Pinguinfûgel...

Pica pica.jpg

Hjoed sieten der in pear eksters hjir achter yn 'e tún. Lykwols, neffens ús Sjoukje binne dat Piguinfûgels. Moai betocht no?

Sybren Monday 31 January 2011 at 5:24 pm | | Default | No comments

Antwurden plan Volmawei Grou

Ofrûne tongersdei bin ik ynterviewd troch in sjoernalist fan Omrop Fryslân. Dat yn ferbân mei de bouplannen foar in massyf en heech apparteminte- en winkelblok tusken de Pikmar en it sintrum fan Grou. Lit my dúdlik wêze, dat dêr wat dien wurde moat is helder. It is no in bytsje in 'rotte kies' yn Grou. Lykwols, wat no achter de tekentafel weikomt ropt in soad argewaasje op. Earder hienen wy fragen steld oer de kwestje, want it ropt yn Grou nochal wat wjerstân op en stêdeboukundich binne der ek in protte beswieren yn te bringen. Woansdei krigen wy de antwurden op ús fragen fan it Kolleezje. De parse krige dêr frij gau lucht fan. Want út de antwurden docht bliken dat it Kolleezje wol prate wol mei de omwenjenden en Pleatslik Belang Grou, mar de massiviteit en de hichte fan it boublok wol se net loslitte. En dat wienen krekt de wichtichste beswieren...

Sybren Sunday 30 January 2011 at 3:14 pm | | Default | No comments

Wolkom yn Reduzum, wolkom yn Fryslân

Op 'e foto ús bern (links Sjoukje, rjochts Hannelys) mei Patrycia en Michael (middenyn). Twa Poalske bern dy't mei har heit en mem sa'n 14 dagen lyn foar ús oer, hjir yn Reduzum, te wenjen kaam binne. Yntusken binne de bern dikke freontsjes fan elkoar. Hoe't se yn kontakt kommen binne? Us bern stienen mei ús wite kat foar de ruten nei bûten te sjen en oan 'e oare kant fan 'e strjitte waard itselde dien troch Patrycia en Michael. Dat wie blykber in teken om elkoar op te sykjen. Moai no? Yntusken komme se hast alle dagen by elkoar oer de flier. De Poalske bern prate Poalsk (Frysk of Nederlânsk kenne se noch net), Hannelys en Sjoukje meast Frysk werom. En dêr't folwoeksenen noch wolris kommunikaasjeproblemen hawwe, is dat hjir perfoarst net it gefal. Se begripe elkoar hiel goed en boartsje dat it in wûnder is. Mei de heit en mem hawwe wy yntusken ek al wat kontakt lein. Wy hawwe se fan herten wolkom hjitten hjir yn Reduzum.

Sybren Saturday 29 January 2011 at 4:43 pm | | Default | One comment

FNP: gjin heger taryf troch ynfiering OV-chip

Reizger mei net de dupe wurde

De FNP freget it Kolleezje fan Deputearre Steaten yn skriftlike fragen om Arriva oan te sprekken op de ferheging fan de tariven yn de treinen. De FNP wol net dat de reizger de dupe wurdt fan de ynfiering fan de OV-chip by Arriva. Ferheging fan it gemiddelde taryf is yn striid mei it provinsjaal belied.

Ut ynformaasje fan Arriva hat bliken dien dat de NS-koartingskaarten lykas de Voordelenurenkaart net mear jildich binne yn kombinaasje mei de OV-chip. Dat betsjut dat reizgers mei taryfsferhegingen fan 20 oant wol 70% konfrontearre wurde as sy gjin aparte koartingskaart fan € 17,50 fan Arriva keapje. As sy dat al dogge binne se op jierbasis 32% djoerder út oan koartingskaarten.

