
De FNP sil yn de EFA (Europeeske Frije Alliânsje) ledegearkomste op 15 april o.s. te Mariehamn (?land-eilannen) in moasje yntsjinje tsjin de opslach fan kearnôffal yn sâltkoepels. Yn Asse/Gorleben (Dútslân) hat bliken dien dat opslach yn sâltkoepels net feilich is en it opromjen miljarden euro’s kostje sil. Yn Fryslân kin it mooglik gean om de sâltkoepels ûnder Ternaard. Sjoch ek dit berjocht op It Nijs.
De Europeeske Uny wol Nederlân ta opslach twinge as sy neat ûndernimt. Dat docht bliken út in konsept rjochtline fan de Europeeske Kommisje. Ut foarbylden sa as Asse/Gorleben blykt dat der noch gjin sicht is op betroubere ûndergrûnse opslach. De FNP is fan betinken dat der ynvestearre wurde moat yn werklik duorsume foarmen fan enerzjyproduksje en net yn it yn sâltkoepels opslaan fan kearnôffal. As de moasje oannommen wurdt freget de FNP om Europarlemintsleden fan de EFA (dêr't de FNP by oansluten is) har út te sprekken tsjin de konsept rjochtline.
... protest tsjin mega-wynmoles fan 150 meter heech
De Zeppelin is de loft yn! Ik sil daliks wer mei farske kofje nei de stunt ta. Wy lûke in soad 'bekijks' mei
ús aksje. Ferskate fotografen en sjoernalisten hawwe al efkes del west. Noch oant 16.30 oere.
Woansdei sille wy te stimmen. Foar ús hiel gewoan, kar út wol 13 partijen yn Fryslân, fan links oant rjochts en fan progressyf oant konservatyf. Lykwols, net oeral is dat it gefal. Yn it Midden Easten giet it need de lêste wiken. De EFA, de Europarlemintspartij dêr't de FNP by oansluten is,
hat in oprop dien om de repressy tsjin te gean en de bewegingen foar frijheid te stypjen. Hjirûnder de oprop.
22.02.11 EFA requests heads of EU institutions to speak out loud to stop repression of democracy advocates. (
25/02/2011)
Eric Defoort, President of EFA, addresses Ms. Ashton, Mr. Barroso, Mr. Van Rompuy and Mr. Buzek to react to the repression in North African countries.
In a letter sent to Ms. Ashton, Mr. Barroso, Mr. Van Rompuy and Mr. Buzek, Eric Defoort, President of EFA, demands heads of EU institutions to speak out loud to stop repression of democracy advocates in Egypt, Tunisia, Libya, Bahrein, Algeria and Morocco. .jpg)
Le letter states: "The European Free Alliance urges the EU to give a clear support from Europe to those pro Democracy movements in Egypt, Tunisia, Libya, Morocco and elsewhere.
Currently millions are dreaming of and demonstrating for a Democratic future. Europe needs to stand next to them. The European Union has to clearly express its support towards Democratization and those values guiding the Barcelona Process for a Euro-Mediterranean Union and its neighborhood policy. No geostrategic arguments, prior alliances or economic interest can be of a greater importance than the freedom of the peoples to decide."
De FNP lit it net allinnich by in ferkiezingsprogram yn it Biltsk en it Stellingwerfsk, nee ek yn de ynhâldlike polityk brûke wy de oare talen fan Fryslân. Sa as hjir, oer de 'wyn môlns'. Annigje hat juster ek noch spesjaal nei it Bilt ta west. Gjin polityk om foar de ferkiezings wat stimmen te lûken mar út it hert wei en omdat wy it miene.
hiele dei troch Fryslân...
