Brussel

in dei yn it Europeesk parlemint...

Hjoed de hiele dei yn Brussel (juster al oankommen). In gearkomste fan it bestjoer fan de EFA, de Europarlemintspartij dêr t de FNP ek by oansluten is. Wy sille ûnder oare prate oer de tarieding fan de EFA-konferinsje op e Aland eilannen. Mei fansels de moasje fan de FNP om de ferplichte opslach fan kearnôffal ûndergrûnsk tsjin te gean. Nijsgjirrich is dat der ek in moasje is fan de SSW (de partij fan de Denen en Noardfriezen yn Sleeswyk-Holstein) tsjin CO2-opslach yn e ûndergrûn. It liket my dat de FNP dêr folslein achter stean kin...

Sybren Wednesday 30 March 2011 at 08:25 am | | Default | No comments

Simon Riemersma nij riedslid FNP Boarnsterhim

... in berjocht út eigen hûs

Grou– Simon Riemersma (fan Terherne) is opfolger wurden fan FNP-riedslid Sybren Posthumus. Dat is dizze wike bekend wurden. Der wie in plak frijkommen yn de FNP-riedsfraksje fan Boarnsterhim om't Posthumus by de ferkiezings keazen is ta steatelid fan de FNP. Sûnt 10 maart is hy lid fan de Steaten fan Fryslân. Op tiisdei 10 maaie sil Riemersma nei ferwachting ynstallearre wurde yn de gemeenteried fan Boarnsterhim.

Simon Riemersma wie earder (2006-2010) ek al riedslid yn Boarnsterhim. Nei de ferkiezings kaam er earst net werom, om't er op plak 6 fan de list stie (de FNP hat trije riedsleden yn Boarnsterhim). Mei it ôfskie fan Posthumus is syn 'rentree' yn in streamfersnelling kommen. Dat kaam ek om't de nûmers 4 en 5 fan de list (Lammert Steendam en Bauke Nicolaï) om persoanlike reden betanke hawwe foar de funksje.

De ferwachting is dat Riemersma it pakket fan Posthumus frij flot oernimme kin, om't er foar krekt deselde saken wurdfierder wie yn de foarige perioade. De kommende wiken sil Riemersma de fraksjebyienkomsten al bywenje, sadat er yn maaie goed ynwurke is.

Sybren Saturday 26 March 2011 at 4:40 pm | | Default | No comments

PvdA: foarkar kolleezje mei CDA, FNP en Grienlinks

Reaksje Annigje Toering yn iepenbiere gearkomste 23 maart

'It dokumint fan de ynformateur jout foar de FNP in goede basis om fierder oer te ûnderhanneljen. De FNP is tige ynnommen mei in betrouwen dat de PvdA yn ús útsprekt. Wy steane ree om ús foar de folle 100% yn te setten foar in goed resultaat'

Dat wie de earste reaksje fan de FNP yn de iepenbiere gearkomste oer de koalysjefoarming 23 maart op it Provinsjehûs. Annigje Toering en Johannes Kramer dogge foar de FNP de ûnderhannelings.

De PvdA hat in foarkar foar in koalysje mei it CDA, Grienlinks en de FNP. Dat makke Hans Konst op 23 maart  bekend yn de iepenbiere gearkosmte mei de ynformateur en de politike fraksjes yn de Steaten. Under lieding fan ynformateur Margreeth de Boer jûgen de ûnderhannelers fan de fraksjes op de diskusjedokuminten en de foarkar fan de PvdA. Ynformateur de Boer is no troch Konst beneamd ta formateur. Hja set 24 maart útein mei de petearen mei de neamde partijen. Stribjen is noch hieltyd om op koarte termyn in nij koalysje-akkoart gear te stallen.

De diskusjedokuminten fan de koalysjeûnderhannelings binne te finen op www.fryslan.nl/ps

Sybren Friday 25 March 2011 at 09:10 am | | Default | No comments

Tour de Fryslân

Juster de earste echte lange 'wurkdei' hân as nij Steatelid. Fan moarns 08.00 oere oant jûns 21.30 oere. It begûn mei in 'Tour de Fryslân'. Moarns betiid earst nei Tresoar ta, dêrnei nei Plattelânsprojekten ta yn Feanwâlden (Skierstins). Middeis hawwe wy by it projektburo A7 yn Snits west (sjoch foto) dêr't in oersjoch wie fan alle rinnende en kommende ynfrastrukturele projekten yn Fryslân. En dat binne der nochal wat! De ôfsluter fan de 'Tour' wie in wurkbesite oan BASF yn Nijehaske. In bedriuw dêr't se ûnder oare additiven meitsje foar ferve. Werom op it Provinsjehûs nei in pear broadsjes kaam der mear ynformaasje oer de kolleezje-ûnderhannelings nei foaren. It komt der op del dat hjoed de formaasje begjint. Oan tafel sitte de partijen PvdA, CDA, GrienLinks en FNP.