De FNP is fan betinken dat de reizger net de dupe wurde mei fan de ynfiering fan de OV-chipkaart. De djoerdere kaartsjes en koartingskaarten binne ek yn striid mei it fêststelde PVVP (Provinsjaal Ferkears- en Ferfiersplan) fan 'e Provinsje Fryslân. Dêr stiet nammentlik yn dat ynsetten wurdt op in groei fan it tal reizgers mei as ien fan 'e kritearia dat it gemiddelde nivo fan de tariven itselde bliuwe sil.

Arriva mei yn 'e eagen fan 'e FNP eventuele ekstra kosten fan de OV-chipkaart net ôfwentelje op 'e reizgers. Oars wurde de minsken de trein útjage en dat is folslein yn striid mei it stribjen nei in goed alternatyf foar de auto.

Sybren Sunday 23 January 2011 at 11:52 am | | Default | No comments

Ryk dikteart belied fia gemeentefûns

De bemuoienis fan it Ryk mei gemeenten wurdt hieltyd grutter. Yn Boarnsterhim rinne wy suver oan 'e leibân, yn ferbân mei de artikel 12-status. Alle útjeften moatte yn't foar troch Ryk én Provinsje goedkard wurde. Mar út ûndersteand artikel yn Binnenlands Bestuur docht bliken dat alle gemeenten dêr lêst fan hawwe.

 

Binnenlands Bestuuur, 14.01.11 3 reacties

De meeste gemeenten hebben het niet in de gaten, maar het Rijk bepaalt in hoge mate het beleid op lokaal niveau. Het gemeentefonds fungeert als vehikel.

De Raad voor de financiële verhoudingen (Rfv) plaatst in een advies aan minister Donner van Binnenlandse Zaken grote vraagtekens bij het vrij besteedbare karakter van de algemene uitkering. Het Rijk verdeelt dat geld - zo’n 17 miljard euro - via inmiddels zestig maatstaven over alle gemeenten.

Het Rijk bepaalt voor welke kostenverhogende factoren gemeenten extra geld krijgen. Door vooral die factoren te honoreren die aansluiten bij de wensen van het kabinet, verandert het gemeentefonds volgens de Rfv sluipenderwijs in een bekostigingsinstrument voor rijksbeleid. De autonomie van gemeenten wordt meer en meer een wassen neus.

14.01.11 Rijk stuurt gemeenten via fonds

Sybren Saturday 22 January 2011 at 3:54 pm | | Default | No comments

13 partijen dogge mei...

Lykas fjouwer jier lyn dogge der ek dit jier trettjin partijen mei oan 'e Steateferkiezings yn Fryslân. Neist de acht partijen dy't no yn 'e Steaten sitte (CDA, CU, Feriene Lofts, FNP, GL, PvdA, SP en VVD) dogge ek D66, Provinsjaal Belang Fryslân, de Partij voor het Noorden, de PVV en 50plus mei. Der binne trije partijen ôfheakke dy't yn 2007 al meidienen: Partij voor de Dieren, De Nederlandse Klokkenluiders Partij en DeFriezen. It belooft wer in spannende striid te wurden. Nei de súksesfolle ferkiezings yn 'e Súdwesthoeke fertrouwe wy as FNP yn alle gefallen op in goede útslach!

Sybren Thursday 20 January 2011 at 11:15 am | | Default | No comments

Spanning nimt ta

2 maart 2011 Kieze foar Fryslân - Provinciale Statenverkiezingen

Hjoed op 'e kop ôf noch 6 wiken, dan binne de ferkiezings foar de Steaten fan Fryslân! Yn opdracht fan Provinsjale steaten is in moaie nije ferkiezingsside iepene, Kieze foar Fryslân. Kreas yn beide lânstalen, it Frysk en it Nederlânsk. Op dy webside binne tal fan saken te lêzen as it giet oer de taken fan 'e Provinsje, de partijen (wurdt hjoed bekend!), stimtips en in trochferwizing nei www.kieskompas.nl.  

De spanning nimt ek ta, is te fernimmen. Hjoed yn 'e Steaten is der ek al in debat dêr't it giet oer de rol fan deputearre Galema, as deputearre en/of as listlûker. Der komme al fragen fan kiezers oer ús stânpunten en de earste debatten kundigje har oan...

