En in soad sûnens tawinske. Wa wit oant op 'e FNP-nijjiersgearsit yn Hearrenfean op sneon 8 jannewaris. Lês
hjir it programma.
Oerlis foar opset biblioteek op skoalle
Op 'e foto de aksje fan in pear wike lyn, mei Sinteklaas, yn ferbân mei it ferdwinen fan 'e bibliobus út Reduzum. Mar Reduzum soe Reduzum net wêze as der gjin ferfolchaksje komme soe. Neffens in stik fan doarpsbelang yn 'e Linepraat (doarpskrante) en op 'e
webside fan ús doarp wurdt der al wer oerlein mei de skoalle, de wolwêzensgroep en 'e Bibleteektsjinst hoe't in bibleteekfoarsjenning weromkomme kin yn 'e skoalle. Werom, want der wie al in bibleteekromte. Mar doe't de bibliobus 10 jier ferlyn kaam, binne de boeken wer fuortgongen en is de romte by groep 7/8 fan 'e skoalle lutsen. It is geweldich hoe'n fearkrêft it doarp toant yn dizze tiden fan besunigings!
Foto: www.reduzum.com
Fryslân is yn winterstimming. Der kin omraak reedriden wurde. Hjir 2 filmkes fan ús bern. De earste is fan Sjoukje, dy't drok oan it learen is. Se die it earst noch mei in stoel op 'e iisbaan hjir yn Reduzum, mar no al hielendal sels op it bûtenwetter (hjir yn 'e haven fan Reduzum).
De oare is fan ús Hannelys, dy't op it Swin tusken Reduzum en Grou/Jirnsum al hiel flot oan it riden is. En dat foar in famke fan 7 jier. Earjuster hawwe wy tegearre op 'e Swette ek al efkes nei Skearnegoutum ta west. Fergelykje dit mei it filmke doe't Hannelys foar it earst oan it reedriden wie, in pear jier lyn!
‘Dit is as in mes yn de rêch fan de kiezer’. Dat seit FNP - foaroanman Germ Gerbrandy oer it beslút fan CDA en PvdA om de FNP yn Súdwest Fryslân bûtenspul te setten. ‘Se hawwe dik ferlern by de riedsferkiezings omdat hja it kontakt mei de befolking ferlieze en hawwe no gjin better idee as werom te fallen op de âlde machtspolityk’.
De FNP naam as grutte winner (+ 35 prosint groei en 6 sitten yn de ried) fan de gemeenteriedsferkiezings fan 24 novimber diel oan de petearen oer de foarming fan in kolleezje yn de nije gemeente. Problemen wienen der net. It beslút om dy petearen ôf te brekken kaam foar elkenien as in tongerslach by heldere himel.
Ynformateur en formateur de hear Arie Aalberts, boargemaster fan Dantumadiel, hie in dúdlike opdracht fan it CDA krigen: Der moat in stabile, robúste, koalysje kommen dy’t in represintative ôfspegeling fan de ferkiezingsútslach is, en rjocht docht oan in riedsbrede koers foar de kommende jierren.
‘De FNP foldocht, seker sjoen de ferkiezingsútslach en it Program, as gjin oar oan dizze fraach. It is dan ek net frjemd dat Aalberts juster ‘gjin kommentaar’ sizze moast doe’t hy it beslút fan syn opdrachtjouwer bekend meitsje moast. Sa’n beslút is ommers ek net út te lizzen’.
De FNP soe gjin goede partner wêze omdat hja kritysk oer de weryndieling wienen. Soks is in skofearring fan de keazen folksfertsjinwurdigers. De prinsipes fan de FNP passe de twa grutte partijen no blykber efkes net, wylst der krekt ferlet is fan de FNP om harren oaninoar te binen.
‘Myn konklúzje is dat eangst foar feroaring de grutte driuw efter dit gedrach is. Lykwols sokke polityk hâldt yn in tiidperk fan iepenheid gjin stân.’
