reklame bushokje Fliet hindert ferkearsfeiligens

Soms giet gemeentepolityk oer abstrakte 'kadernota's' foar 5 of 10 jier. Mar folle faker giet it oer de konkrete saken dy't boargers alle dagen wer meimeitsje en ûnder ús omtinken bringe. Hjir ien yn de kategory 'Wa't dit no wer betocht hat?'. Mei in plaatsje en in praatsje hoopje ik it dúdlik te meitsjen.
Wa't mei de auto fan de Javastrjitte it Fliet op draait, kin net goed nei links sjen, mei't dêr in bushokje stiet dat oan ien kant tichtmakke is mei in reklameposter. Je moatte al in stik mei de motorkap dy dyk op foardat je it krusende ferkear goed sjen kinne en der wurdt op it Fliet op dat plak ek noch wolris aardich trochriden. Dat makket de kâns op in botsing der net lytser op. Fan minsken dy't dêr wenje (Borneostrjitte, Sumatrastrjitte, Javastrjitte e.o.) haw ik heard dat se bytiden benaud binne om dêr ôf te slaan. Sakrekt haw ik dêr persoanlik ek noch efkes west en sjoen dat in auto hiel hurd de dyk op ride, krekt foar in frachtwein del dy't hurd yn de remmen moast. Libbensgefaarlik fansels!
No haw ik begrepen dat by de gemeente de folgjende fraach steld is: Soenen jim der ris oer neitinke wolle oft dy reklameposter ek út dat bushokje wei kin? It hokje is fan glês, dat dan kinne je dertrochhinne sjen en is der neat mear te rêden.
En, wat wie it antwurd fan de gemeente?
"It beplakken van de bushokjes mei reklameposters docht de eigner van de hokjes.
Dit is Viacom. Het tillefoannummer is: 0800-0228080
Wij hoopje dat jo hjir jo klacht kwyt kinne.

Met freonlike groetnis,

Service Meldpunt
Gemeente Ljouwert."

Dat is fansels in flut-antwurd fan de amtners en dêrmei rint de gemeente foar syn ferantwurdlikens wei foar de ferkearfeiligens. Ik hoopje dat Viacom in ferstanniger beslút nimt. It kin fansels net sa wêze dat de gemeente finansjeel gewin wichtiger fynt as ferkearsfeiligens...
Sybren Friday 11 August 2006 at 4:20 pm | | Default

eight comments

Útboargere

No hat de gemeente sels yn it Frysk antwurd jûn, de klacht sels krije we net te sjen en no is it noch net goed? Miskien wie it wol in flutklacht dy’t oan de ferkearde ôfdieling stjoerd wie?

Útboargere, (Email) - 12-08-’06 01:36
Sybren

De opmerking/klacht stiet yn de tekst (nammentlik hinder en dertroch ferkearsunfeiligens troch dy reklame) en earlik sein liket my dat gjin flutklacht, utboargere! Ik haw sjoen dat er nei it e-mail adres gemeente@leeuwarden.nl ta stjoerd is, dat is it sintrale en korrekte e-mailadres fan de gemeente. It service meldpunt hat him yn behanneling nommen.

Sybren, - 12-08-’06 13:37
Útboargere

Noch in gelok dan dat it in fergees tillefoannûmer is :-)

Dan hat de gemeente him der wol wat te maklik ôf makke.
Net foar de earste kear oars.
Dales soe lêsten ek ris ûnderfine hokker swirrichheden oft it riden mei in scootmobyl yn’e stêd mei him meibrocht. It wie op’e tillefyzje te sjen dat hy in echte coureur wie en dêrmei soene de swirrichheden foar de minsken dy’t op sa’n ding oanwiisd binne ynienen oer wêze.
Blykber is dat hoe’t de polityk mei de boarger omgean wol. En ambtners fiere allinnich mar út, dêr sit fierder net folle ynysiatyf by.