Sybren Wednesday 19 January 2011 at 08:56 am | | Default | No comments

FNP kandidaat foar organisaasje EFA konferinsje yn 2012

Earjuster en juster nei Brussel ta west foar in bestjoersgearkomste fan de EFA yn it Europeesk parlemint. Op dy gearkomste haw ik út namme fan de FNP nei foaren brocht (lês parseberjocht) dat de partij takom jier graach gasthear wêze wol foar de jierlikse EFA-konferinsje. Yn 1987 is dy konferinsje foar it lêst yn Fryslân hâlden. 

Neist 7 Europarlemintariërs sille tsientallen nasjonale en regionale politisy fan Mallorka oant Skotlân en fan Grikelân oan de Aland eilannen by Finlân dan yn Fryslân komme,. Der wurdt ynternasjonale parse ferwachte en tolken sille de partisipanten bystean.

It nei Fryslân ta heljen fan 'e konferinsje past yn 'e eagen fan de FNP by in groeiende partij, dy't ferantwurdlikens doart te nimmen en op alle nivo's, 'fan Burgum oant Brussel' aktyf meidraait.

Sybren Thursday 13 January 2011 at 11:13 am | | Default | No comments

Annigje Toering: Steateferkiezings gjin referindum oer kabinet-Rutte

Listlûker Annigje Toering fan de FNP stelt dat de Steateferkiezings gjin referindum wurde moatte oer it kabinet-Rutte. ‘It giet wol degelik om de takomst fan Fryslân.’  Se ropt de regionale media op om har hjir mei te ûnderskieden fan de Haachske byldfoarming. Toering spruts op de nijjiersgearsit fan de FNP op it Hearrenfean.

It is neffens Toering wol dúdlik dat de lijntsjes by de grutte partijen rinne fan De Haach nei Fryslân en net oarsom. ‘Fryslân is by harren net yn goede hannen. It fuortbestean fan Fryslân as provinsje stiet yn de kiif. Haachske partijen negearje dit of wurkje der sels oan mei.’ Yn in grut tal partijprogramma’s is yndie sprake fan it opdoeken fan de provinsje.

De FNP neamt in goed ekonomysk klimaat foar Fryslân fan it grutste belang. ‘Net iensidich op de kennisekonomy ynsette mar ek mear omtinken oan de ambachtsekonomy. Bern moatte ek gewoan wer in fak leare kinne.’ De FNP wol fierder ynsette op behâld fan it Fryske lânskip, stipe foar de Fryske mienskip yn de doarpen en Fryske organisaasjes. ‘Frysk jild moat te’n goede komme oan Fryslân.’

FNP senator Hindrik ten Hoeve heakke dêr yn syn taspraak op oan. Hy sei dat it byld fan it gedooch-regear yn De Haach it byld bepaald dat de wrâld fan Nederlân en dus ek fan Fryslân hat. De FNP is no sichtber oanwêzich yn de Earste Keamer. ‘In stim foar de FNP is in stim foar Fryslân, yn ‘e Steaten en yn de Earste Keamer’

Toering en Ten Hoeve presintearren oan it ein fan de gearkomste it FNP kampanjelogo:  

Sybren Monday 10 January 2011 at 09:17 am | | Default | No comments

8 jannewaris 2011 nijjiersgearkomste FNP

Taspraken listlûker Annigje Toering en FNP senator Hindrik ten Hoeve

Op 8 jannewaris 2011 is de nijjiersgearsit fan de FNP yn partysintrum de Koningshof op It Hearrenfean. Jim wurde as redaksje fan herte útnoege om hjir by te wêzen.

Wichtige punten op it program binne de taspraken fan Annigje Toering as listlûker en FNP senator Hindrik ten Hoeve. Toering sil in skot foar de boech jaan foar de ynhâld fan de kampanje foar de Steateferkiezings fan 2 maart. Ten Hoeve sil yngean op de krusiale rol dy’t syn fraksje yn de Earste Keamer hat no’t de stipe foar it kabinet sa wif is. Yn de plenning steane de taspraken tusken 15:30 en 16:30 oere.

