gjin skelpepaadsje, mar asfaltearre
De Steatefraksje fan de FNP stelt op'e nij fragen oan it Kolleezje fan DS oer it fytspaad Grou-Warten. It docht bliken dat de Provinsje der no in in skulpepaadsje fan meitsje wol yn stee fan in folweardich frijlizzend asfaltpaad. |
De Steatefraksje fan de FNP stelt op'e nij fragen oan it Kolleezje fan DS oer it fytspaad Grou-Warten. It docht bliken dat de Provinsje der no in in skulpepaadsje fan meitsje wol yn stee fan in folweardich frijlizzend asfaltpaad. De FNP tinkt dat dit net foldocht oan de ynrjochtingseasken dy't it Provinsjaal Ferkear en Ferfiersplan (PVVP) en lanlike noarmen stelle. Yn it PVVP is it fytspaad Grou-Warten oanmurken as haadfytsrûte. |
De FNP is bliid dat it fytspaad troch it Leechlân fan Grou nei Warten no realisearre wurde sil. Yn it ferline hat de Steatefraksje dêr geregeldwei op oanstien. Der wurdt hurd riden troch it autoferkear op it Leechlân; dêrom moat der in feilich frijlizzend fytspaad foar de skoalbern komme. Ut de maitiidsnota fan de gemeente Boarnsterhim docht no lykwols bliken dat ‘op initiatief en onder regie van de provincie Fryslân' in skulpepaad oanlein wurde sil.
De FNP freget oft neffens de ynrjochtingseasken fan it PVVP en de lanlike noarmen der net in asfaltpaad komme moat. Wurdfierder Anna Martha van der Mei: ‘It giet net allinnich om de ferhurding mar ek dat it paad net te smel wurdt. In smel skulpepaadsje sil foar de skoalbern noch net de winske feilige sitewaasje opleverje. Wy hawwe it idee dat de Provinsje syn politike beloften oan it Leechlân hjir op in koopje neikomme wol.' De fraksje wol witte wat de mearkosten fan asfalt binne fergelike mei in skulpepaad. Yn de fragen wiist de FNP op mooglike ekstra kosten fan benammen de fundearing, as yn de takomst bliken dwaan soe dat it dochs asfalt wurde moat.
In foto fan de beide F-teams fan Stânfries út Reduzum dy't juster kampioen wurden binne. Neffens de
Reduzum-side: "Net ien kear lûd toeterjend troch it doarp. Nee, der moast wol faker juster in kampioensrit makke wurde troch it doarp. De kuorbalteams F4, F2 en de E1 binne de grutte winners. In moaie oerwinning foar dizze teams". Op 'e foargrûn sit ús Hannelys (mei de kapusjon op). Foto:
www.reduzum.com
... efkes werom ...
Kommende tiisdei (31-05) sil ik foar ien jûn wer werom nei Bernlef ta yn Grins. De studinteferiening dêr't ik 5 jier lid fan west haw. Foar de FNP sil ik dêr in sprekbeurt hâlde. Earst wat fertelle oer de FNP sels, wat wy ynternasjonaal, lanlik en yn Fryslân dogge en wat myn funksje is. Dêrnei sille wy in tal stellings bediskusearje. It is fansels yn harren soas oan de Túnstrjitte 22, om 20.00 oere. Op de webside fan Bernlef wurdt it nijs ek al
oankundige. Alderaardichst. Fansels noch efkes neisitte mei de studinten...
regionale belangen behertige fia OSF...
Juster wie de stimming fan de Earste Keamer. Ik moat sizze, it wie tige spannend. Der wienen troch de ferskate partijen allegear strategieën útsetten, mar by de ien is it al en by de oar is it net goed útpakt. Foar de FNP gelokkich al, fia de OSF binne wy ek de kommende fjouwer jier wer fertsjintwurdige yn polityk-Den Haach. It regionale lûd kin wer trochklinke yn Den Haach. Dat betsjut dat de OSF fraksje goed sjocht nei kabinetsmaatregels en wetten dy't net lykwichtich útpakke foar regio's bûten de Rânestêd. Bygelyks de besuniging op orkesten en teaterselskippen lykas
Tryater. Dy hawwe yn minder ticht befolke regio's in wichtige rol dy't de Haachske polityk him net foldwaande bewust is. Lês hjir it
parseberjocht fan de FNP dat juster daliks útbrocht is.