De lêste 7 dagen foar de ferkiezings, wat dogge jo dan? Foar my hat it hast altyd sa west dat ik dan ûnderweis wie, minimaal 2 of 3 oeren deis. Utsein de rêstdei snein dan. Hjoed de hiele dei op 'en paad mei de
FNP-kampanjebus. It wie wol aardich, moarns wienen der twa sjoernalisten fan Trouw mei. Hja wienen wol benijd hoe't de grutste regionale partij kampanje fierde. Tusken de middei kaam de Omrop yn De Westereen en makke dêr
opnames. Us listlûkster Annigje is wiidweidich ynterviewd. It wie net sa dat wy mei de PVV 'fochten om 'e stimmen'. Sterker noch, doe't wy oankamen sieten sy dêr fisk te iten en se naaiden hurd út doe't wy kamen. Ek de PvdA kaam mei 4 man noch efkes del. mar doe't se ús FNP-delegaasje fan 15 minsken seagen, mei kampanjebus, wienen dy ynienen ek gau fuort. Yn Drachten wie in man dy't ús 10 lekkerbekjes oanbea en yn Snits, Drachten en Hearrenfean woe it winkeljend publyk hiel graach ús 'Wy hâlde fan Fryslân stikkers' hawwe.
Moarn de stikken foar de gemeenteried fan 1 maart trochlêze en moandei de Zeppelin-stunt. Kom allegear efkes del tusken Reduzum en Idaerd.
De Ljouwerter krante
berjochtet op syn webside dat fierút de measte ynwenners fan Fryslân de eigen bestjoersienheid (Provinsje Fryslân) tige fan belang fine. Boppedat: gjin ferfanging fan de provinsje troch in soarte fan 'noardlik lânsdiel' seit 83%. In dúdlik sinjaal nei de politike partijen, no foar, mar ek nei de ferkiezings, tinkt my.
yn ferkiezingstiid...
In hiel soad mailtsjes en tillefoantsjes hân, mar it is gelokkich wer oplost. Dizze weblog wie 2 dagen hacked (yn ferkiezingstiid!) troch immen dy't it goed foar hie mei de Palestinen. Mar goed, as jo sa te wurk gean dan roppe jo aksjes ek wer irritaasje op en dat is dan wer kontraproduktyf foar de Palestynske saak.
Hawar, ik kin wer fierder. fan 'e middei struibrieven ferspriede, hjir yn Reduzum, Idaerd en Friens. En yntusken de omwenjenden oan de Ayttawei noch ynformearje oer ús Zeppelin-aksje kommende moandei. Dat sil wol hiel wat teweech bringe!

Hoe is it by jo? Hawwe jo al in pepieren ferkiezingslist yn 'e bus krigen? Ik bin troch ferskate minsken oansprutsen, hjir út ús eigen gemeente mar ek út Ljouwert, dat sy noch neat krigen hawwe. Dat wylst de ferkiezings al oer ien wike binne! No soe it by my thús oan 3 dingen lizze kinne dat wy him ek noch net krigen hawwe:
1. wy hawwe in ja/nee stikker op 'e bus (yn ferbân mei net-adressearre reklametroep);
2. wy hawwe twa grutte FNP-poosters op 'e ruten, dat de besoargers tinke "dy binne der al út";
3. wy wenje yn Reduzum, Boarnsterhim, dêr't alles in bytsje oars giet as oars.
Hawar, ik sil daliks efkes mei it Buro ferkiezings belje want sa'n list wurket wol opkomstbefoarderjend. Boppedat steane der allegear ynstruksjes op oangeande it stimmen. Se binne yn alle gefallen oan 'e lette kant. As ik mear wit meld ik my wer.
UPDATE: Daliks efkes belle mei it Buro Ferkiezings fan Boarnsterhim. Hjoed begjint TNT mei útleverjen. It stiet yn 'e kieswet dat minsken in oprop yn 'e bus krije moatte. In digitale ferzje sil dus net sa gau komme salang't de wet net feroare wurdt...
mei foto en koarte bio...
Op ús FNP-webside stiet fan no ôf in aardich oersjoch fan alle kandidaten, in foto en in beskriuwing fan harsels. Op dizze link is it allegear nei te lêzen. Net allinnich fan de kandidaat-steateleden, mar ek fan dy fan de Earste Keamer en de deputearren. Dit is der oer my sein:
4. Sybren Posthumus

Nûmer 4 op ús list is Sybren Posthumus. Sybren wennet yn Reduzum, is 40 jier en selsstannich ûndernimmer. Hobbys binne reizgje nei oare lannen, kultuer priuwe en fytse. Sybren hat foar de FNP keazen omdat de partij polityk bedriuwt op basis fan sûn ferstân, net op basis fan stellige ideologyen.