Gerbrandy warskôget dat der mei in koalysje CDA – PvdA - VVD yn Súdwest Fryslân in politike kleau tusken stêd en plattelân driget. It is de fraach oft de ynwenners fan mei namme de doarpen har wol fertsjintwurdige fiele sille troch sokke bestjoerders. Dat is no krekt wat de nije gemeente foarkomme woe, mar no oer harsels ôfropt.’
Yn myn studintetiid haw ik lid west fan
Bernlef yn Grins. Sadwaande dat ik no noch altyd harren ledeblêd 'De Harpe' tastjoerd krij. Hjoed rûgele net allinnich De Harpe by my yn 'e bus, mar ek
it boekje foar it kommende Krystkongres yn Frjentsjer op 28 en 29 desimber. Dit jier mei as tema duorsumens. Sa te sjen mei sprekkers dy't it ûnderling net hielendal iens binne, boeiend! Wat foar my hiel aardich om te lêzen wie, is dat der wer libben sit yn 'e Studinteferiening Tsjerk Hiddes út Ynskedee (Enschedé). It
Frysk Deiblêd publisearre dêr in skoftke lyn ek al oer. Tal fan kearen haw ik mei besites fan Bernlef oan Ynskedee moaie en ynspirearjende dagen belibbe. De studinten oan 'e TU wienen altyd in apart slach folk. Moai dat der wer libben yn 'e brouwerij sit.
Ik lies fan 'e moarn wol in hiel bysûnder 'krystferhaal' yn it Frysk deiblêd. It giet om in foarfal yn 'e Earste Wrâldkriich, tusken 1914 en 1918. In Dútske ôfdieling soldaten en in Ingelske legerienheid leinen yn dy sjitfuorge(loopgraven)-oarloch hiel ticht by elkoar. De jûns foar Kryst hearde it Ingelske leger de fijanlike Dútskers it
Stille Nacht sjongen. De Ingelsken songen op har bar it Ingelske krystliet
First Noël. De fijanlike soldaten rôpen elkoar dat se mienskiplik krystfeest fiere woenen. Meielkoar hawwe se doe oan it front Kryst fierd...
Noflike feestdagen tawinske!
Marreprojekt Wymbrits; Sintrale As; fragen oer greidefûgels en Wyldemerk; plattelânsbelied; nije ympuls foar Iepenbier Ferfier en Fytsbelied yn Fryslân.

Soarch oer greidefûgels
By it Fragenoerke hat it CDA yn'e mande mei de FNP en VVD fragen steld oer de greidefûgels. De fraksjes fine dat it net opsjit mei de evaluaasje fan it besteande belied. Underwilens giet it striemin mei de fûgels. Frege is om de sitewaasje foar maart 2011 yn de Steaten te bepraten. Se wolle foarkomme dat der wer in seizoen ferlern giet.
Hoe komt it mei de Wyldemerk?
Johannes Kramer hat fernaam nei de takomst fan Campus de Wyldemerk. De Provinsje hat hjir earder in aardich dofke jild yn stutsen. It Ryk wol no net langer betelje. Lykwols de skoalle kin nei eigen sizzen no draaie op oare ynkomsten. It tal learlingen nimt ek ta.
Jild foar rekreaasje yn Marreprojekt Wymbrits
De gemeente Wymbritseradiel krijt 4,6 miljoen fan de Provinsje foar it Fryske Marreprojekt. Undernimmers yn de rekreaasje sille no in folle grutter bedrach ynvestearje yn foarsjennings foar de rekreaasje op it wetter en op de wâl. De Steaten, ek de FNP, hiene noch wol tal fan krityske fragen. Sa moatte der dúdlike kritearia komme om de projekten aanst te hifkjen. De útwurke projektútstellen moatte der foar 1 septimber 2012 lizze.
