Ballonfeesten De Jouwer
... de hichte yn!












It Ministearje fan OCW (Education, Culture and Science) hat in andert skreaun op in brief fan de EFA, de Europarlemintspartij dêr't de FNP by oansluten is. Yn it brief hie de EFA oanjûn dat Tryater fan grutte wearde is foar de Fryske taal en kultuer. En dat ynternasjonale ferdraggen net samar skeind wurde kinne. It is nijsgjirrich dat OC&W yn it antwurd meldet dat 'Your letter testifies that the work of Tryater is highly regarded by the international professional community'. Fierder liket it no wis te wêzen dat de maksimale € 1,5 miljoen budzjet it jier no ek folslein brûkt wurde sil foar Tryater.

Dan wurdt bekend makke wat de útslach is en hoe’t it proses fierder giet. De politike partij Süd-Tiroler Freiheit is by in positive útslach fan doel om it regionale parlemint fan Súd Tirol ut te stellen om yn hiel Súd Tirol in referindum te hâlden oer ‘Selbestbestimmung’.
De reden dat de partij dat wol is om’t Súd Tirol as regio sawol ekonomysk as taalkundich slim te lijen hat fan de situaasje yn Itaalje. Yn 1921 is de regio anneksearre troch Itaalje, troch in oerienkomst tusken Hitler en Mussolini. Sûnt dy tiid is it tal Italjaansktaligen woeksen fan 2% nei om-ende-by 30%. Yn ‘e haadstêd Bozen (Bolzano) sels fan 10% nei 70%. Dat hat gjin ‘natuerlik proses’ west. Yn ‘e fassistyske tiid fan Mussolini waard it Dútsk op skoallen en sels op grêfstiennen ferbean. Der waarden fassistyske monuminten oprjochte dy’t der hjoed de dei noch binne en mei miljoenen oan belestingjild alle jierren wer opknapt wurde. Tûzenen Italjanen út oare parten fan de steat is wurk oanbean en Dútsktaligen waard it wegere. Yn ‘e sechstiger jierren binne frijheidsstriders dy’t yn opstân kamen tsjin it ûnrjocht martele en guon sels ta de dea. Troch aksjes fan dy frijheidsstriders, wêrby’t tsientallen elektrisiteitsmêsten opblaast waarden, krige de wrâld belangstelling foar de kwestje. Dêrnei binne der ûnderhannelings fierd. Tsien jier letter is der in autonomystatút kaam mei fiergeande rjochten foar de Dútsktaligen.
Lykwols, yn 2011 binne in soad rjochten neffens de Súd-Tirolers pepieren wetten. Yn ‘e praktyk rinne se tsjin tal fan problemen oan. Lykas it feit dat de tûzenen ymmigranten op jierbasis gjin Dútsk leare. Sa driigje de Tirolers yn eigen regio dochs in minderheid te wurden. Dat is de reden dat de Tirolers in referindum wolle.
Neffens Posthumus is it referindum goed en earlik ferrûn. Elkenien hat ien kear stimd, it proses wie transparant en troch stimhokjes wie it geheim wat men stimd hie.


Ljouwert, Tiisdei 19 July 2011, 09:39 oere
Kommend wykein (fan 21 oant en mei 24 july) sil Sybren Posthumus, steatelid foar de FNP, as waarnimmer optrede by in referindum yn Súd Tirol. Hy sil dat dwaan yn it plak Weissenbach, yn de regio Ahrntal. By it referindum giet it om de fraach oft de ynwenners fan dat gebiet beslute meie ta selsbeskikking. Oanlieding binne de politike en finansjele problemen yn Itaalje, dêr’t Súd Tirol troch in anneksaasje by ûnderbrocht is.
Tegearre mei Posthumus giet ek Nelly Maes mei, út Flaanderen (âld Europarlemintariër). De organisatoaren yn Súd Tirol fine it fan belang dat der ynternasjonale waarnimmers binne om sa sjen te litten dat it proses fan de ferkiezings suver en goed ferrûn is.
Nei ôfrin fan it referindum sil Posthumus ek noch in koarte taspraak hâlde oer de politike- en taalsituaasje yn Fryslân. Sybren Posthumus is yn de hoedanichheid fan bestjoerslid fan de EFA frege om nei Súd Tirol ta te kommen.
De EFA (www.e-f-a.org) is mei 7 Europarlemintariërs fertsjintwurdige yn it Europeesk parlemint. Totaal hat de partij 40 lidorganisaasjes út 16 EU-lidsteaten, mei yn totaal sa'n 3.000 folksfertsjintwurdigers op EU, steats- regionaal- en lokaal nivo.
Boarne: http://www.stjoerder.nl/nijs/fnper-waarnimmer-by-referindum-sud-tirol/1

Wat de finânsjes oangiet is de FNP bliid dat wy no in skerpe kar meitsje om te besunigjen op asfalt en beton, it oantal amtners en de rynske frije reserves. Dat makket it mooglik dat foar Taal en Kultuer itselde budzjet beskikber bliuwt, en dat de Provinsje eigen jild stekken bliuwt yn it Fryske plattelân.
In hoeden en degelik finansjeel belied stiet foarop: dêrom moat it kolleezje aktyf yn spylje op de strukturele fermindering fan ynkomsten út it Ryk wei. Fan de 105 miljoen euro dy't beskikber is foar nij belied foar de kommende 4 jier wurdt earst 25% apart set foar mooglike nije tsjinfallers út Den Haag wei.
Om koart te gean: de FNP is bliid mei it finansjeel realisme dat út dit útfieringsakkoart sprekt: in gedegen finansjeel plaatsje mei transparânsje oer de risiko's dy't noch oer ús komme kinne.
Lês de folsleine tekst fan de reaksje fan de FNP hjirre.

SNITS - In groep FNP steateleden en twa FNP riedsleden fan de gemeente Súdwest-Fryslân wienen fan 'e wike te gast by Timpaan yn Snits. De FNP-ers wienen foaral benijd nei it projekt La mama’s. La mama's is in projekt dat Timpaan opsetten hat foar jonge memmen, om harren te begelieden nei selsstannigens mar ek om mei oare memmen yn kontakt te kommen. Timpaan giet dêrby út fan de eigen krêft fan minsken.
De memmen komme alle moandeis byelkoar. Tal fan aktiviteiten dogge se dêr dan meielkoar, lykas in banneplakkursus, presintaasjes jaan en fansels prate oer elkoars situaasje. Der is ek in eigen kleanwinkeltsje foar de doelgroep, dêr’t se fergees prachtich spul meinimme kinne.
De FNP-ers wienen tige te sprekken oer de opset, omdat it útgiet fan de eigen mooglikheden fan minsken en har dêr yn stipet.


Pleit foar kulturele autonomy mei in wetlike basis en in eigen finansjele ûnderbouwing.
De resinte besunigings fan it regear op kultuer en omrop meitsje pynlik dúdlik wat de opstelling fan it Nederlânsk regear is foar it Frysk oer. Dêr binne trije wichtige lessen út te lûken. Alderearst dat Den Haach him net besaut om it Frysk. It Frysk is foar VVD, CDA en PVV in partikuliere ôfwiking. It is mar in ‘tongfal' lykas VVD keamerlid Van Miltenburg op hege en denigrearjende toan hawwe wol. Dat is fansels net sa. It Frysk heart by Nederlân likegoed as bygelyks de Nachtwacht, seehûnen of it Keningshûs. Wêrom dy lêste 3 dan wol op rynske steatstipe rekkenje meie en it Frysk net, komt om't it Frysk Den Haach feitliken ûnferskillich lit.
Klik hjir foar it hiele artikel.