Sybren hat ek al in soad ûnderfining yn de polityk: hy is riedslid yn Boarnsterhim, 1e opfolger by de Steatefraksje en burolid by de EFA, ús Europeeske memmepartij. Hy wol op dizze manier wat berikke foar de ynwenners fan Fryslân. Sybren fynt dat der mear sizzenskip komme moat foar de regio. Sybren is pas tefreden at de ôfspraken dy't makke wurde ek neikaam wurde.
As boadskip wol hy noch oan jo meijaan: ‘Kies foar josels en foar Fryslân, stim 2 maart FNP!'
mei www.namme.fr
Eindelijk kunnen Friezen websites met .fr bouwen
LEEUWARDEN - Tweehonderd jaar na de bezetting van Friesland door de Fransen, kunnen Friezen wraak nemen op de voormalige bezetter. Sinds een week is het voor Friezen mogelijk een domeinnaam eindigend op .fr, de Franse .nl, te kopen.
'Precies 200 jaar geleden lijfde Napoleon Friesland en de rest van Nederland in bij Frankrijk. Nu gaan wij van Frankrijk Friesland maken', zo zeggen de bedenkers van de Friese .fr.
Een van de bedenkers, Arthur Vierboom, zegt dat het alleen voor Fransen mogelijk is een .fr-domeinnaam te registreren. 'Daarom hebben we het Amsterdamse bedrijf Hostnet - ze hebben een Friese directeur - benaderd. Zij kunnen via een contactpersoon in Frankrijk regelen dat deze domeinnamen ook in Friesland kunnen worden gekocht. We willen hierna de Libanese .lb in Nederland krijgen, misschien wel voor de Limburgers', aldus Vierboom. (ANP)
Om it wat ynsichtlik te meitsjen wêr't de wynmoles pland binne. Flakby de A32, flakby it spoar, yn in lange line tusken de doarpen troch yn in hiel moai lânskip.
oer it wynmoledebat

Moarntemiddei bin ik op 'e lokale radio fan Boarnsterhim te hearren, de Boarnsterstim. It is om 13.30 oere en is live út Soarchsintrum Leppehiem út Akkrum wei. It giet oer it wynmoledebat dat wy as FNP-Boarnsterhim woansdei organisearje. Wolle jo it hearre, stim dan hjir op ôf! Fan 'e middei haw ik efkes in draaiboekje makke foar dat debat. Altyd goed om jo wat ta te rieden...
Yntusken giet de FNP-kampanje as it spoar. Fan 'e middei wie ik by in fytsemakker dy't jierrenlang 'read' stimd hie sa't hy it omskreau. Mar neffens him wie Fryslân by dy partij lanlik net yn goede hannen en dus by de Fryske ofdieling ek net hielendal. Reden om diskear FNP te stimmen. Dat de belangstelling foar ús tanimt kin ik ek oan de statistiken fan dizze blog sjen, 180 unike besikers deis op't stuit. Net ûnaardich...
Motivaasje om in hûs te keapjen mei belestingfoardiel
Annigje Toering, listlûkster
Fryske gemeenten mei befolkingskrimp moatte OZB-frije sônes wurde. Dat stelde de FNP yn it earste grutte ferkiezingsdebat yn Post Plaza yn Ljouwert.
Frijstelling fan belesting soe minsken motivearje moatte om wenjen te bliuwen yn krimpgemeenten of om dêr in hûs te keapjen. Neist de OZB binne ek oare maatregels nedich. De gemeenten krije yn it plan kompinsaasje fan it Ryk. It giet gau om hûnderten euro's per hûshâlding dat de minsken per jier besparje kinne. Ek de bedriuwen hawwe der foardiel fan.
