsteld reitsje dat amtners ek op ôfstân oan it wurk wêze kinne.

Er hoeft geen nieuwe gemeentehuis van 50 miljoen euro gebouwd te worden. Met goede digitale verbindingen en flexwerken bespaar je veel kosten.

5. Gjin hegere lesten troch de fúzje

- Gjin hegere lêsten en alhiel net troch de Fúzje. De gemeente moat it taseine finansjele foardiel fan de fúzje wier meitsje.

- De FNP wol dat de eigen amtners mânsk genôch binne om djoere adviseurs bûten de doar te hâlden

- De FNP sil net sa gau besunigje op saken dy’t it libben oangenaam meitsje sa as soarch, kulturele foarsjennings en sport

De kosten van de fusie mogen niet leiden tot hogere tarieven. Geen dure externe adviseurs aantrekken; onze ambtenaren zijn immers goed opgeleid. Wij bezuinigen niet op zaken die het leven aangenaam maken zoals cultuur en sport.

De FNP fynt dat yn in sosjale libbene mienskip elkenien meitelt

Myn advys: stim woansdei 24 novimber FNP List 4

Ferkiezingsnijs FNP - Súdwest  Fryslân
www.fnpsudwestfryslan.nl

Sybren Tuesday 23 November 2010 at 09:42 am | | Default | No comments

Petear Aldeboarn mei Boargemaster Opsterlân

As riedsleden yn Boarnsterhim hawwe wy in brief krigen fan de 'Werkgroep Aldeboarn naar Opsterland'.  Moarntemiddei (23 novimber) tusken 15.00 en 16.00 oere sille se mei in delegaasje fan Pleatslik Belang mei de boargemaster fan Opsterlân (frou Ravestein) prate. It wie al langer bekend dat Aldeboarn yn grutte mearderheid nei Opsterlân ta woe. Mar it is ek wichtich dat de oanbelangjende gemeente dêr mei ynstimme kin. Moarn oan 'e ein fan 'e middei sil definityf bekend wêze hoe't Opsterlân der foar oer stiet.

Sybren Monday 22 November 2010 at 10:15 am | | Default | No comments

Súdwestergo

Kommende woansdei ferkiezings yn 'e Súdwesthoeke gemeente. Ik haw begrepen dat de FNP ôfdieling dêr folop oan it kampanjefieren is. Oer in pear dagen witte wy de útslach. It gûnzet wol dat de FNP in fikse slach slaan sil, mar wy moatte earst de útslaggen mar ris ôfwachtsje.

Wat ik nijsgjirrich fyn, is dat de riedsleden nei alle gedachten kieze sille foar de histoarysk ferantwurde namme 'Súdwestergo'. Ek de FNP is dêr foar. Troch sa'n beslút te nimmen wurdt der op hiele goede arguminten in beslút nommen, los fan de waan fan de dei. It soe in hoopfol begjin wêze fan de nije gemeente.

Sybren Sunday 21 November 2010 at 11:27 am | | Default | No comments

Nederlân Europeesk 'koprinner' opfregingen telekomgegevens

Dat Nederlân as lidsteat de privacy net heech yn it findel hie wie al langer bekend. In groep heechleararen hat Nederlân ek al as in plysjesteat betitele, om't ûnskuldige minsken frij maklik fertocht wurde kinne. In nij haadstik kin byskreaun wurde. De opspoaringstsjinsten yn Nederlân binne koprinner yn it opfreegjen fan data fan boargers. It is suver beangstigjend wat se fan en oer je witte kinne. Ek bankgegevens binne yn 'e nijste plannen net mear feilich, mei ien druk op 'e knop binne dy skielk mooglik te achterheljen:

'Ondertussen overweegt het Ministerie van Justitie om ook financiële gegevens van alle Nederlanders via een landelijke zoekmachine opvraagbaar te maken. Te denken valt aan rekeningnummers en de verschillende banken waar een gebruiker een rekening heeft. Als gevolg daarvan zijn de bankgegevens van iedere Nederlander met een druk op de knop te achterhalen door de politie, zonder tussenkomst van de bank, Officier van Justitie of Rechter-Commissaris'.