Fierder sil Annigje Toering de Fryske Natuer- en miljeupriis en de Sulveren Fyts útrikke. De middei wurdt sluten mei de offisjele start fan de kampanje foar de Steateferkiezings 2011 mei de ûntbleating fan it kampanjelogo fan de FNP.

Sybren Wednesday 05 January 2011 at 4:42 pm | | Default | No comments

Fragen FNP oer oerienkomsten Sportpark Meinga Grou

GROU – De FNP yn Boarnsterhim wol dat de gemeente Boarnsterhim foarsichtich is mei oerienkomsten foar it nije Sportpark Meinga yn Grou. De partij wol dat der noch gjin lange-termyn ferplichtings makke wurde, fanwege de finansjele situaasje fan 'e gemeente mar ek omdat yn 'e maaityd noch in diskusje plakfine sil oer it Sportakkomodaasjebelied yn 'e Gemeenteried. De partij soe it net earlik fine dat der no foar lange tiid djoere oerienkomsten ôfsletten wurde foar 'Meinga' en dat oare ferienings en sporters yn 'e gemeente dêr aansens de negative konsekwinsjes fan ûnderfine omdat der besunige wurde moatte soe.

De FNP hat dêrom it Kolleezje frege oft der al oerienkomsten tekene binne en oft dy mooglik noch oanpast wurde kinne. Sadat ôfhinklik fan 'e diskusje yn 'e Gemeenteried fan Boarnsterhim der foar de hiele gemeente Boarnsterhim in gelykweardich rezjym foar de sportfjilden jilde sil en de konsekwinsjes fan eventuele besunigings goed en evenredich ferdield wurde oer alle doarpen en ferienings. De fragen binne hjir yntegraal werjûn.

Sybren Tuesday 04 January 2011 at 2:23 pm | | Default | No comments

In pleit foar kontant jild

Ofrûne moandei stie der in hiel nijsgjirrich artikel yn it Frysk Deiblêd, 'Digitale nood bij de banken'. De krante jout in koart oersjoch fan grutte digitale problemen by de banken. In opfallend berjocht fan in skoftke lyn wie fansels dat der in digitale 'bankroof' plakfûn hie by de ABN Amro, mei € 5,5 miljoen bút.  Yn desimber hie ING te krijen mei in grutte steuring, klanten koenen gjin jild oermeitsje of tegoeden besjen op 'e webside fan 'e bank. Yn septimber en oktober hie de bank ek al lêst fan steurings. De Rabo hie twa wiken lyn in 'feilichheidslek' op har mobile webside (foar mobile tillefoans en smartphones). Fia de oanfal koenen hackers doe klantsaldy fan oaren sjen en ek jild oermeitsje. De NVB (Nederlânske feriening fan banken) makke begjin desimber bekend dat it tal gefallen fan fraude mei ynternetbankieren flink tanommen is. Fan 154 ynsidinten yn hiel 2009 nei 514 yn 'e earste helte fan 2010. Ferline wike freed, de 24e (de dei foar kryst) wie it PIN-systeem fan Currence in skoft út 'e loft. De oarsaak is my net alhiel dúdlik, wol wit ik út 'e earste hân dat winkels allegear weromfalle moasten op it gewoane beteljen mei bankpepier en munten. Ald en fertroud.

Ik bin der fan oertsjûge dat dit noch mar it begjin is. Gjin systeem is folslein 100% feilich. Dêrom is it wichtich dat neist it digitale systeem fan ynternetbankieren, bankpaskes of mobile tillefoans ek it fysike kontant jildsysteem bliuwt. Klapt it iene of is dêr gjin betrouwen mear yn, dan hawwe jo yn alle gefallen it oare systeem noch.

Sybren Sunday 02 January 2011 at 08:00 am | | Default | No comments