De gemeenten soene neffens de FNP troch it Ryk kompinsearre wurde moatte foar de derving fan belestingynkomsten. Krimpgemeenten yn Grinslân, Limburg en Seelân falle al ûnder it Ryksbelied foar de krimp. Noardeast- en Noardwest-Fryslân noch net. De provinsje soe hjir by it Ryk op oantrúnje moatte yn it plan fan de FNP. ‘Jo sjogge dat sokke belestingmaatregels direkt ynfloed hawwe op it gedrach fan minsken. Dat docht bliken út de spektakulêre ferkeap fan sunige auto's mei legere belesting.'
OZB frijstelling is net de iennichste maatregel dy't nedich is neffens de FNP. It giet ek om oar ‘flankearjend belied' om ferstannich mei de befolkingskrimp om te gean. It behâld fan foarsjennings foar de leefberheid, goed ûnderwiis en berikberheid moatte provinsje en gemeenten har ek foar ynspanne. In belangrike opjefte leit ek yn de wentebou. Ferâldere wenten moatte ferfongen wurde troch goede nije: foar starters, libbensrinbestendich foar âlderein, net te djoer en enerzjysunich.
Fan 'e middei in ferkiezingsdebat hân op 'e
NHL. In tal stellings oer it ûnderwiis en jo mochten ek sels wat sizze oer jo programpunten. Wat haw ik dêr sein oer it heger ûnderwiis?
Mear heger- en universitêr ûnderwiis yn Ljouwert. Ynklusyf 'hotspots', kennisynstellings.
Ljouwert in brûzjende studintestêd. Ljouwert as knooppunt fan iepenbier ferfier, horeka de romte biede en eveneminten stimulearje.
Mear wurk foar heger oplaten. De 'braindrain', it fertrek fan heger oplaten nei it westen, tsjingean. It MKB stimulearje en in goed wen- en wurkklimaat fansels.
In In soad studinten wienen der net. It wie yn de hal fan de NHL (prachtich gebou is it wurden). Lykwols, ús FNP-jongerein diske luts aardich wat minsken.
Juster en hjoed sawat 300
útnoegings ferspraat yn 'e doarpen Idaerd, Eagum, Reduzum en Friens yn ferbân mei ús wynmoledebat. Fansels bin ik dêr ek geregeld op oansprutsen. Fan 'e middei hearde ik fan in frou yn Friens dat sy buorlju hawwe dy't in soad lêst hân hawwe fan 'e slachskaden. Mar, op in bepaald stuit is dy wynmole ôfbrutsen en de oerlêst wie foarby. It wie dúdlik dat sy gjin foarstanner wie fan 'e plannen.
Nei it folderjen noch efkes fytst oer ien fan 'e moaiste fytspaadsjes fan Fryslân, it kronkelpaadsje tusken Friens en Jirnsum. Efkes genietsje fan it iere maaitiidswaar.
Noch sa'n foto, it boerd hinget oan it sintrumplein yn Stiens.
FNP folop yn 'e media
It kin net op. De FNP stiet folop yn 'e spotlight fan 'e Nederlânske media... Hjirûnder in parseberjocht fan TROS Kamerbreed.
In de aanloop naar de Provinciale Statenverkiezingen van 2 maart bezoekt TROS Kamerbreed drie provincies: Limburg, Friesland en Zuid-Holland.
Zaterdag 19 februari komt de uitzending vanuit het dorpshuis in het Friese Raerd, een terpdorp tussen Leeuwarden en Sneek.
De gasten zijn politici die in ieder geval één ding gemeen hebben: het zijn Friezen.
Kees Boonman en Margriet Vroomans ontvangen Joop Atsma (CDA), staatssecretaris van Infrastructuur en Milieu; Henk ten Hoeve, senator voor de Onafhankelijke Senaatsfractie en lid van de Friese partij FNP; Piet Adema (ChristenUnie), gedeputeerde en lijsttrekker en Hans Konst (PvdA), gedeputeerde en lijsttrekker.
De verkiezingsprogramma's hebben mooie Friese titels. De PvdA is "Wiis mei Fryslan"; het CDA: "Fertroud en Foarút" en de FNP heeft als slogan "Fan mear nei better". De CU noemt het simpelweg, in het Nederlands, "Verkiezingsprogramma".
In die programma's veel aandacht voor de Friese identiteit, het belang van de Friese taal en typisch Friese sporten als kaatsen en fierljeppen.