Net allinnich yn
Fryslân, mar ek yn Skotlân set de nije koalysje fan de SNP (susterpartij fan de FNP) yn op
rap breedbân ynternet foar hiel Skotlân. Dat wol sizze, ek op it plattelân. Neffens de SNP is it in wichtige ympuls om't it bedriuwen helpt om nije merken oan te boarjen, nije klanten te berikken en dêrtroch mear banen te krijen. Mar ek foar famyljes en privee-persoanen makket it ferskil. Ek de digitale kleau tusken ryk en earm âld en jong sil fermindere wurde, neffens de SNP.
Die Friesen, de susterpartij fan de FNP yn Ostfriesland, wurket oan in nije webside. Hjirûnder it berjocht op
dy side, wat foar ús ek hiel goed te folgjen is:
Moin leeve Lü,
wi doon n'bietje an uns Siede un wi bünt blied, dat mennige minsken faak up uns Sied kieken. Wi willen de Sied nu n'bietje mooier maaken. Wi bünt gliiks weer terug.
Fan 'e middei (14.00-15.30 oere) krije wy op it Provinsjehûs as Steaten fan Fryslân mear ynformaasje oer Kulturele Haadstêd 2018. En dêrnei oer 'Fan Fryslân', de nijste promoasjekampanje fan en foar Fryslân. Ik bin hiel benijd wat dêr sein wurde sil. Op
Liwwadders lies ik bygelyks dat Ljouwert no de karre lûke sil fan Kulturele Haadstêd en de formele oanfraach yntsjinje moat...
Sakrekt haw ik in
Twitter-account makke. Ast my 'folgje' wolst, doch it gerêst (ik haw gjin geheimen)...
Hjoed sil ik my ferdjipje yn it bestjoersakkoart tusken Ryk, gemeenten, wetterskippen en provinsjes. Al in soad oer heard en lêzen, mar wat is de einbalâns?
FNP op wurkbesite...
Fan 'e moarn de hiele moarn yn 'e greiden west tusken De Gaastmer, Idzegea en Aldegea (SW Fryslân). Mei de Steatefraksje en de FNP-fraksje yn Súdwest Fryslân op wurkbesite om te sjen en te hearren hoe't ús greidefûgels beskerme wurde. Fansels moatte jo der gegereld op út om lokaal te hearren hoe't de polityk better wurkje kin. It wie in tige weardefolle besite. Op boppeste foto rinne wy krekt nei in 'plas-dras' gebietsje, in 'oase' foar de skriezen en oare fûgels.
De saneamde 'mozaykregisseur' oan it wurd. De man (Sytse Terpstra) dy't in ôfgryslik soad wit, de kontakten leit mei boeren en fûgelwachters, wetterpeilen yn 'e gaten hâldt ensfh. Hy hat yn 2007 ek alris de
'Sulveren skries' wûn.
It resultaat fan de ynspannings fan de boeren, fûgelwachten en oare beskermers: in trijeke (ljipaaien)...
Foto: It Nijs.
De EFA, de memmepartij fan de FNP yn it Europeesk parlemint mei 7 leden, wol it prinsipe fan it 'Europa sûnder grinzen' safolle mooglik oereinhâlde. mei oare wurden, dat grinskontrôles tusken de lidsteaten net samar wer weromkomme. Neffens de EFA kin sa'n maatregel allinnich troch in Europeesk beslút ynfierd wurde kinne en net op steatsnivo. Boppedat allinnich yn urginte gefallen, as it wier net oars kin. Op de webside fan de EFA stiet is sa:
Europe without borders should remain in place
In early May the European Commission adopted a strategy paper on migration, describing its vision of migration issues in view of the current situation in the Southern Mediterranean, as well as outlining further proposals. As regards the Schengen area, the paper raised the prospect of some temporary reintroductions of border controls within the zone.
EFA MEP Tatjana Ždanoka, who is also the Greens/EFA group rapporteur on Schengen matters, emphasised that temporary reintroduction of internal border control should only be used as a last resort in truly critical situations.
Tatjana said: "The decision on resuming checks at internal borders is to be adopted at the European level rather than by Member States themselves, as stipulated by the legislation currently in force. But it is not enough to establish such a decision-making procedure. It should be supplemented by very strict criteria. Europe without borders is one of the most important EU projects, and it should not be undermined."
