Europa, Turkije en de Koerden
Ferline wike haw ik, nei alle oproppen dêrta op de radio, de website www.nederlandineuropa.nl besocht en de fragelist ynfolle. It is dúdlik dat it regear noch hieltyd yn 'e mage sit mei de ôfwizing fan de Europeeske grûnwet en der no, middels dizze fragelist besiket achter te kommen wêrom't minsken tsjin stimd hawwe. Der steane nochal wat fragen yn oer Turkije. Ast fynst dat Turkije lid wurde mei fan de EU, wêrom dan wol of net ensfh. Sels haw ik dy fraach noch befêstige noch ûntkend. Ik haw der in opmerking by pleatst, want dat mei ek. Want it makket foar my net út dat de measte Turken Islamitysk binne, dêrom soenen se om my wol lid wurde kinne. Europa hoecht net foar altyd en ivich yn in joadsk-kristlike tradysje te stean, oare religys en kultueren binne fan herte wolkom. Ek it feit dat in grut part fan Turkije net ryk is is foar my net sa fan belang. Rykdom en wolfeart moatte jo diele kinne.Twa saken binne wat my oangiet wol fan belang. Punt ien is foar my de fraach wêr't de EU op in bepaald stuit begjint en eindiget. De EU moat te oersjen wêze, te grut is ek net goed. Turkije leit foar in part yn Europa, mar dat leit Ruslân ek. Mar soe Siberië dat ûnder Ruslân falt yn de takomst dan ek ûnderdiel fan de EU wurde kinne, as Turkije lid wurde kin en Ruslân dus ek?
In twadde punt binne de minskerjochten, en dan benammen de saneamde Kopenhagen-kritearia. De LC berjochtet hjoed ek wer oer hoe't Turkije mei de Koerden om giet. Faak wurde freedsume demonstraasjes mei geweld de kop yndrukt en dat ropt dan wer in tsjinreaksje op. Dat is in lidsteat fan de EU net weardich. De Turkske (dus net Koerdyske!) minskerjochte-organisaasje IHD tinkt ek dat de dea fan it echtpear, wêrtroch alle ûnrêst ûntstie, in politike moard is en gjin rôfmoard, sa't de autoriteiten stelle. Wol de EU himsels serieus nimme, dan kinne sokke saken net troch de stringen en moat lidmaatskip gewoan ôfwiisd wurde. Yn it belang fan it betrouwen fan de boarger yn it neikommen fan ôfspraken (yn dit gefal de Kopenhagen-kritearia). Sadat in eventueel takomstich referindum wol in mearderheid hellet.
two comments
Wy as EU boargers moatte oer twa saken net nayf wêze as it giet om de eventuele tatreding fan Turkije: 1. de misdieden fan Turkije; en 2: de motivaasje fan de Europeeske Kommisje – Eurparlemint om Turkije ta te litten.
1. De Turken ha yn de jierren njoggentig in stap op wei dien nei de ferneatiging fan it Koerdyske folk.
Net troch genoside, want dat wurdt yn dizze tiid ynternosjonaal net mear akseptearre, mar troch etnocide: de Turken ha 3.000 doarpen ferneatige en de befolking de stêden yn jage. Op dizze manier hopet it regear dat de Koerden gau assimilearje en as folk ophâlde te bestean.
It ferfolgjen kin trochgean omdat Turkije de Amerikanen helpt “yn de striid tsjin it terrorisme”, yn ruil meie de Turken it “terrorisme” stimpel op de Koerden sette.
2. De EU wit fan de ferfolgin fan de Koerden, mar in gruttere ôfsetmerk foar EU bedriuwen is fansels wol ferliedelik.
Ik stel derom ût om de beslissing oer tatreding fan de Turkije oer te litten oan Europarlemint partijen dy’t minskerjochten wichtiger fine as ekonomyske belangen. Dêr soene minsken by neitinke moatte as der wer EP ferkiezings binne!

Sjoch bygeande link: it moat faak earst op syn slimst ear’t it better wurdt. Hooplik hawwe wy it djiptepunt no wer hân en sil Turkije echt wat dwaan oan de situaasje fan de Koerden.