Jierferslach 2005 gemeente: ferdûbeling 'meldingen'
Woansdeitejûn besprekke wy it jierferslach fan de gemeente. In pear saken wol ik jim net ûnthâlde:- in begrutting fan ? 389 miljoen en in posityf resultaat fan ? 6,1 miljoen!
- it tal studinten (HBU) is groeit fan 14.000 nei 16.000;
- it tal oernachtings fan 'boatsjeminsken' is groeid fan 9500 nei 10.200;
- it tal minsken dat fia ien fan de tûzenen re-yntegraasjetrajekten trochstreamd nei regulier wurk is mar 177;
- dêryntsjin fan de 600 minsken mei subsidieard wurk hawwe 244 in echte, normaal betelle baan krigen;
- der binne yn de hele gemeente leafst 538 nije huzen boud, lykwols mar 1 (ien) yn ien fan de 9 doarpen. Dêr sil ik fansels echt in opmerking oer pleatse en wurk fan meitsje!
- der is in tekoart fan 1300 fytsestallingen;
- noch mar 9 fan de 400 kavels ferkocht yn 'Blitsaerd'. Op de webside stiet no 16 ferkocht, mar ik haw berekkene dat se eins jierliks 35 ferkeapje moatte. Komt dat wol goed??;
- it persintaazje reizgers yn it OV as % fan it totaal is sakke fan 5 nei 4 % wylst dat gelyk bliuwe soe!
- it tal ynsidinten yn en om it iepenbier ferfier hinne is yn in pear jier tiid omheech gongen fan 20 nei 58. It docht bliken dat benammen it busstasjon fan Ljouwert net as 'feilich' sjoen wurdt. Dat freget om maatregels fan de plysje fansels!
- in ferbettering fan it persintaazje tefreden klanten fan de balys fan it gemeentehûs sels (stedskantoar);
- in positive ûntjouwing fan de ferhâlding frou/man; yn 2000 noch 0,49 yn 2005 wie dat al 0,58 (ratio)!
- de frijheidswyk is út de 'reade' gefaresône wat ûnfeiligens oangiet;
- in gigantyske taname fan it tal meldingen (klachten) oer de útfiering fan it wurk fan de gemeente: fan 3200 nei 6200! Benammen ôffal op strjitte (454), oerlêst (566), iepenbiere ferljochting (842) en ferhurdingen (ûnderhâldssteat diken/wegen, 1434) 'skoare' min.
Benammen dit lêste aspekt noasket my min. Geregeld krije wy as riedsleden klachten oer de normale deistige praktyk, mar dit liket wol hiel slim. Ik sil it woansdei absolút oankaarte.

No comments