Maar ook de krimpende bevolking, economie, milieu en waterveiligheid spelen een rol in deze verkiezingscampagne.
Over deze onderwerpen, en over het landelijke belang van de Provinciale Statenverkiezingen, debatteren de vier gasten een uur lang onder leiding van Kees Boonman en Margriet Vroomans.
Publiek is welkom om de uitzending bij te wonen in het dorpshuis in Raerd.
folop kampanje-aktiviteit
It sil de measten net ûntgien wêze...
FNP bringt ferkiezingsprogram ek yn it Bildtsk
Wapen fan 't Bildt: 'Aren út skelpen'.
Yn Marsum hie ik buorlju dy't fan it Bildt kamen en letter op 'e middelbere skoalle in maat fan Sint Jabik. Sadwaande kin ik ek wat Biltsk prate. It wie foar my, mar ik tink benammen foar de Biltkers sels, hiel aardich dat ús FNP-program oersetten is yn it Biltsk. En hjoed is dat ferkiezingsprogram dan ek oanbean oan de foarsitter fan Stichting Ons Bildt, Leendert Ferwerda.
Dit barde by Mooie Paal, it plak dêr't oan de weryndieling fan 1984 de skieding tusken 't Bildt en it frysktalige Barradiel lei. Yn it Biltsk: "Dut is ‘t plak der't in1505 de werkloi út Holland, Seeland en Brabant ‘t nag búttendyks lêgende Billând op gongen om de eerste seedyk, nou de Ouwe-Dyk an 't lêgen. Doe onston ‘t Bildts met nag atiten sterke overeenkomsten met 't Hollâns fan de bedikers."
"Dut inisjatyf fan de FNP wort bra waardeerd" sa sei Leendert Ferwerda, ek riedslid foar en oprjochter fan de Frije Bilkerts. "De FNP onderstreekt met 't programma in 't Stellingwarfs en 't Bildts de waarde fan 't hewwen fan 'n aigen taal. In ôns gemeente is ‘t brúkken fan ‘t Frys en ‘t Bildts ‘n gesaamlike rykdom. Taal, kultuur en lândskap is as erfgoed fan ôns metnander. De FNP siet en behartigt die belangen". Moai no? Sjoch hjir it hiele parseberjocht.
Op 23 febrewaris organisearret de FNP in debat oer wynmoles. Oanlieding binne plannen om tusken Grou-Idaerd en Friens-Reduzum in kluster mei maksimaal 10 wynmoles te pleatsen dy't tusken de 60 meter (gemeente) en 100 meter (provinsje) heech wurde kinne.
As foarstanner is ree fûn dhr. R. Koopal, foarsitter fan PDF (Platform Duurzaam Fryslân).
As tsjinstanner sil dhr. F. Jansen komme. Hy is foarsitter fan it Nationaal Kritisch Platform Windenergie.
Sy sille elk earst in koarte ynlieding hâlde. Dêrnei kinne fragen steld wurde en is der gelegenheid ta diskusje.
Datum: 23 febrewaris 2011, 20.00 oere
Plak: Doarpshûs 'It Lokaal', Buorren 5, 9007 SC Idaerd.
Diskusjelieding: Gerben Gerbrandy.
Fokke en Sukke witte it seker
Dizze yllústraasje krige wy as (boarger-)steateleden tastjoerd. Dúdlik!
Se hingje, hiel Boarnsterhim yn alle doarpen. Bygeande foto is yn Wergea nommen. Ik moat sizze, it is in prachtige pooster wurden, mei ús listlûkster kreas der op. Tusken de bedriuwen troch hawwe wy ek noch tal fan leden foarsjoen fan poosters om achter de ruten te plakken, en autostikkers. No noch mar 19 dagen! Daliks de bern fan skoalle helje en fan 'e middei wer aksjes foar de kommende tiid útwurkje.
