Urnemuorre Reduzum komt der!

Juster lies ik yn de doarpskrante fan Reduzum (Linepraat) dat de urnemuorre der komme sil! Dat mei dochs wol in súkseske foar de FNP-fraksje neamd wurde, nei't wy earder fragen steld hiene oer dat ûnderwerp.

Sybren Thursday 28 April 2011 at 1:42 pm | | Default | No comments

10 maaie ôfskied gemeenterie Boarnsterhim

It is no wis dat ik op tiisdeitejûn 10 maaie oankommend ôfskie nim fan de gemeenteried fan Boarnsterhim. Fansels wol wat mei pine yn't hert want it is in eare en wurkje foar dizze prachtige gemeente en syn ynwenners. Krekt op it stuit dat it better giet mei de gemeente (yn 2010 € 1,1 miljoen winst, 1300 banen derby yn de hiele gemeente en mear feiligens) gean ik fuort. Mar in grut foardiel is dat ik my dan hielendal rjochtsje kin op it steatewurk. En fansels sil ik myn taken goed oerdrage oan myn opfolger, Simon Riemersma.

Minsken dy't komme wolle om it ôfskie mei te meitsjen binne wolkom op 'e publike tribune. De gearkomste begjint 20.00 oere.

Sybren Wednesday 27 April 2011 at 09:13 am | | Default | No comments

Nijbou Provinsjehûs

Tongersdei hawwe wy mei in tal steateleden nei de nijbou fan it Provinsjehûs ta west. Yn ús kontrolearjende rol as folksfertsjintwurdiger is it fansels belangryk te sjen en te hearren hoe't dit grutte projekt rint en oft it de mienskip net te folle kostet. De bou is no goed op skema. Ein dit jier, tusken septimber en desimber, wurdt de nijbou oplevere en komme de meiwurkers deryn. It wie goed te hearren dat de ferwaarming en kuolling yn it gebou skielk wurket mei in kjeld-waarmtesysteem dat de grûn yn giet. Sa krije jo in noflik binnenklimaat foar de meiwurkers. Wol wichtich yn ferbân mei Arbo. Ut in tal rapportaazjes witte wy no ek dat it gebou binnen it lêst fêststelde budzjet boud wurde kin. Hjirûnder in tal foto's.

Sybren Saturday 23 April 2011 at 11:51 am | | Default | No comments

Aland eilannen - noch ien foto

As Fryslân it 'bêste lân fan d'ierde' is dan binne de Aland eilannen wol it ien nei bêste lân fan de ierde. Sjoch mar nei de foto, op in prachtich plakje nommen.

Sybren Thursday 21 April 2011 at 09:35 am | | Default | No comments

Histoaryske dei

It nije Kolleezje fan DS fan Fryslân, mei links 'ús deputearre' Johannes Kramer fan de FNP. In brok yn 'e kiel en hast de triennen yn 'e eagen by dizze steategearkomste hjoed. Foar it earst de FNP yn it bestjoer fan Fryslân, hast 50 jier nei oprjochting. Der binne hast gjin wurden foar. In histoaryske dei.

Sybren Wednesday 20 April 2011 at 8:31 pm | | Default | No comments

Gjin wynmoles tusken Idaerd en Reduzum

Ik bin der al geregeld op oansprutsen en haw al hiel wat mailtsjes hân. Doarpsbelang Reduzum is hiel bliid dat der gjin wynmoles komme hjir flak by ús doarp. It is allegear in útwurking fan it nije koalysje-akkoart tusken PvdA, CDA en de FNP. De ein fan in perioade fan striid hjir yn de trije doarpen. Yn 'e parse hat dit nijs ek hiel wat omtinken krigen.

Sybren Tuesday 19 April 2011 at 1:41 pm | | Default | No comments

Maaitiid

en 'Nije enerzjy'

Krekt wer werom fan 'e Aland eilannen. Wat wie it dêr moai en ynspirearjend. It is sa't ik al tocht hie in paradys op ierde. In prachtige natoer, mear as 6.000 eilannen en wy hienen skitterjend waar. De maaitiid wie dêr ek trochbrutsen, fansels krekt doe't wy dêr kamen!

De moasje tsjin de ferplichte opslach fan oer kearnôffal is mei grutte mearderheid oannommen en de FNP hat him no offisjeel kandidaat steld foar de organisaasje fan de ALG fan de EFA foar 2012. En wat in geweldich nijs dat de FNP no offisjeel yn 'e koalysje sit yn Fryslân. Op 'e Aland eilannen waarden wy al tige lokwinske nei't it dêr ek yn 'e offisjele gearkomste neamd waard. En no wiermeitsje fansels. Want lykas Annigje Toering al sei: "It giet net om it kolleezje sels, mar dat jo wat berikke foar de ynwenners fan Fryslân!". It nije Kolleezje-akkoart 'Nije enerzjy foar Fryslân' stiet online op 'e side fan de FNP.