Sybren Saturday 13 November 2010 at 3:50 pm | | Default | No comments

FNP: kritysk oer projektûntwikkeling eilân Terherne

De FNP hat krityske fragen steld oer it bouwen fan rekreaasjewenten op in eilân by Terherne (Brefinne). Yn it doarp is opskuor ûntstien oer de plannen en de FNP wol witte wat de stân fan saken is. Hjirûnder folgje de fragen fan de FNP en de antwurden fan it Kolleezje fan B&W fan Boarnsterhim.
 
 
1.      Is it kolleezje op de hichte dat dit eilân oankocht is troch Smiro ûntwikkeling BV?
Het college is op de hoogte van de nieuwe eigenaar welke tevens eigenaar is van camping Oan e Poel.
 
2. Is it kolleezje op de hichte dat der yn de takomst nije rekreatieve ûntwikkelings komme sille?
Het college is op de hoogte dat de eigenaar de mogelijkheden aan het onderzoeken is of een recreatieve ontwikkeling (in welke vorm dan ook) mogelijk is. Er is momenteel nog geen sprake van een gegeven dat het ook recreatie wordt. De eigenaar is de mogelijkheden aan het aftasten in relatie tot de natuurwaarden.
 
3.      Kin de natoerbestimming ( natura 2000 )  der feroare wurde yn rekreatieve  bestimming en of permanente bewenning?
Als gemeente kunnen we altijd besluiten een bestemmingsplanprocedure te starten voor het wijzigen van een bestemming. Het is bij recht niet mogelijk de bestemming Natuur (bestemmingsplan buitengebied) te veranderen van dit eiland. Op het moment dat er plannen zijn waarvoor de bestemming veranderd moet worden zal tevens een toets moeten plaatsvinden aan geldende wet- en regelgeving waar ook Natura2000 onder valt.
 
4.Is it kolleezje fan doel om oan dy bestimmingswiziging mei te wurkjen?
Er zijn bij de gemeente geen concrete plannen ingediend. Het college is enkel op de hoogte dat de eigenaar een onderzoek aan het uitvoeren is naar mogelijkheden. Mocht de nieuwe eigenaar te zijner tijd met een plan komen, dan zal het college uiteraard een zorgvuldige afweging moeten maken wat wel en niet mogelijk is rekening houdende met de waarden van het gebied. Op basis van een totale afweging van alle, diverse belangen zal het college op dat moment een besluit nemen. De gemeente zal intern onderzoeken wat volgens de gemeente de natuurwaarden van het gebied zijn en of er volgens de gemeente, op basis van deze waarden, mogelijkheden zijn om iets op het eiland te doen.

Sybren Friday 12 November 2010 at 4:41 pm | | Default | Two comments

Dúdlikens oer CO2-opslach

Yn De Telegraaf stiet in artikel oer de CO2-opslach. Aardich is dat dêrby in foto publisearre is fan in aksje fan de FNP-Boarnsterhim begjin dit jier tsjin de CO2-opslach. Yn 'e izige kjeld haw ik doe noch in taspraakje hâlden. It artikel stiet hjirûnder yntegraal publisearre. 

Noorden wil snel duidelijkheid over CO2

GRONINGEN/ASSEN- De drie noordelijke provincies zijn in verwarring en willen zo snel mogelijk om de tafel met minister Maxime Verhagen van Economische Zaken over ondergrondse opslag van CO2. De colleges van GS eisen op heel korte termijn duidelijkheid nu de minister opslag van CO2 bij Barendrecht heeft afgeblazen. Het spoedberaad is mogelijk al volgende week.

Fries protest tegen de CO2-opslag in januari Foto: Persbureau Noordoost

 

