Moasje tsjin sâltwinning unanym oannommen

Sybren Friday 23 September 2011 at 8:05 pm | | Default | No comments

Fytsrûteplanner ek yn it Frysk

De bekende fytsrûteplanner fan it Fytsersbûn is no ek yn it Frysk. It fytsersbûn hie earder al in Dútske oersetting makke en wurket no noch oan in Ingelsktalige. De rûteplanner is trouwens noch net hielendal klear. It bûn wurket noch oan it lêste stikje: Grinslân.

De rûtes wurde fêstlein troch it lanlike buro fan it fytsersbûn, mei de ynbring fan tûzenen fytsers mei ûnderfining. De nije Frysktalige fariant is der mei op oanstean fan de FNP kommen. In komplimint oan it fytsersbûn is op syn plak. Mei in protte frijwilligers soargje sy der foar dat de fytsrûteplanner aktueel bliuwt. De planner is te finen fia www.fietsersbond.nl/routeplanner. Rjochtsboppe is in knop 'language' dêr't jo foar it Frysk kieze kinne.

Sybren Monday 19 September 2011 at 2:43 pm | | Default | No comments

Slagge iepening Keppelfeest

Juster wie de iepening fan it keppelfeest. It wie in tige slagge iepening, de kommende 60 dagen giet it no fierder mei teater fan de Bildstars, mei Fedde Schurerlêzingen, in eksposysje oer Kneppelfreed yn Tresoar, 'Flagjen foar taal' yn 60 plakken yn Fryslân, 1-minútútstjoerings by Omrop Fryslân en it slotfestival yn Boalsert op 19 novimber. It is hast tefolle om op te neamen. Mar hjir is it allegear nei te lêzen!

Sybren Sunday 18 September 2011 at 12:31 pm | | Default | No comments

Die Friesen yn Kreis Leer fertsjintwurdige

trochbraak yn Ostfriesland

In grutte trochbraak. Sa soenen jo it wol neame kinne. Die Friesen (susterpartij fan de FNP) is fan no ôf fertsjintwurdige yn de Landkreis Leer. En dêrmei kinne se ynfloed útoefenje op de politike beslútfoarming yn East Fryslân. Foar de FNP is dit fansels geweldich nijs. In politike partij dêr't wy jierrenlang kontakt mei hân hawwe brekt troch en docht no serieus mei. Se kinne de partij net mear ferswije of oer de holle sjen. De FNP is ek mei ien sit yn de Steaten begûn. Mar om de safolle jier kamen der sitten by. Ik hoopje dat Die Friesen ek in faktor fan belang wurde by ús buorlju... De útslaggen binne hjir te besjen. Spesifyk foar Leer steane de útslaggen hjirre. Mei tank oan de wekkere redaksje fan It Nijs.

Sybren Monday 12 September 2011 at 09:54 am | | Default | One comment

Utmerk Ljouwert

en diske foar Keppelfeest

Fan 'e middei de hiele middei yn de Prinsetún west. Dêr wie de 'Utmerk', de iepening fan it kulturele seizoen fan Ljouwert. Fansels mocht in diske fan it Keppelfeest dêr net ûntbrekke. Tûzenen minsken hawwe it evenemint besocht. In soad folk en in soad belangstelling ek foar it Keppelfeest 'Fan kneppelje nei keppelje'. De kop is der ôf.

Sybren Sunday 11 September 2011 at 7:53 pm | | Default | No comments

Nije wike: Keppelfeest!

Dit jier betinke wy Kneppelfreed 60 jier (16 novimber 1951). Fan septimber oant en mei novimber (60 dagen) sille tal fan aktiviteiten plakfine yn Fryslân. Yn dy 60 dagen betinke wy net allinnich Kneppelfreed – reboelje by de rjochtsaak oer it Frysk yn it offisjele ferkear – en Fedde Schurer (1898–1968), de dichter, sjoernalist en politikus, dy’t him yn dat ramt sterk makke foar it Frysk, mar ek wurdt omtinken jûn oan de rykdom oan talen op de wrâld.

Wat meie jo ferwachtsje yn dy 60 dagen? Alderearst fansels de iepening. Wy meie op 17 septimber in  ludike iepening ferwachtsje foar it Paleis fan Justysje yn Ljouwert.