Útboargere, (Email) - 12-08-’06 15:00
Marco

Ik vind het best hoor dat friese gepraat. Maar wanneer je toch de mensen meer wilt aanspreken zou je het ook 2 talig kunnen maken. Voor veel mensen (zelfs in Friesland geboren) is fries een niet te lezen taal! Het verstaan kan al moeilijk zijn. Helaas neemt Liwwadders veel over van deze website waar erg veel onbegrip door ontstaat. Het is al volledig doorgeslagen met plaatsnamen, waardoor er veel onduidelijkheid is gekomen voor mensen die niet dagelijks in friesland komen.
Nogmaals, doe wat aan je “bereikbaarheid” en ga 2 talig!!!

Marco, (Email) - 12-08-’06 20:23
Roel van Dijk

Hoi Sybren,

Dat is de grutte trúk fan oerheden: alles privatisearje en útbesteegje, dan is men der ek net mear ferantwurdlik foar. Noch efkes trochprivatisearje en dan makket it net mear út hokker partij men stimt: gas, ljocht, wetter, ferfier, húsfesting, telekom: it binne allegearre private partijen, dêr hat de oerheid hieltyd minder oer te sizzen. Silst soksoarte fan saken grif noch wol faker tsjinkomme, Sybren!

Roel van Dijk, (Email) - 14-08-’06 12:44
Henk

Jep, dat is ek myn soarch, Roel! Hearde dat de PTT eh KPN eh TPG eh … der al oer prakkesearret om moandeis mar gjin post te besoargjen, omdat dat te djoer wurdt. Foar ús is noch in ekstra neidiel dat wy, as de tsjinsten net mear ûnder de oerheid falle, gjin wetlike beskerming mear ha fan in rjocht om se yn it Frysk te wurd te stean.

Henk, - 14-08-’06 21:34
Roel van Dijk

Ja Henk, dat kloppet: sadree in tsjinst net mear yn hannen fan in oerheid is, dan ferdwynt alles wat net direkt mei it meitsjen fan winst te krijen hat. Sa ek it Frysk en tsjinstferliening op it plattelân.

Soms binne “ gelearde “ minsken hjir ek hiel koartsichtich yn. Sa miende in dosint oan de RuG dat de privatisearring fan de PTT>KPN>TPG>TNT bêst wol koe, omdat de priis fan in postsegel fêstlein wie foar in grut oantal jierren…. No is er heechleraar tafersjoch.
En o ja, in jier foardat er heechlearaar tafersjoch waard, hie der noch nea fan de DTe heard (Directie Toezicht Energie).

Roel van Dijk, (Email) - 15-08-’06 08:54
Sybren

Henk en Roel,

it útbesteegjen fan tsjinsten hoecht op himsels gjin probleem te wezen. It punt is dat in soad beliedsmakkers/politisy dêrby te goed fan betrouwen binne, de lytse letterkes blykber net goed lêze en net yngripe as it derop oankomt, sis mar in te ‘liberale’ hâlding hawwe. Pear foarbylden: by de miljoenen foar de Kenniskampus-Ljouwert stie yn de oerienkomst dat der yn us stêd net in ofsûnderlike universiteit komme mei. Te gek foar wurden fansels! Ik haw dat besocht te amendearjen, mar oare partijen woenen it amendemint net stypje. Oar foarbyld is dat de EU resint wer miljarden beskikber steld hat foar technologyske ûntjouwings. Mar mei dat jild meie dan wer net ûnôfhinklike undersiken finansierd wurde nei de risiko’s fan bygelyks strieling. Sa stelle jo dus wol in hiel soad jild beskikber foar private partijen, mar jo fersomje goede betingsten op te stellen.

Sybren, - 16-08-’06 09:22
Emoticons

Remember personal info?
Notify
Hide email
Small print: All html tags except <b> and <i> will be removed from your comment. You can make links by just typing the url or mail-address.