Het vorige kabinet had drie plaatsen in het Noorden aangewezen voor ondergrondse CO2-opslag in lege aardgasvelden: Boerakker en Sebaldeburen in Groningen en Eleveld in Drenthe. „We willen heel graag weten hoe het stoppen van Barendrecht zich verhoudt tot de plannen in het Noorden”, zegt Marc Jager, CDA-gedeputeerde in Groningen. Volgens Jager is opslag in het Noorden niet te vergelijken met Barendrecht, wegens de bouw van twee grote kolencentrales in de Eemshaven. De CO2 die deze centrales uitstoten, zou volgens de oorspronkelijke plannen worden afgevangen en rechtstreeks in de lege aardgasvelden gepompt. „Barendrecht was een soort leerproject. In het Noorden gaat het om een concrete toepassing.” De Drentse gedeputeerde Tanja Klip (VVD) concludeert dat het gebrek aan draagvlak in Barendrecht de doorslag heeft gegeven om het project af te blazen. „De motivatie dat er geen draagvlak is, roept vragen bij ons op. Tegenstand wordt beloond.” Eerder al werd de Noordelijke Dialoog, een brede maatschappelijke discussie in Groningen, Friesland en Drenthe over CO2-opslag, stilgelegd, omdat het kabinet-Rutte ineens de vergunning voor het bouwen van een nieuwe kerncentrale koppelde aan ondergrondse opslag. „We hebben heel veel energie in die discussie gestoken. De minister moet snel met ons om de tafel. Ik ben benieuwd wat hij zal vertellen, want ik kan het niet uitleggen aan de bevolking in Noord-Nederland. De discussie krijgt nu een andere wending en een andere kleur. Verhagen is nu aan zet”, aldus Klip.

Sybren Sunday 07 November 2010 at 3:25 pm | | Default | No comments

Trijetalige basisskoallen yn Sealterlân

fan Mickey-Mousetaal nei modelsituaasje?

It Seelterfrysk waard lange tiid de 'Mickey Mousetaal' fan Europa neamd. In hiel lyts tal sprekkers, sa'n 1500-2000 yn in hiele grutte Dútske steat. Foar de dúdlikens, Sealterlân leit súdeastlik fan Lear (Ostfriesland), rjochting Oldenburg yn Nedersaksen. Mar, de tiden feroarje, ek dêr. Yn in nijsgjirrich stikje op It Nijs stiet dat se op pjutteboartersplakken en de basisskoallen wakker aktyf sille mei it Sealterfrysk.  Dêrby is it de bedoeling dat it Sealterfrysk as omgongstaal en as ynstruksjetaal ynfierd wurdt. Yn de fjouwer basisskoallen yn de gemeente Sealterlân sil dan, útsein by Dútsk en Ingelsk, foar alle fakken it Sealterfrysk as ynstruksjetaal brûkt wurde – ek by wiskunde. Troch in oar projekt fan de Oldenburgische Landschaft sille de pedagogen fan de fiif pjutteboartersplakken harren oplieding krije. Ingeborg Einhaus seit: „Wy wolle hiel graach dat de bern de taal leare dy’t foarhinne inkeld in drompel like. It Sealterfrysk wolle wy as ûnderdiel fan ús kultuer bewarje. It learen fan de taal jout in identiteitsgefoel en en in bettere bining mei de mienskip.“

Sybren Saturday 06 November 2010 at 8:44 pm | | Default | No comments

Nijs út de Steaten fan 3 novimber

Ferbreding seediken, Boppeslach en Fryslân Kulturele Haadstêd 2018

Reservearingssônes ferbreding seediken

De FNP hat yn 2008 en 2009 mei súkses pleite foar ferbreding fan de see- en Iselmardiken oan de seekant. Ek in moasje om de kwelderfoarming te stimulearjen hat it helle. In breed foarlân yn de foarm fan in kwelder makket de seekearing sterker. Dêr't al in kwelder leit, kin de dyk ferbrede wurde oan de seekant. Sa komme doarpen, stêden en bedriuwen deun op'e dyk net klem te sitten.

 seedykIt hat swier kealle om it Kolleezje sa fier te krijen en fier dizze moasjes ek echt út. Kustgemeenten en belangengroepen hawwe kear op kear by de FNP oankloppe. Bewenners en bedriuwen bliuwe der net gerêst op. De terjochte soarch is dat se yn de praktyk hast neat mear bouwe of útwreidzje meie ûnder oan de dyk.

In resint brief fan deputearre Schokker oan de Steaten stelt dat se de moasje oer de reservearing fan romte oan de bûtenkant fan de dyk dochs net útfiere wol.

Reden foar de FNP om wer yn aksje te kommen. Wurdfierder Douwe Bijlsma hat no yn de Steaten frege om it brief op koarte termyn te besprekken yn de Kommisje Lân Loft en Wetter. It lêste wurd is hjir dus noch net oer sein.