Fierder sil in teaterbus troch Fryslân ride mei in bytsje in aparte famylje, de Bildstars, dy’t op in tal plakken in foarstelling jaan sille dy’t ús noch lang heuge kin.

Datselde jildt foar it projekt ‘Flagje foar taal’. Wethâlder Deinum fan Ljouwert, bestjoerslid fan Kulturele Haadstêd Fryslân, sil it begjinsein jaan foar in lawine fan flaggen dy’t oer Fryslân ferspraat wurde sil. Mar it binne fansels net gewoane Fryske flaggen. Dizze flaggen binne in symboal foar de minderheidstaal. Symboal of net, it is foaral ek de bedoeling dat alle minsken genietsje kinne fan it feestlike byld wat dat opsmite sil.

De slach by Warns sil yn it ramt fan dizze 60 dagen op in bysûndere wize betocht wurde. Oars as oars!

Ek it wurk en libben fan Fedde Schurer sil yn de belangstelling stean. Yn Ljouwert kinne wy in útstalling ferwachtsje yn Tresoar en de earste Fedde Schurer lêzing troch Marga Kool, âld deputearre fan Drinte, filosofe en skriuwster.

Yn in tal oare plakken yn Fryslân sille Fedde Schurer jûnen organisearre wurde mei meiwurking fan Tryater en Hindrik van der Meer. Hindrik van der Meer, de bekende muzykman út Goaïingea, wurket mei de KFFB oan in nije útjefte fan De gitaar by it boek, in grutte searje folksaardige en faak ferrassend aktuele gedichten fan Fedde Schurer oer bibelske ûnderwerpen en bibelske figueren. Yn dizze nije bondel mei teksten en meldijen komme lieten foar solostim en koar. Der wurde twa útjeften makke: ien mei en ien sûnder muzyk. Boppedat komt der ek noch in cd fan.

Fierder sil yn de tsjerken en yn it ûnderwiis op ferskate plakken ekstra oandacht jûn wurde oan it Frysk. Dit uteret him yn de organisaasje fan in tal ‘Fryske sneinen’ yn tsjerken yn Fryslân – in liturgy is makke en beskikber steld troch Ds. Cor Waringa fan De Jouwer – en it oanbieden oan de basisskoallen fan it kreative en sosjale spul ‘Taaldoarp’, ûntwikkele troch it CEDIN, dat troch learlingen spile wurde kin.

Omtinken ek foar it Noardlik filmfestival. Dat falt dit jier yn deselde snuorje as de 60 keppeldagen en dat is allinnich mar moai. Films út minderheidstaalgebieten passe goed by it tema fan it keppelfeest.De feestlike ôfsluting fan de 60 dagen sil plakfine yn Boalsert, de middeis en de jûns, yn en rûnom de Broeretsjerke. Wy kinne tidigje op in feestlik en ferrassend barren fan de middeis oant en mei de jûns ûnder lieding fan Albert Bonnema.

Dizze aktiviteitekalinder is noch net hielendal folslein. It kin hjir en dêr noch wat wizigje, want op it stuit is de organisaasje noch drok dwaande. It sil noch fierder oanfolle wurde mei lokaasjes en tiden. Nije ynformaasje kinne jo dan ek fine op www.keppelje.nl. Dus hâld dy webside goed yn it each!

Sybren Sunday 11 September 2011 at 11:39 am | | Default | No comments

FNP: ien front lûke tsjin sâltwinning

Ferdieldheid Fryslân komt net sterk oer yn ûnderhannelings mei it Ryk

De Steatefraksje fan de FNP bepleitet mei klam om as gemeenten, Provinsje en streekbewenners fan Noardwest-Fryslân ienriedich nei it Ryk ta op te lûken tsjin de sâltwinning. 

Ut brieven dy't de Steaten krigen hawwe docht bliken dat de gemeenten yn it sâltwingebiet it mooglik net mear iens binne oer de sâltwinning ûnder de fêste wâl. De fraksje hat skriftlike fragen steld hoe't dit no krekt sit.

