Wurkbesite lânbou yn Ie







No moandei 27 juny is der in grut protest op it Malieveld yn De Haach tsjin de bûtenproporsjonele kultuerbesuningen fan ús regear. Om 10.00 oere steane der bussen klear by Tryater. Om 15.30 oere à 16.00 oere geane dizze bussen werom nei Ljouwert.
Sille wy der foar soargje dat wy ús as Fryslân dúdlik sjen litte? Jou dy op en gean mei!
Kinst dy oant freed 14.00 oere opjaan fia aksje27juny@tryater.nl , jou dêrby it tal persoanen dat mei giet op. Dêrnei kin it ek, mar dan moat it foar snein 26 juny 18.00 oere fia www.stopdeculturelekaalslag.nl
FNV Kiem organisearret de bussen. Bist lid, jou dan dyn lidmaatskipsnûmer troch. Bist gjin lid dan kostet it € 5,- p/p. Middeisiten en drinken is ynklusyf. (Hoewol’t de kâns grut is dat it dochs noch fergees wurdt).
Om de aksje kracht by te setten wurdt frege in ynstrumint, keunstwurk of wat dan ek mei te nimmen om yn te leverjen, om’t it net mear nedich wêze sil.
De krante en de omrop binne oanwêzich by it fertrek. Dus kom mei safolle mooglik. It soe moai wêze as wy mei meardere bussen fol nei De Haach ta geane.
Wolst mear: De protestaksjes begjinne al op snein 26 juny yn Rotterdam. Sjoch op: www.marsderbeschaving.nl
Groeten
Tryater
Boarne: www.itnijs.nl

The Scottish National Party have demanded that the British Olympic Association immediately retract their statement issued yesterday (Tuesday) claiming that an “historic agreement” had been reached to a Team GB football team to compete at the London 2012 Olympics.The statement has been substantially rebuked by the Football Associations of Scotland, Wales and Northern Ireland who issued a joint statement saying:
“The Football Associations of Scotland, Wales and Northern Ireland reiterate our collective opposition to Team GB participation at the 2012 Olympic Games in London, contrary to the media release issued by the British Olympic Association today.”

De Europarlemintariërs fan de EFA nimme de berjochten oer Tryater heech op. Yn it foarste plak binne der op 14 juny skriftlike fragen steld oan de Europeeske Kommisje. Fierder is Tryater no agindearre foar in harksit op 7 july yn Straatsburch. Dat bart yn de Intergroup for Minority Languages, in kommisje fan it Europeesk parlemint dy't oer de lytse talen yn Europa giet. Op dit stuit besiket men de saak ek op de wurklist te krijen by it Committee of Experts fan de Ried fan Europa yn Straatsburch. It EFA-bestjoer en de EFA-fraksje hawwe ûnderwilens al in brief stjoerd oan Steatssiktaris Halbe Zijlstra. De EFA fertsjintwurdiget likernôch 40 regio's yn Europa. Under it brief steane de hantekens fan Europarlemintsleden út Wales, Skotlân, Flaanderen, Catalunya, Corsica en Letlân
De EFA en de FNP stelle dat it skrassen fan Tryater as ienichste profesjonele Frysktalige teaterselskip út de Nederlânske kulturele basis ynfrastruktuer yn striid is mei it Europeesk Hânfêst foar Lytse talen, it Europeesk Ramtferdrach foar de Minderheden en de rinnende Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer tusken Ryk en Provinsje. Yn de Bestjoersôfspraak stiet swart op wyt dat de ynstânhâlding fan Tryater in taak fan it Ryk is. Juristen fan de EFA miene dat de besuniging fan Tryater sels tsjin Artikel 2 fan it Ferdrach fan Lissabon (it Ferdrach fan de EU) yn giet. Yn dat artikel giet it oer de rjochten fan de minderheden, dêr't de EU-lidsteaten en dus ek de Nederlânske Steat foar tekene hawwe.