Sybren Thursday 24 March 2011 at 09:53 am | | Default | No comments

Behâld weardefolle beammen yn Friens

As FNP-riedsfraksje stelle wy kommende tiisdei in tal fragen oan it Kolleezje. It giet der benammen om dat wat de gemeente Boarnsterhim oangiet de beammen oan de iene kant fan de karakterisitike Beslingadyk wol kapt wurde kinne en de oare kant net. Dat ta grutte fernuvering fan doarpsbelang en ynwenners fan Friens. De Frienzers wolle har wol ynsette om sels de hannen út 'e mouwe te stekken en subsydzjes te sykjen om beammen oan te plantsjen, mar dêr wurdt frijwat negatyf op reagearre troch de gemeente. De fragen steane yn dit dokumint.

Sybren Saturday 19 March 2011 at 11:17 am | | Default | One comment

Ynstallearre...

As in fisk yn it wetter

Op 'e foto de nije fraksje, fan lofts nei rjochts Johannes, Annigje, Anna Martha en iksels. En op de webside fan 'e Omrop ien fan de hiele Steaten.  Fan 'e moarn tusken 10.00 en 11.00 oere binne wy ynstallearre. En ik moat sizze it fielt goed yn 'e Steaten. Hertlike reaksjes en lokwinsken. En it is fansels it aldermoaiste as jo hearre dat in soad âld-kollega's op it Provinsjehûs har stim oan jo jûn hawwe. Dat jout betrouwen. Hjoed krigen wy ek al wat 'ynstruksjes' en ynformaasje fan de griffy oer it riden en farren yn 'e Steaten. De rûnlieding dêr haw ik mar oerslein, it gebou kin ik nei hast trije jier wurkjen wol. En no hurd oan it wurk fansels! Jûn as fraksje byelkoar en de kommende dagen yntroduksje op Flylân. Hawwe jo wat dat fan belang is, dan witte je my te finen!

Sybren Thursday 10 March 2011 at 3:42 pm | | Default | No comments

Earste steategearkomste

Tongersdei de earste gearkomste, dêr't de nije steaten ynstallearre wurde en dêr't ek in skôging jûn wurde sil op 'e ferkiezingsútslach. Dêrneist is it ek live op ynternet te folgjen. Elkenien is wolkom!  

10 maart gearkomste Provinsjale Steaten

08 maart 2011

 Wurklist fan de gearkomste op 10 maart 2011 Oanfang: 10.00 oere

1.         a. Iepenjen en meidielings

b. Fêststellen wurklist

2.         Beëdiging steateleden

HAMMERSTIKKEN / BESPREKPUNTEN

 

1H       Beneaming tydlike fise-foarsitter Provinsjale Steaten en tydlike foarsitters steatekommisjes

2B      Reaksjes fraksjefoarsitters op de ferkiezingsútslach (5 minuten de fraksje)

Nei de lunsj is der in koarte yntroduksje fan de griffy en in rûnlieding troch it Provinsjehûs.

Sybren Tuesday 08 March 2011 at 1:20 pm | | Default | No comments

Wales krijt eigen parlemint

... en foech om sels wetten te meitsjen

Wales flagge

Yn in referindum is dúdlik nei foaren ta kommen dat de minsken yn Wales sels oer harren takomst beslute wolle. Wales krijt in eigen parlemint mei it foech om wetten te meitsjen. 63,5 persint fan de minsken hawwe stimd foar mear foech.

Ieuan Wyn Jones, parlemintslid foar Plaid Cymru, sei dat in nij lân berne is. Yn Londen binne de politisy minder bliid. Se binne bang dat it nije Welske parlemint in protte wetten der yn pear jier trochhinne jage sil. De politisy yn Wales binne miskien wat te entûsjast.

Boarne: It Nijs

Sybren Sunday 06 March 2011 at 1:41 pm | | Default | One comment

Keazen!

Jawis, ik bin offisjeel keazen yn de Steaten fan Fryslân. De FNP hat definityf fjouwer sitten krigen. Dat betsjut dat ik nije wike tongersdei 10 maart om 10.00 ynstallearre wurdt yn it Provinsjehûs. Publyk is fan herten wolkom. Ik haw der in soad nocht oan. Hjir folget de definitive útslach.

Sybren Friday 04 March 2011 at 1:33 pm | | Default | Two comments

4 sitten

Dat wie nachtwurk. Pas om 02.20 de útslach foar de folle 100% fan Fryslân, 02.30 oere nei hûs ta fyst en 03.00 op bêd. Fjouwer sitten foar de FNP mei 9,2%. It koe minder yn al it Haachske 'geweld' yn 'e striid om 'e Earste Keamer. Moarn hearre wy hokker kandidaten definityf keazen binne. Op himsels soe ik mei 4 sitten foar de FNP keazen wêze kinne, mar ik hâld in slach om 'e earm yn ferbân mei foarkarsstimmen.