Wurdfierder Anna Martha van der Mei fynt it net sterk oerkommen yn de ûnderhannelingen mei de minister fan EL&I dat Fryslân sels mei in ferdield hûs sit. Se ropt it Kolleezje fan Deputearre Steaten op om alle war te dwaan foar in ienriedich Frysk stânpunt. 

De FNP makket him benammen soargen oer de gefolgen fan de slepende oerlizzen foar it rinnende gebietsproses yn Noardwest-Fryslân. Sa bliuwt ûndúdlik wannear't de maatregels foar de wetterhûshâlding útfierd wurde sille.

Sybren Wednesday 07 September 2011 at 8:19 pm | | Default | No comments

Noch ien wike: ferkiezings yn East-Fryslân

susterpartij FNP riedt him ta

HANNOVER – Yn de Dútske dielsteat Leechsaksen (Nedersaksen) binne de politike partijen drok dwaande mei it fieren fan kampanje foar de ferkiezings fan 11 septimber. De minsken meie stimme foar it lokale bestjoer en de boargemaster. Hjirûnder stiet beskreaun hoe’t dat no krekt wurket. Bysûnder by dizze ferkiezings is it meidwaan fan de partij Die Friesen. De partij sjocht himsels as fertsjintwurdiging foar de Friezen yn Nedersaksen. Ien fan de spearpunten is mear foech foar East-Fryslân, mei in demokratysk keazen Frysk parlemint foar de regio East-Fryslân.

Dútske steatsynrjochting

  • De minsken meie 11 septimber stimme foar twa ferskillende bestjoerslagen. Yn Nederlân binne dêr trije fan, te witten: It ryksregear yn De Haach, de provinsje, en de gemeente. Yn Dútslân ha se ien mear.
  • De dielsteat is yn Dútslân de earste bestjoerslaach ûnder de heechste bestjoerslaach; it bûnsregear yn Berlyn. Dus krekt sa as de provinsje de earste bestjoerslaach ûnder it Haachske ryksregear is. De Dútske dielsteaten hawwe wol mear sizzenskip as de Nederlânske provinsjes, en dat hat te krijen mei de federale opbou fan de Dútske steat. It ryksregear yn De Haach en it bûnsregear yn Berlyn foarmje de earste (heechste) bestjoerslaach fan de steat. De provinsjes en de dielsteaten foarmje de twadde (op ien nei heechste) bestjoerslaach.
  • Yn Nederlân komme de gemeenten as tredde bestjoerslaach, dus ûnder de provinsje. Yn Dútslân falle de saneamde ”Kreisen” (kriten) en ”Gemeinden” (gemeenten) respektivelik as tredde en fjirde bestjoerslaach ûnder de dielsteat, en dêrfoar wurde op 11 septimber ferkiezings hâlden. De Kreisen en Gemeinden hawwe sa likernôch deselde funksje as de gemeente yn Nederlân. Om it ferhaal noch wat lestiger te meitsjen binne der ferskillen yn kriten. De krite kin in saneamd ”Landkreis” wêze as dêr ferskillende gemeenten ûnder falle. De gruttere stêden kinne de status hawwe fan ”Kreisfreie Stadt”, dat betsjut dat dêr gjin aparte gemeenten ûnder falle. Der is feitlik sprake fan in stedsbestjoer dat direkt ûnder de dielsteat falt.
  • Gemeenten hawwe yn Dútslân in boargemaster. Yn Kreisfreie Städte binne gjin gemeenten, dat dêr hat de stêd sels in boargemaster. De boargemasters sille 11 septimber, oars as yn Nederlân, direkt troch it folk keazen wurde.
  • As lêste kinne de saneamde ”Ämter” ûnder in Landkreis falle. Dat is allinnich yn de dielsteaten Brandenburch, Meklenburch-Foarpommeren en Sleeswyk-Holstein it gefal. Yn Leechsaksen dus net. in Amt bestiet út ferskillende gemeenten en hat in mienskiplik bestjoer. Gruttere gemeenten dy’t in eigen bestjoer hawwe wurde ”Amtsfrei” neamd.

Boarne: It Nijs

Sybren Sunday 04 September 2011 at 2:39 pm | | Default | No comments