Nije ympuls foar Iepenbier ferfier en Fytsbelied
De FNP hat ferskate moasjes stipe dy't freegje om in ferbettering fan it Iepenbier Ferfier. It Provinsjaal Ferkear en Ferfier Plan wurdt foar in part op'e nij skreaun. Underdiel fan de nije plannen is om de ferskate ferfiersstreamen op it plattelân te bondeljen. De FNP hat warskôge dat dêrby net de bedoeling is dat de gemeenten dan út eigen skatkist alles betelje moatte. As it ferfier nei de lytse doarpen bondele wurdt, moat it jild fan de Provinsje mei oer nei de gemeente.
Yn it nije ferkiezingsprogram fan de FNP stiet wer dat wy in 'offensyf' oftewol oanfallend provinsjaal fytsbelied wolle. De fraksje stipe dan ek fan herte in moasje fan Grienlinks om fêst te hâlden oan it ferbetterjen fan de haadfytsrûtes yn Fryslân.
Tariedings Sintrale As
De FNP hat mei GrienLinks in ynterpellaasjedebat oanfrege oer de tariedings foar de Sintrale As.
De Raad van State hat it provinsjaal ynpassings plan (PIP) skorst. Earst moat der yn in boaiemproseduere tsjin de Provinsje mear dúdlikheid komme oer nut en needsaak fan in fjouwerstrooks wei en oer de kompensaasje fan lân foar greidefûgels. Gefolch is dat de tariedings per direkt stillein binne.

Deputearre Adema hie lykwols de deis nei de útspraak fan de Steatsrie yn ferskate media suggerearre dat guon wurksumheden al trochgean soene.
De partijen woene no yn it debat witte hokker wurk noch dien wurde mei en wat net. FNP en GrienLinks tinke dat der belestingjild fuortsmiten wurdt oan saken dy't aanst miskien net mear nedich binne.
Neffens it antwurd fan Adema hannelet de Provinsje binnen de juridyske grinzen. It papierwurk giet troch, mar der mei fierder neat dien wurde dat 'ûnomkearber' is. Lykwols wurde der noch wol kontrakten tekene en wenten ôfbrutsen, sa die bliken. Wurdfierder Douwe Bijlsma fan de FNP warskôge foar it byld dat ûnstean kin fan 'de provinsje lûkt him nearne wat fan oan, se dogge mar'.
It is werklik net te leauwen, mar hast de hiele gemeenteried fan Boarnsterhim is justerjûn akkoart gongen mei in bepaling dat net de gemeenteried, mar it Kolleezje en de amtlike tsjinst bepale wat al as net bepraat wurdt yn 'e gemeenteried en op hokker wize. Ien en oar stiet opnommen yn it
Reglemint fan Oarder dat troch de gemeenteried behannele is. It giet konkreet om de folgjende sin: '6.