antwurden op FNP-fragen
It begjint no echt ferkiezingstiid te wurden. CDA-deputearre flink ûnder fjoer. Hy moat sels
weromkomme út Nij Seelân! Ideeën foar stunts, debatten en kanvassen wurde omsetten yn dieden. De 'sjochsifers' fan ús websiden sjitte omheech (ek dizze weblog). Justerjûn haw ik polityk noch yn aksje west by in kommisje fan 'e Steaten fan Fryslân. Dat nei oanlieding fan eardere
FNP-fragen oer grouwelige priisferhegings by Arriva. Oer alle boegen is it Kolleezje de FNP yn 'e mjitte kommen. De ôfspraken oer de tariven yn it Provinsjaal Ferkearsplan bliuwe oerein. De deputearre hat Arriva fuortendaliks oansprutsen op de mooglike taryfsferhegings. Betsjut: gjin ekstra kosten foar reizgers mei in NS-koartingskaart. Wy wurde op 'e hichte holden fia saneamde 'monitoringsgegevens'. Mocht bliken dwaan dat de reizgersoantallen troch de ynfiering fan 'e OV-chip fiks weromrinne dan kinne wy fansels oan 'e belle lûke. Deputearre Adema (CU) sei noch al dat 'it grutste part fan 'e reizgers hiel tefreden is mei de OV-chipkaart. Dat binne syn wurden fansels. Wy krije in soad sinjalen dat minsken it oars belibje!
Goede ûnsluting Noardeast-Fryslân stiet foarop

De FNP kriget geregeld de fraach wat sy no mei de Sintrale as wol. As FNP stiet foarop dat wy in bettere ûntsluting wolle fan Noard-East Fryslân. Mar de FNP wol in oar trasee as wat no troch de Provinsje útfierd wurde sil. De fariant fan de FNP is goedkeaper, is in folle minder gruttere oanslach op it lânskip en foldocht oan de easken op it mêd fan ferkearsfeiligens.
De fariant fan de FNP wykt wat de route oangiet wat ôf fan de saneamde 'Griene As' en makket it ek mooglik om oer in grut part fan it trasee 100 kilometer te riden (ynstee fan 80/oere).
Trochstreaming
It trasee fan de FNP begjint ek by Nijegea en rint oant Dokkum ta. Tusken Dokkum en Feanwâlden en tusken Burgum en Nijegea kin 100 kilometer riden wurde. Yn it tuskenlizzende stik 80. In akwadukt ûnder it PM-kanaal en ûngelykflierse krusingen. Dat alles betsjut in goede trochstreaming fan it ferkear en in ympuls foar de ekonomy. Der komt in rûnwei om Hurdegaryp hinne en Burgum en Damwâld wurde ûntlêste.
Natuer en miljeu
De natuer wurdt safolle mooglik ûntsjoen. Tink oan Kûkherne en de Foksegatten. Der is gjin ferlet fan in rûnwei troch de mieden om Garyp hinne. Der wurdt rekken hâlden mei de besteande lânskipsstruktuer troch beamsingels te folgjen.
Eigen alternatyf
De konsekwinsjes fan de Sintrale As sa't de Provinsje Fryslân it no wol binne net akseptabel foar miljeu, lânskip en leefberheid fan 'e doarpen. Dêrom dat de FNP mei in eigen alternative route kommen is. De besteande wegen moatte safolle mooglik bestean bliuwe en as útgongspunt jildt dat op de nije As safolle mooglik 100 kilometer/oere riden wurde kin.
De FNP is dus foar in Sintrale As en goede berikberens, mar dan better, goedkeaper en griener!
Hjir stiet it kaartsje fan ús trasee en hjir ús berjocht mei it FNP-ramt.
No fikse besuniging op wyk- en doarpsbudzjetten?
In moaie boel. Ien fan de wichtichste arguminten om te pleitsjen foar oansluting fan in grut part fan Boarnsterhim wie, dat de gemeente Ljouwert it sa goed foar hat mei syn wiken en doarpen. En dat de doarpsbelangen en wykferienings sels budzjetten krije om moaie dingen mei te dwaan. De gemeenteried fan Boarnsterhim hat no krekt it beslút nommen (30 novimber) om by Ljouwert te kommen, wurdt in grut part fan dy wyk- en doarpsbudzjetten troch Ljouwert fuortbesunige! It giet om in
besuniging fan leafst € 150.000 op jierbasis.