Boppeslach - ûnderwiisferbettering

De FNP fynt goed ûnderwiis foar Fryslân in polityk spearpunt. Fan pjutteboartersplak oant Universiteit. Yn de Steaten wie no de lêste faze fan Boppeslach oan de oarder, in projekt foar it ferbetterjen fan kwaliteit fan it basisûnderwiis. De FNP hat der mei ynstimd dat der noch ris 2,8 miljoen euro per jier yn stutsen wurdt oant ein 2014.

wurkbesite achtkarspelen trijetalige skoalle 2De filosofy fan Boppeslach is dat troch yntegraal taalbelied de algehiele kwaliteit fan it ûnderwiis opkrikt wurde kin. De skoalle giet dan hiel bewust om mei de taalûntwikkeling fan de bern, yn mear talen as it Nederlânsk allinnich en ek sa dat it de oare fakken ten goede komt. In eardere moasje fan de FNP hjiroer is oernaam troch it Kolleezje. It doel fan de moasje wie dat teminsten 50% fan de Boppeslach skoallen struktureel wurkje soe mei in yntegraal taalbelied. It is bygelyks net de bedoeling dat in skoalle fan it provinsjale jild de Fryske lesmetoade Studio F oanskaft en dat de boeken dan dêrnei op de planke lizzen bliuwe.

Dit doel kaam noch net goed genôch út de ferve. Sadwaande hat Annigje Toering no in amendemint yntsjinne om in ‘oanjager' oan te stellen. Dy moat de skoalbestjoeren en oaren waarm meitsje foar yntegraal taalbelied. Soks hat by de pjutteboartersplakken al fertuten dien. Deputearre De Vries wol alle war dwaan om it doel fan 50% te heljen en hat dêrop it útstel fan de FNP oernommen.

Fryslân Kulturele Haadstêd 2018

Fryslân wol yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa wurde. In ambysje dêr't de FNP him ferline jier fan herte efter steld hat. No gong it om de fierdere útwurking fan de plannen.

Der wiene nochal wat betingsten steld troch de Steaten. Fraachtekens by de konkrete plannen en de betingsten makken dat deputearre De Vries al har sjarmes yn it debat smite moast om de FNP oer de streek te lûken. De krityk wie oars breed dield troch de partijen. ‘De deputearre hat in sterk sinjaal meikrigen dat se strakker stjoere moat' sa fette ien fan de wurdfierders nei ôfrin fan it debat gear.

Sa is it noch dizenich oft Fryslân him as regio wol kandidearje kin yn 2012. Oars soe Ljouwert dat bygelyks dwaan moatte. En dan moat ús haadstêd fansels ek genôch eigen jild reservearje om der wat fan te meitsjen. Ut de Steaten wie krekt as ferline jier no wer de rop om dêr bettere garânsjes foar op papier te krijen.

6 culturele20hoofdstad1In oar kritykpunt wie dat de Provinsje de útfiering fan de Kulturele Haadstêd sûnder oerlis mei de Steaten yn in aparte rjochtspersoan ûnderbrocht hat. Bestjoer en direksje lykje wat harren eigen gong te gean. Sa wie der in pear dagen foar de Steategearkomste al in adfertinsje pleatst foar personiel. De Provinsje hat de útfiering sa wol bot op ôfstân set.

De adfertinsje is net goed fallen by de Steaten en hat ek it Kolleezje wekker skodde.

It grutste beswier wie dat der in hiel soad jild (sa'n 40%) yn de omballingen fan personiel, kommunikaasje en ûndersiken stutsen wurde soe. De kulturele projekten sels wêrmei it lokale draachflak yn doarpen en stêden socht wurd moat, soene dêrmei oan de krappere ein komme, sa oardielen de partijen.

De deputearre joech ta dat dizze gong fan saken net goed west hat. Se hat tasein dat se it projekt strakker oanstjoere sil. De plannen sille no fierder konkreet útwurke wurde mei de betingsten dy't de partijen steld hawwe. Ein 2011 moatte de Steaten in einoardiel jaan oft der trochset wurdt mei de kandidaatstelling of net.

Sybren Friday 05 November 2010 at 09:36 am | | Default | No comments