Winkeliers Saailân wolle dúdlikens

Jûn hawwe wy as riedsleden (alle 8 partijen wienen oanwêzich) praat mei 15 fan de 30 winkeliers fan it Winkelsintrum Saailân. It wie in tige ferhelderjend petear, wat foar my in soad saken befêstige. Der is praat oer de situaasje fan no yn it winkelsintrum (grutte leechstân) en oer de takomst.
Neffens de foarsitter fan de ûndernimmers, Bram de Boer, wie de leechstân jierrenlang nihil. Earst troch de plannen mei it Nieuw Zaailand is der in grutte leechstân ûntstien, benammen op de earste ferdjipping (boppe). Der is sels sprake fan in 'nijpende situatie', yn syn wurden.
Neffens de ûndernimmers kin ek net samar de skuld dellein wurde by Achmea, de eigner fan it kompleks. Sy hawwe ommers ek belang by folle 'units', in grutte ferhier fan it winkelsintrum. It skynt dat der ek seker noch wol belangstelling is foar de winkels, mar de situaasje is sa ûnwis dat ûndernimmers net in langrinnend kontrakt ôfslute wolle.
De winkeliers kleie ek oer de kommunikaasje. Sy hawwe mar summiere ynformaasje krigen. Se hawwe ferlet fan dúdlikens oer de planning, oer de fraach oft de loopbrêge tusken V&D en it winkelsintrum bliuwt, of de ûndertrochgong nei de parkeargaraazje bliuwt, ensfh. Salang't der gjin dúdlikens komt, komt ek gjin ein oan de leechstân, sa is my wol dúdlik wurden. Fierder preaun ik wer wat irritaasje oer it foar de beurt sprekken fan de ûndernimmersklup LEON. Yn de krante stie op in gegeven momint pontifikaal dat 'de ûndernimmers' fan Ljouwert foar de plannen binne, mar de measten binne dat neffens my net. Yn alle gefallen binne dizze winkeliers it net iens mei it stânpunt fan de LEON. It bouwen en brekken oan 2 kanten fan it winkelsintrum skielk soe absolút net besprekber wêze foar de winkeliers. En as útsmiter: as de parkeargaraazje der oardel jier út leit soe dat miskien net de 'doodsteek' wêze fan de middenstân, mar se soenen it wol heel dreech krije.
Yn in berjocht wat wy as FNP earder nei bûten ta brocht hawwe oer it projekt kamen in protte fan dizze saken ek al nei foaren. It fersterket allinnich mar de gedachte: op 24 maaie (referindum) nee stimme!
Sybren Wednesday 05 April 2006 at 9:25 pm | | Default

No comments

Emoticons

Remember personal info?
Notify
Hide email
Small print: All html tags except <b> and <i> will be removed from your comment. You can make links by just typing the url or mail-address.