Questions to the European Commission 14th. June 2011
[1] http://wetten.overheid.nl/BWBV0001714/geldigheidsdatum_16-02-2011#VertalingNL and http://conventions.coe.int/Treaty/en/Treaties/Html/157.htm, article 5.
[2] http://www.rijksoverheid.nl/bestanden/documenten-en-publicaties/convenanten/2001/06/06/bestuursafspraak-friese-taal-en-cultuur/bestuursafspraak-friese-taal-6-01.pdf, side 23.

Lês hjirre de advertinsjetekst, en mear ynformaasje.Tink der om, de falbile is 30 septimber, 12.00 oere. Foar fragen oer de EFA kinst ek kontakt mei my opnimme (adresgegevens hjirneist). Ast reagearrest, súkses!

Fanwege it jubileum waard Liet yn de bûtenloft hâlden, op de Ljouwerter kenniskampus. Janna mei fanwege har winst Fryslân fertsjinwurdigje op Liet Ynternasjonaal, yn Udine, Friulië. Friulië (IT) is in gebiet mei in eigen taal en kultuer dat rûchwei tusken Tirol en Triëst yn leit.
Persoanlik fûn ik de nije lokaasje in boppeslach. Der wie folle mear dynamyk as oare jierren om't minsken wat mear oan it strunen wienen fan it iene nei it oare plak. Kin takom jier wol wer!

Foar de saneamde fluchhifking hat de provinsje goed trettjintûzen minsken frege nei harren behearsking fan it Frysk. It die bliken dat it tal minsken dat Frysk ferstiet, praat en lêst al tsientallen jierren stabyl is. It oanpart âlden dy’t Frysk mei de bern prate is nei in delgong yn de jierren ’90 no wer stabyl en sit om de 50% hinne. As wy sjogge nei de memmetaal, dan bliuwe de Frysktaligen fierwei de grutste groep, justjes mear as de helte fan de befolking. In lytse 40% praat fan hûs út Hollânsk en sa’n 10% wat oars (streektaal of bûtenlânske taal).
Wichtichste konklúzjes binne dat sawol de fersteanberens fan it Frysk as de sprek-, lês- en skriuwfeardigens Frysk signifikant in bytsje tanommen binne. Boarne: It nijs.

Hauptrednerin in diesem Jahr wird Jannewietske de Vries sein. Sie ist Stellvertreterin des Kommissars der Königin in der niederländischen Provinz Friesland – das entspricht dem Rang eines Vizeministerpräsidenten eines deutschen Bundeslandes – und verantwortet die Aufgaben Finanzen, Tourismus, Denkmalpflege, Kultur, Sprache und Unterricht. Sie gehört der Partei der niederländischen Sozialdemokraten (PvdA) an, die in der Provinz gemeinsam mit den Christdemokraten (CDA) und der Friesischen Partei (FNP) die Regierung stellt. Neben Jannewietske de Vries wird Aurichs Bürgermeister Heinz-Werner Windhorst sprechen. Den musikalischen Beitrag leisten Kinder der Kindertagesstätte Upstalsboom aus Aurich.
Die öffentliche Veranstaltung erinnert an die Versammlungen der Vertreter der sieben Seelande, der freien friesischen Landgemeinden, die sich im Mittelalter einmal jährlich am Dienstag nach Pfingsten am Upstalsboom trafen, um für Rechtsfrieden zu sorgen und gemeinsame Belange zu beraten.
Das Treffen am Upstalsboom in Aurich-Rahe (Wegbeschreibung: bei Google Maps einfach "Upstalsboom, Aurich" eingeben) beginnt am Dienstag, den 14. Juni um 18 Uhr.

As âldlid wie it foar my echt efkes in 'come-back'. En it die my deugd dat der net safolle feroare wie. De strjitte en it gebou (foto) net, en de sfear wie as fanâlds... It iennige dat feroare wie, wienen de ynskriuwlisten foar aktiviteiten. Dy binne der noch al, mar dan digitaal. Ik haw der fan genoaten om even werom te wêzen en krige nei ôfrin in flesse 'Bernlef's lok' mei, de lustrumlikeur. Bêst genôch!