Sybren Sunday 17 April 2011 at 9:17 pm | | Default | No comments

4 dagen op 'e Aland eilannen

Moarnier om 05.45 fan bêd ôf foar in hiele lange reis 'by Stockholm om' nei de Aland eilannen foar de kust fan Finlân. Mei trije FNP-ers sille wy Fryslân fertsjintwurdigje op de algemiene ledegearkomste fan de EFA, dy't freed de hiele dei is yn Mariehamn, harren haadstêd. Op de wurklist, neist húshâldlike punten, ek ferskate moasjes. De FNP tsjinnet in moasje yn tsjin de ferplichte opslach fan kearnôffal. Dat hat de parse ek al helle. Sels sil ik út namme fan it EFA-bestjoer in moasje ferdigenje dy't giet oer in 'nuclear exit strategy'. Fierder sil de FNP de kandidatuer ynbringe om takom jier de EFA-konferinsje yn Fryslân te hâlden. Jûns wurdt ús in diner oanbean troch Aland Framtid, de organisearjende partij. Sa binne wy de freeds aardich besteld. De sneontemoarn efkes rêst en de middeis in kultureel útstapke nei in kastiel en in lunch. Sneintejûn wer werom yn Reduzum.

Sybren Wednesday 13 April 2011 at 8:53 pm | | Default | No comments

LinkedIn

Ik sit no ek op LinkedIn. Bin de mooglikheden noch wat oan it ferkennen. Oant no ta haw ik hast alle dagen wol in fersyk hân om in 'connection' (linkje). Wa wit wat it opsmyt.

Sybren Sunday 10 April 2011 at 1:36 pm | | Default | No comments

Utslach enkête wynmoles Reduzum, Eagum, Idaerd en Friens

... grutte mearderheid tsjin megapark

De útslach is bekend. Sawol de aksjegroep as ek doarpsbelang hawwe bekend makke dat in hiele grutte mearderheid tsjin de wynmoleplannen is tusken de doarpen yn. De aksjegroep hat 832 minsken ûnderfrege en dêrfan wienen 691 (83%) tsjin. By doarpsbelang is 61% tsjin (fan de 500 ynlevere briefkes). It falt fierder op dat yn alle doarpen in grutte mearderheid tsjin is.

Sybren Saturday 09 April 2011 at 11:21 am | | Default | No comments

Fragen Open Source

de earste fragen...

Fan 'e moarn haw ik de earste fragen foar de FNP-steatefraksje yntsjinne. Fragen oer Open source software, in ûnderwerp dêr't iksels aardich fertroud mei bin en software dy't ik ek sels brûk!

Yn ús eagen kin de Provinsje yn dizze finansjeel drege tiden noch wol wat besparje op djoere kantoarautomatisearring. Programma's dêr't jo as oerheid oan lisinsjes faak gau tonnen op jierbasis kwyt binne.  Mooglik dat jo dêrtroch besunigings op oare saken, tink oan kultuer of leefberheid, foarkomme kinne. De fragen steane hjirre en ús parseberjocht is hjir te finen.

Sybren Monday 04 April 2011 at 1:26 pm | | Default | No comments

OSF docht as ûnôfhinklike partij mei oan ferkiezings Earste Keamer

Gearwurking mei 50PLUS

De OSF docht as ûnôfhinklike partij mei in eigen list mei oan de ferkiezings van de Earste Keamer op 23 maaie. Steatelid Kees de Lange fan 50PLUS yn Noard-Hollân wurdt listlûker.

By de provinsjale ferkiezings fan 2 maart hellen de by de OSF oansletten partijen net genôch sitten om meiinoar troch te gean mei de sit yn de Earste Keamer. Troch gearwurking mei de partij 50PLUS is it mooglik om de fisy fan de ûnôfhinklike provinsjale partijen dochs hearre te litten yn de Earste Keamer. De stimmen dy't de OSF tekoart komt, sil 50PLUS yn foarsjen. Oarsom set de OSF it Steatelid yn Noard-Hollân en fise-foarsitter fan 50PLUS, emeritus heechlearaar prof. dr. Kees de Lange, as nûmer ien op har kandidatelist.

De lêste wiken binne der yngeande petearen fierd mei alle belutsenen, wêrûnder de fertsjintwurdigers fan de provinsjale partijen. Ut in fergeliking fan de programma's fan de beide partijen docht bliken dat der aardich wat oerienkomsten binne yn de stânpunten. Dochs is de kar makke om as twa ûnôfhinklike en selsstannige partiijen yn de Earste Keamer te operearjen. Likegoed kin der yn de deistige wurksumheden gearwurke wurde.

Sybren Sunday 03 April 2011 at 3:04 pm | | Default | No comments