Mear koartings op dat potsje nei 2014 wurde troch wethâlder Diks fan PAL/Grien Links net útsluten! Ik krij it idee dat wy net folslein ynljochte binne troch it Kolleezje fan B&W fan Ljouwert yn 'e saneamde 'Position papers' mar ek ús eigen Kolleezje. Der waard skerme mei moaie bedraggen foar ús doarpsbelangbestjoeren en no wurdt dêr it mes yn setten. In soad doarpsbelangen hawwe mei op basis fan dy budzjetten fan Ljouwert by ús lobbyd om by dy gemeente te kommen. Sille se har no ferkeard foarljochte fiele?
It is ien fan 'e wichtichste diskusjepunten foar de ferkiezings, de wynmoles. Ek hjir yn Reduzum is de diskusje op gong kommen. De gemeente wol maksimaal 10 moles tusken Grou-Idaerd en Friens-Reduzum fan 60 meter heech tastean. Yn it belied fan 'e Provinsje soe der romte wêze foar moles fan mar leafst 100 meter (formaat Achmea-toer). Hoe steane de ynwenners dêr ûnder? Op 'e
webside fan Reduzum it begjin fan 'e diskusje.

LJOUWERT – Fiifentweintich goede studinten fan de twa hegeskoallen yn Ljouwert binne de ôfrûne wike begûn mei de trijetalige pabû – de oplieding ta learaar basisûnderwiis.
De trijetalige pabû is in inisjatyf fan de NHL en fan Stenden, twa opliedings foar heger beropsûnderwiis yn Ljouwert. Beide skoallen hawwe in eigen pabû, de NHL in iepenbieren ien en Stenden in kristliken. Foar de trijetalige pabû arbeidzje se lykwols mei-inoar op. Beide skoallen hawwe in stikmannich tige taalfeardige studinten de mooglikheid jûn om oan it trijetalige program mei te dwaan.
Henk Wolf is koördinator fan de trijetalige pabû. Hy leit út: “De studinten folgje de measte lessen oan ien fan ‘e beide pabûs, mar komme twaris wyks byinoar om ekstra lessen Frysk, Ingelsk en taalkennis te folgjen. It doel is dat se sa goed wurde yn dy trije talen dat se sûnder problemen wurkje kinne op ien fan de goed fjirtich trijetalige basisskoallen yn Fryslân.”
De measte pabûstudinten binne op it stuit net taalfeardich genôch om goed op in trijetalige basisskoalle wurkje te kinnen. De skoallen hiere dêrom foar de Ingelske en Fryske les faak eksterne dosinten yn. Dat moat no aansen net mear nedich wêze.
Boarne: It Nijs
Noch 25 dagen, dan is it sa fier. De ferkiezings. Net elkenien hat yn 'e gaten dat dêrmei net allinnich de Steaten fan Fryslân keazen wurde, mar ek de Earste Keamer. En de FNP hat op dit stuit, fia de OSF, in eigen senator yn dyselde Keamer (Hindrik ten Hoeve, sjoch foto). Hy is de lêste tiid wakker yn't nijs. Sa wie hy al op it NOS-nijs, by de Wereld Draait Door (dêr't er in 'cultfiguur' neamd waard) en no hat er in nijsgjirrich stikje oer syn belevenissen yn de Earste Keamer en dêrbûten op ús eigen FNP-webside! It is foar de FNP fansels hiel aardich dat hy foar de OSF de lêste tiid faak de trochslachjaande stim hat yn 'e Earste Keamer. Krekt sa't dat by de FNP yn 'e Steaten ek geregeld it gefal is. Ien fan 'e sitaten: "Laten we maar zorgen dat de provincies duidelijker zichtbaar worden en meer gehoord worden, ook in de Eerste Kamer. En de beste manier om dat te bereiken is natuurlijk om te stemmen op een OSF partij!". No sa!