The Schengen Agreement between Belgium, France, Luxembourg, the Netherlands and West Germany was signed in 1985. The Convention based on it took effect in 1995. Schengen cooperation has been incorporated into the EU legal framework in 1997. Currently the Schengen area without internal border control consists of 25 States. All the EU Member States except for Bulgaria, Cyprus, Ireland, Romania and the United Kingdom belong to the area, with Bulgaria and Romania possibly joining in 2011. Iceland, Norway and Switzerland also are members of the area.
Ek de SSW, de partij fan Denen en Friezen yn Sleeswyk Holstein, stiet op dat stânpunt. Lês hjir it berjocht fan 'It Nijs'.

Moarn (14-05) tusken sawat 11.00 en 12.00 oere is der op 'e lokale radio Boarnsterstim in ôfskiedsynterview mei my, no't ik riedslid ôf bin. It is te hearren op FM 105.6 (ether), kabel 96.1 fm en op 'e hiele wrâld fia it web hjirre.
Tiisdei haw ik út namme fan de FNP-steatefraksje myn earste skriftlike fragen steld. It giet oer it parkearen foar besikers by it nije Provinsjehûs oan de Twibaksmerk. Ut neifraach hat my nammentlik bliken dien dat besikers oant 2014 (de iepening fan de 'eigen' parkeargaraazje fan it Provinsjehûs) allegear ferwiisd wurde nei de besteande garaazjes fan de gemeente Ljouwert, de Klanderij en it Hoeksterein, in heale kilometer fierderop. Net botte klantfreonlik foar dy minsken dy't der mar koart efkes wêze moatte (tink oan laad-los ferkear, ynleverjen fan formulier ensfh) of dy't handikapt binne. Us fragen en parseberjocht
steane hjirre. Neitiid waarden wy der ek noch op wiisd dat it parkearen foar fytsen fan besikers nei alle gedachten ek net of net goed regele is. It omtinken wurdich!
555 miljoen euro omset...
Moarntemiddei bin ik foar de FNP wurdfierder oer de Jierrekken 2010. Der binne in hiel soad saken dien foar de € 555 miljoen dy't yn de Fryske ekonomy stutsen binne. Tink oan duorsume enerzjy projekten, toerisme, de musea, skjin wetter en Omrop Fryslân. Wat my opfallen is, is dat de provinsje hieltyd mear docht de lêste jierren. Yn 5 jier tiid, fan 2005 oant 2010, is der 81% mear jild stutsen yn Fryslân. Wie it yn 2005 noch € 306 miljoen, yn 2010 al € 555 miljoen.
Dielnimmers socht foar Voices of Europe 2011!It FYK is drok op syk nei dielnimmers foar Voices of Europe!
Alle FYK- ers en oare Fryske jongeren tusken de 16-30 jier kinne meidwaan oan dizze ynternasjonale sjongwike.
Yn de flyer is mear ynformaasje te finen.
Jou dy op fia voicesofeurope2011@gmail.com en/of stjoer dizze mail troch nei freonen/bekinden en oare belangstellenden.
Jawol, ik bin klear mei de tarieding foar de fraksje-Boarnsterhim fan moarntejûn en de gemeenteried fan tiisdei. Oan goed 14 moanne gemeenteried fan Boarnsterhim komt in ein. In soad meimakke, de besunigings, de wynmolediskusje, weryndieling, artikel-12 diskusje... Mar oan alles komt in ein en ik kin it de kommende tiid no goed oerdrage oan myn opfolger Simon Riemersma. Dat betsjut dat ik my no rjochtsje kin op de oerdracht en it fuortwurkjen fan de alderlêste mailtsjes en stikken. Even hurd trochwurkje yn it moaie waar...
De SNP, in susterpartij fan de FNP yn Skotlân, hat in grutte ferkiezingsoerwinning helle. Se hawwe in
histoaryske winst helle, mei mooglik sels in absolute mearderheid yn it Skotske parlemint yn Holyrood (Edinburgh). De SNP stiet op in winst fan 12% en neidat 61 fan de 73 kiesdistrikten teld binne op 19 ekstra sitten. Fjouwer jier ferlyn siet de SNP al 2 sitten ôf fan de absolute mearderheid en de ferwachting is dat se dat no wol helje sille yn it yngewikkelde Britske kiessysteem. Harren lieder, Alex Salmond,
betanket de kiezers foar it betrouwen dat de SNP krigen hat.