2. De agendacommissie bestaat uit de voorzitter van de raad, de gemeentesecretaris en de griffier'. No sille jo miskien tinke, no en, dat makket dochs neat út? It sit wat oars. Der sit no gjinien mear yn út de gemeenteried. De riedsleden binne de minsken dy't kontakt hawwe mei de befolking, witte wat der libbet en sy moatte ek it kolleezje (Boargemaster en wethâlders) kontrolearje. Op basis dêrfan kin de ried ek beoardielje hokker stikken al as net bepraat wurde moatte en wat eventueel noch taheakke wurde moat (tink oan moasjes, inisjativen en ynterpellaasjes fan de ried). Mei de regeling dy't der no leit is der gjin inkelde direkte ynbring fan de folksfertsjintwurdigers op wat de aginda wurdt. En dat is hiel kwealik, want de boargemaster en de gemeentesiktaris soenen bepaalde gefoelige stikken (dêr't sy fan witte dat der saken net fan yn 'e heak binne) net op 'e wurklist hawwe wolle. Of der wurde saken yn it 'ynformearjend part' fan de gemeenteried pland ('ter kennisgeving') wylst jo op basis fan wat der yn 'e doarpen, ûnder de befolking, libbet, sa'n stik mieningsfoarmjend en beslútfoarmjend behannelje moatten hienen. No soenen jo sizze kinne, de agindakommisje kin rekken hâlde mei wat ûnder de gemeenteried libbet. Mar dat kin ek selektyf wêze. Wannear al, wannear net. Nee, jo moatte as gemeenteried oan it stjoer sitte en de finger oan 'e pols hâlde. Dat dit net goed rinne sil, hat al in pear kear bliken dien. Sa wie justerjûn in stik agindearre oer de jeugdketen yn ús gemeente, dêr't nij belied yn stie mar wat lykwols as 'ynformearjend' oankundige stie. It komt der op del dat de jeugdketen ticht moatte yn 2013. Dêrom dat de FNP it yn alle gefallen mieningsfoarmjend en beslútfoarmjend besprekke woe, mar dat wie al net mear mooglik neffens Kolleezje en mearderheid fan 'e rie. In skoftke lyn wienen yn in ynformearjende nota oer it ôffalbelied meidielings en nij belied troch elkoar hinne ferfrissele. Mei oare wurden, politike punten troch de ynformaasje hinne.
De gemeenteried nimt himsels yn myn eagen net serieus. It Kolleezje en de tsjinst hawwe in grutte stim yn de aginda en kinne filterje wat al as net besprutsen wurde kin. As FNP hawwe wy op dit punt in stimferklearring útbrocht dat wy der op tsjin binne.
Parseberjocht FNP
Moarn, 14 desimber, sil der út de gemeente Wymbrits wei in bus mei jongerein nei de Rie fan Steat om in harksitting by te wenjen oer it ketebelied fan Wymbritseradiel.
In soad jongerein komt fan de keet ‘de Skuorre’ dêr’t de FNP jongerein (FNPj) yn maaie 2009 op besite west hat yn it ramt fan harren ûndersyk nei de keten yn Fryslân.
Yn it keterapport fan de FNPj waard al wiisd op it grutte sosjale belang fan de keten yn de doarpen. Ek hat de FNPj foar de gemeenten doe in konsept mei beliedsrigels foar de keten opsteld. Fierders kaam de FNPj dêryn ta de konklúzje dat de keten gjin konkurrinsje binne foar de hoareka yn de gemeenten, omdat de keetbesikers meastentiids oanslutend in besite bringe oan de hoareka.
De FNPj fynt dizze saak sa wichtich dat in fertsjintwurdiger fan de FNPj moarn nei De Haach ôfreizgje sil om de jongerein te stypjen by harren betooch foar de Rie fan Steat. De FNPj hopet dan ek dat it fertuten dwaan sil foar de keten yn Wymbrits en oare gemeenten yn Fryslân. Sa dat de jongerein belutsen bliuwe by harren doarp.
Wy hienen altyd in joekel fan in krystbeam yn 'e foartún te stean. mar no hawwe wy him, nei in algemiene oprop yn é doarpskrante, beskikber steld oan it doarp. Hy sil in prachtich plakje krije hjir yn it sintrum fan it doarp, tusken kafee en tsjerke yn. In grut gat yn 'e tún, mar de buorlju sille grif bliid wêze mei al it ljocht dat no te foarskyn komt. Op 'e foto de mannen fan leanbedriuw Durk Visser dy't him omseagje sille.
Update: hy is fansels bedoeld om as krystbeam te fungearjen, mei ljochtjes en al...