Fan 14 oant en mei 16 april 2011 is de jierlikse konferinsje fan de Europeeske Frije Alliânsje (EFA) op de Åland-eilannen, foar de kust fan Finlân. Dy eilannen foarmje in Sweedsktalige, autonome, demilitarisearre regio dy't ûnder Finlân falt. Ien fan de leden fan de EFA, Ålands Framtid, is dit jier gasthear. As FNP sille wy ek dit jier wer mei in delegaasje fan sa’n trije of fjouwer minsken oanwêzich wêze. Sels bin ik ien kear mei de boat by de eilannen lânsfearn en neffens my is it in paradys op ierde. It is in archipel fan 6500 eilannen mei in prachtige natoer (sjoch foto hjirûnder). Dit jier haw ik, as FNP-bestjoerslid fan de EFA, de eare om sels nei dy eilannen ta te gean. Ik sjoch der no al nei út, al wit ik dat jo fanwegen allegear gearkomsten noait net in soad tiid hawwe om alles wiidweidich te besjen...
Hjoed werklik op 'e kop ôf 5 jier lyn (3 febrewaris 2006) haw ik, doe noch as riedslid yn Ljouwert,
fragen steld oer de takomst fan 'e fleanbasis. Doe hie ik it yn it parseberjocht as folget ferwurde: 'De FNP-Ljouwert hat fan tige betroubere boarnen begrepen dat de kâns op dit stuit frij grut is dat de fleanbasis Ljouwert yn of flak nei 2010 ticht giet'. Doe wie de FNP de alderarste partij dy't it ûnderwerp oankaarte. Hjoed is it alwer yn it nijs, op 'e
Omrop en yn 'e
Ljouwerter krante. It is blykber noch altyd aktueel.
Fries Kieskompas voor statenverkiezingen online
Vanaf woensdagochtend 2 februari is Kieskompas online. Kieskompas is een hulpmiddel aan de hand waarvan Friese kiezers kunnen kijken welke partij het beste bij hen past. Kieskompas vergelijkt de mening van de kiezer met de standpunten van de 13 politieke partijen die meedoen aan de Provinciale Statenverkiezingen van 2 maart 2011.
Voor Fryslân is een speciale Friese versie ontwikkeld van Kieskompas. De stellingen zijn zowel in het Fries als in het Nederlands geformuleerd. Het Kieskompas is te vinden via www.kiezefoarfryslan.nl of www.fryslan.kieskompas.nl
Het Kieskompas bevat 30 uiteenlopende stellingen die actueel zijn in de (Friese) provinciale politiek.
Door aan te geven in welke mate hij het eens is met de stellingen van Kieskompas, kan de gebruiker zien welke politieke partij het meest in de buurt komt van zijn aangegeven voorkeuren. Het invullen van Kieskompas duurt hooguit tien minuten.
Later deze maand wordt ‘Kieskompas in Beeld’ gelanceerd. Dit is een variatie op Kieskompas waarbij de stellingen ondersteund worden door gesproken tekst en plaatjes.
Alle stemgerechtigde inwoners van Fryslân van 18 jaar en ouder kunnen op woensdag 2 maart 2011 hun stem uitbrengen voor de verkiezingen van de Provinciale Staten. Op de verkiezingswebsite www.kiezefoarfryslan.nl is meer informatie te vinden over de verkiezingen van Provinciale Staten. Hierop staan ook links naar de 13 deelnemende partijen.
UPDATE: en jawis, ik kaam sels (gelokkich) ek by de FNP út. Midden yn it politike spektrum...
It is no noch mar 4 wiken, noch 28 dagen, oant de ferkiezings. As kandidaat-steateleden hawwe wy al oanfragen krigen om nei tsientallen debatten en byienkomsten ta te gean. Dat betsjut in drokke aginda foar de kommende tiid. As FNP hawwe wy ek in byldmerk makke foar de kampanje (sjoch hjirboppe). Justerjûn hienen wy kampanje-oerlis en ik haw dêr al efkes in
preview sjoen fan ús kampanjespotsje. It draait allegear op folle toeren. Aansens sil ik nei de kommisje LLW om deputearre Adema te befreegjen op de OV-chip. As FNP wolle wy de garânsje dat de reizger net de dupe wurdt fan de ynfiering fan dy chip. Jim kinne it
hjir live sjen op ynternet!
|
|