Where is European democracy heading?
A large social science project within the Sixth Framework Programme is coming to an end in 2011. Join RECON’s outreach conference in Brussels on May 19th to learn more about our findings.The half-day conference 'Where is European democracy heading?’ will address questions of great relevance for the ongoing process of reforming European and national institutions. The key question is how to strengthen democracy in the EU.
- What is the constitutional future for Europe?
- How is European representative democracy working?
- How and why is the EU contested in the member states?
- New patterns of Euroscepticism in political parties and media?
- How do national intellectuals debate Europe?
- Is the EU’s security and defence policy exempted from democracy?
- What is the status of gender democracy in the EU?
- How has European governance influenced the financial crisis?
- International trade – an area for conflict of laws?
RECON findings presented in brief can be downloaded here
The conference programme is available here
When: Thursday, 19 May 2011, 09 – 13 (followed by a light lunch)
Where: Résidence Palace, Rue de la Loi 155, Brussels (map)
Click here to register for the conference
RECON (Reconstituting Democracy in Europe) is supported by the European Commission’s Sixth Framework Programme (2007-2011). It is coordinated by ARENA – Centre for European Studies at the University of Oslo and more than 120 researchers from across Europe as well as New Zealand contribute with their expertise from numerous disciplines, mainly political science, economics, law and legal theory, sociology, and anthropology.
De FNP hat, tegearre mei de fraksjes fan D66 en Groenlinks, hjoed fragen stelt oer in drastyske ferheging fan hier- en keapprizen foar wenarken yn Boarnsterhim. Gemeentlike grûn en wetter wurdt foar folle hegere bedraggen ferkocht as de taksaasje en de hierprizen gean mei yn trochsnee 650% omheech. It is yn de eagen fan de fraksjes net ridlik om in relatyf lytse groep fan tsientallen wenboatbewenners safolle ekstra kosten yn rekken te bringen yn koarte tiid.
De fraksjes wolle no dat it Kolleezje fan B&W it beslút oerwaget en út te gean fan in folle legere hierpriis en keapprizen dy't by de WOZ-wearde lizze. De fragen (mei ynlieding) binne hjir yntegraal werjûn.
foar Skotlân en Wales
Noch 2 dagen, dan binne der ferkiezings yn Skotlân en Wales. It giet om de parleminten fan de beide lannen. Ek twa susterpartijen fan de FNP dogge mei, dy't beide dêr yn it regear sitte: respektivelik de SNP en Plaid Cymru. De webside fan Plaid is
hjirre te besjen, dy fan de SNP
hjirre. Plaid Cymru set yn op Build4Wales, mei in 50.000 baneplan. Se sizze dêr: "The choice on Thursday is clear - the economy can either move forward with Plaid or stand still under Labour". By de SNP giet it ek om 'jobs', mar benammen ek om lokale belestings: 'ALMOST every family in Scotland will be better off as a result of the SNP’s decision to freeze council tax for the next five years'. It is altyd wer ynspirearjend om te sjen hoe't har kampanje ferrint...
UPDATE: neffens It Nijs wint de SNP de ferkiezings en kinne se trochregeare yn Skotlân!
ynspiraasje opdien...
Freed en juster nei Noard-Fryslân ta west, tsjin Denemarken oan. Alhoewol't ik dêr al hiel wat kearen west haw en de tel wol wat kwyt bin, jout it altyd in soad ynspiraasje. Hjirby in tal nijsgjirrige foto's.
In wetterboarne dêr't fan sein wurdt dat de Fryske god Fosite hjir mei anneks west hat (Fositeboarne).
Twatalich boerd 'Tink om 'e bern!' (Frysk/Dútsk).
Foto fan de rivier de Vida, de uterste noardlike Fryske grins neffens ferskate boarnen (justjes noardlik fan de Dútsk/Deenske steatsgrins).
De meartalige skoalle yn Risem-Lonham.
In soad protest - ek dêr - tsjin CO2-opslach ûnder de grûn.
Foto fan in groep minsken út alle Fryslannen dy't ik dêr troffen haw.
|
|