Yn Boarnsterhim binne wy it CDA foarbygongen en tredde partij yn grutte. Yn Reduzum fan 115 nei 139 stimmen, yn Grou fan 372 nei 383, Wergea fan 89 nei 94 en buordoarp Wytgaard (gemeente Ljouwert) fan 33 nei 50. Oer de omjouwing fan Reduzum bin ik dus seker net ûntefreden... Jûn nei it debat oer de útslach by Omrop Fryslân, om 17.00 oere op TV. Allegear efkes sjen.

Sybren Thursday 03 March 2011 at 11:07 am | | Default | No comments

Noch efkes...

2 maart 2011 Kieze foar Fryslân - Provinciale Statenverkiezingen

Noch 37 minuten dan slute de stimlokalen en begjint it tellen. Sakrekt ús Hannelys en in freondintsje ophelle. Sy soenen te knikkerjen op it skoalplein, mar hawwe wol trije kertier minsken by de yngong fan it stimlokaal yn 'e skoalle efkes fierderop oproppen om op de FNP te stimmen! It is wat dat de bern tsjintwurdich der sa betiid by binne...

Myn foarsizzing? Hjir komt er:

CDA 7, PvdA 9, VVD 7, FNP 6, SP 2, CU 3, GL 3, FL 1, PVV 4 en D66 1. meielkoar 43. Oer in trije oeren (rûge ynskatting) dan witte wy it.

Sybren Wednesday 02 March 2011 at 8:19 pm | | Default | No comments

Opinypeiling: wêr kaairol foar FNP-senator

trochslach yn de Earste keamer

Hindrik ten Hoeve efteroer leunend lyts

Jo stimme hjoed net allinnich foar de Steaten fan Fryslân, mar yndirekt ek foar de Earste keamer. It liket der op dat de OSF, dêr't FNP-er Ten Hoeve foar yn de Earste Keamer sit, wer ien sit krijt.

As de opinypeilings klopje, hat it regear nei 2 maart yn de Earste Keamer de stim fan FNP-senator Hindrik ten Hoeve noadich om har plannen út te fieren. Neffens de peilings (ûnder oaren http://www.synovate.nl/content.asp?targetid=719) krijt it kabinet op ‘e nij gjin meartal yn de senaat. En dêrmei kin Ten Hoeve wer goede dingen dwaan foar Fryslân en oare regio's!

Sybren Wednesday 02 March 2011 at 1:33 pm | | Default | No comments

Soe in dream útkomme?

Hjoed dan de dei. Ik haw goede hope, fan in hiel soad kanten, ek net net-FNP-ers, heard dat se ferwachtsje dat wy in goed resultaat helje sille. Mar dat moat fansels noch. 

Hawar, wy hawwe der yn alle gefallen alles oan dien. En wy hawwe hiel goed sichtber west, oeral buorden en spandoeken yn it lân, elkenien hat in folder krigen, radio- en TV-spots, in soad media-omtinken sawol lokaal, regionaal as lanlik, de bustocht en zeppelinstunt. Mooglik haw ik fan dy lêste aksje sels in heaze stimme oerholden. By it dellitten fan de Zeppelin kaam helium nei bûten en de mannen fan it ferhierbedriuw seinen dat dat wol in effekt wêze koe. Hooplik dat it mar in pear dagen is.

Jûn let of fannacht witte wy it. Ik tink dat in trochgroei nei 6 of 7 sitten der yn sitte kin. Benammen it CDA sil klappen krije en neffens my yn mindere de PvdA ek. Ik stean op plakje fjouwer fan de FNP. Soe in dream útkomme om folksfertsjintwurdiger te wurden yn 'e Steaten fan Fryslân?

Sybren Wednesday 02 March 2011 at 09:34 am | | Default | No comments

Wêrom FNP stimme?

6 arguminten

Noch ien dei dan is it safier. De FNP hellet as grutste regionale partije hiel geregeld it nijs. Sjoch mar ris nei dit filmke op de webside fan Trouw. De spanning nimt bot ta, wat wurdt de útslach? In soad minsken wolle witte wêrom FNP stimme. Hjir yn it koart noch efkes op in rychje:

  • Fryslân moat bliuwe. Haachske partijen wolle Fryslân ferdwine litte yn in Noardlik lânsdiel. Dat lit de FNP net ta. 
  • Ynfloed yn Den Haach. Fryslân moat sels mear te sizzen krije oer ûnderwiis, ekonomy, omjouwing, ús lânskip, ús boaiemskatten. Yn Den Haach komt FNP-senator Hindrik ten Hoeve foar de Fryske belangen op.
  • Mear kânsen foar jongerein. Wurk yn it MKB.
  • Better ûnderwiis. Trijetalige skoallen, universitêre opliedings.
  • In sterkere ekonomy mei breedbân en glêsfezel nei alle doarpen en stêden.
  • Bettere ferbiningen, mar gjin jildfergriemerij.   

Sybren Tuesday 01 March 2011 at 09:36 am | | Default | No comments