Wat tinkt my in hiel soad minsken net foar mooglik holden hienen, is no dochs bart: in ridlik fiergeande taalwet yn Frankryk foar de 'regionale' talen lykas it Bretonsk en it Korsikaansk. De taalwet, dy't ôfrûne tiisdei yn 'e Frânske Nasjonale Assemblee yntsjinne is, omfiemet sawat alle domeinen fan it maatskiplik libben. As de wet in súkses wurdt, sil it taalrjochten jaan dy't op itselde nivo sitte as de 'Europeeske noarmen', ynklusyf in steatsgarânsje foar it learen fan 'e regionale taal oan alle bern. Dat sil in geweldich effekt hawwe op talen lykas it Katalaansk, Korsikaansk en Bretonsk. Lange tiid wie der mar ien offisjele taal yn Frankryk, neffens de steat dan (en dat wie it Frânsk). Dat is no trochbrutsen. De wûnders binne de (taal)wrâld noch net út...
Sjoch foar de útstelde taalwet op: http://www.assemblee-nationale.fr/13/propositions/pion3008.asp
Beslutelist en ferslach 30-11-2010
Sakrekt krige ik de
Beslutelist en it
Ferslach fan de Riedsgearkomste fan Boarnsterhim tastjoerd dêr't oer de weryndieling besluten is (30 novimber). Foar de leafhawwers, jim kinne de links oanklikke en opfreegje.
mei brêge oer de Swette...
It liket no dochs goed te kommen. Mei in hiele beskieden bydrage fan Boarnsterhim (€ 4.000) sil der in brêge oanlein wurde oer de Swette. It giet om it stik tusken Wytgaard/Reduzum oan de eastkant en Mantgum oan 'e oare kant (foto: Mantgumerhúske, op 'e eftergrûn Mantgum). Tusken Ljouwert en Snits ûntstiet sa in oaniensletten fytspaad by de Swette del. Der sil neist it heechhout noch in stik fytspaad oanlein wurde tusken it 'mantgumerhúske en Boazum en twa kilometer tusken Boazum en Skearnegoutum. Alhoewol't der jildkrapte is yn Boarnsterhim kinne jo sa út en troch dochs noch wol wat foar de ynwenners betsjutte. Sels sjoch ik de brêge en it fytspaad as in oppepper foar de rekreaasje, foar it skoalle en wen-wurkferkear mei de fyts en fansels foar dy minsken dy't graach efkes in blokje om gean.
Teksten en achtergrûnynformaasje FNP
De FNP hat de lêste dagen in soad ynstimming krigen foar de ynnommen stânpunten by de weryndieling. Ut De Legeaën wei, út Terherne, Aldeboarn, Akkrum/Nes... Wy merke dat in hiel soad minsken dochs fragen hawwe oer de djippere argumintaasje. Hoe binne jim ta jim stânpunt kommen. Foar dy minsken haw ik hjir de
tekst fan ús fraksjefoarsitter útsprutsen yn earste termyn delsetten. Wollo jo witte wat ús arguminten binne foar de FNP-ferdieling fan 'e gemeente (oanslutend op 'e kritearia Maatskiplik draachflak, kritearia gemeentlike weryndieling)? Dat stiet
hjir fermeld.
mail oan rie en kolleezje Boarnsterhim
Beste mensen,
Sinterklaas komt alle jaren weer,
maar de bibliobus mischien niet meer.
veel bezuinigingen komen er aan,
waardoor voorzieningen niet langer blijven bestaan.
Hou je van boeken lenen en lezen,
dan moet je dus niet in een dorp in Boarnsterhim wezen.
Sint bezoekt 3 december de TDS,
en dacht dit jaar oh yes,
voor deze laatste keer kom ik dan met deze bus,
want die komt hier na 1 januari niet weer dus.
Sint en zijn Pieten worden vrijdagmorgen verwacht,
met de bibliobus, om kwart over acht.
Ouders en kinderen zullen hen welkom heten,
bel 0566-602100 als u er meer van wilt weten.
Wij hopen u ook in Reduzum te zien op deze bijzondere dag,
die u, in uw functie, natuurlijk niet missen mag.
Groeten van de regelpiet
|
|